Ien fan de aardichste damwedstriden is de Fryslân Kup. No al wer foar de fjirde kear organisearret damklup ‘De Skyfkes’ fan Blauhús dit knock-out bekertoernooi.
Nei fiif omlopen kaam bekerhâlder Siebe Walinga tsjin Frysk kampioen Jelle Wiersma en winner fan de earste twa edysjes, te sitten. It wie foar Walinga in drege reis west om sa fier te kommen. Hy hie yn oare omlopen kamp-spullen tsjin earst Cor en letter broer Taeke Kooistra. En dan wurdt it ‘pingel-sjitten’ yn de foarm fan it einspul FRYSK! (fiif tsjin fiif). Sa fier kaam it yn de libbene dam-arena ‘Sie-Sa’ te Blauhús net.
Nei de iepening naam Walinga, mei swart, syn opponent te fiter mei in luzige kombinaasje.
1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41
6.46×37 7-12 De mear as bekinde lange-hoek iepening. Wyt kin no ek 37-31, 34-30 as 33-28. 7.36-31 11-16 8.31-27
16-21 9.27×16 6×26 10.32-28 19-24
11.34×14 10×19 Swart kin net om heech slaan 4×24. Der soe folchje 12.28-22! 12×41 13.47×16 10-14 14.40-34 en wyt stiet folle better. 12.40-34 19-24 Nei 12. …4-10 13.28-22! 12×41 14.47×16 mei swart net efterstrike 1-6. 13.34×14 4×24 14.28-22 12×41 15.47×16 18-23
Fansels net 15. ..1-6? om 16-11, 33-29 Hjir wie 15. …24-30 ek goed.
16.38-32? 23-28! 17.33×22 24-29 18.39×19 20×47 19.48×46 en wyt jout op. De skiif op 16 giet ek noch ferlern.
16.16-11 1×21 17.33-28 23×32 18.38×16 2-7 en bygelyks 19.43-38 24-30 20.35×24 20×29 21.39×19 13×24 22.28-32 7-11 23.16×7 8×6 mei in lykweardich einspul. Ek 16.39-34! 33-28! 17.34×2 28×37 18.42×31 8×17 19.16×18 20-24 kin foar beide spilers.
Dan de oplossingen ledderwedstriid
Nr.23 1.42-38, 2.28-23, 3.38-32, 4.43×1
Nr.24 1.40-24, 2.35-30, 3.x14, 4.14-10
as 1.47-42, 2.15-10, 3.37-32, 4.x23
Nr.25 1.29-24, 2.37-31, 3.x4
Nr.26 1.32-28, 2.x6, 3.37-31, 4.6-1
En twa nijen fan Hiele Walinga
Nr.27 sw 1, 8, 11, 14, 21, 24, 34, 40
wyt 31, 32, 36, 38, 42, 47-49
Nr.28 sw. 3, 6, 8-10, 14, 18, 19
wyt 21, 26, 28, 29, 37, 38, 40, 48
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
De tiid hâldt gjin skoft seit in Frysk sechje. Wat fljocht dy tiid om. Noch mar kwalik útein setten en no is de kompetysje al wer oan de kant. De houtsjes kinne yn de doaskes en dy houtsjes gunne wy de hiele lange maitiid en simmer harren wol fertsjinne rêst. Alle moandeitejûnen fan ein septimber ôf oant no ta ha sy it ús mooglik makke dat wy ús moaie Fryske spul spylje koenen. Op de lêste jûn ha se ús noch wakker geriifd. Damhoutsjes op in skaakboerd bygelyks. Dy houtsjes moatte dêr wol oer kinne fansels. It kin op de lêste jûn.
Moai op tiid ha de Stadige Strikers moandeitejûn 1 april it damskoft yn in tige gesellige sfear ôfsluten. Op ien man nei wie elk oanwêzich. Der is sa as meastal wer wakker mei alderhande damfarianten spile. Nei de earste ronde waarden lotsjes ferkocht foar de lotterij mei in fracht oan prizen. Sa waarden de Strikers ek noch sponsere troch Poiesz. De mem fan ús jeugdleden hie dat by har baas regele. En der stûn fansels ek wer in hearlike taart, bakt troch Tineke, tusken de prizen. Alle leden hienen in priis meinommen. Der waarden hiel wat lotsjes ferkocht, dus ús ponghâlder hie in bêste jûn, syn damjen hie wol wat better kinnen. Mar ja men kin ek net alles hawwe.
Nei de twadde ronde waarden de prizen ferlotte. Troch al dy prizen naam dat hiel wat tiid yn beslach. Wat hiel opfallend wie en dat sjocht men wol faker, dat guon de iene priis nei de oare binnen helje, wylst in oar mar gjin pryske gund wurdt troch it lot. It gelok skyt meastentiids op de grutte bult.
Nei de tredde en lêste ronde waarden de prizen útdield. Yn de folchoarder fan de winners siet net sa folle ferskil mei ferline jier. De beide earste plakken yn de twa klassen hienen deselde winners as ferline jier. Jelle Wiersma, hoe kin it ek oars, yn de earste klasse en Bauke Bos yn de twadde. Hjirûnder stiet de folsleine útslach. Fansels hoopje wy dat yn septimber elk wer fan de partij wêze sil. It soe ek moai wêze as der dan ek wer ris in ynwenner fan Skearnegoutum oansitte soe. No binne it foar de helte âld-Skearnegoutumers.
Utslach kompetysje. Earste klasse: 1 Jelle Wiersma 15½ út 16; 2 Willem Schaap 10 – 15; 3 Sjoerd Jan Bakker 10 – 16; 4 Dicky van der Meer 9 – 16; 5 Cor Kooistra 8 – 16; 6 Bauke Dykstra 6½ – 12; 7 Ype Boelens 6 – 17.
Twadde klasse: 1 Bauke Bos 9½ út 17; 2 Bauke de Boer 9 – 16; 3 Sjoerd Huitema 7- 15; 4 Paul Borghaerts 5 – 8; 5 Tineke Teigeler 4½ – 16; 6 Hennie de Haan 1- 12; 7 Hester Boelens 2 – 5; 8 Hessel Boelens 0 – 2.
(Tekst: Cor Kooistra)
Op twa nei wie elk fan de Strikers oanwêzich. Jeugdlid Hessel liet ferstek gean en Bauke Dykstra siet thús ticht tsjin de kachel oan, om’t er him beklomje litten hie. Foar de oanwêzigen betsjutte it de lêste partij fan it seisoen. Foardat de houtsjes ferskood waarden, stie men fansels noch efkes stil by de meunstersege op Aldegea in wike lyn en by de finale fan de Fryslân Kup yn Blauhûs, wêr’t tagelyk in toernoai Frysk ferspile waard.
It opfallendste fan dizze jûn wie, dat Paul Borghaerts, hy wie in oantal wiken net fan de partij, him sterk fielde en dêrom wol tsjin twa dammers tagelyk stride woe. Tsjin Hennie de Haan hie er sukses, mar tsjin Bauke Bos wie it oare koek. No hie er sa lang as er no by de Strikers dammet, noch mar ien kear ferlern fan Bauke. Moandeitejûn waard it nei hast trije winterskoften fierder syn twadde nederlaach. Hie Paul wat faker acte de presence jûn, dan hie er fêst in kandidaat west foar it kampioenskip yn de twadde klasse. Wy sille mar sa rekkenje: it oar jier hat er hooplik wer in kâns.
Fierders soenen der net hiele grutte ferrassingen barre. Dat Sjoerd Huitema ferlear tsjin Dicky van der Meer wie eins te tankjen oan de tiid op de klok. Van der Meer hie noch in oere en Huitema noch tsien minuten. Dan nimt de druk ta en meitsje jo flaters. Boppedat like Sjoerd wat benaud te wêzen fan syn eigen skaad. Hy seach allegearre apen en bearen, dy’t, sa bliek út it neidamjen, der net wienen.
Utslaggen: Sjoerd Huitema – Dicky van der Meer 0 – 1; Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Hester Boelens – Tineke Teigeler 0 – 1; Hennie de Haan – Paul Borghaerts 0 – 1; Bauke Bos – Paul Borghaerts 1 – 0; Cor Kooistra – Bauke de Boer 1 – 0; Ype Boelens – Willem Schaap 0 – 1.
Yn neifolging fan Alexander Georgiev en Hans Jansen komme der mear ‘hoekse dammers’ nei it Fryske Spul.By it Fryslân Open en ek okkerdeis it kampioenskip fluchdamjen litte sokken as Auke Zijlstra, Jan van Dijk en Frederik Bos harren sjen. En net samar efkes, se dogge mei om de heechste plakken. Frederik Bos, yn it ferline noch lid fan Frysk damklup ‘Schots&Scheef’ út Schagen, behelle mei in oerwinning op Jan van Dijk yn de lêste omloop fan it Fryslân Open in hiel kreas dield twadde plak. Hy spile op 1 maart mei wyt.
1.32-27 19-24 2.31-26 24-29 3.34*23 18*29 4.33*24 20*29 5.39*19 13*24 6.40-34 17-21 7.26*17 12*32 8.38*27 11-17 9.43-38 15-20 10.34-30 20*40
11.50*19 14*23 Nei 9×29 komme der in protte drigingen yn it spul. 12.44-40 8-13 13.40-34 13-19 14.34-30 23-29!? Al te gau offerets wart in skiif. 15.30*28 17-21 16.38-32 7-11 Wyt hat al in hout foar, mar in protsje ‘wylde skiven’. 17.48-43 10-15 18.43-39 9-14 19.39-34 14-20 20.49-44 3-9 21.44-40 19-23 22.28*19 20*18 Mei 9-14 hienen der mear tûkelteammen west. 23.34-30 9-14 24.27-22 18*38 25.37*39 21-27 Wyt like fêst te stean yn de lange hoeke en jout it hout wer werom. 24.40-34 wie better. No is de partij yn it lykwicht. 26.42-38 2-7 27.38-32 27*38 28.39*37 16-21 29.37-31 21-26 30.36*16 6*37
31.41*32 7-12 32.32-27 14-19 33.30-25 19-23 34.46-41 11-16 35.41-37 12-17 Beide spilers bopuwe evenredich oan harren posysje. 36.27*7 1*12 37.40-34 15-20! Ôfruilje troch earst 23-29 liket better. 38.25*14 4*44 39.45*43 12-17 Daalk 37-31 is it bêste. Swart moat dan tebek ôfruilej en ferliest tempo. 40.35-30 5-10 Ek swart fynt yn dizze beslissende fase net de bêste set: 16-21. 41.43-38 Sa wurdt de skiif op 23 sterker
Mei 41. ..17-21 wurdt it noch dreech kamp te heljen foar wyt 42.37-31 en 37-32 ferlieze gau. In logysk ferfolch is 42.47-41 21-26 43.38-32 16-21 44.32-28 23×32 45.37×28 21-27 46.28-23 27-32Swart is earder op de daam, mei noch in moai einspul. 41. …16-21? 42.38-32 10-14 (21-26? 32-28!) 43.47-41 21-26
44.32-28 23*32 45.37*28 17-21 46.41-37 21-27 47.37*17 26-31 Wyt komt in hout foar 48.17-11 31-37 49.11-6 37-41 50.6-1 41-47 51.1-45 De swart daam hat gjin plak. 51. ..14-19 52.30-25 47-36 53.45-1 36-13 54.1-7
Foar de ledderwedstriid
Nr.23 sw. 8, 9, 11, 16, 20, 24, 30, 31
wyt 18, 28, 40, 42, 43, 47
Nr.24 sw. 5, 8, 13, 16, 18, 19, 26, 28
wyt 15, 25, 35-37, 40, 41, 45, 47
en twa nijen fan Willem F.Bakker.
Nr.25 sw. 9, 14, 19-21, 25, 26
wyt 22, 28, 29, 37, 39, 40, 44
Nr.26 sw. 7, 9, 12, 14, 23, 26, 29
wyt 32, 34, 37, 41, 44, 47
Oplossingen stjoere foar 5 april.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Nei in oantal jierren yn Hartwert, waard it kampioenskip fluchdamjen dit jier holden yn doarpshûs De Nije Haven yn Lollum. It tal dielnimmers foel net ta. De winner fan de ôfrûne jierren, Foeke Tiemensma, wie der net om syn titel te ferdigenjen. Ek Marten Walinga, de nûmer twa fan 2018, wie fanwegen wurk net oanwêzich.
Lokkich wiene der al trije oerhoekse dammers: Jan van Dijk (Oerterp), Auke Zijlstra (Utert) en Frederik Bos (Grins). Dizze mannen diene yn febrewaris ek mei oan it Fryslân Open yn Frentsjer en hiene doe al sjen litten yn it Frysk Damjen ek yn de top mei dwaan te kinnen.
Foar de ferdieling fan de prizen (ek dit jier droege woarsten) hie it bestjoer de dammers yndield yn trije groepen: groep A: dammers út de trije achttallen; groep B: dammers út de haadklasse en de oerhoekse dammers en groep C de dammers út de 1e, 2e en 3e klasse.
Kampioen waard Taeke Kooistra; hy wûn 6 partijen en spile yn de lêste rûnte kamp tsjin Folkert Groenveld. In hiele sterke en ferrassende nûmer twa waard Jan van Dijk. Hy ferlear alline fan Taeke en spile kamp tsjin Willem Schaap.
Understeand de folsleine útslach.
1. Taeke Kooistra, 6,5 pnt (A1)
2. Jan van Dijk, 5,5 (B1)
3. Jelle Wiersma, 5 (A2)
4. Bernard Kroon, 5 (B2)
5. Folkert Groenveld, 5 (A3)
6. Fedde Wiersma, 4 (A4)
7. Auke Zijlstra, 4 (B3)
8. Sjoerd Kooistra, 4 (B4)
9. Dicky van der Meer, 4 (A5)
10. Bauke Bos, 4 (C1)
11. Willem Schaap, 3,5 (A6)
12. Frederik Bos, 3,5 (B5)
13. Liuwe Westra, 3 (A7)
14. Jappie de Jong, 3 (C2)
15. Klaas Wiersma, 3 (B6)
16. Frans Kingma, 3 (B7)
17. Piet Sikma, 3 (C3)
18. Jeljer Westra, 3 (C4)
19. Leo Altena, 2 (C5)
20. Paul Borghaerts, 2 (C6)
21. Siebren Dijk, 1 (A8)
22. Murk Nijdam, 0 (C7)
Damklup Nocht & Kriich fan Aldegea wie ôfrûne moandeitejûn gasthear fan de Stadige Strikers. Doe’t de Strikers It Joo yn kamen, foel it harren op dat de mannen fan de thúsploech der wat skruten en eangstich útseagen. De aap kaam al ridlik gau út de mouwe. Ien fan harren fertelde dat se de wyks dêrfoar in aardich wân bruien krigen hienen fan damklup Hartwert e.o. Se hienen der suver in hiele wike lang gjin wink troch yn de eagen hân. Mar fiif puntsjes pakten se, it koe hast net minder. Of koe dat mooglik wol.
As jo as gast sa’n selskip hearen twivelriedich en wanhopich oantreffe, dan tinke jo al gau: Hiir kin jûn wol in kânske foar de Strikers ynsitte. Nei de praatsjes fan de beide foarsitters, dy’t út namme fan de klups seinen dat se wakker sin oan de komfrontaasje hienen, koe it spul los. De foarsitter fan N&K hie it der noch oer tsjin syn tsjinstanner Ype Boelens: “Sa as ferline wike tsjin de Hartwerters: it koe net minder”. “Dat is fansels net wier” sa spruts Ype. “It hie noch minder kinnen, wy binne hjir alles wei kommen mei in heale punt!”
“Folkert hast de sinnebril by dy, dy hast wol nedich oars wurdst mooglik ferbline troch it fluorisearjende fest fan dyn tsjinstanner” Ja dat wie ek wat. Ien fan de Strikers hie in frij wat giel fest oan en in hiel soad fan dy dammers fernuveren har dêr oer.”Hy is mooglik ien fan de giele hesjes”miende ien. En in oaren fûn it mear in marker, in fluorisearjende merkstift. Gelokkich kin de man dy’t sa fleurich yn de pronk wie wol tsjin in grapke, mar it waard de oare dammers ek wol dúdlik dat de Strikers yn in frijwat wrâldfrjemde mienskip bedarre wienen. Hoe dan ek it wie al mei al wol hiel gesellich.
En it damjen dan? Sil de lêzer him mooglik ôffreegje. No dat damjen gyng ek poerbêst. Sjoch de dammers Frysk Spul kinne alle kanten út en dêrom kinne se ek echt wol oer wat leven om har hinne. It poerbêste sloech foaral op it spul fan de de Strikers. De earste punt waard opeaske troch Paul Borghaerts en dêrnei reinde it suver punten foar de gasten. Nei in oardel oere stie it ien-seis. Noch in heal puntsje en de winst soe binnen wêze. En dat healtsje kaam. Bauke Bos pakte dat tsjin Gosse de Vries. Doe sieten der noch in pear spullen en dêr waarden ek noch twa grouwe punten út pakt. De einútslach: 3½ – 8½.
Doe moast der noch ôfsluten wurde, mar de foarsitter like poater te wêzen. Hy hie it mooglik krekt efkes wat te krap hân. Dêrom tochten guon al, dat er útpykt wie. Mar ynienen wie er wer paraat. Syn praatsje klonk tige ynnimmend, mar oer de einútslach hie er it net. Hy lokwinske de Strikers troch harren foarsitter de hân te jaan. De lêste hat doe mar de útslach bekend makke. De beker hoegde net oanbean te wurden, want dy stie noch yn de fitrine te pronkjen. Letter hearden wy fan minsken út it Swettehûs, dat dy beker op dy moandeitejûn let efkes stie te triljen en suver wat mear begûn te glimmen. Hoe is it mooglik net. De wûnders binne de wrâld noch net út en foar de Strikers hie it wol minder kinnen.
Utslach: Folkert groenveld – Jelle Wiersma 0 – 1; Siebe Walinga – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Pieter Hoogterp – Dicky van der Meer 0 – 1; Sjoerd Couperus – Willem Schaap 0 – 1; Rein Jan Walinga – Bauke Dykstra 1 – 0; Folkert Attema – Cor Kooistra 0 – 1; Johannes Hoekstra – Ype Boelens 0 – 1; Beke Haanstra – Sjoerd Huitema 0 – 1; Meike van der Meer – Bauke de Boer 0 – 1; Gosse de Vries – Bauke Bos ½ – ½; Jolke Groenveld – Paul Borghaerts 0 – 1; Durk Rypma – Tineke Teigeler 1 – 0. Nocht & Kriich – De Stadige Strikers 3½ – 8½;
Sûnt in skoft ha de Stadige Strikers twa jeugddammers, Hester en Hessel, femylje fan in ferneamde Stadige Striker en se begjinne it spultsje al aardich te learen. Hessel wie der dizze jûn net en Hester mocht it opnimme tsjin skriuwer Bauke Bos. Se kaam goed út de iepening en hie de kop der goed by en rekke in houtsje foar en dan is it saak om dit foar te bliuwen. Spitigernôch makke se yn it einspul in flaterke en moast Bos de hân jaan, mar kado krige hy dizze partij net, wat fansels hartstikke moai is. Ten earste is it it moaiste om de partij te winnen nei in moaie striid en ten twadde is it moai dat se har holle sa goed brûkt. Hooplik giet dizze jongfaam moai troch mei it Fryske damjen, want dy’t de jeugd hat hat de takomst. Har omke wie gau út want dy ferseach him al gau yn de iepening fan it spul tsjin Sjoerd Jan Bakker, dy’t der fansels gau ried mei wist. Ek Bauke de Boer wie rillegau út tsjin Dicky van der Meer, dat rûn healwei njoggenen wie der noch mar ien spul oan ‘e gong, nammentlik dat fan Tineke Teigeler en Sjoerd Huitema. Sjoerd hat de tiid meastal goed nedich, mar dat foel no wol ta, want rûn healwei tsjienen wie ek dit spul út yn it foardiel fan Huitema en wie dizze damjûn net sa lang foar de Strikers.
útslaggen:
Hester Boelens – Bauke Bos 0-1
Sjoerd Jan Bakker –Ype Boelens 1-0
Bauke de Boer – Dicky van der Meer 0-1
Tineke Teigeler – Sjoerd Huitema 0-1
Ferline wike waard te Frjentsjer it seisde Fryslân Open ferspile. Ferskate toppers út it hoeks damjen dienen ek mei sa as de mearfâldich wrâldkampioenen Alexander Georgiev en Alexander Shvartsman, Jean Marc Ndjofang en Hans Jansen. Wrâldkampioen Marten Walinga einige krekt foar Frysk kampioen Jelle Wiersma, Taeke Kooistra, Georgiev en de ferrassing Frederik Bos. De hoekse dammers melde har mear en mear by de top fan it Frysk spul. De fjouwer heechsten spilen it grutmastertoernooi en Wiersma moast yn in barraazje tsjin Georgiev opnimme om de titel. Wiersma hat wyt. 1. 31-26 19-24 2. 37-31 24-29 3. 39×19 13×24 4. 41-37 20-25 5. 46-41 14-20 18-23 better. 6. 34×14 4×24 7. 33-28 earst moat 31-27, no hie 16-21 kind. 7. …9-13 8. 31-27 24-30 9. 35×24 20×29 10. 28×30 25×34 11. 44×24 en Georgiev nimt de kombinaasje nei de daam
11. ..16-21 12. 27×16 17-21 13. 26×19 6×46 14. 24-20 13×24 15. 20×29 12-17 16. 40-35 17-22 17. 32×12 2×22 Mar rekket dy kwyt mei in skiif efter. 18. 41-36 46x28x30 19. 35×24 8-12
En sil efkes letter opjaan.
Yn de mastergroep gie it om priis en preemje tusken Fries om utens Auke Zijlstra fan Utert en Jan van Dijk.Nei 25. …11-16 helle Zijlstra út.
26.38-33! 36×20 27.30×10 5×14 28.25×5 Trije houten efter en nei 28. ..4-10 29.35-30 21-26 11.40-35 14-20 31.5×25 4-10 29.35-30 21-26 30.40-35 14-20 31.5×25 8-12 32.50-44 9-14 33.25×9 9-14 34.30-24 14×34 35.44×24 is de daam der wer ôf en lyk hout. Mar wyt kin sa nei de daam rinne.
Twa problemen fan Hiele Walinga
Nr.23 sw. 8, 9, 11, 16, 20, 24, 30, 31
wyt 18, 28, 40, 42, 43, 47
Nr.24 sw. 5, 8, 13, 16, 18, 19, 26, 28
wyt 15, 25, 35-37, 40, 41, 45, 47
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Boppesteande kop is foaral ornearre foar dy minsken dy op ’e hichte binne fan it damjen. Oaren soenen tinke kinne: Wie der dan wat mei Bauke Dykstra? Nee der wie neat mei Bauke, mar hy fertûfde wol hast de hiele wike te Frjentsjer. Dêr die er mei oan it Fryslân Iepen. In grut ynternasjonaal toernoai wêr’t de measte minsken gjin weet fan ha hoe’t dat yn inoar stekt. Bauke hat syn ferhaal dien. De oare twa Strikers, wêrûnder de winner fan it toernoai, wienen net op de klupjûn.
Bûten it damjen om belibbe Bauke ek it ien en oar. De Strikers wienen yn elts gefal bliid, dat er noch sa libben as in fisk by harren siet. Hy hie moaie spullen spile ek tsjin de bûtenlanners. No moast er it wer opnimme tsjin in Striker, te witten Willem Schaap. No dan moatte jo op jins iepenst wêze om dy der ûnder te krijen. Sa as it al sa faak bard is: Willem wûn mei in moaie slach. It hie foar Dykstra fansels hûndert kear oars kinnen, mar ja it gong sa as it gong.
Yn de partij tusken Ype Boelens en Sjoerd Huitema gong it hiel oars. Gjin grutte slaggen, mar ek gjin rare blunders, nee de mannen holden harren sels moai yn lykwicht. Op ’e klok wie dat lykwicht fier te sykjen. Ype spile sa’n bytsje op de automatyske piloat en Sjoerd moast oer alle setten goed neitinke. Dat hie fan gefogen dat Ype noch in oere op it oerwurk hie en Sjoerd noch mar tolve minuten. En de partij wie noch lang net út. Yn de lêste tweintich sekonden makke Sjoerd der kamp fan, wylst er yn in winnende posysje stie. Mar ja de winst soe noch hiel wat tiid kostje en dat wie der net. Dus dan mar kamp. Dêr fertsjinnet Sjoerd in hiele punt mei en Ype in healen. Der moat ferskil bliuwe.
Utslaggen: Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0; Sjoerd Huitema – Ype Boelens 1 – ½; Bauke Bos – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Bauke de Boer – Hennie de Haan 1 – 0; Tineke Teigeler – Cor Kooistra 0 – 1.
Yn de Korenbeurs wie in iepen publykstoernoai yn e spylfoarm FRYSK!, oftewol Frysk Damjen mei mar 5 skiven foar elke spiler. Njonken de wenstige prizen wiene yn dat toernoai in tal kwalifikaasjeplakken te winnen foar it Fjirde Wrâldkampioenskip FRYSK! ien dei letter. Foar dit toernoai wie der spesjaal in ploech jonge Italjaanske dammers oerkommen út Aosta ûnder lieding fan de entûsjaste damtrener Paolo Faleo, ien fan e grutte ambassadeurs fan it Frysk Damjen yn Itaalje.
Nei sân omlopen wiene Tsjerk Wijbenga en Foeke Tiemensma, beide út Fryslân, en Aleksej Domchev út Litouwen wis fan plak. Twa plakjes moast noch om damd wurde troch de Fryske Dicky van der Meer, Macodou Ndiaye út Senegal, Alexander Shvartsman út Ruslân en Paolo Faleo sels. Fjouwer nasjonaliteiten spilen meiinoar in barraazje! Omdat in oare spiler him weromluts, wie Dicky van der Meer op dat stuit ek al wis fan plak, en gong it noch tusken Ndiaye, Shvartsman en Faleo. Shvartsman luts nei noch in ekstra barraazjepartij spitigernôch oan e koartste ein.
foto: fjouwer nasjonaliteiten stride om plak yn WK: f.l.n.rj.: Van der Meer, Shvartsman, Faleo, Ndiaye
rjochtefrij te brûken mei fermelding WFD/Liuwe Westra
Wilens
waarden yn it histoaryske stedhûs de finales op master- en
grutmasternivo damd. Yn beide groepen wie plak foar fjouwer spilers. De
Rus Alexander Georgiev hie him pleatst by de grutmasters, mei Marten
Walinga, Teake Kooistra en Jelle Wiersma. De trije partijen waarden
spile op freedtejûn 1 maart en sneon oerdei 2 maart. Alle spullen wiene
dreech en deeglik, en de spilers moasten it hawwe fan it folhâlden fan
de konsintraasje. Dat slagge net altyd: troch flaters hellen Walinga en
Kooistra elk mar ien punt. Wiersma en Georgiev wiene dúdlik better yn
foarm. Yn harren ûnderlinge spul foel de beslissing by einsluten mar
troch it lytst mooglike ferskil: 1 tempo. Beide mannen hellen twa
punten, en moasten dus noch in kear om it kampioenskip. Ta elk syn
fernuvering rûn Georgiev doe yn in lokset: hy joech trije houten foar in
wolf, mar Wiersma koe dy foar twa wer weromwinne.
Yn
’e mastergroep sieten Jan van Dijk, Auke Zijlstra, Hans Jansen, alle
trije ynternasjonale spilers fan Nederlânsk en/of Frysk komôf, en Jean
Marc Ndjofang út Kameroen. Dy lêste liet it benammen yn e earste beide
omlopen sitte, mar spile in prachtich spul tsjin Hans Jansen yn e
tredde. Ek dat moast er lykwols nei hast 70 setten ferlieze. Auke
Zijlstra, fan komôf in Blessumer, wie net te bedamjen en wûn it
kampioenskip mei 2,5 punt.
foto: barraazje Georgiev (l) – Wiersma
rjochtefrij te brûken mei fermelding WFD/Marten Walinga
Einstân Kwalifikaasjetoernoai FRYSK!
1 Tsjerk Wijbenga 7 punten
2 Foeke Tiemensma 6
3 Aleksej Domchev 5,5
4-7 Dicky van der Meer, Macodou Ndiaye, Alexander Shvartsman, Paolo Faleo 5
8-10 Daria Tkachenko, Davide Zhou, Elia Cantatore 4,5
11-17 Fedde Kramer, Federico Giacosa, Patrick Casaril, Herre Klaas Ykema, Gatze Ykema, Francesco Zappia, Petra Duskova 4
18-20 Wiebren Ykema, Hans van Dijk, Renaud Braye 3,5
21-24 David Tamborin, Douwe Namminga, Andrea Peirano, David Riupassa 3
25 Sietze van Netten 1
26 Feike Wiegersma 0,5
Barraazje om de plakken 4-7
Ndiaye – Van der Meer 0-1
Faleo – Shvartsman 1-0
Shvartsman – Ndiaye kamp
Van der Meer – Faleo 0-1
Faleo – Ndiaye 1-0
Van der Meer – Shvartsman 1-0
4e plak : Faleo: 3 punten
5e plak: Van der Meer: 2 punten
Ndiaye en Shvartsman:0,5 punt
Twadde barraazje:
Shvartsman – Ndiaye 0-1
6e plak: Ndiaye
7e plak: Shvartsman
Pleatst foar it 4e WK FRYSK! op snein 3 maart 2019
út eardere kwalifikaasjetoernoaien: Teake Kooistra, Jelle Wiersma, Davide Zhou, Petra Duskova
út FO 2019 27 febr. – 1 mrt. 2019: Marten Walinga, Alexander Georgiev, Auke Zijlstra, Frederik Bos, Jean Marc Ndjofang, Hans Jansen, Dicky van der Meer
út Kwalifikaasje 2 maart 2019: Tsjerk Wijbenga, Foeke Tiemensma, Aleksej Domchev, Paolo Faleo, Macodou Ndiaye
Grutmasterfinale
1e omloop: Walinga – Georgiev 1-0
Wiersma- Kooistra 1-0
2e omloop: Kooistra – Walinga 1-0
Georgiev – Wiersma 1-0
3e omloop: Walinga – Wiersma 0-1
Kooistra – Georgiev 0-1
einstân grutmasters
Georgiev, Wiersma 2 punten
Walinga, Kooistra 1 punt
barraazje: Wiersma – Georgiev: 1-0
Masterfinale
1e omloop: Zijlstra – Ndjofang 1-0
Van Dijk – Jansen 1-0
2e omloop: Jansen – Zijlstra kamp
Ndjofang – Van Dijk 0-1
3e omloop: Zijlstra – Van Dijk 1-0
Jansen – Ndjofang 1-0
einstân masters
Zijlstra 2,5
Van Dijk 2
Jansen 1,5
Ndjofang 0