By kampioenschap Frysk damjen leit alles noch iepen

doorfriesdammen

By kampioenschap Frysk damjen leit alles noch iepen

SKEARNEGOUTUM – By de earste twa omlopen fan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul kaam net ien der ôfrûne sneon yn ‘e kampioensklasse sûnder skawankje ôf. De grutste misstap die regearjend kampioen Jelle Wiersma. Tsjin Siebe Walinga kaam er frij ienfâldich in skiif yn ‘t efter, en doe joech er de Aldegeaster ek fuortdaliks mar de hân. Walinga moast dêrnei efter it boerd tsjin in oare favoryt, njoggentjinfâldich kampioen Taeke Kooistra. Nei in ûnoersichtlike pot waard it kamp, al wiisde it omsteand laach der nei ôfrin al op dat Kooistra de winst sitte litten hat.

​In tredde favoryt, Marten Walinga fan Waaksens, liet tsjin Tsjerk Wijbenga ek al in stek falle. De Arumer hie it dreech, mar koe him likegoed út ‘e swierrichheden knokke, mei in remize as poerbêst resultaat. Hast hie Walinga tsjin Pieter Hoogterp noch mear skea oprûn, mar in lykweardich einspul mei elkmis in daam en in hout koe er dochs noch yn syn foardiel omsette. De Gaastmarder helle oars yn ‘e earste omloop tsjin outsider Henk Haanstra wol in knappe remize. Doe’t alle reekwolken oplutsen wiene, die bliken dat mar leafst de helte fan ‘e dielnimmers himmei oardel punt koprinder neame mei: njonken de bruorren Walinga hearre dêr ek Kooistra en Haanstra ta.

​By de twadde acht is it opfallend dat de promovearre Fedde Wiersma as iennichste noch sûnder averij is. Dat jildt yn ‘e tredde acht ek foar Cor Kooistra. Opfallend wiene dêr de prestaasjes fan ‘e Dútser Malte Schulz. De Hamburger, dy’t troch it ynternet de smaak fan it Frysk damjen te pakken krige hat (“nijsgjirriger as skaken”), nimt mei oardel punt in dield twadde plak yn.

Utslaggen en tuskenstannen

Kampioensklasse, earste omloop: Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Jelle Wiersma (Wommels) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Tsjerk Wijbenga (Arum) – Marten Walinga (Waaksens) 0,5-0,5, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 0,5-0,5;

Twadde omloop: Wiersma – De Vries 1-0, Kooistra – S. Walinga 0,5-0,5, M. Walinga – Hoogterp 1-0,  Haanstra – Wijbenga 1-0.

Tuskenstân: Haanstra, Kooistra, M. en S. Walinga 2-1,5; Wiersma 2-1; Hoogterp en Wijbenga 2-0,5; De Vries 2-0.

Twadde acht, earste omloop: Liuwe Westra (Lollum) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1, Bernard Kroon (Blauhús) – Dicky van der Meer (Terherne) 1-0, Willem Schaap (Jirnsum) – Bauke Dykstra (De Tynje) 0,5-0,5, Fedde Wiersma (Easterein) – Frans Kingma (Jorwert) 1-0;

Twadde omloop: Groenveld – Kroon 0,5-0,5, Van der Meer – Westra 0-1, Dykstra – Wiersma 0-1,  Kingma – Schaap 0-1.

Tuskenstân: Wiersma 2-2; Groenveld, Kroon en Schaap 2-1,5; Westra 2-1; Dykstra 2-0,5; Kingma en Van der Meer 2-0.

Tredde acht, earste omloop: Siebren Dyk (Jorwert) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 0-1, Kees Tijssen (Reduzum) – Hidde de Vries (Langsweagen)1-0, Cor Kooistra (Nijlân) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0, Malte Schulz (Hamburg) – Ype Boelens (Menaam) 0,5-0,5;

Twadde omloop: Hoekstra – Tijssen 0,5-0,5, De Vries – Dyk 1-0, Wiersma – Schulz 0-1, Boelens – Kooistra 0-1.

Tuskenstân: Kooistra 2-2; Hoekstra, Schulz & Tijssen 2-1,5; De Vries 2-1; Boelens 2-0,5; Dyk en Wiersma 2-0.

Over de auteur

friesdammen administrator