Oan de ein fan de damjûn murk de skriuwer op dat by alle partijen swart de winnende kleur wie. Dochs wie dit noch net sa fanselssprekkend. Nim no de partij tusken Bauke Bos en Cor Kooistra. Bauke rekke al ga uien foar en liet de foarsitter bot skrikke. Spitich foar him makke hy letter in foutsje
en doe wûn de foarsitter de partij tsjin de skriuwer. Tineke Teigeler spile har twadde partij tsjin Ype Boelens. Tineke damde, nei eigen sizzen, al better dan de earste partij mar moast dochs wer belies jaan. Heit en soan Castelein spilen harren earste partij tsjin mekoar. Heit Jan wie benaud en soan Kees stuts him de gek oan. Jan seach in mearslach oer de holle en Kees hie hjir wakker wille om en sei neat. Mar letter oerkaam Kees itselde en doe seach Jan it wol. Jan wiisde Kees wol op de rigels fan it spul en doe moast Kees wol slaan. Men mei syn of har tsjinstanner der wol op wize (as it him/har) út komt om dochs noch te slaan en de krekt diene set werom te lûken, mar faaks docht men dit allinne as it yn it foardiel is. No kaam it Jan wol út en wûn er de partij. As treast hat er de kofje mar betelle foar syn soan. De spullen fan Tineke en Jan wiene gau út en sadwaande woene se wol tsjin mekoar omdat se beide wolris in kear in jûn oerslaan. Dit wie fansels gjin probleem en dit waard ek in nuver spul. Beide seagen se mearslach oer de holle. Tineke fergeat in kear trije yn plak fan twa te slaan en dit hie Jan ek net sjoen. Op it momint dat Jan twa foar stie, koe Tineke allinne mar wei jaan en joech Jan de hân. Omstanners sjogge faaks mear dan de dammers sels en sa seach Ype dat Tineke de partij winne kinnen hie troch in pear setten earder in daam te jaan en dan wat houtsjes en sa de winst pakke kinnen hie. Mar ja, sa is it damjen….
Utslaggen: Kees Castelein Jan Castelein 0-1; Bauke Bos – Cor Kooistra 0-1; Tineke Teigeler – Ype Boelens 0-1; Tineke Teigeler – Jan Castelein 0-1

By it damjen fan de Stadige Strikers en ek by oare klups Frysk Spul wurdt der faaks gesellich op los praat. De Stadige Strikers dienen yn it ferline wol mei oan in gemeentelik toernoai wêr’t ek dammers Hollânsk Spul oan mei dienen. It ferskil tusken de beide groepen siet him dan foaral yn it lûd wat de dammers fan beide kanten produsearren. De iene groep kletste der gesellich op los, wylst de oaren allinne mar sssst, ssst útbrochten. Wy neamden dêrnei dy groep altiten de fytspompen.De Stadige Strikers hearre fansels net by de kategory fytspompen.
Oars wurdt it fansels as jo begjinne te praten oer in partij dy’t noch dwaande is. Dêr meist fansels neat oer sizze en dat docht men dan ek net. Wol is it sa dat wannear der in spul is dat yn de einfaze sit, der mear belangstelling is fan oaren. Dan ek moatte jo de snappert ticht hâlde. Allinne mar nei sjen en fierder neat.
Moandeitejûn lêstlyn waard der wer moai en sportyf spile. De kompetysjelieder hie de útslaggen yn it foar ek wol opskriuwe kinnen: it nivoferskil wie dizze jûn te grut.
Utslaggen: Bauke Bos – Jelle Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Tineke Teigeler 1 – 0; Cor Kooistra – Kees Castelein 1 – 0; Willem Schaap – Jan Castelein 1 – 0.

Dy hân wie net in teken of in tajaan fan it ferlies. Nee dy hân fan Jan Castelein betsjutte: it is kamp lokwinske der mei. It is altiten wat sneu as jo sels in houtsje mear hawwe as jo tsjinstanner en dan dochs konkludearje moatte, dat der gjin salve mear oan te striken falt. Sa kaam der in ein oan in boeiende partij tusken Tineke Teigeler en Jan Castelein. Sy wienen wol dejingen dy’t de langste partij fan de jûn spilen.
De oare twa spullen wienen binnen de koartste kearen bekeken. Nim it spul
tusken Dicky van der Meer en Jelle Wiersma. Dat wie al út foar’t se goed en wol út ein gienen. Teminsten sa like it wol. Der waard aardich flot strutsen en doe wie it ek heel flot út. Jelle liet wer even sjen dat er de teory fan it spul ta it uterste behearsket. It wie foar de mannen it earste spul dizze kompetysje. It twadde spul woenen se dan ek fuortendaliks mar spylje. Sa waarden de houtsjes op ‘e nij opsetten. No dat gyng folle better. Der kaam in nijsgjirrige stân op it boerd. Healwei it spul like der noch net safolle fan te sizzen. Men seit dan yn de taal fan de dammers: Oan de ein fan de fûke fangt men de fisk. De fanger lústere nei deselde namme as de winner fan it earste spul.
In oar spul dat hiel rap besljochte wie, wie de partij tusken Cor Kooistra en Bauke Bos. Bauke spile mei wyt. Hy seach yn de earste set fan swart al dat it oars wie as dat er wend wie. Bauke wist der net rjocht rie mei en die fuortendaliks al in ferkeardenien. It soe foar Kooistra in makje wurde en nei noch wat spinpoatsjen fan Bauke sei dy: Ik kin no ek wol ophâlde want ik stean twa houtsjes efter. Dêr hie er ek gelyk oan.
Utslaggen: Jan Castelein – Tineke Teigeler 0,5 – 0,5; Dicky vd Meer – Jelle
Wiersma 0 – 1; Bauke Bos – Cor Kooistra 0 – 1; Jelle Wiersma – Dicky vd Meer 1 – 0.
Dizze moandei wiene der wer seis dammers en frij gau wie al dúdlik wa’t winne soene. Uteraard waard der earst noch stil stien by ús degradaasje by de klupkampioenskippen fan ôfrûne sneon. Winst en ferlies stean soms ticht by mekoar. Och, ha we it oare jier wer kâns op promoasje! Tineke
Teigeler makke tsjin de foarsitter gelyk yn de iepening in foutsje, wêrnei Cor Kooistra ien foar kaam en it spul gau út wie. Hjirnei waarden noch ferskate spultsjes spile, want, sa sei ús foarsitter: we binne hjir om wat te learen, wêrnei de ponghâlder sei: dat mei ek wol nei ôfrûne sneon! Dizze
ponghâlder, Ype Boelens, hoechde yn syn spul tsjin Bauke Bos niks te learen want nei in ferkearde set fan Bauke seach er gelyk dat er foar komme koe en doe wie der gjin salve mear oant te striken foar ús skriuwer. Sjoerd Jan Bakker die it ek net goed tsjin Willem Schaap en it spul wie, as lêste fan de
trije spullen, sa út as poep-kak, in bekende útdrukking fan Bakker, wat ek wer fan tapassing wie op dit spul.
Utslaggen: Cor Kooistra – Tineke Teigeler 1-0; Ype Boelens – Bauke Bos 1-0; Sjoerd Ja n Bakker – Willem Schaap 0-1
Dizze jûn wiene der mar seis dammers mar de gesellichheid wie der net minder om. It begûn al nuver trochdat ien fan de buorden net goed del setten wie en sadwaande krigen Jelle Wiersma en Willem Schaap it idee om in oefenpotsje te spyljen wylst de lange hoeke oan de rjochterkant fan it boerd wie en dit foel noch net mei.
Dan it echte damjen. It spul tusken Tineke Teigeler en Ype Boelens wie gau
út. Tineke makke in foutsje nei de iepeningen dat waard troch Ype fuort ôfstraft. Willem Schaap spile tsjin Jelle Wiersma en woe in kosmische klapper helje, sa sei er sels, troch te prebearjen om der yn de iepening in moai stantsje op te krijen en dus op in spesjale manier te iepenjen. Spitich foar Willem mislearre dit en rekke hy twa houtsjes achter. Nei in spul, wat ek wol like op in Hollânsk spul wûn Jelle der partij neidat it noch in moaie partij waard.
De dammers dy’t it langste wurk hiene wiene Bauke Bos en Sjoerd Jan Bakker. It kantsjespul gie moai lykop en yn in stân fan trije tsjin trije, wêrby it like dat Bauke de bêste winstpapieren hie, die Bauke it net goed, sadat Sjoerd Jan ôfruilje koe en Bauke in hout offerje moast. De hearen krigen beide in daam mar dochs gie de winst nei de Bakker en net it Bosk yn.
Utslaggen:
Ype Boelens – Tineke Teigeler 1-1; Willem Schaap – Jelle Wiersma 0-1; Bauke Bos – Sjoerd Jan Bakker 0-1
Hartwert. It âlde jier is ôfrûn, 2026 tsjinnet him oan lykas in nije dampartij: do witst hoe’t it begjint, mar net hoe’t it ferrinne of eindigje sil. In dammer wol net deselde flaters meitsje en graach mei goede foarnimmens begjinne (om der dêrnei efter te kommen dat dit net sa maklik fol te hâlden is). Dat kin tradysjegetrou yn Hartwert dêr’t it earste damtoernoai Frysk Spul fan it jier organisearre wurdt troch de pleatslike damklup.
By it Fryske Spul hat men in soad mooglike iepeningssetten, mei elk har eigen karakter. Elke iepeningsset seit wat oer de spiler dy’t him ferrjochtet. Je binne in klassike spiler, as giest graach tsjin de stream yn? Hâldst fan wissichheid as biist op syk nei oarloch op it boerd? As bin je in romantikus? Hâldst mear fan gokken en giest foar kompleksiteit? Al dizze karakters wiene dizze dei wol oanwêzich op dizze prachtige damdei yn Hartwert.
De A-klasse, bestie út twa groepkes. Groep 1 hie as grutte winner de Ljouwerter Hein de Vries, hy wûn al syn partijen. Der efter folgen trije man mei elke ien winstpartij. Yn groep 2 liet Cor Kooistra sjen dat hy noch wol damje kin. De man út Nylân hie de moarns tsjin de frou sein dat der gjin party winne soe. Oars die bliken, miskien wat gelokkich yn de earste twa partijen, mar de lêste partij makke hy prachtich út. Hy liet syn tsjinstanner mei in berekkene lêste set, smoare yn de koarte hoeke. Syn broer Taeke waard twadde.
De spilers yn de B-klasse wiene oaninoar weage. De trije klupleden Fedde, Klaas en Germ gunden inoar allegear in winstpartij en dêrmei dielden se de earste priis mei-inoar. De mannen sille wol tinke, we moatte noch de hiele winter mei elkoar op de klup. Yn de C-klasse liet Anne de Boer fan him hearre. De boer yn rêst ferdjippet him goed yn it damjen en pakt de lêste tiid faak in priiske op toernoaien. Ek no wie er op dreef en wûn er al syn trije partijen, wêrby’t de winst op de normaal op heger nivo spyljend Sjoerd Kooistra ferrassend neamd wurde mocht. Dy waard úteinlik twadde.
In slagge damdei yn Hartwert mei prachtige partijen. De priiswinners wûnen in amer fol itenswaren. De ferliezers giene ek net mei lege hannen nei hûs. Elkenien krige in pûdsje Fryske dúmkes.
Folsleine útslach:
A-klasse groep 1: 1. Hein de Vries (3p), 2. Tjerk Wijbenga, Dicky van der Meer, Liuwe Westra (1p). A-klasse groep 2: 1. Cor Kooistra (3p), 2. Taeke Kooistra (2p). B-klasse: 1. Fedde Wiersma, Klaas Abma, Germ Bruinsma (1p). C-klasse: 1. Anne de Boer (3p), 2. Sjoerd Kooistra (2p).