Categorie archief Nijs

doorfriesdammen

Skearnegoutum pakt miniklupkampioenskip wer werom

Op freedtejûn 1 desimber wie de boppeseal fan kafee “Het Wapen van Baarderadeel” yn Jorwert it striidtoaniel fan it miniklupkampioenskip. It wie dêr gesellich fol. Mar leafst tsien ploegen diene mei; Aldegea, Skearnegoutum en it pleatslike OKK hiene sels twa ploegen ôffurdige. Dat makke dus dat der 40 man efter de buorden kamen. It aldermoaiste wie fansels dat alle klups fertsjintwurdige wiene.

Tradysjoneel waard it kampioenskip yn twa klasse ferdamme: beide telden 5 ploegen. Dat betsjutte foar elke ploech dat der ien omloop wie dat der tsjin in tsjinstanner út ‘e oare klasse spile wurde moast. De Gaastmar wie promovearre nei de heechste groep. Dêr sieten fierder yn Hartwert, Aldegea I, Jorwert I en Skearnegoutum I. De Skearnegoutumers ha in bytsje in abonnemint op dit klupkampioenskip yn it fluchdamjen, mar ferline jier hiene se de eare oerlitte moatten oan Hartwert. De twadde klasse waard befolke troch de twadde tiims fan Aldegea, Jorwert en Skearnegoutum. Mar ek troch Blauhús, mei in ploech dy’t yn ‘e bridte sterk wie, en Lollum, dat net allinne Marten Walinga opsteld hie mar ek Foeke Tiemensma. De lêste skynt foarsichtich wer wat oan it Frysk damjen te snuven, en dêr kin it Fryske damwrâldsje allinne mar bliid om wêze.

Kampioen Hartwert hie it dreech, miskien ek omdat it krekt wat minder sterke dammers opsteld hie as ferline jier? Hoe dan ek, der koe mar ien oerwinning oantekene wurde, tsjin De Gaastmar. Tsjin Skearnegoutum en Jorwert waard it in lykspul, en de ploech ferlear fan Aldegea en Lollum. Mei twa punten gjin priis dus foar Hartwert. Oars ek net foar Jorwert, dat op 3 punten útkaam omdat it wol wûn fan in twaddeklasser. Werby’t Jorwert fansels it gelok hie dat Aldegea II ek wat minder sterk wie as Lollum. Nee, de striid om it kampioenskip gong dit jier tusken Aldegea en Skearnegoutum. It moaie wie dat dy beide ploegen pas yn ‘e lêste omloop tsjininoar moasten. By it yngean hie Aldegea in heal puntsje mear, tanksij oerwinnings op Hartwert, Skearnegoutum II en De Gaastmar en in lykspul tsjin Jorwert. Mar doe’t it der op oan kaam, koene de Aldegeasters it krekt net bolwurkje, ek al skeelde it mei in ferlies fan 1,5 tsjin 2,5 ek mar neat. Likegoed fansels in hiele knappe prestaasje fan de Skearnegoutumers, namstemear omdat se har sterkste man Jelle Wiersma troch sykte ek noch misse moasten. En promovendus De Gaastmar? Dat ferlear alles, al krige it tanksij Jorwert II noch al ien lytse treastoerwinning.

Yn ‘e twadde klasse wiene de ferskillen grut tusken de twadde tiims fan klups oan ‘e iene kant en Lollum en Blauhús oan ‘e oare. Dêrom wie it namste knapper dat Aldegea II tsjin Lollum dochs noch in lykspul út it fjoer sleepte. Mar fierders joech foaral de ûnderlinge moeting hjir de trochslach. Dy wûn Blauhús oars ek mar wer mei it lytst mooglike ferskil. Mar sa kamen de Blauhústers wol op 4,5 punt út, ien mear as Lollum, dat dêrmei de twadde priis wûn. De twadde tiims wûnen fierder alle trije ien kear fan inoar, mar tanksij Aldegea syn stunt tsjin Lollum besetten sij mei oardel punt dochs noch it tredde plak.

Utslaggen

Omloop I: De Gaastmar – Skearnegoutum I 0-4; Aldegea I – Jorwert I 2-2; Hartwert – Lollum 1,5-2,5; Jorwert II – Blauhús 1,5-2,5; Skearnegoutum II – Aldegea II 3-1.

Omloop II: Hartwert – Aldegea I 1,5-2,5; Jorwert I – De Gaastmar 2,5-1,5; Skeaernegoutum I – Blauhús 2-2; Lollum – Skearnegoutum II 3-1; Aldegea II – Jorwert II 3,5-0,5.

Omloop III: Skearnegoutum I – Jorwert I 3-1; De Gaastmar – Hartwert 1-3; Aldegea I – Skearnegoutum II 3-1; Blauhús – Aldegea II 3-1; Jorwert II – Lollum 1-3.

Omloop IV: Hartwert – Skearnegoutum I 2-2; Aldegea I – De Gaastmar 3-1; Jorwert I – Aldegea II 3-1; Lollum – Blauhús 1,5-2,5; Skearnegoutum II – Jorwert II 1-3.

Omloop V: Skearnegoutum I – Aldegea I 2,5-1,5; Jorwert I – Hartwert 2-2; De Gaastmar – Jorwert II 3-1; Blauhús – Skearnegoutum II 3-1; Aldegea II – Lollum 2-2.

Einstannen (mei tusken heakjes it tal buordpunten)

earste klasse:

Skearnegoutum I 4 (13,5)

Aldegea I 3,5 (12)

Jorwert I 3 (10,5)

Hartwert 2 (10)

De Gaastmar 1 (6,5)

twadde klasse:

Blauhús 4,5 (13)

Lollum 3,5 (12)

Aldegea II 1,5 (8,5)

Jorwert II 1 (7)

Skearnegoutum II 1 (7)

doorfriesdammen

Al mear as fjirtich jier fiif tsjin fiif mei Sinteklazedamjen.

It is in aardichheid dat it fiif tsjin fiif al sa lang yn Skearnegoutum bestiet. Tsjintwurdich hat dat spultsje de namme Frysk krigen en no wurdt it wat offisjeler brûkt en wurde der sels kampioenskippen fan holden. It bliuwt in moai einspul en de Stadige Strikers ha der altiten noch aardichheid oan. Al fjirtich jier…

Mar ek it damjen op it skaakboerd is op sokke jûnen in útdaging. No damje de measte minsken op de wrâld op it lytse boerd of te wol it skaakboerd. It Fryske spul en it oerhoekse, it ynternasjonale spul, wurdt spile op it grutte boerd.  Tsjalling Goedemoed, silger, brûkte yn syn lesmetoade Frysk Spul ek it lytse boerd. Dat hat fierders net sa bot oanslein, mar it is fansels wol folle oersichtliker foar de bern. De Strikers ha har der moandeitejûn wer bot mei fernuvere. En dan fansels noch it earst kwyt. Dat is in fariant dy’t guon út de pinne behearskje. As men yn it begjin de iene nei de oare fuort jaan kin, wol dat noch net sizze dat jo de winst foar it gripen ha. It komt allegearre ferhipte krekt. Faoral as der ek noch in daam yn it spul komt. It binne fan dy spultsjes dêr’t elk wol wer sin oan hat. It giet lekker rap, want der moat ek noch in gewoan spul ferspile wurde en al dy fjouwer ferskillende spullen moatte yn tweintich minuten elk ferspile wêze.

Al mei al ha de Strikers wer in hiele gesellige spultsjejûn belibbe. De spilers wienen yn twa groepen yndield en de útslaggen seagen der sa út: groep 1: ! Willem Schaap; 2 Cor Kooistra; 3 Sjoerd Jan Bakker; 4 Ype Boelens; 5 Dicky van der Meer. Groep 2: 1 Tineke Teigeler en Bauke Bos; 3 Kees Castelein; 4 Jan Castelein. Jim kinne it fierders ek noch nei lêze op facebook Damklup de Stadige Strikers.

CK

doorfriesdammen

Damtoernoai 8 desimber te Skearnegoutum

Stryk – ta damtoernoai Frysk spul op freed 8 desimber yn it Swettehûs te Skearnegoutum

Oanfang 19.30

Prizen: hearlike oranjekoeken + gokbewiis

Gjin ynlis: de partij wurdt sponsere troch Jelle Wiersma: Wiersma Adm. en Fisc. dienstverlening en Dicky van der Meer: Meer personeelsdiensten.

30 minuten en 10 sekonden de set op ’e klok

Kom allegearre ek net leden!!!

Opjaan: Ype Boelens Til:0518 451795 of eamel: twilling@kpnplanet.nl 

Op tongersdeitejûn 07 – 12  tusken 19.00 en 21.30

Bestjoer “De Stadige Strikers”

doorfriesdammen

Mei ien houtsje foar wint men faak mar net altiten.

It like allegearre sa moai foar Willem Schaap. Yn it middenspul kaam er mei in moai setsje in houtsje foar. Willem moast nei syn Ytaljaanske damaventoer der fansels wol wer wat ynkomme. Frysk damjen is hiel wat oars as de Ytaljaanske fariant. Mooglik hie it foaral ek te meitsjen mei de tsjinstanner hoe’t sa’n partij ferrinne soe. Mei ien houtsje foar dat liket moai mar it betsjut net altiten winst.

Dy tsjinstanner wie nimmen minder as Sjoerd Jan Bakker. Dizze man seach nei in houtsje efter net allegearre apen en bearen. Hy striek sa dat Schaap mooglik wol dy bisten op him ôf kommen seach. De partij gong sa: Willem helle der in moai slachje út en gefolch dêrfan wie dat er in hout mear hie as Bakker. Der stie noch folop hout op it boerd. Mear op it boerd as der nêst. Dy fan Schaap stienen eins hast allegearre yn it midden. Dêrop stelde Bakker syn taktyk fan in omsingeljende oanfal yn. Hy krige in pear houtsjes suver tsjin de kant oan. Schaap besocht der noch wat loopkes yn te krijen, mar dêrmei naam er ek nochal wat risiko’s. Bakker seach it mei ynstimming oan en lei it fjoer hieltiten mear oan ‘e skinen fan Willem syn houtsjes. Willem hie acht houtsjes yn de midden stean sûnder ankers. De steunhouten makken ek diel út fan it selsskip yn de midden. Om koart te gean: der wie gjin salve mear oan te striken. Tsjinstanner Bakker hie mei ien efter in geweldige strategy keazen dy’t wy wol faker fan him sjoen hawwe.

Sa sjocht men mar wer dat jo net altiten winne mei in houtsje foar. It hinget fansels foaral ek fan de stân ôf dy’t jo nei it winnen fan in hout oerhâlde op it boerd. Willem syn stân wie fuortendaliks al as in bosk woartels. Dan moatte jo besykje om wat foardelich ôf te ruiljen en as dat dan net slagget wurdt it in hiele toer.

Ütslaggen: Bauke Bos – Hennie de Haan 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap 1 – 0;Tineke Tegeler – Bauke Dykstra; Dicky van der Meer – Kees Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – jelle Wiersma 0 – 1.

doorfriesdammen

Utslaggen út it ferline telle net mear.

Der binne fan dy jûnen dan liket it wol sa dat hoe’t it altiten wie, fier efter ús leit. Yn dat gegeven sit in hiel posityf punt. De stelling resultaten út it ferline jouwe gjin garânsje foar de takomst, mei oare wurden: útslaggen út it fer4line telle net mear.

Nim no de partij tusken Kees Castelein en Tineke Teigeler. Gewoanwei siet it sa: Kees wat fluch strike en net te folle neitinke rûn it op dy wize meastal op. Tineke wist dêr wol rie mei. Moandeitejûn seagen wy in oare Kees, in Kees dy’t foar’t er struts earst goed de saken trochkipe. Dy ûntwikling hie by him al wat langer spile. Moandeitejûn seagen de dammers it no yn de praktyk. De partij tusken harren wie op himsels moai om te sjen. Mar wol sadanich dat Kees de aksje ûndernaam en Tineke min of te mear hieltiten mei in antwurd komme moast. No is dat fansels altiten sa yn it damjen, mar yn dizze partij wie dat moai waar te nimmen. De streken fan Kees mei de bedoeling om in houtsje fan Tineke fêst en op slach  te setten, wie dêr in moai foarbyld fan. De partij wie doe út en Tineke moast wol konkludearje dat al har suksessen tsjin Kees út it ferline echt ferline tiid wienen.

Net altiten, mar meastal wie de útslach tusken de bestjoersleden Bauke Bos en Cor Kooistra fan te foaren al sa’n bytsje bekend: Kooistra luts einliks altiten oan it langste ein. Resultaten út it ferline binne gjin garânsje foar hjoed-de-dei. Der moat no echt damd wurde om de suksesfolle Bos fan de winst ôf te hâlden. Dat slagge Kooistra moandeitejûn net. No kenne wy wol stelle dat dy lêste striemin spile, mar dan soene jo Bauke Bos fierstente koart dwaan.  Hy spile heel sterk en die de hele partij krekt de goeie setten. Kooistra tocht mooglik mei in slach nei foaren de partij yn syn foardiel te beslissen,  mar dat pakte ferkeard út. Hy kaam finaal fêst te sitten en koe net oars as om de hân te jaan. Moai foar it damjen dat der wer nij talint him oantsjinnet.

De partij fan de jûn wie dy tusken Bauke Dykstra en Dicky van der Meer. Se sieten de trije oeren hielendal út. It wie in spul om yn te listen. Nei in wyld tuskenspul fan Dykstra kaam Van der Meer der wat better op te stean en hy makke it hiel moai út. It is fansels al prachtich dat Dicky him klassifisearre hat foar de kamioenskippen Frysk spul by it Nederlânsk kampioenskip te Drachten. Mooglik hat dit him in ekstra “boost” jûn. Dit ferhaaltsje stiet tenei ek op facebook ûnder it kopke “de stadige strikers.

Utslaggen: Kees Castelein – Tineke Teigeler 1 – 0; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Bauke Dykstra – Dicky van der Meer 0 – 1; Cor Kooistra – Bauke Bos 0 – 1.

doorfriesdammen

Walinga wint Wapenpartij




It iepen kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel” is wûn troch Marten Walinga. De beslissing yn Jorwert foel al ier yn ‘e jûn yn ‘e tredde omloop. Walinga en Jelle Wiersma wiene op dat stuit noch sunder puntferlies, en moasten it dêrom tsjininoar opnimme. Foar de tige komplekse stân namen de mannen hiel folle tinktiid, oant Wiersma in flaterke makke. Walinga die yn ‘e lêste omloop tsjin Dicky van der Meer ek gjin misse setten mear, dat sa koe hy nei ôfrin de mânske wandelbeker tankber yn ûntfangst nimme. It wie ek al wer tsien jier lyn dat him dat foar de lêste kear barre mocht.

Wiersma makke yn ‘e fjirde omloop gjin flaters tsjin de Jorwerter Willem Dykstra, en dêrmei wie it twadde plak sines. Folkert Groenveld pakte tanksij in sterk einspul tsjin Hein de Vries it tredde plak, en Taeke Kooistra koe mei yn totaal twa oerwinnings noch krekt in fjirde pryske yn ûntfangst nimme.

Yn ‘e B-klasse wie Willem Schaap oermachtich. Dizze twadde jûn weefde er ôf mei Frans Kingma en Fedde Wiersma. Kingma kin oars op in goed toernoai weromsjen. De lêste partij wûn er nammentlik wol wer fan Jelte Dykstra. Dy Jorwerter wie ek ien fan ‘e ferrassings fan it toernoai. Foar it earst liet er him op dit nivo sjen. Hy einige yn in grutte middenmoat fan twapunters, mar tanksij in goed SB en in goed resultaat yn in ûnderlinge partij gong er wol mei de tredde priis nei hûs. Soks ten koste fan Willem Hoekstra, dy’t it mei in justjes suniger pakket dwaan moast.

In ferrassing wie der ek yn ‘e C-klasse, dy’t alhiel beset wie mei leden fan it pleatslike OKK. Nei de earste jûn hie Hindrik Terpstra, de earste helte fan it duo HiHa, en bêsten basis lein mei twa oerwinnings. De ferwachting wie dat syn wjerhelte Ha it dan wol even ôfmeitsje soe. Dêr like it yn ‘e tredde omloop tsjin Bonne Hylkema ek wol op, mar dêrnei moast Harry Kaspers noch tsjin kastlein Emke Dykstra, dy’t him ten koste fan ‘e debutant Sjoerd Theo van der Hem súntsjes omheechwrotten hie. Tsjin Dykstra gong Harry dan dochs it skip yn, en troch in minder SB kaam it duo HI sa net fierder as de twadde priis.

En doe bleau it noch lang gesellich yn Jorwert.


Utslaggen en einstannen

A-klasse, tredde omloop: Jelle Wiersma (Wommels) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Dicky van der Meer (Terherne) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5; Taeke Kooistra (Hartwert) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1; Willem Dykstra (Jorwert) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0.
Fjirde omloop: Walinga – Van der Meer 1-0; Wiersma – Dykstra 1-0; Groenveld – De Vries 1-0; Wijbenga – Kooistra 0-1.
Einstân: Walinga 4; Wiersma 3; Groenveld 2,5; Kooistra 2; Dykstra, Van der Meer en De Vries 1,5; Wijbenga 0.

B-klasse, tredde omloop: Willem Schaap (Jirnsum) – Frans Kingma (Jorwert) 1-0; Willem Hoekstra (Aldegea) – Jelte Dykstra (Jorwert) 1-0; Rinze Schukken (Hilaard) – Fedde Wiersma (Easterein) 0-1; Siebren Dyk (Jorwert) – Hidde de Vries (Langsweagen) 0-1.
Fjirde omloop: Wiersma – Schaap 0-1; Dykstra – Kingma 0-1; Hoekstra – Dyk 1-0; Schukken – De Vries 0-1.
Einstân: Schaap 4; Kingma 3; Dykstra, Hoekstra, De Vries en Wiersma 2; Schukken 1; Dyk 0.

C-klasse, tredde omloop: HiHa (Jorwert) – Bonne Hylkema (Jorwert) 1-0; Jan Nauta (Bitgummole) – Jelle Anema (Jorwert) 0-1; Emke Dykstra (Jorwert) – Sjoerd Theo van der Hem (Jorwert) 1-0.


Fjirde omloop: Anema – Hylkema 0-1; HiHa – Dykstra 0-1; Van der Hem – Nauta 0,5-0,5.
Einstân: Dykstra en HiHa 3; Hylkema 2,5; Anema 2; Nauta 1; Van der Hem 0,5.


doorfriesdammen

Italjaansk, Tsjechysk en Frysk stiene sintraal moandeitejûn.

Ferline wike gyng it yn it bysûnder om de Fryslân Kup en ôfrûne moandei waarden  hiele oare farianten beoefene. Fansels spilen de Strikers ek gewoan harren kompetysje partijen mei it Fryske Spul. En dêryn soarge ien fan de bestjoersleden foar in ferrassinkje. De fariante dammers ha dêr fêst gjin aan fan hân wat der in pear tafels fierderop geande wie, want foar harren stienen it Italjaanske en Tsjechyske spul sintraal.

Om mar by de ferrassing ts begjinnen dat gie by eintsjebeslút om it eigen spul  It moaie oer alles. De surprizedie him foar yn it spul fan Sjoerd Jan Bakker  tsjin skriuwer Bauke Bos. Gewoanwei wint bakker dat, mar de partij rûn no net bepaald flot yn it foardiel fan de Snitser. Sterker noch sa midden it spul stie Sjoerd jan der mar suterich op. En Bauke koe syn favorite streken dwaan: ien om ien of twa om twa ôfruilje en wat nei de kant strike. Sjoerd jan heardest hast net en dat is in alarmearend teken. Hoe mear as er klaget hoe better hy stiet.  Bauke kaam ek noch in houtsje foar te stean. Beide krigen yn de einfaze in daam. Bauke op lange line en Sjoerd Jan yn de koarte hoeke. It waard úteinlik remize. In moai en goed resultaat foar Bauke. No koe fansels in lien fan it omsittend laach wol beweare dat der winst yn sitten hie foar Bos, mar dat efternei net folle sin. Bauke hat de kamp as in oerwinning sjoen.

Jan Castelein begjint sa súntsjesoan al in moai poepke te damjen. Hy moast it opnimme tsjin de nestor fan de klup: Bauke Dykstra. Jan dy hold it hiel lang fol en lyk tsjin Dykstra. Yn de ein moast er noch belies jaan, mar dat is net sa frjemd as jo yn oanmerking nimme dat Dykstra in enoarme ûnderfining hat mei einspullen.Ype Boelens, wer wat opkalefatere, spile tsjin Hennie de Haan. It like in lykopgeande partij te wêzen, weryn’t Hennie wat better like te stean, mar troch in minder goeie set fan har luts se dochs oan it koartste ein.Dicky van der meer en Cor Kooistra hienen in hiele yntressante partij op it boerd. Mei moaie lopen en slachjes. Dat ferrûn foar beideb geunstich oant it momint dat Kooistra der in dûbele flypflap út helle. Dat wie in wat foarbarige aksje en hie efternei net moatten. Der hie wol in folle bettere streek yn sitten. Kooistra is wat te gau te freden, mar it levere him gjin punt op.

Undertusken bleauwen it bûnsbestjoer en Marten Walinga studearjen op foaral it Italjaansk. Oan de ein fan dizze moanne geane se nei Itaalje foar in toernoai.

Utslaggen: Hennie de Haan – Ype Boelens 0 – 1; Bauke Dykstra – Jan Castelein 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Bauke Bos ½ – ½; Cor Kooistra – Dicky van der Meer 0 – 1.

CK

doorfriesdammen

Walinga en Wiersma nimme kop yn Wapenpartij

Ofrûne tiisdei wiene yn Jorwert de earste twa omlopen fan it Iepen Kampioenskip fan it “Wapen van Baarderadeel”. Der hiene 22 dielnimmers har opjûn, fjouwer mear as ferline jier. Se waarden ferparte oer trije klassen, fan respektyflik 8, 8 en 6 dammers.

De A-klasse is sterk beset, mei dammers dy’t har de lêste jierren yn de heechste regioanen bewiisd ha. Dat jildt miskien net hielendal letterlik foar de Jorwerter Willem Dykstra, mar dy hie rjocht op it eareplak op grûn fan risseltaten behelle yn it ôfrûne jier. Dykstra helle kamp tsjin Hein de Vries, en sa’n útslach hie der ek minimaal yn sitten tsjin Folkert Groenveld as dy mei de klok op fallen der net noch in moaie slach út helle hie. Groenveld hie dêrfoar al ferlern fan Jelle Wiersma, dy’t dêrnei ek mei De Vries ôfweefde.
Marten Walinga stiet mei de Wommelser as iennichste noch op ‘e folle winst. Dat gong ten koste fan Tsjerk Wijbenga en Taeke Kooistra.

Yn ‘e B-klasse foel it damjen fan ‘e pleatslike favoryt Frans Kingma op. Hoewol, ek wer net hielendal, Kingma hat him ferline jier by de persoanlike kampioenskippen knap hanthavenje kind yn ‘e twadde acht. No fersloech er Fedde Wiersma en de Hilaarder Rinze Schukken, dy’t yn ‘e earste omloop wat ferrassend Willem Hoekstra fan him ôfslein hie. De oare koprinder is hjir Willem Schaap, dy’t te sterk wie foar Hidde de Vries en Jelte Dykstra.

De grutste sensaasje wie miskien wol te belibjen yn ‘e C-klasse, alhiel beset troch leden fan ‘e pleatslike damklup OKK. It wat mysterieuze personaazje HiHa wie ien fan harren. It bliek in gearfloeiing te wêzen fan Harry Kaspers (dy’t dizze earste jûn net koe) en Hindrik Terpstra (idem foar de twadde jûn). Terpstra dammet noch net sa hiele lang, mar hy hie dochs hiel kreas de âlde rôt Jan Nauta te pakken, en hy makke dêrnei tsjin it nije OKK-lid
Jelle Anema ek gjin flater. Men soe sizze, dy twa punten moatte oare wike foar Harry Kaspers dochs genôch basis wêze om ien fan ‘e troch him sponsore prizen yn te pikken.

Utslaggen:
A-klasse, earste omloop: Marten Walinga (Waaksens) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0; Dicky van der Meer (Terherne) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1; Folkert Groenveld (Jutryp) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Hein de Vries (Ljouwert) – Willem Dykstra (Jorwert) 0,5-0,5. Twadde omloop: Kooistra – Walinga 0-1; Wijbenga – Van der Meer 0-1; De Vries – Wiersma 0-1; Dykstra – Groenveld 0-1. Tuskenstân: Walinga en Wiersma 2; Groenveld, Kooistra en Van der Meer 1; Dykstra en De Vries 0,5; Wijbenga 0.

B-klasse, earste omloop: Willem Hoekstra (Aldegea) – Rinze Schukken (Hilaard) 0-1; Fedde Wiersma (Easterein) – Frans Kingma (Jorwert) 0-1; Jelte Dykstra (Jorwert) – Siebren Dyk (Jorwert) 1-0; Hidde de Vries (Langsweagen) – Willem Schaap (Jirnsum) 0-1. Twadde omloop: Schukken – Kingma 0-1; Schaap – Dykstra 1-0; Dyk – Wiersma 0-1; De Vries – Hoekstra 0-1.
Tuskenstân: Kingma en Schaap 2; Dykstra, Hoekstra, Schukken en Wiersma 1; Dyk en De Vries 0.

C-klasse, earste omloop: Jan Nauta (Bitgummole) – HiHa (Jorwert) 0-1; Jelle Anema (Jorwert) – Sjoerd Theo van der Hem (Jorwert) 1-0; Bonne Hylkema (Jorwert) – Emke Dykstra (Jorwert) 0,5-0,5.Twadde omloop: Anema – HiHa 0-1; Dykstra – Nauta 0,5-0,5; Van der Hem – Hylkema 0-1.
Tuskenstân: HiHa 2; Hylkema 1,5; Anema en Dykstra 1; Nauta 0,5; Van der Hem 0.

doorfriesdammen

Trije fan de fiif Strikers in omloop fierder yn de Fryslân Kup.

Moandeitejûn 30 ok tober wie foar de Stadige Strikers de jûn fan de Fryslân Kup. De tsjinstanners fan de thússpyljende Strikers koenen dy jûns nei it Swettehûs komme om dêr harren pot te damjen. Ien fan ús teach nei Aldegea om dêr ek yn it kader fan itselde toernoai de degens te krusen. Trije fan de fiif berikten de twadde omloop sûnder barraazje partijen.

It kaam hiel goed út dat elkenien dizze jûn damje koe. De Strikers hienen plak sot,troch wurk en sykte kamen trije man net opsetten. Twa partijen waarden der foar de kompetysje spile. Twa tachtigers namen it tsjin elkoar op: Bauke Dykstra (87) en Sjoerd Jan Bakker (82). No dan kinne jo fan tinken wol ha. dat sokke mannen in bulte dambagaazje ynbringe. Beide mannen hawwe harren hiele libben al damme. Sjoerd Jan spile earst Hollânsk sa goed as de skriuwer wit, mar gie al gau oer nei it Fryske spul en wol yn
Wurdum. Wurdum wie fansels yn it ferline in klup mei alluere. Se waarden hiel faak klupkampioen. Bauke Dykstra syn widze stie yn Hartwert en dêr wie er as jongeman ien fan de bêste dammers en in man mei leafde foar it spul. Doe’t er Hartwert ferliet om it wurk damme er ek net mear op in klup. Letter waard er lid fan de Stadige Strikers. Hy is
noch nea kampioen wurden fan de klup, mar it soe sa mar kinne. Dizze partij wûn er yn elts gefal.

Hennie de Haan hat der altiten nocht oan om tsjin Kees Castelein te damjen. Se makken der in moai spul fan. Kees hie net in al te sterk begjin mar hy werpakte him en wûn oertsjûgjend. Doe wienen de earste kup-dammers ek al út. Earst ktigen wy op de groeps- app it berjocht dat Jelle Wiersma wûn hie fan Folkert Groenveld. Op dat stuit koe Cor Kooistra nei in blunder Fedde Wiersma de hân jaan. Hy spinpoate noch wol wat tsjin, mar dat wie mear in boarterij as in echte kâns op sukses.. Willem Schaap wûn moai fan Tsjerk Wijbenga en Dicky van der Meer rekkene ôf mei de baas en organisator fan dizze Kup: Jappie de Jong fan Blauhûs. Doe siet der noch ien partij, dy tusken Bauke Bos en Gaastmarder Pierter Hoogterp. Bauke hold lang stân, mar tsjin sa’n talint as Pieter winne jo net sa mar. Oan de ein fan de rit hie de gast it yn streken en koe Bauke pipe en lipe mar dat holp neat. Hy koe Pieter lokwinskje. Trije Strikers dus nei de twadde omloop.

Utslaggen Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Hennie de haan – Kees Castelein 1 – 0; Jappie de Jong – Dicky van der Meer 0 – 1; Fedde Wiersma – Cor Kooistra 1 – 0; Willem Schaap – Tsjerk Wijbenga 1 – 0; Bauke Bos – Pieter Hoogterp 0 – 1.

doorfriesdammen

De froulju wienen der wer en hoe….

Us twa froulju sietenal ier en betiid yn ús damseal. Us damseal is tsjintwurdich it boarterslokaal fan de basisskoalle en is ferbûn mei it Swettehûs. De froulju sieten dêr net mar wat te sitten, nee se hienen alle buorden, houtsjes en klokken al te plak setten, sadat de mannen sa oanskikke koenen. De froulju ferline wike noch absint en no wienen se der
wer. Moai!

Wat de kompetysjelieder betrof mochten de beide froulju ek wol tsjin elkoar. Dat kaam goed út, want se sieten al tsjioer elkoar.Efkes om de kleur hout riede en se koenen los. Hennie mocht begjinne, want dy hie wyt lotte. Se makken der in hiel aardige partij fan. Tineke goed oan it neitinken en dan strike. Hennie rêstich en behearske de setten út wurkje en dan kalm skowe. Tineke wie yn it slaan wat rimpener en se liet ek wol goed hearre dat se sloech. Hennie pakte it wat kalmer oan. Op in bepaald stuit joech Tineke in houtsje om dêrnei trije fan Hennie te slaan. Hennie sloech en Tineke koe hast net wachtsje om te slaan en dat die se dan ek al doe’t Hennie noch dwaande wie om har sleine houtsje op te pakken. Alles gie wol neffens de regels fan it fryske spul, mar Hennie koe it sa gau net folgje en wie der suver wat mei oan. Sy fergeat of seach hielendal net dat se de daam
dy’t Tineke mei it slachje behelle hie gewoan werom slaan koe. Spitich dat de partij sa rûn, mar it wie noch net út. Al strikende en mei it offerjen fan in houtsje krige Hennie in daam. Se kaam mei de daam efter in hiel espeltsje houtsjes fan Tineke te stean. Dy lêste tocht lang nei en kaam foar harsels mei in moaie oplossing. Se liet de fijannige daam op slot slaan yn de lange-line-hoeke. Mei dy daam koe Hennie neat mear en Tineke wist hoe’t se it
út meitsje moast en dêr koe Hennie neat tsjin yn bringe.

Utslaggen: Henni de Haan – Tineke teigeler 0 – 1; Jelle Wiersma – Bauke Dykstra 1 – 0; Kees Castelein – Cor Kooistra 0 – 1; Willem Schaap – Bauke Bos 1 – 0.