Baliakin en Kooistra oan ‘e lieding

doorfriesdammen

Baliakin en Kooistra oan ‘e lieding

It topduel tusken Jan Groenendijk en Alexander Baliakin like even wat te wurden, mar beide spilers fûnen remize úteinliks ek wol in moai resultaat. Martijn van IJzendoorn krige yn Luuk Terweijden in lekkere proai, en dêr wist de Nederlânsk kampioen fan 2017 wol rie mei. Hy wûn gaueftich in skiif en dêrmei ek de partij. Dêrmei stiet Van IJzendoorn sa op it each stevich op it tredde plak, omdat konkurrint Jitse Slump net fierder kaam as remize tsjin Anton van Berkel. Wouter Ludwig hie oant no ta inkeld kamp spile, mar yn omloop 10 wie it dan safier. It slachtoffer waard Ben Provoost, dy’t no krekt mei in goed kampioenskip oan ‘e gong like. Wouter Sipma wol dochs noch wat fan syn toernoai meitsje, en fan dy ynstelling waard Hein Meijer it slachtoffer.

​De Fryske dielnimmers hiene yn omloop 10 grutte swierrichheden en bleauwen úteinliks mei in ferlies efter. Gerlof Kolk rûn yn in ferfelende kombinaasje. Gabriël Heerema kaam yn in lestige posysje troch in hingjende skiif. Hy liek dy reparearje te kinnen, mar syn tsjinstanner Jan van der Star hat in abonnemint op beslissings en sloech ta mei in kombinaasje.

​Hjoed wie it de lêste dei mei in dûbelde omloop, en dat betsjutte dat de spilers de middeis wer efter it boerd ferwachte waarden. Slump en Van IJzendoorn fûnen in remize bêst genôch, dat se joegen inoar rillegau de hân. Van der Star giet dêrfoaroer troch mei it notearjen fan beslissings, hjoed ek mei in maksimale skoare. Luuk Terweijden wie dêr it slachtoffer fan. Kolk kaam wer wat by syn sûp en stút, en hold Sipma op remize. Meijer bliek fitter as dat er sels tocht, hy fersloech yn ‘e twadde omloop fan ‘e dei Van Berkel. Heerema helle in goede remize tsjin Boxum. Groenendijk kaam net fierder as kamp tsjin Ludwig, en bliuwt sa in punt benefter Baliakin, dy’t ek kamp spile tsjin Provoost.

​By it Nederlânsk kampioenskip Frysk damjen spile Taeke Kooistra hjoed twa kear kamp. Likegoed bliuwt er kreas oan ‘e kop mei in punt foarsprong. Jelle Wiersma die mei twa winstpartijen bêste saken. Hy stiet mei Frederik Bos op it twadde plak. Bos slagge der yn in lestich spul yn en reagje Marten Walinga fan it boerd. It liket der op dat dy syn kânsen op ‘e titel no ferskiten hat. Dicky van der Meer spile sterk tsjin Kooistra, en dêr hold er in heal punt oan oer. Folkert Groenveld helle wol de folle winst binnen. Hy is fan ‘e nul ôf en stiet no gelyk mei Hein de Vries. Reade lantearnedrager Frans Kingma hie in drege dei. Tsjin Jelle Wiersma en Folkert Groenveld gong it beide kearen mis mei him.

Alexander Baliakin (foto: G. van Dijk)

Over de auteur

friesdammen administrator