Oankommene sneon 21 febrewaris is de barraazje fan it Frysk Kampioenskip. Jelle Wiersma en Henk Haanstra hawwe elk seis punten helle yn it reguliere toernooi yn de Kampioensklasse. Dan wurde der yn elts gefal twa partijen spile yn in barraazje. Mocht der dan noch gjin beslissing fallen wêze,wurdt der ien partij trochspile oant dat wol sa is.
De barraazje begjint om 10 oere.Meastentiids is de twadde partij dan fan in oere as 14 oant 14.30 los. Mocht der noch in tredde partij nedich wêze, dan is dat op in oare dei.
De partijen binne ‘live’ te folgjen op www.kndb.nl en gean dan nei toernooibase en dan nei (semi)live.
Plak en tiid 10 oere Kluphús Sie-Sa te Blauhús
Der wienen twa ôfsizzingen en doe bleauwen der mar seis dammers poer. Dy dammers waarden noch even bypraten oer de resultaten fan de dammers op de persoanlike kampioenskippen. Jelle Wiersma kin noch kampioen wurde, mar dan moat er wol winne yn de baraazjepartijen tsjin Henk Haanstra. Willem Schaap hanthavene him yn de kampioensklasse troch de lêste twa partijen te winnen. Hy kaam mei in heal puntsje yn Aldegea en gyng mei twa en in heal punt werom nei Jirnsum. Yn de twadde Acht pakte Cor Kooistra ien en in heale punt en einige op it sechde plak.
Kees Castelein liet him moandeitejûn fan syn bêste kant sjen. Hy struts hiel
sterk nei winst yn syn partij tsjin Bauke Bos. Hy boude de partij moai op en
kaam mei twa houtsjes op de keale lange hoeke fan Bauke ôf. Ien houtsje koe Bauke noch wol de baas, mar twa wie him te mânsk. Kees krige dus in daam en doe wie it mei Bauke bekeken.
Heit spile tsjin de grutte man Jelle Wiersma. De lêste joech twa houtsjes foar. Ja en dan wurdt it fansels in hele toer om der winst út te heljen. Dat slagge ek net. Willem Schaap hie suver wat begrutsjen mei de foarsitter: hy stelde foar om de ferliezende set werom te nimmen, mar dat woe de foarsitter net, fansels net! Se spilen de partij út en Willem wûn.
Utslaggen: Jelle Wiersma – Jan Castelein 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap 0 – 1; Kees Castelein – Bauke Bos 1 – 0.

Oan de ein fan de damjûn murk de skriuwer op dat by alle partijen swart de winnende kleur wie. Dochs wie dit noch net sa fanselssprekkend. Nim no de partij tusken Bauke Bos en Cor Kooistra. Bauke rekke al ga uien foar en liet de foarsitter bot skrikke. Spitich foar him makke hy letter in foutsje
en doe wûn de foarsitter de partij tsjin de skriuwer. Tineke Teigeler spile har twadde partij tsjin Ype Boelens. Tineke damde, nei eigen sizzen, al better dan de earste partij mar moast dochs wer belies jaan. Heit en soan Castelein spilen harren earste partij tsjin mekoar. Heit Jan wie benaud en soan Kees stuts him de gek oan. Jan seach in mearslach oer de holle en Kees hie hjir wakker wille om en sei neat. Mar letter oerkaam Kees itselde en doe seach Jan it wol. Jan wiisde Kees wol op de rigels fan it spul en doe moast Kees wol slaan. Men mei syn of har tsjinstanner der wol op wize (as it him/har) út komt om dochs noch te slaan en de krekt diene set werom te lûken, mar faaks docht men dit allinne as it yn it foardiel is. No kaam it Jan wol út en wûn er de partij. As treast hat er de kofje mar betelle foar syn soan. De spullen fan Tineke en Jan wiene gau út en sadwaande woene se wol tsjin mekoar omdat se beide wolris in kear in jûn oerslaan. Dit wie fansels gjin probleem en dit waard ek in nuver spul. Beide seagen se mearslach oer de holle. Tineke fergeat in kear trije yn plak fan twa te slaan en dit hie Jan ek net sjoen. Op it momint dat Jan twa foar stie, koe Tineke allinne mar wei jaan en joech Jan de hân. Omstanners sjogge faaks mear dan de dammers sels en sa seach Ype dat Tineke de partij winne kinnen hie troch in pear setten earder in daam te jaan en dan wat houtsjes en sa de winst pakke kinnen hie. Mar ja, sa is it damjen….
Utslaggen: Kees Castelein Jan Castelein 0-1; Bauke Bos – Cor Kooistra 0-1; Tineke Teigeler – Ype Boelens 0-1; Tineke Teigeler – Jan Castelein 0-1

By it damjen fan de Stadige Strikers en ek by oare klups Frysk Spul wurdt der faaks gesellich op los praat. De Stadige Strikers dienen yn it ferline wol mei oan in gemeentelik toernoai wêr’t ek dammers Hollânsk Spul oan mei dienen. It ferskil tusken de beide groepen siet him dan foaral yn it lûd wat de dammers fan beide kanten produsearren. De iene groep kletste der gesellich op los, wylst de oaren allinne mar sssst, ssst útbrochten. Wy neamden dêrnei dy groep altiten de fytspompen.De Stadige Strikers hearre fansels net by de kategory fytspompen.
Oars wurdt it fansels as jo begjinne te praten oer in partij dy’t noch dwaande is. Dêr meist fansels neat oer sizze en dat docht men dan ek net. Wol is it sa dat wannear der in spul is dat yn de einfaze sit, der mear belangstelling is fan oaren. Dan ek moatte jo de snappert ticht hâlde. Allinne mar nei sjen en fierder neat.
Moandeitejûn lêstlyn waard der wer moai en sportyf spile. De kompetysjelieder hie de útslaggen yn it foar ek wol opskriuwe kinnen: it nivoferskil wie dizze jûn te grut.
Utslaggen: Bauke Bos – Jelle Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Tineke Teigeler 1 – 0; Cor Kooistra – Kees Castelein 1 – 0; Willem Schaap – Jan Castelein 1 – 0.

Dy hân wie net in teken of in tajaan fan it ferlies. Nee dy hân fan Jan Castelein betsjutte: it is kamp lokwinske der mei. It is altiten wat sneu as jo sels in houtsje mear hawwe as jo tsjinstanner en dan dochs konkludearje moatte, dat der gjin salve mear oan te striken falt. Sa kaam der in ein oan in boeiende partij tusken Tineke Teigeler en Jan Castelein. Sy wienen wol dejingen dy’t de langste partij fan de jûn spilen.
De oare twa spullen wienen binnen de koartste kearen bekeken. Nim it spul
tusken Dicky van der Meer en Jelle Wiersma. Dat wie al út foar’t se goed en wol út ein gienen. Teminsten sa like it wol. Der waard aardich flot strutsen en doe wie it ek heel flot út. Jelle liet wer even sjen dat er de teory fan it spul ta it uterste behearsket. It wie foar de mannen it earste spul dizze kompetysje. It twadde spul woenen se dan ek fuortendaliks mar spylje. Sa waarden de houtsjes op ‘e nij opsetten. No dat gyng folle better. Der kaam in nijsgjirrige stân op it boerd. Healwei it spul like der noch net safolle fan te sizzen. Men seit dan yn de taal fan de dammers: Oan de ein fan de fûke fangt men de fisk. De fanger lústere nei deselde namme as de winner fan it earste spul.
In oar spul dat hiel rap besljochte wie, wie de partij tusken Cor Kooistra en Bauke Bos. Bauke spile mei wyt. Hy seach yn de earste set fan swart al dat it oars wie as dat er wend wie. Bauke wist der net rjocht rie mei en die fuortendaliks al in ferkeardenien. It soe foar Kooistra in makje wurde en nei noch wat spinpoatsjen fan Bauke sei dy: Ik kin no ek wol ophâlde want ik stean twa houtsjes efter. Dêr hie er ek gelyk oan.
Utslaggen: Jan Castelein – Tineke Teigeler 0,5 – 0,5; Dicky vd Meer – Jelle
Wiersma 0 – 1; Bauke Bos – Cor Kooistra 0 – 1; Jelle Wiersma – Dicky vd Meer 1 – 0.
Dizze moandei wiene der wer seis dammers en frij gau wie al dúdlik wa’t winne soene. Uteraard waard der earst noch stil stien by ús degradaasje by de klupkampioenskippen fan ôfrûne sneon. Winst en ferlies stean soms ticht by mekoar. Och, ha we it oare jier wer kâns op promoasje! Tineke
Teigeler makke tsjin de foarsitter gelyk yn de iepening in foutsje, wêrnei Cor Kooistra ien foar kaam en it spul gau út wie. Hjirnei waarden noch ferskate spultsjes spile, want, sa sei ús foarsitter: we binne hjir om wat te learen, wêrnei de ponghâlder sei: dat mei ek wol nei ôfrûne sneon! Dizze
ponghâlder, Ype Boelens, hoechde yn syn spul tsjin Bauke Bos niks te learen want nei in ferkearde set fan Bauke seach er gelyk dat er foar komme koe en doe wie der gjin salve mear oant te striken foar ús skriuwer. Sjoerd Jan Bakker die it ek net goed tsjin Willem Schaap en it spul wie, as lêste fan de
trije spullen, sa út as poep-kak, in bekende útdrukking fan Bakker, wat ek wer fan tapassing wie op dit spul.
Utslaggen: Cor Kooistra – Tineke Teigeler 1-0; Ype Boelens – Bauke Bos 1-0; Sjoerd Ja n Bakker – Willem Schaap 0-1