Moandeitejûn wienen der mar sân dammers dy’t akte de presâns jûgen. Mar wat wie it in alderaardichst moaie damjûn en dat siet hin fral ek yn de nije talinten dy’t harren melde. De beide Casteleinen hawwe niget oan it spul en dat is prachtich om mei te meitsjen. Gelokkich dochs noch twa echte
ynwenners fan Skearnegoutum dy’t it spultsje hieltiten better yn de macht
krije.
Jelle Wiersma soe it wol opnimme tsjin de beide Casteleinen. Wy witte dat
Hiele Walinga altiten tsjin legere dammers op de klup mei ien houtsje minder begûn. Op oanrieden fan Willem Schaap die jelle dat no ek. De heit en soan mochten der beide in houtsje fan de tsjinstannerfan it boerd pakke. Kees wist wol wat er it bêste pakke koe. It rúnhout pakte hy der ôf. Dan is fuortendaliks alle teory nei fan gychem. It wie trouwens opfallend hoe’t Kees him yn it spul fêstbiet. Jelle hat mooglik tocht: hy sil aanst wol ris in foutsje meitsje. Mar Kees makke gjin fout. Hy kroep fia de rjochterkant hielendal mei fjouwer houtsjes tsjin de list. En koe úteinlik ek noch trochbrekke nei daam. Om koart tr gean: Kees brânde deryn en fersloech Jelle.
Heit Jan brocht it sa fier net as syn soan, mar hy hie ien fan Jelle syn foarste
houtsjes pakt. Hy koe it dan ek net hâlde. Wa’t it ek net hâlde koe wie Cor
Kooistra. Hy moast syn meardere erkenne yn Ype Boelens. Nei wol in
gelykopgeande partij soarge Ype derfoar dat er troch goed striken hieltiten
better kaam te stean. Kooistra loerde op in setsje, mar dat mislearrre en doe koe er de hân wol jaan. Hennie de Haan koe it fansels net rêde tsjin Willem Schaap. Dat wie in foar de hân lizzende útslach. It is fansels gweldich dat Hennie der alle moandeitejûnen wer is.
Utslaggen:Jelle Wiersma – Jan Castelein 1 – 0; Jelle Wiersma – Kees Castelein 0 – 1; Hennie de Haan – Willem Schaap 0 – 1; Cor Kooistra – Ype Boelens 0 – 1.
(Tekst: C. Kooistra)
Ek ôfrûne moandeitejun bleau de teller fan it oantal dammers wer op acht stean. Dat betsjutte dus dat der fjouwer wienen dy’t ferstek gean lieten om ferskate legale redenen. Lykwols waard it in gesellige jûn. Wy koenen Jelle Wiersma lokwinskje mei it kampioenskip fan Sânfurd. Op dy damjûn yn it efterste ein fan Sânfurd ferskynde ek in dammer út Den Bos. Hy makke sa as alle dielnimmers in gesellige damjûn mei.
De winnende Stadige Strikers yn Sânfurd makken der yn Skearnegoutum ek wer wat moais fan mei in prachtich einspul. As wy it oer beide toppers hawwe dan bedoele wy dêr mei Jelle Wiersma en Willem Schaap. Fan Jelle wisten wy fansels al lang dat der yn him in toptalint skûl giet, mar ek Willem Schaap spilet net swak by. Beide toevje geregeld op ynternet wêrop’t se dan op in damside sitte wêr’t se it fryske spul spylje kinne en ek kinne se dêr prizen op winne.Mar op it gewoane damboerd mei houten houtsjes kinne se har ek mear as in gewoanenien rêde.
De beide hearen makken der dus in moaie partij fan en sa no en dan lieten se oan elkoar en dus ek oan de omstanners sjen wat der yn sitten hie as se dy of dat houtsje ferskood hienen. Moai om it te folgjen. En doe yn ienen offere Willem syn twa houtsjes op en ferhuze syn daam nei de oare lange hoeke. Alle houtsjes fan Jelle kamen sa’n bytsje op slach te stean op de daam nei. Sa kamp as wat. Foar de omstanners like it sa mar út de loft te fallen, mar Willem hie it in pear setten dêrfoar al yn ‘e holle.
Utslaggen: Tineke Teigeler – Bauke Bos 0 – 1; Ype Boelens – Hennie de Haan 1 – 0; Jelle Wiersma – Willem Schaap ½ – ½; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra 0 – 1.
As jo net mei sa’n soad dammers binne en der komme op in jûn sa as moandei lêstlyn nflouwer spilers net, dan sit der wol in hiel lyts groepke te damjen. Acht Stadige Strikers besochten om it punt of heale punt mei nei hûs te nimmen.
Wa dat as earste slagge, wie Jelle Wiersma. Hy fersloech mei in moaie flypflap foarsitter Cor Kooistra. De stân wie sadanich dat der wol muzyk yn siet. Foar Jelle wie dat feest en foar Cor treurmuzyk. Sa treurich wie dat no ek net wer, want it spul stie midden op it boerd. It like sa dat it alle kanten útgean koe. Jelle wist krekt de foar him foardielige kant te pakken.
De partij tusken Hennie de Haan en Sjoerd Jan Bakker gie moai gelyk op. Nei it middenspul wist Hennie it net mear en die in ferkearde streek. Dat wie ek fuort de ein fan it lietsje.
Dicky van der Meer en Bauke Bos dienen langer oer de partij. Doe’t Dicky mei in moai slachje in houtsje foar kaam, wie it eins gebeurd mei de man út Sint Nyk. Hy joech it no net fuortendaliks oer, mar mei ien hout efter hied er eins gjin kâns mear.De partij fan de jûn waard spile troch Willem Schaap en Ype Boelens. Der like sa op it earste each sa healwei de partij net folle fan te sizzen wa’t der as oerwinner út de striid komme soe. Mooglik hie Ype it gefaar fan trochbrekken nei de daamline troch Willem wat te let yn de smizen. Hoewol der moat sein wurde dat Schaap wol fakkundich te wurk gie. Doe’t hy dy wolf hie koe Ype de bakker en de slachter wol ôfsizze.
Utslaggen: Dicky – Bauke Bos 1 – 0; Hennie de Haan – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Ype Boelens – Willem Schaap 0 – 1; Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1.
(Tekst: C. Kooistra)
Dat de jongeman, de jongste fan de Stadige Strikers, de daam ek fuortendaliks wer kwyt wie, docht fierders net ter sake: hy hie in daam hân. Hy hie der fierders neat oan, mar it feit fan it hawwen fan sa’n wolf die him goed. Fierders wienen der moandeitejûn njoggen fan de tolve dammers oanwêzich. De trije dy’t der net wienen, hienen dêrfoar goeie redenen.
Dicky van der Meer spile tsjin de beide Casteleinen. De soan dy’t anonym al efkes oanhelle waard yn de earste alinea koe it lang net hâlde, mar syn heit liet him net sa mar fan it boerd reagje. No is Dicky fansels in haadklasse spiler en Jan Castelein ien út de tredde klasse. Dan kin men fan tinken wol ha hoe’t soks ôfrinne sil. Dicky gie mei twa punten werom nei Terherne.
De beide bestjoersleden Bauke Bos en Ype Boelens spilen sa op it earste each wol in spannende partij. Doch soe dat net lang sa bliuwe. Ype helle der in moaie flypflap út en Bauke koe him wol ynpakke. Hy liet him trouwens net fuortendaliks ynpakke. Hy besocht der noch út te heljen wat der noch yn siet, mar dat wie net folle en hy moast him mar deljaan ûnder it ferlies.
Ynienen hearden wy it nochal hurd slaan fan in houtsje dat oer de fijânlike houtsjes sprong. Dejinge dy’t dat houtsje bestjoerde wie Tineke Teigeler. Sy makke in ein oan de partij tsjin Hennie de Haan.
De twa âld Hartwerters sieten tsjinoer elkoar: Bauke Dykstra en Cor Kooistra. De partij gyng wol hiel apart útein. Kooistra spile mei wyt tsjin alle regels yn, mar wol earlik, lit dêr gjin misferstân oer bestean. It waard dus in stân dy’t men net sa faak sjocht. Kooistra skode de rún en houtsje 49 fan de daam. Dykstra besocht om yn dy stân om te rammeljen. Hy miende dat er de slach wist, mar kaam nei it striken der achter dat it net koe. Kooistra spile ek net sa goed: hy sloech mar ien, wylst er twa pakke koe. Dochs betearde it foar him noch tige posityf en wûn fan syn âld doarpsgenoat.
Utslaggen: Jan Castelein – Dicky van der Meer 0 – 1; Dicky van der Meer – Kees Castelein 1 – 0; Bauke Bos – Ype Boelens 0 – 1; Cor Kooistra – Bauke Dykstra 1 – 0; Tineke Teigeler – Hennie de Haan 1 – 0.
(C. Kooistra)
Yn de lêste omloop fan it Wrâldkampioenskip Frysk Damjen hiene Jelle Wiersma (3 p. ), Marten Walinga (2,5 p.) en Teake Kooistra (2,5 p.) alle trije noch kâns op ’e titel. Dat feroare nei de earste partij. Walinga wûn fan Ties Slagter (0 p.) en kaam dêrmei op 3,5 p. Dat hie nammers noch wol oars komme kind, want op ’e 27ste set seagen hy en syn tsjinstanner seagen kombinaasje oer de holle, dêr’t Slagter yn ien kear de aspiraasjes fan Walinga de grûn mei ynboarje kinnen hie. Tagelyk koe Wiersma tsjin Kooistra net fierder komme as kamp. Hy stie ferskate kearen neffens de analyze better, mar it slagge him net om it paad nei de winst te forsearjen. Dêrmei hong alles ôf fan ’e lêste twa partijen.
Hoewol ‘t it Kooistra en Wiersma oan te sjen wie, dat se it uterste fan har krêften jûn hiene en alles besocht hiene om te winnen, moasten se nei de lunch wer foarinoar oer plaknimme. Op ’en nij waard it in tige drege partij fan mear as trije oeren. Underwilens slagge Walinga oan syn twadde winstpunt tsjin Slagter. Dy lêste hâldt sûnder mis in ûnthjit yn foar de takomst, mar hy miste no noch krekt tefolle de rûtine yn it Frysk damspul. Hy hold it spul yn lykwicht oant en mei de 32ste set, mar fûn by einsluten yn Walinga syn master thús. Underwilens wrotten Kooistra en Wiersma fierder. Op in stuit joech de kompjûter op ‘en nij in foardiel oan foar Wiersma op set 34, mar de stelling wie kompleks en der waard gjin winnende fuortsetting fûn. De twa moarden noch 17 setten fierder, mar by eintsjebeslút einige de partij yn kamp. Dêrmei waard Walinga foar de tredde kear wrâldkampioen Frysk damjen.
De moarns wie op de Willem Barentszwerf it lêste njonkenevenemint: it earste ynternasjonale toernoai Maleisk damjen. Dizze foarm fan it damspul is allinnich yn in 19de-iuwsk manuskript oerlevere, mar wurdt de lêste tiid wer sporadysk beoefene. Dizze kear die bliken dat it Fryske team it sterkste wie, folge troch in ynternasjonaal gearstald team. De Poal Kosobudzki wie de sterkste yndividuele spiler.
De winner waard huldige en de dielnimmers waarden tasprutsen troch boargemaster Ina Sjerps. Hja beneamde de histoaryske bân tusken Frysk Damjen en Harns en spruts de oprjochte winsk út, dat yn ’e takomst spilers út alle kriten fan ’e wrâld ûnbehindere nei de Fryske havenstêd komme kinne om dizze unike titel op te easkjen.
Freed 23 maart like Jelle Wiersma syn oerwinningstocht troch te setten mei in fraaie oerwinning tsjin Marten Walinga. De lêste hie it oer in ‘ toppartij ‘ fan syn tsjinstanner. Yn de twadde omloop smiet er it dan ek oer in oare boech en befrissele in fyn ynleine kombinaasje yn de stelling. Wiersma trape yn de fâle en waard mei spektakulêr slachwurk fan it boerd fage.
Oan it oare boerd foel it foar Ties Slagter net ta. Hy beoefenet it Fryske spul noch mar 5 jier. Yn dy tiid is er in bjusterbaarlik sterke tsjinstanner wurden, mar oan spilers mei in libbenslange ûnderfining lykas de oare trije finalisten hat er meastal noch klauwen. Ek no ferlear er wer, nei dreech krewearjen, stadichoan beide partijen.
Dat betsjut dat Jelle Wiersma (3 punten) en Marten Walinga en Teake Kooistra (beide 2 punten) sneon 24 augustus útfjochtsje moatte, wa ‘t de nije wrâldkampioen wurde sil. Walinga spilet twa partijen tsjin Slagter, en Wiersma twa tsjin Kooistra. In útslach mei trije spilers dy ‘t like heech einigje, is dêrmei útsletten. Wol is it mooglik dat twa spilers like heech einigje. Yn dat gefal wurdt der noch in barraazje spile mei de helte fan de tinktiid. As de wrâldkampioen bekend is, sil dy de wikselpriis en de keningskrânse ûntfange út hannen fan ’e boargemaster fan Harns, Ina Sjerps.
Foarôfgeand oan de beide omlopen fan hjoed waarden de finalisten en oare dammers wolkom hjitten troch deputearre Abel Kooistra fan de provinsje Fryslân. Hy lei de klam op it bysûndere belang fan dizze unike tinksport foar it gehiel fan de Fryske kultuer.
Hjoed sleat ek de tredde partnerorganisaasje him oan by de Stifting WFD, de organisator fan it wrâldkampioenskip Frysk Damjen. It gie, nei earder de Tsjechyske Dambond en de Feriening foar Damsport yn it Italiaanske Aosta om de Grinzer klup Fries yn Grunn. Mei it partnerskip nimt de klup op him, om op syn minst ien kear yn it jier in offisjele wedstriid te organisearjen dy ‘t diel útmakket fan de wedstriidsyklus fan de Stifting WFD.
Under de beide omgongen waarden der op de Barentszwerf teamwedstriden spile yn de farianten Italiaansk en Ynternasjonaal (Hollânsk ). Net ferwûnderlik wûn it Italiaanske team de earste wedstriid, mei in ynternasjonaal gearstald team as twadde. De ‘ Hollânske ’ wedstriid waard wûn troch it ynternasjonale team, mei de Italianen as twadde.
De eerste dag van de finale in Harlingen suggereerde duidelijke een bepaalde afloop. Ties Slagter, die erg goed had gespeeld in de voorrondes en de barrages, kon geen manier vinden om te winnen van Jelle Wiersma. Wiersma leek de eerste partij gemakkelijk te winnen en besliste de tweede met een fraaie combinatie, om aldus twee punten te pakken.
Marten Walinga en Teake Kooistra hadden elkaar al ontmoet in de tweede ronde van het kwalificatietoernooi, waar Walinga had gewonnen. Dit keer wist Kooistra remise te houden in de eerste ronde, maar moest in de tweede ronde in het stof bijten omdat Walinga langzaam maar zeker een betere eindstand opbouwde.
Stand: Wiersma 2 punten, Walinga 1,5 punt, Kooistra 0,5 punt, Slagter 0 punten. De derde en vierde ronde worden gespeeld op vrijdag 22 augustus.
Terwijl de finales in het stadhuis werden gespeeld, speelden 4 internationale teams van ieder 5 spelers een toernooi FRYSK! (Fries dammen met slechts 5 stukken per speler). Het Friese team won met 21,5 punten uit 8 ronden; het gecombineerde Pools-Litouws-Tsjechisch-Nederlands-Friese team werd tweede na een play-off tegen een ander internationaal team onder leiding van de Canadese Alix Bouffard (beide 21 punten; play-off 3,5-1,5).
De beste individuele spelers waren Lukasz Kosobudzki (6 punten) en Folkert Groenveld (5,5 punten).
Moandeitejûn 19 en tiisdei 20 augustus wie de spanning om te snijen yn de riedseal fan it Harnzer stedhûs. Jelle Wiersma hie him al fersekere fan in finaleplak. Teake Kooistra moast it noch tsjin him opnimme, en hy wûn troch in feninich slachsetsje. Dêrmei wiene der al twa finalisten. Mar wa soene de oare beiden wurde? Yn teory wiene der mar leafst 8 kânshawwers, mar it tal belytse hurd. Lukasz Kosobudzki en Folkert Groenveld waarden útskeakele troch resp. Marten Walinga en Fedde Kramer, en dy twa makken no in goede kâns mei harren 4,5 punt. Spilers dy’t net fierder komme koene as 4 wiene no ek útskeakele. Mar Ties Slagter koe noch gelyk komme mei Kramer en Walinga, en hoegde dêrfoar allinnich de jongfeint Siward Walinga (0 punten) te ferslaan. Mar rûn net sa glêd fan ’e tried. Walinga jr. boude in hiel deeglik spul op, en fan it lette middenspul ôf wikselen de kânsen geduerich. Beide lieten se geregeld in fuortsetting nei winst lizze, en by einsluten like it spul op kamp út te rinnen. Mar Siward Walinga moast dan wol in lestich te finen offer spylje, folge troch in plakker, en dat die bliken tefolle te wêzen. Op it lêst rekken syn setten op en wûn Ties Slagter de partij.
Dêrmei wiene der fiif kandidaten foar de finale, dêr’t noch ien fan ôffalle moast. Dêrta spilen Marten Walinga, Ties Slagter en Fedde Kramer tiisdei 20 augustus in barraazje, hieltyd mei de helte fan de normale tinktiid, mar altyd noch goed foar twa oeren de partij. Yn de earste partij besocht Slagter definsyf te spyljen tsjin Walinga, mar hy krige in lestich gambyt foarset: in skiif foardiel yn in lestige stelling. It slagge him net om dêrút te kommen, en de ien fan it liet wie, hy waard fan it boerd reage.
Slagter hie lykwols gelok tsjin Kramer. Yn it middenspul seach dy de mooglikheid fan in skitterjende kombinaasje, mar doe’t er dizze útfiere soe, seach er ien detail oer de holle. Dat koste him in stikmannich skiven en frij rap dêrnei de partij.
Om noch hieltyd kâns te meitsjen moast Kramer no wol winne fan Walinga, mar dat foel net ta. Yn in op himsels lykwichtich ferrinnend spul seach er te let, dat syn linkerkant opsletten waard troch in minderheid fan syn tsjinstanner. Hy koe no kieze tusken domwei skiven jaan sûnder kompensaasje of in winnende kombinaasje tastean. Hy die it lêste, en sa sloech Walinga himsels oertsjûgjend yn de pûl foar de finale.
De finalisten binne dus: Jelle Wiersma, Teake Kooistra, Marten Walinga, Ties Slagter. Hja moatte elk twa kear tsjin alle oaren spylje. De earste partijen begjinne woansdei 21 augustus om 10 oere.
Einstân foaromlopen:
1-2 Jelle Wiersma, Taeke Kooistra (5,5 p.)
3-4 Marten Walinga, Ties Slagter (4,5 p.)
5 Fedde Kramer (4,5 p.)
6-9 Folkert Groenveld, Willem Schaap, Lukasz Kosobudzki, Hein de Vries (4 p.)
10 Petra Dusková (3,5 p.)
11-12 Dicky van der Meer, Auke Zijlstra (3 p.)
13-14 Porter Richardson, Aleksej Domcev (2,5 p.)
15 Malte Schulz (1 p.)
16 Siward Walinga (0 p.)
Taeke Kooistra – Marten Walinga
Ties Slagter – Jelle Wiersma
Marten Walinga – Taeke Kooistra
Jelle Wiersma – Ties Slagter
Om 10.15 oere is der op ’e Bartentszwerf in iepen publykstoernoai foar elk dy’t wol yn ’e fariant FRYSK!: Frysk Damjen mei 5 skiven de spiler.
Sneintemiddei 18 augustus seach dramatyske ûntwikkelingen yn ’e top fan it klassemint fan it tredde offisjele Wrâldkampioenskip Frysk Damjen te Harns. De Grinslanner Fedde Kramer, dy’t oant dan ta hieltyd ferrast hie mei syn sterk spul, fergriemde de partij tsjin Ties Slagter út Den Bosch. Dy krige dêrmei in dield twadde plak, wylst Kramer ôfsakke nei njoggende posysje. Jelle Wiersma konsolidearre syn plak oan ’e top en stjoerde Folkert Groenveld werom nei it sechsde plak. Willem Schaap en Auke Zijlstra waarden ek fan it boerd skood en seagen harren kânsen op in finaleplak ferdampen troch oerwinningen fan Teake Kooistra en de Poal Łukasz Kosobudki. Dêrfaroer spilen de jonge dielnimmers bjusterbaarlike sterk. Porter Richardson (15 jier) wist sels te winnen fan Tsjechysk kampioen Petra Dušková. Malte Schulz (17) makke it Dicky van der Meer lang dreech en hie op in gegeven stuit sels de winst pakke kinnen. Ek Siward Walinga (18) hold lang stân tsjin Litousk kampioen Aleksej Domčev, hoewol ‘t er úteinlik yn it sân bite moast.
Stân nei omloop 5
Jelle Wiersma 4,5 p.
Marten Walinga, Ties Slagter, Taeke Kooistra 3,5 p.
Willem Schaap, Folkert Groenveld, Łukasz Kosobudzki, Petra Dušková 3 p.
Fedde Kramer, Dicky van der Meer 2,5 p.
Hein de Vries, Auke Zijlstra 2 p.
Aleksej Domčev, Porter Richardson 1,5 p.
Malte Schulz 1 p.
Siward Walinga 0 p.
Alles mei alles hiene oan it begjin fan ’e fjirde spyldei noch 12 fan ’e 16 spilers teoretysk kâns op in plak yn ’e finale. Nei ôfrin fan de sechsde omloop wiene dat noch 10. Marten Walinga fersinde him en holp dêrtroch Jelle Wiersma oan in foarriedich totaal fan 4,5 punt. Wiersma stiet no ien punt foar op Taeke Kooistra, dy’t Ties Slagter stadichoan mar wis yn ’e skjirre nimme koe. Sy wurde op ‘e foet folge troch Kosobudzki en Groenveld. De Poal Kosobudzki fersloech Willem Schaap mei in fraaie kombinaasje, nota bene yn in spultype dêr ‘t Schaap goed yn thús is, en Groenveld wûn fan Dušková. Porter Richardson, de jongste dielnimmer, liet freon en fijân fersteld stean troch Auke Zijlstra mei goed spul, ôfsletten mei fraai slachwurk, fan it boerd te reagjen.
Stân nei omloop 6
Jelle Wiersma 5,5 p.
Taeke Kooistra 4,5 p.
Folkert Groenveld, Łukasz Kosobudzki 4 p.
Marten Walinga, Ties Slagter, Fedde Kramer 3,5 p.
Willem Schaap, Petra Dušková 3 p.
Dicky van der Meer, Porter Richardson, Aleksej Domčev 2,5 p.
Hein de Vries, Auke Zijlstra 2 p.
Malte Schulz 1 p.
Siward Walinga 0 p.
Pairing omloop 7
Jelle Wiersma – Taeke Kooistra
Marten Walinga – Łukasz Kosobudzki
Folkert Groenveld – Fedde Kramer
Ties Slagter – Siward Walinga
Hein de Vries – Aleksej Domchev
Dicky van der Meer – Petra Dušková
Porter Richardson – Willem Schaap
Malte Schulz – Auke Zijlstra
Juster, yn omloop 3, wist Willem Schaap út ‘e middenmoat te profitearjen fan in te aventoerlike set fan syn tsjinstanner Marten Walinga, om dêrnei de lieding te nimmen. Hjoed, yn omloop 4, ferlear er dy posysje troch sels in riskante set te spyljen. Syn tsjinstanner, Jelle Wiersma, fierde fuortendaliks de druk op en twong syn tsjinstanner om yn in kwetsbere posysje, dêr’t er in soarchfâldich tarette djippe kombinaasje yn útfiere koe. Nei wat tsjinakseljen woe Willem Schaap it wol leauwe.
Mar der folge noch mear moais yn dizze omloop. Dicky van der Meer (spyljend tsjin ien fan de favoriten, Teake Kooistra) miste in prachtige winnende kombinaasje, dy’t tafallich ek de iennige spylbere set wie. Foar in ferbjustere publyk broazele syn stelling stadichoan ôf. Fedde Kramer en Hein de Vries spilen dêrfoaroer in folslein lykweardige partij, dêr’t net ien fan beiden in flater yn makke, oant Hein de Vries tocht dat er feilich in kombinaasje nei daam tariede koe. Fedde Kramer brocht lykwols in ûnferwachts offer en naam syn tsjinstanner dêrnei yn in izeren greep dêr ‘t gjin ûntsnappen út mooglik wie. Op deselde wize makke Folkert Groenveld in perfekte kombinaasje klear en fierde dy út tsjin Lukasz Kosobudzki. Mei Ties Slagter en Marten Walinga op kamp, Auke Zijlstra dy’t Aleksej Domchev fersloech en Petra Duskova dy’t Malte Schulz fersloech, binne der mar leafst tsien spilers dy’t Jelle Wiersma op ‘e hakken sitte, dy’t foar de ein fan de dei noch weromsmiten wurde kin nei it fiifde plak.
Utslaggen omloop 4
Wiersma – Schaap 1 -0
Marten Walinga – Ties Slagter kamp
Groenveld – Kosobudzki 1 -0
Kramer – De Vries 1 -0
Kooistra – Van der Meer 1 -0
Schulz – Duková 0 -1
Zijlstra – Domchev 1 -0
Richardson – Walinga 1 -0
Stân nei omloop 4
Jelle Wiersma 3,5 p.
Willem Schaap, Folkert Groenveld 3 p.
Marten Walinga, Taeke Kooistra, Fedde Kramer, Ties Slagter 2,5 p.
Hein de Vries, Lukasz Kosobudzki, Petra Dusková, Auke Zijlstra 2 p.
Dicky van der Meer, Porter Richardson 1,5 p.
Malte Schulz 1 p.
Aleksej Domchev 0,5 p.
Siward Walinga 0 p.