Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

WK Frysk Damjen wurdt spannend!

Wiersma keard mei Kooistra en Walinga deun op ’e hakken

Freed 23 maart like Jelle Wiersma syn oerwinningstocht troch te setten mei in fraaie oerwinning tsjin Marten Walinga. De lêste hie it oer in ‘ toppartij ‘ fan syn tsjinstanner. Yn de twadde omloop smiet er it dan ek oer in oare boech en befrissele in fyn ynleine kombinaasje yn de stelling. Wiersma trape yn de fâle en waard mei spektakulêr slachwurk fan it boerd fage.

Oan it oare boerd foel it foar Ties Slagter net ta. Hy beoefenet it Fryske spul noch mar 5 jier. Yn dy tiid is er in bjusterbaarlik sterke tsjinstanner wurden, mar oan spilers mei in libbenslange ûnderfining lykas de oare trije finalisten hat er meastal noch klauwen. Ek no ferlear er wer, nei dreech krewearjen, stadichoan beide partijen.

Dat betsjut dat Jelle Wiersma (3 punten) en Marten Walinga en Teake Kooistra (beide 2 punten) sneon 24 augustus útfjochtsje moatte, wa ‘t de nije wrâldkampioen wurde sil. Walinga spilet twa partijen tsjin Slagter, en Wiersma twa tsjin Kooistra. In útslach mei trije spilers dy ‘t like heech einigje, is dêrmei útsletten. Wol is it mooglik dat twa spilers like heech einigje. Yn dat gefal wurdt der noch in barraazje spile mei de helte fan de tinktiid. As de wrâldkampioen bekend is, sil dy de wikselpriis en de keningskrânse ûntfange út hannen fan ’e boargemaster fan Harns, Ina Sjerps.

Foarôfgeand oan de beide omlopen fan hjoed waarden de finalisten en oare dammers wolkom hjitten troch deputearre Abel Kooistra fan de provinsje Fryslân. Hy lei de klam op it bysûndere belang fan dizze unike tinksport foar it gehiel fan de Fryske kultuer.

Hjoed sleat ek de tredde partnerorganisaasje him oan by de Stifting WFD, de organisator fan it wrâldkampioenskip Frysk Damjen. It gie, nei earder de Tsjechyske Dambond en de Feriening foar Damsport yn it Italiaanske Aosta om de Grinzer klup Fries yn Grunn. Mei it partnerskip nimt de klup op him, om op syn minst ien kear yn it jier in offisjele wedstriid te organisearjen dy ‘t diel útmakket fan de wedstriidsyklus fan de Stifting WFD.

Under de beide omgongen waarden der op de Barentszwerf teamwedstriden spile yn de farianten Italiaansk en Ynternasjonaal (Hollânsk ). Net ferwûnderlik wûn it Italiaanske team de earste wedstriid, mei in ynternasjonaal gearstald team as twadde. De ‘ Hollânske ’ wedstriid waard wûn troch it ynternasjonale team, mei de Italianen as twadde.

Deputearre Abel Kooistra docht de earste set oan it boerd fan Ties Slagter (l) en Taeke Kooistra. Op de eftergrûn (l)wethâlder en lokoboargemaster Hendrik Sijtsma.
(Foto: Stifting WFD)
Fedde Kramer (l) en Marten Walinga ûndertekenje de partneroerienkomst tusken Damclub Fries yn Grins (Foto: Stifting WFD)
doorfriesdammen

Wiersma koploper na eerste twee ronden finale WK Fries Dammen

De eerste dag van de finale in Harlingen suggereerde duidelijke een bepaalde afloop. Ties Slagter, die erg goed had gespeeld in de voorrondes en de barrages, kon geen manier vinden om te winnen van Jelle Wiersma. Wiersma leek de eerste partij gemakkelijk te winnen en besliste de tweede met een fraaie combinatie, om aldus twee punten te pakken.

Marten Walinga en Teake Kooistra hadden elkaar al ontmoet in de tweede ronde van het kwalificatietoernooi, waar Walinga had gewonnen. Dit keer wist Kooistra remise te houden in de eerste ronde, maar moest in de tweede ronde in het stof bijten omdat Walinga langzaam maar zeker een betere eindstand opbouwde.

Stand: Wiersma 2 punten, Walinga 1,5 punt, Kooistra 0,5 punt, Slagter 0 punten. De derde en vierde ronde worden gespeeld op vrijdag 22 augustus.

Terwijl de finales in het stadhuis werden gespeeld, speelden 4 internationale teams van ieder 5 spelers een toernooi FRYSK! (Fries dammen met slechts 5 stukken per speler). Het Friese team won met 21,5 punten uit 8 ronden; het gecombineerde Pools-Litouws-Tsjechisch-Nederlands-Friese team werd tweede na een play-off tegen een ander internationaal team onder leiding van de Canadese Alix Bouffard (beide 21 punten; play-off 3,5-1,5).

De beste individuele spelers waren Lukasz Kosobudzki (6 punten) en Folkert Groenveld (5,5 punten).

Voorbeeld van afbeelding
Kooistra (l), Wiersma, Slagter, Walinga (Foto: Ubbo Posthuma)
Voorbeeld van afbeelding
Zesde ronde teamwedstrijd met op de voorgrond Kosobudzki (l), Groenveld
(Foto: Ubbo Posthuma)
doorfriesdammen

Spikerhurde striid om finaleplak yn WK Frysk Damjen yn Harns

Moandeitejûn 19 en tiisdei 20 augustus wie de spanning om te snijen yn de riedseal fan it Harnzer stedhûs. Jelle Wiersma hie him al fersekere fan in finaleplak. Teake Kooistra moast it noch tsjin him opnimme, en hy wûn troch in feninich slachsetsje. Dêrmei wiene der al twa finalisten. Mar wa soene de oare beiden wurde? Yn teory wiene der mar leafst 8 kânshawwers, mar it tal belytse hurd. Lukasz Kosobudzki en Folkert Groenveld waarden útskeakele troch resp. Marten Walinga en Fedde Kramer, en dy twa makken no in goede kâns mei harren 4,5 punt. Spilers dy’t net fierder komme koene as 4 wiene no ek útskeakele. Mar Ties Slagter koe noch gelyk komme mei Kramer en Walinga, en hoegde dêrfoar allinnich de jongfeint Siward Walinga (0 punten) te ferslaan. Mar rûn net sa glêd fan ’e tried. Walinga jr. boude in hiel deeglik spul op, en fan it lette middenspul ôf wikselen de kânsen geduerich. Beide lieten se geregeld in fuortsetting nei winst lizze, en by einsluten like it spul op kamp út te rinnen. Mar Siward Walinga moast dan wol in lestich te finen offer spylje, folge troch in plakker, en dat die bliken tefolle te wêzen. Op it lêst rekken syn setten op en wûn Ties Slagter de partij.

Dêrmei wiene der fiif kandidaten foar de finale, dêr’t noch ien fan ôffalle moast. Dêrta spilen Marten Walinga, Ties Slagter en Fedde Kramer tiisdei 20 augustus in barraazje, hieltyd mei de helte fan de normale tinktiid, mar altyd noch goed foar twa oeren de partij. Yn de earste partij besocht Slagter definsyf te spyljen tsjin Walinga, mar hy krige in lestich gambyt foarset: in skiif foardiel yn in lestige stelling. It slagge him net om dêrút te kommen, en de ien fan it liet wie, hy waard fan it boerd reage.

Slagter hie lykwols gelok tsjin Kramer. Yn it middenspul seach dy de mooglikheid fan in skitterjende kombinaasje, mar doe’t er dizze útfiere soe, seach er ien detail oer de holle. Dat koste him in stikmannich skiven en frij rap dêrnei de partij.

Om noch hieltyd kâns te meitsjen moast Kramer no wol winne fan Walinga, mar dat foel net ta. Yn in op himsels lykwichtich ferrinnend spul seach er te let, dat syn linkerkant opsletten waard troch in minderheid fan syn tsjinstanner. Hy koe no kieze tusken domwei skiven jaan sûnder kompensaasje of in winnende kombinaasje tastean. Hy die it lêste, en sa sloech Walinga himsels oertsjûgjend yn de pûl foar de finale.

De finalisten binne dus: Jelle Wiersma, Teake Kooistra, Marten Walinga, Ties Slagter. Hja moatte elk twa kear tsjin alle oaren spylje. De earste partijen begjinne woansdei 21 augustus om 10 oere.

Einstân foaromlopen:

1-2 Jelle Wiersma, Taeke Kooistra (5,5 p.)

3-4 Marten Walinga, Ties Slagter (4,5 p.)

5 Fedde Kramer (4,5 p.)

6-9 Folkert Groenveld, Willem Schaap, Lukasz Kosobudzki, Hein de Vries (4 p.)

10 Petra Dusková (3,5 p.)

11-12 Dicky van der Meer, Auke Zijlstra (3 p.)

13-14 Porter Richardson, Aleksej Domcev (2,5 p.)

15 Malte Schulz (1 p.)

16 Siward Walinga (0 p.)

Spylskema woansdei 21 augustus 2024

Taeke Kooistra – Marten Walinga

Ties Slagter – Jelle Wiersma

Marten Walinga – Taeke Kooistra

Jelle Wiersma – Ties Slagter

Om 10.15 oere is der op ’e Bartentszwerf in iepen publykstoernoai foar elk dy’t wol yn ’e fariant FRYSK!: Frysk Damjen mei 5 skiven de spiler.

Marten Walinga (l), Ties Slagter (foto Stifting WFD)
Ties Slagter (l), Fedde Kramer (foto Stifting WFD
Fedde Kramer (l), Marten Walinga (foto Stifting WFD)
doorfriesdammen

Drama’s oan ’e top en oprukkende jeugd

Sneintemiddei 18 augustus seach dramatyske ûntwikkelingen yn ’e top fan it klassemint fan it tredde offisjele Wrâldkampioenskip Frysk Damjen te Harns. De Grinslanner Fedde Kramer, dy’t oant dan ta hieltyd ferrast hie mei syn sterk spul, fergriemde de partij tsjin Ties Slagter út Den Bosch. Dy krige dêrmei in dield twadde plak, wylst Kramer ôfsakke nei njoggende posysje. Jelle Wiersma konsolidearre syn plak oan ’e top en stjoerde Folkert Groenveld werom nei it sechsde plak. Willem Schaap en Auke Zijlstra waarden ek fan it boerd skood en seagen harren kânsen op in finaleplak ferdampen troch oerwinningen fan Teake Kooistra en de Poal Łukasz Kosobudki. Dêrfaroer spilen de jonge dielnimmers bjusterbaarlike sterk. Porter Richardson (15 jier) wist sels te winnen fan Tsjechysk kampioen Petra Dušková. Malte Schulz (17) makke it Dicky van der Meer lang dreech en hie op in gegeven stuit sels de winst pakke kinnen. Ek Siward Walinga (18) hold lang stân tsjin Litousk kampioen Aleksej Domčev, hoewol ‘t er úteinlik yn it sân bite moast.

Stân nei omloop 5

Jelle Wiersma    4,5 p.

Marten Walinga, Ties Slagter, Taeke Kooistra     3,5 p.

Willem Schaap, Folkert Groenveld, Łukasz Kosobudzki, Petra Dušková    3 p.

Fedde Kramer, Dicky van der Meer          2,5 p.

Hein de Vries, Auke Zijlstra          2 p.

Aleksej Domčev, Porter Richardson         1,5 p.

Malte Schulz      1 p.

Siward Walinga 0 p.

Alles mei alles hiene oan it begjin fan ’e fjirde spyldei noch 12 fan ’e 16 spilers teoretysk kâns op in plak yn ’e finale. Nei ôfrin fan de sechsde omloop wiene dat noch 10. Marten Walinga fersinde him en holp dêrtroch Jelle Wiersma oan in foarriedich totaal fan 4,5 punt. Wiersma stiet no ien punt foar op Taeke Kooistra, dy’t Ties Slagter stadichoan mar wis yn ’e skjirre nimme koe. Sy wurde op ‘e foet folge troch Kosobudzki en Groenveld. De Poal Kosobudzki fersloech Willem Schaap mei in fraaie kombinaasje, nota bene yn in spultype dêr ‘t Schaap goed yn thús is, en Groenveld wûn fan Dušková. Porter Richardson, de jongste dielnimmer, liet freon en fijân fersteld stean troch Auke Zijlstra mei goed spul, ôfsletten mei fraai slachwurk, fan it boerd te reagjen.

Stân nei omloop 6

Jelle Wiersma    5,5 p.

Taeke Kooistra 4,5 p.

Folkert Groenveld, Łukasz Kosobudzki 4 p.

Marten Walinga, Ties Slagter, Fedde Kramer 3,5 p.

Willem Schaap, Petra Dušková 3 p.

Dicky van der Meer, Porter Richardson, Aleksej Domčev 2,5 p.

Hein de Vries, Auke Zijlstra 2 p.

Malte Schulz 1 p.

Siward Walinga 0 p.

Pairing omloop 7

Jelle Wiersma – Taeke Kooistra

Marten Walinga – Łukasz Kosobudzki

Folkert Groenveld – Fedde Kramer

Ties Slagter – Siward Walinga

Hein de Vries – Aleksej Domchev

Dicky van der Meer –      Petra Dušková

Porter Richardson – Willem Schaap

Malte Schulz – Auke Zijlstra

Auke Zijlstra (l), Porter Richardson (m), Łukasz Kosobudzki (foto Stifting WFD)
 Folkert Groenveld (l), Petra Dušková (Foto Stifting WFD)
doorfriesdammen

10 spûkgûlende wolven Jelle Wiersma op ‘e hakken

Juster, yn omloop 3, wist Willem Schaap út ‘e middenmoat te profitearjen fan in te aventoerlike set fan syn tsjinstanner Marten Walinga, om dêrnei de lieding te nimmen. Hjoed, yn omloop 4, ferlear er dy posysje troch sels in riskante set te spyljen. Syn tsjinstanner, Jelle Wiersma, fierde fuortendaliks de druk op en twong syn tsjinstanner om yn in kwetsbere posysje, dêr’t er in soarchfâldich tarette djippe kombinaasje yn útfiere koe. Nei wat tsjinakseljen woe Willem Schaap it wol leauwe.

Mar der folge noch mear moais yn dizze omloop. Dicky van der Meer (spyljend tsjin ien fan de favoriten, Teake Kooistra) miste in prachtige winnende kombinaasje, dy’t tafallich ek de iennige spylbere set wie. Foar in ferbjustere publyk broazele syn stelling stadichoan ôf. Fedde Kramer en Hein de Vries spilen dêrfoaroer in folslein lykweardige partij, dêr’t net ien fan beiden in flater yn makke, oant Hein de Vries tocht dat er feilich in kombinaasje nei daam tariede koe. Fedde Kramer brocht lykwols in ûnferwachts offer en naam syn tsjinstanner dêrnei yn in izeren greep dêr ‘t gjin ûntsnappen út mooglik wie. Op deselde wize makke Folkert Groenveld in perfekte kombinaasje klear en fierde dy út tsjin Lukasz Kosobudzki. Mei Ties Slagter en Marten Walinga op kamp, Auke Zijlstra dy’t Aleksej Domchev fersloech en Petra Duskova dy’t Malte Schulz fersloech, binne der mar leafst tsien spilers dy’t Jelle Wiersma op ‘e hakken sitte, dy’t foar de ein fan de dei noch weromsmiten wurde kin nei it fiifde plak.

Utslaggen omloop 4

Wiersma – Schaap 1 -0

Marten Walinga – Ties Slagter kamp

Groenveld – Kosobudzki 1 -0

Kramer – De Vries 1 -0

Kooistra – Van der Meer 1 -0

Schulz – Duková 0 -1

Zijlstra – Domchev 1 -0

Richardson – Walinga 1 -0

Stân nei omloop 4

Jelle Wiersma 3,5 p.

Willem Schaap, Folkert Groenveld 3 p.

Marten Walinga, Taeke Kooistra, Fedde Kramer, Ties Slagter 2,5 p.

Hein de Vries, Lukasz Kosobudzki, Petra Dusková, Auke Zijlstra 2 p.

Dicky van der Meer, Porter Richardson   1,5 p.

Malte Schulz      1 p.

Aleksej Domchev             0,5 p.

Siward Walinga  0 p.

doorfriesdammen

Omloop 2 en 3 WK op in prachtige sneon

Op basis fan de resultaten fan de earste dei waarden de spilers yndield neffens it Switsersk systeem. Wedstriden Marten Walinga tsjin Teake Kooistra en Jelle Wiersma tsjin Lukasz Kosobudki ûnthjitten nijsgjirrich te wurden. De jongere spilers stiene dizze omloop ek tsjinoer inoar. Sa krigen we al in glim te sjen fan it damspul fan de takomst!

De earste partij dy’t ôfwurke waard wie Folkert Groenveld tsjin Aleksej Domčev. In koarte partij wie gau beslikke yn 9 setten, doe ‘t Folkert Groenveld mei 43 x 3 nei daam kombinearje koe. Doe’t er seach dat it net slagge om de wolf te fangen, joech Domčev it oer.

Nei syn ferlies tsjin Ties Slagter in dei earder, koe Dicky van der Meer in sterke partij spylje tsjin Porter Richardson, wêrby ‘t hy hast konstant foardiel hie. Nettsjinsteande inkelde flaters yn it einspul wie Van der Meer te sterk foar Richardson.

De partij fan Malte Schulz tsjin Siward Walinga wie foar it grutste part fan de partij lykweardich. Ien swakke set fan Walinga liet lykwols de balâns trochslaan yn it foardiel fan Schulz, dy ‘t de partij ôfmakke mei in saneamde ferkeapersoanfal.

Malte Schulz (l) tsjin Siward Walinga; op ’e eftergrûn Ties Slagter (sittend) en Fedde Kramer (Foto Stifting WFD)

Jelle Wiersma tsjin Kosobudski wie in tige komplisearre striid. It slagge Wiersma lykwols om Kosobudki yn in swakke posysje te twingen. Op in stuit wiene der gjin goede setten mear foar him, en Wiersma beslikke de partij mei in moaie kombinaasje.

Fedde Kramer tsjin Willem Schaap wie lange tiid in close match, mar nei in flater fan Kramer wie de partij ynienen foarby. De iennige partij dy ‘t kamp opsmiet wie Hein de Vries tsjin Ties Slagter, nei in lange partij mei likense kânsen barde der de hiele partij neat opmerkliks.

De partij tusken de twa grutmasters Teake Kooistra en Marten Walinga is ek sa ‘n partij dêr ‘t fan alles barre kin. Nei ‘t Kooistra stadichoan yn it foardiel kaam joech er it yn ien set allegearre wei. Walinga stinde net lang op de goede setten om, en Kooistra joech it rillegau op.

Teake Kooistra (l) tsjin Marten Walinga; op ’e eftergrûn Jelle Wiersma (Foto Stifting WFD)

Ta beslút boude Petra Duková fan it middenspul ôf aardich wat druk op Auke Zijlstra op. Zijlstra fûn lykwols hieltyd in set dy ‘t spile wurde koe en sa seach se, yn tiidneed, har foardiel stadichoan ferdwinen. By einsluten wist Zijlstra de rollen om te draaien en de partij te winnen.

Utslaggen omloop 2

Marten Walinga – Kooistra 1-0

Wiersma – Kosobudzki 1-0

Kramer – Schaap 0-1

Slagter – De Vries kamp

Groenveld – Domčev 1-0

Zijlstra – Dušková 0-1

Richardson – van der Meer 0-1

Siward Walinga – Schulz 0-1

De tredde omloop waard 30 minuten nei it skoft spile, dat dúdlik te fenrimmen wie . Hjoed wie de earste dei mei twa omlopen. Dat frege in soad enerzjy fan de spilers nei in swiere earste wedstriid.

Marten Walinga, dy ‘t in tige swiere wedstriid hie tsjin Teake Kooistra, waard yn in hoeke drukt troch Willem Schaap. Nei Schaap foardiel jûn te hawwen yn de iepening, ferlear Walinga in stik yn it middenspul. Pas hielendal oan de ein fan de partij, yn in slim yngewikkeld einspul, hie Walinga in kâns om te winnen, mar ûnder tiidsdruk ferlear er de partij.

Porter Richardson bedarre yn in wûne stelling tsjin Aleksej Domčev, mar liet syn oerwinning tsjin de ein slûpe. De wedstriid einige yn kamp. Malte Schulz siet yn dizze omloop tsjin Lukasz Kosobudzki en spile hiel goed yn de earste helte fan de wedstriid. Mar nei in flater koe Kosobudzki in moaie kombinaasje útfiere en sa de wedstriid winne.

De wedstriid tusken Teake Kooistra en Fedde Kramer wie bot yn lykwicht. Neffens Scan hie Kramer op in gegeven momint winne kinnen, mar de wei nei de oerwinning wie tige dreech te finen en de wedstriid einige yn kamp.

Siward Walinga die it bêst yn syn partij tsjin Petra Dusková, mar woe krekt wat te graach yn it einspul. Syn direkte oanfal op twa stikken fan Dusková koen et lije en de Tsjechyske wûn.

Ties Slagter hie yn Jelle Wiersma in lestige tsjinstanner. Hy makke amper flaters en wist yn it einspul in winnende stelling op te bouwen. Hy miste lykwols in krúsjaal detail en liet Wiersma mei remize ûntkomme.

Jelle Wiersma (l), Fedde Wiersma (arbiter) en Folkert Groenveld (Foto Stifting WFD)

Nei in lange partij einigen Dicky van der Meer en Folkert Groenveld ek yn kamp, omdat Van der Meer lykas Slageer in krúsjaal motyf yn it einspul miste.

Krekt it tsjinoerstelde barde yn de partij tusken Hein de Vries en Auke Zijlstra. De partij like kamp te wurden, mar De Vries wist yn de lêste mominten fan de partij de oerwinning te gripen.

Uitslagen ronde 3

Schaap – Marten Walinga 1-0

Slagter – Wiersma kamp

Van der Meer – Groenveld kamp

Kosobudski – Schulz 1-0

Kramer – Kooistra kamp

Domčev – Richardson kamp

Dušková – Siward Walinga 1-0

Hein de Vries – Auke Zijlstra 1-0

Stân nei omloop 3

Willem Schaap 3 pt.

Jelle Wiersma 2,5 pt.

Ties Slagter, Marten Walinga, Hein de Vries, Folkert Groenveld, Łukasz Kosobudzki 2 pt.

Fedde Kramer, Taeke Kooistra, Dicky van der Meer 1,5 pt.

Auke Zijlstra, Malte Schulz, Petra Dušková 1 pt.

Aleksej Domčev, Porter Richardson 0,5 pt.

Siward Walinga 0 pt.

Loting omloop 4

Jelle Wiersma – Willem Schaap

Marten Walinga – Ties Slagter

Folkert Groenveld – Łukasz Kosobudzki

Fedde Kramer – Hein de Vries

Taeke Kooistra – Dicky van der Meer

Malte schulz – Petra Dušková

Auke Zijlstra – Aleksej Domčev

Porter Richardson – Siward Walinga

Tekst troch: Stifting WFD

doorfriesdammen

Nij en jong talint by WK Frysk damjen

By de start fan it tredde WK Frysk damjen yn Harns binne der fansels in soad weromkommende nammen, mar ek in soad nije. Sy hawwe harren weardich bewiisd op toernoaien yn oanrin nei it WK. Dizze spilers meitsje diel út fan in groep fan 16 dielnimmers dy’t 7 omlopen spylje sille neffens it Switsersk systeem. Nei dy 7 omlopen spilet de top 4 in finale oant der úteinlik ien oerbliuwt.

De earste omloop wie op sneon 16 augustus. De spilers waarden wolkom hjitten mei in taspraak troch wethâlder Hendrik Sijtsma, dy’t dêrnei de earste set die. Spyljend yn de prachtige havenstêd Harns fochten de dielnimmers 4 oeren lang dapper foar harren oerwinningen. En mei in soad nije gesichten binne der de kommende twa wiken noch mear nijsgjirrige partijen te ferwachtsjen.

Ien fan dy nije gesichten is de 18 – jierrige Siward Walinga, soan fan Marten Walinga, dy ‘t him kwalifisearre op ien fan de online toernoaien en it spul de ôfrûne jierren yntinsyf bestudearre hat. Hy fersloech sterke spilers as Folkert Groenveld om him te kwalifisearjen. Hy kaam yn syn partij tsjin Willem Schaap mei in licht foardiel út de iepening, mar joech dat op de 13de set wer wei. Dêirnei koe Schaap syn stelling stadichoan slope. Doe ‘t dy ien kear in daam helle hie, wie de partij rap ôfrûn.

In oare nijkommer, de Dútser Malte Schulz, dy ‘t him kwalifisearre yn in online toernoai, die ek in dappere poging, mar it joech him neat tsjin Grinslanner Fedde Kramer dy ‘t him in sterke spiler toand hat by it Fryslân Open. Fedde spile in flaterleaze partij tsjin Malte, dêr ‘t er in lyts foardiel stadich mar wis yn útboude ta winst.

Ties Slagter út Den Bosch is in spiler dy ‘t meardere kearen te gast west hat yn op it Fryslân Open yn Frjentsjer en, noch wichtiger, online. Nei in drege partij tsjin Dikky van der Meer waard der úteinlik in flater makke troch Dicky van der Meer. Ties wifke net, wat Dikky de partij koste.

De Poal Lukaz Kosobudzki docht dit jier foar it earst mei oan it Frysk damspul en kwalifisearre him by it Fryslân Iepen. Syn partij tsjin nijkommer Porter Richardson wie lykweardich oant blunders fan beide kanten úteinlik de winst oan Kosobudzki joegen.

Aleksej Domčev, dy ‘t bekend stiet om syn Nederlânske damprestaasjes, hat him de ôfrûne jierren talein op it Fryske damjen en docht al 7 jier geregeld mei oan it Fryslân Open! Spitigernôch foar him moast er it opnimme tsjin grutmaster Jelle Wiersma, dy ‘t in sterke kânshawwer is foar de titel fan dit toernoai. Nei ‘t Wiersma stadichoan in bettere posysje krigen hie, wûn Wiersma.

De partij tusken Folkert Groenveld en Hein de Vries wie wis in neilbiter, want de foarige útdager foar de wrâldtitel hie it dreech tsjin Hein de Vries. Der waard hast gjin foardiel ferlern of wûn ûnder de partij. Op in stuit joech de kompjûter winst oan foar Groenveld, mar yn it komplekse einspul wist er dy net te finen. Sa einige dizze partij yn kamp.

Regearjend wrâldkampioen Marten Walinga hoecht gjin yntroduksje en dat bewiisde er yn syn partij tsjin de Tsjechyske Petra Dušková, hoewol ‘t Dušková in tige sterke spylster is en alle kearen dat wy har sjogge better wurdt. Walinga boude in foardiel op, mar joech dat oant twa kear ta ek wer wei. Troch tiidneed slagge it Dušková lykwols net om optimaal gebrûk te meitsjen, en sa wûn Walinga dochs de partij.

Last mar wis net least de wedstriid tusken Auke Zijlstra en Teake Kooistra, beiden kwalifisearre yn de earder holden Fryslân Iepen en tige oan elkoar waaide rivalen. Nei in frustrearjende partij foar Auke pakte Teake de winst en fersloech Auke yn it middenspul.

De resultaten binne fan de earste ronde fan it wrâldkampioenskip live te folgjen op twitch op www.twitch.tv/frisiandraughts of opwww.youtube.com/@WarcabyTV. Taskôgers kinne ek in besite bringe oan it Willem Barentsz besikerssintrum oan de Nieuwe Willemshaven yn Harns.

Utslaggen earste omloop: Kosobudzki – Richardson 1 -0

Schaap – Siward Walinga 1 -0 

Kooistra – Zijlstra 1 -0 

Van der Meer – Slagter 0 -1 

Marten Walinga – Dušková 1 -0 

Domčev – Wiersma Schulz – Kramer 0 -1 

De Vries – Groenveld kamp 

pairing tweede ronde:

Marten Walinga – Kooistra

Wiersma – Kosobudzki

Kramer – Schaap

Slagter – De Vries

Groenveld – Domčev

Zijlstra – Dušková

Richardson – Van der Meer

Siward Walinga – Schulz

Fedde Kramer (l) tsjin Malte Schulz (Foto St. WFD)
doorfriesdammen

Wrâldkampioenskip Frysk Damjen meikoarten út ein

It barren sil heve fan 16 oant en mei 24 augustus yn ’e prachtige havenstêd Harns. Sechstjin dielnimmers geane meiinoar de striid oan yn sân omlopen. Dêrnei meie de bêste fjouwer troch nei in finale. Mei in protte nije en jonge gesichten kinne de taskôgers mar rekkenje op moaie wedstriden.

Aleksej Domčev – Jelle Wiersma

Taeke Kooistra – Auke Zijlstra

Dicky van der Meer – Ties Slagter

Petra Dušková – Marten Walinga

Łukasz Kosobudzki- Porter Richardson

Malte Schulz – Fedde Kramer

Hein de Vries – Folkert Groenveld

Willem Schaap – Siward Walinga

Salang as it kampioenskip duorret binne besikers fan herte wolkom yn ’e Willem Bartentsz Expo (Willemskade, 8862 RZ), dêr’t de livestream op in grut skerm te folgjen wêze sil en dêr’t men genietsje kin fan it selskip fan oare damfreonen en der gelegenheid is om de spilers te moetsjen. Sjoch foar ynformaasje en iepeningstiden en oare aktiviteiten op WCC 2024 (frisiandraughts.com)

Promoasjefilmke: https://www.youtube.com/watch?v+Fu4CYcN1iy0

Kontaktgegevens foar mear ynformaasje: +31-6-30837586 / dokterom@gmail.com (Liuwe Westra)

doorfriesdammen

Rubryk 19-4-2024

Yn dizze lêste rubryk foar it simmerskoft omtinken foar in dammer út Dútslân. Malte Schulz komt fan Hamburg. Troch it ynternet-damjen op lidraughts is de 18-jierrige Malte yn de besnijing fan it Frysk Spul kommen. Foar Lollum-Waaksens damde hy by it klupkampioenskip. En yn febrewaris by it PK wie Malte Schulz de earste dammer fan bûten Fryslân en daalk ek fan bûten Nederlân dy’t hjir oan mei dy.  Dat wie yn ‘de tredde acht’ en by eintsjebeslút behelle hy in kreas fjirde plak. Soks hie noch heger útpakke kind. Want mei noch twa finale-omlopen te gean, wie promoasje mooglik. Dat waard him net nei ferliespartijen tsjin de promovendi Cor Kooistra en Kees Tijssen. Yn twa partijen sjogge we dat in better spul noch net wûn is.

M.Schulz-Y.Boelens, Skearnegoutum 1-e omloop PK, 3-e acht 27-1-2024 

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 7-12 7.37-31 11-16 8.42-37 1-7 9.47-42 19-24 10.34×14 10×19 11.35-30 25×34 12.39×10 5×14 13.40-35 15-20 14.35-30 20×40 15.44×35 16-21 Beide dammers hawwe de iepening goed spile. De jonge Dútser is net bang om ek dreger spul op te setten. 16.31×11 7×16 17.33-29 19×39  18.38×40 12-17 Der driget 18-22 19.37-31 17-21 Nei 19. ..16-21 etc. giet it al hast op it einspul ta. 20.31×11 16×7 21.42-37 7-11 22.32-28 18×38 23.43×32 11-16 Swart syn bedoeling is helder; oanfalle oan de linkerkant.  24.40-34 8-12  25.34-30 12-17 26.30-24 14×34 27.35×33 13-18 Wyt moat oppasse foar 18-22  28.45-40 3-8 29.40-34 18-23 30.33×13 8×19 31.34-30 17-22 32.32×12 2×22 33.50-44 22-28! In dryste set fan swart. Is dit net te foarlik?  34.30-25 19-23 35.25-20 23-29 36.49-43 9-13  37.43-38 13-18 38.38-32 Wyt set de druk der op. 38. ..18-23 39.44-40 16-21 40.40-35  

40. ..6-11? Folle better is 40. ..21-26 41.36×16 6×26 en bygelyks 42.32-27 28-33 43.27-21 26×17 44.35-30 33-39 45.30×19 39-44 46.48-43 44×31 kamp  41.35-30 11-16  42.36-31 21×41 43.37×46 28×37 44.30×19 16-21 45.19-13 21-26 46.13-8 26-31  

Schulz mist de winst. 47.20-15 31-36 (wat oars?) 48.46×26 37-41 49.8-2 4-9 50.48-42! 41×43 51.15-10 9-14 52.10×19 43-48 53.19-14 47.8-2? 31-36 48.2×41 36×49 49.20-14 49-32 50.14-9 32-5 51.46-41 5×46  

M.Schulz-H.deVries, Lollum 4-e omloop PK, 3-e acht 3-2-2024 

Nei in lyk opgeande partij kin Schulz winne fan Hidde de Vries. 

40.43-39 (driget 33-28 etc.) 22-28 41.33×22 as 40. ..22-27 41.33-28! 27×49 42.47-42 49×35 43.45×5 40.33-28 22×33 41.43×23 6-11 42.40-34 9-14 43.34-30 14-20 44.30×10 15×4 45.23-18 11-16 46.18-12 16-21Wyt kin nei de daam. 47.12-7 21-27 48.7-1 4-9 49.47-41? 36×47 50.1-23 en kamp. Nei 49.1-23 wie it samar út.

Dan kin de einstân fan de ledderwedstriid opmakke wurde.  

1.K.Wiersma, Nij Beets, 388 pt.; 

2.Tj.Smedinga, It Hearrenfean 357 pt.; 

3. P.Looge, Tsjummearum 325 pt.; 

4.G.Tigchelaar, Ysbrechtum 297 pt.; 

5.G.IJkema, De Gaastmar 240 pt.; 

6.S.van Steinvoren, Dronryp 210 pt.; 

7.J.Schilstra, Boalsert 158 pt.; 

8.S. de Boer, Burdaard 134 pt.; 

   F.Wiersma, Easterein 134 pt.; 

10.J. de Boer, Berkel en R’rijs 112 pt. 

11.J.Wiersma, Wommels 72 pt.; 

12.A.Zijlstra, Utert 68 pt.; 

13.T.Slagter, Den Bosch 56 pt.; 

14.G.Harkema, Snits 54 pt.; 

15.P.Sikma, Hartwert 52 pt.; 

16.Sj.T.Kooistra, Boalsert 48 pt.; 

17.B.Kroon, Blauhús 14 pt.; 

18.J.Reade, Manchester 8 pt.; 

In goede simmer tawinske. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Rubryk 5-4-2024

Foar de tredde kear op in rige is Taeke Kooistra fan Hartwert winner wurden fan de Fryslân Kup. Willem Schaap fan Jirnsum en dammer by ‘De Stadige Strikers’ fan Skearnegoutum hie de finale helle mei oerwinningen op ûnder mear Jelle Wiersma en Marten Walinga. Ek tsjin Kooistra hie hy in grutte kâns, mar makke it net ôf. It waard kamp en dan wurdt it ‘pingelsjitten yn it einspul FRYSK!’. Kooistra makke it wol ôf. 

Blauhús, Finale Fryslân Kup, 22-3-24 T.Kooistra – W.Schaap  

1.32-27 20-25 2.31-26 14-20 3.37-31 17*37 4.41*32 11-17 5.47-41 19-24 6.34*14 10*19 Dit is de saneamde Bildtse-iepening, neamd nei de Bildthoeke wêr’t foarhinne faaks sa spile waard. 7.32-27 17*37 8.41*32 20-24 9.26-21 16*27 10.31*22 18*27 11.32*21 4-10 12.36-31 6-11 13.31-26 11*31 14.26*37 1-6 15.37-31 24-29 Beide spilers komme goed troch de iepening. Grutte komplikaasjes binne der foarears net. De swartspiler kriget no wol wat in wyld hout, dat wyt fêst set. 16.33*24 19*30 17.35*24 25*23 18.39-33 7-11 19.40-35 11-16 Wyt soe oer de lange hoeke oanfalle kinne troch 42-37, 38-32, 43-38, 44×42. Syn dûbele hoeke stiet sterk genôch. 20.35-30 10-14 21.30-25 15*35 22.45*25 14-19 23.44-40 12-18 en swart syn wylde hout wurdt ôfruile. Mei 23.42-37 12-18 24.37-32 hie wyt dat keard. 24.33-28 23*32 25.31*33 16-21 26.40-35 21-26 27.42-37 19-23 28.33-29 23*34 29.35*33 18-22 30.50-44 22-27 31.37*17 2-7 32.33-29 7*27 33.29-24 6-11 De stân is lykweardich en hast symmetrysk. Wyt sjocht it gefaar net oankommen en strykt 34.44-40? 

34. ..9-14! 35.24*2 26-31 36.2*32 31*15 37.46-41 13-18 Earst 8-12 liket better. 38.41-37 8-12 39.37-31 12-17 40.49-43 5-10 41.43-38 10-14 42.38-32 18-23 Swart stiet goed, mar hjir wie 42. ..14-19 better. 43.48-42 23-29 44.42-37 14-19 

45.32-27 17-22 46.27*20 15*24 It stioet wer lyk, mar swart is foarliker. 47.31-26 29-34 48.26-21 34-40 49.21-16 40-45 50.16-11 24-30 Nei 50.45-50 51.11-7? (om 50-45), dus 51.11-6 50-45 52.37-31 45-1 53.31-27 24-29 54.27-21 1×41 55.6-1 29-33 wint swart. 51.11-7 30-34 52.7-1 34-39 53.37-32 39-43 In dreech einspul en swart hat net folle tiid. 54.1-6 43-49 55.32-28 49-21 56.6-1 en hjir lei de winst foar it gripen  

56. ..21-17 en swart hellet in twadde daam en sil dan winne 56. ..21-8? 57.28-22 8-26 de tredde set mei de daam, wat oars? 58.1-6 45-50 59.6*46 50*6 en kamp efter.

Dan folget dus FRYSK!, it einspul mei elk fiif skiven op de efterste line. Blauhús, Finale Fryslân Kup, 22-3-24 FRYSK!  W.Schaap – T.Kooistra 1.46-41 3-8 2.49-44 8-12 3.48-43 5-10 4.43-38 10-14 5.38-33 14-20 6.44-40 12-18 7.40-35 20-24 8.41-37 2-7 9.37-31? 7-11 Nei bygelyks 9.35-30 24×30 10.50-45 11-16 11.45×25 bliuwt it lykweardich. 10.31-27 1-6 11.47-41? 

11. ..18-23! 12.33*13 4-9! 13.13*4 11-17 14.4*11 6*46 en de Kup is foar Kooistra 

Alle problemen fan Stellinga-Baron 

Nû.25 sw. 8, 10, 11, 18, 27, 45 wyt 26, 28, 38, 43, 47, 50  

Nû.26 sw. 10, 11, 13, 16, 19, 21 wyt 22, 28, 31, 33, 43, 39 

Nû.27 sw. 1, 9, 14, 15, 17, 18, 27 wyt 29, 33, 34, 36, 37, 43, 45 

Nû.28 sw. 2, 4, 8, 10, 16, 26, 36 wyt 18, 25, 32, 33, 35, 47, 50  

Oplossingen stjoere foar 19 april. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com