Categorie archief Nijs

doorfriesdammen

Frysk Damjen no ek spile yn Ierlân

Moarn, moandei 30 desimber 2024, fynt foar de achtste kear it Nederlânsk Kampioenskip FRYSK! plak yn Harns, op Tallship Atlantis, efter restaurant it Havenmantsje. 

FRYSK! is de ynstap-fariant fan it alâlde Frysk Damjen, ien fan de meast komplekse tinksporten fan de wrâld. FRYSK! is ûntwikkele mei stipe fan de provinsje Fryslân om it Frysk Damjen tagonklik te meitsjen foar nije spilers. Mei FRYSK! wurdt der spile mei mar 5 skiven de spiler. De iepeningsteory wurdt sa oerslein, en itselde jildt foar it yngewikkelde middenspul. Likegoed hâldt it einspul dat oerbliuwt noch altyd it folsleine raffinemint fan it Frysk Damjen. 

It 9de NK FRYSK! is wer in iepen toernoai, wat betsjut dat elkenien meidwaan kin, mar dat allinnich spilers yn it besit fan de Nederlânske nasjonaliteit de titel ‘Nederlânsk Kampioen FRYSK!’ winne kinne. 

De Nederlânsk Kampioen FRYSK! is automatysk kwalifisearre foar it 8ste Wrâldkampioenskip FRYSK!, te hâlden op snein 23 febrewaris 2025 yn Frjentsjer. 

De Nederlânsk kampioen sil him dan mjitte moatte mei ûnder oaren de Tsjechysk kampioen en de Italiaansk Kampioen. Yn Tsjechië en Italië wurdt de Fryske damsport al sûnt tsien jier omearme, en de lannen leverje sterke spilers. 

Frysk Damjen wurdt dêrneist yn wedstrydferbân beoefene yn Ruslân en Wyt-Ruslân, en troch yndividuele spilers yn België, de Feriene Steaten, de Oekraïne, Kanada en de Dominikaanske Republyk. 

Tige ynkoarten komt dêr Ierlân by. It Frysk damfjoer is dêr oanstutsen troch Paolo Faleo fan de feriening DamAosta (yn Val d ’Aoste, yn it uterste noardwesten fan Italië). Paolo Faleo is in earsten ambassadeur fan it Fryske damjen, dy’t it spul al op tal fan oare plakken yn Italië yntrodusearre hat. 

In útwikseling mei de suksesfolle damklup fan it Ierske Carlow wie de oanlieding om it Frysk Damjen ek dêr te organisearjen. Yn augustus 2025 sil der dan ek foar it earst in offisjele wedstryd Frysk damjen yn Ierlân hâlden wurde, mei sawol Italiaanske as Ierske dielnimmers. 

De komst fan Ierske spilers nei Fryslân is no noch in kwestje fan tiid! 

Foar mear ynformaasje: 

Liuwe Westra, 06 -30837586, liuwe.westra@mensa.nl
Marten Walinga, 06 -34561133, martenwalinga@hotmail.com

doorfriesdammen

In jûn mei in fûle striid

Fannejûn wie der in gastdammer. Aldegeaster Rein Jan Walinga moast it opnimme tsjin Stadige Striker Bauke Bos foar de ferliezersronde fan de Fryslân Kup. Oer dizze partij aanst mear, mar de waarnimmend stikjeskriuwer hie troch syneigen partij eins gjin tiid om by de oare partijen te sjen, mar útspraken wiene der genôch sadat er wol in aardich byld krijekoe fan de oare spullen.

Willem Schaap joech Jan Castelein in kadootsje troch him gelyk in houtsje cadeau te jaan en fansels pakte Jan de rún der ôf, wêrtroch Willem it aardich dreech hie. Der waard al praat oer in linkmigelset (wierskynlik in nij wurdyn de damwrâld), mar dochs luts Willem oan it langste ein en troch in moaie daamslach wûn er de partij, Jelle Wiersma wûnsyn beide simultaanpartijen. Bauke Dijkstra ferseach him en Ype Boelens sloech ferkeard. Sjoerd Jan Bakker miende al dat it net goed kaam mei him tsjin Dicky van der Meer, mar al gaudie bliken dat dit wol mei foel want beide mannen makken gjin inkeld foutsje en sadwaande waard de partij kamp.

De langste partij wie dy fan de beide kupers, Bauke Bos en Rein Jan Walinga. Bauke like der wat better op te stean, mar Rein Jan struts hieltyd de goeie set en Bauke koe der dus neat mei en ek hy struts sa’t er dwaan moast en sadwaande waard de partij ek kamp. Omdat der dochs in útslach wêze moast, spilende mannen fiif tsjin fiif mei tsien minuten op ‘e klok en ek dit waard kamp. Doe noch mar in partij mar no mei in oare kleur. Bauke makken in foutsje yn de iepening en ferlear sa de partij, wêrmei Rein Jan troch giet nei de folgjende ronde fan de kup.

Utslaggen: Dicky van der Meer- Sjoerd Jan Bakker ½-½; Ype Boelens- Jelle Wiersma 0-1; Jelle Wiersma-Bauke Dijkstra 1-0; Jan Castelein-Willem Schaap 0-1; Fryslân Kup: Rein Jan Walinga-Bauke Bos ½-½, ½-½, 1-0

(B. BOS)

doorfriesdammen

Dochs wat mear dammers op sneontemiddei as op freedtejûn ferline jier.

It is fansels tsjintwurdich in toer om op inpriisdammerij in respektabel oantal dammers efter de buorden te krijen. De Staduge Strikersfan Skearnegoutum dienen it dit jier wat oars en organisearren in stryk-ta partij op sneontemiddei.En hawar der wienen yn elts gefal op dizze middei mear dammers as op in freedtejûn. Tweintich dammers yn totaal.

De earste oanwêzigen kamen fan fier. Malche Schulz út Hamburg en Ties Slachter út Den Bosch. Dêrnei rûgelen de dammers sa’n bytsje dripsgewiis It Swettehûs yn. Der waard op in tige fredige en sportive wize spile. Om fuort 1 oere iepene de foarsitter it toernoai troch der op te wizen dat it “event”sponsere waard troch twa Stadige Strikers: Jelle Wiersma mei Wiersma Adm. en Fisc. dienstverlening en Dicky van der Meer mei Meer personeelsdiensten.

Doe gie de wedstriid al gau los en dat gie de hiele middei as it slydjage. Foar as jo it wisten waard der al oan de tredde en lêste omloop  begûn. Ek yn dat lêste treffen  waard it dúdlik dat de dammers it hiel moai dien hienen en dat de útslaggen sûnder grutte berekkeningen ta it einresultaat laat hienen.

Utslaggen: Eareklasse I: 1 Folkert Groenveld 2 Taeke Kooistra. EK II: 1 Hein de Vries 2 Willem Schaap. EK III: 1 Hidde de Vries  2 Liuwe Westra. Haadklsse B: 1 Bauke Dykstra 2 Willem Hoekstra. Twadde klasse 1 Tineke Teigeler 2 Bauke Bos.

(C. KOOISTRA)

doorfriesdammen

Damtoernoai 4-1-2025 te Hartwert

Damklup Hartwert e.o. organisearet op 4 jannewaris 2025 hun jierlikse nijjier damtoernoai. Sa as gewoanlik wurd der yn Hartwert in âlderwetske partij spile: oardel oere op’e klok.

It toernoai begjint om 10:00 oere yn “It Terphûs” te Hartwert. Opjaan by Sjoerd Kooistra (foar sneon 4 jannewaris, 9 oere) fia e-mail: damclubhartwert@live.nl

Krekt as oare jierren wurd der wer soarge foar moaie prizen. Yn eltse groep binne der twa prizen.

Oant sjen op 4 jannewaris!

Damklup Hartwert e.o

doorfriesdammen

De beide froulju parte it punt: kamp

Dizze jûn waarden der allinne mar kompetysje partijen ferspile. En dêr wie ek genôch oan te belibjen. Net allinne foar de betreffende spilers, mar ek foar dyjingen dy’t it noch sa’n bytsje folgen. Ien ding wie yn elts gefal wol wer aardich: de beide froulju spilen yn in ûnderling treffen kamp.

De partij tusken Willem Schaap en Sjoerd Jan Bakker like ek wol sa’n bytsje op kamp út te draaien. Dochs tocht Schaap dêr oars oer en soarge der foar dat er fan in gelikense stân yn besetting sa mar ynienen twa houtsjes foar stûn. Dy twa houtsjes foar koe er dêrnei moai brûke om Bakker syn ienige pronkje, in moaie swarte daam te eliminearjen.

Hoe’t dy Dicky van der Meer sa mar in daam krige tsjin Bauke Dykstra is de stikjesskriuwer ûntgien. Mar ynienen stie dy wite daam dêr te glimmen mei in hâlding fan: Wa docht my wat. Bauke Dykstra mei in fracht oan damûnderfining hie net in antwurd op dy daam. Sa koe Dicky bliuwend druk hâlde op it spul fan syn tsjinstanner. Bauke hie ek wol yn de gaten dat der foar him gjin salve mear oan te striken wie. Hy seach it noch in hiel skoft oan, tsjin better witten yn en joech doe de hân.

De lêste tiid is it meastal sa dat Hennie de Haan yn it gefjocht tsjin Tineke Teigeler de ûnderlizzende partij is. Al in pear wedstriden sloech Tineke dan foar master op. Moandeitejûn gyng it oars. It spul bleau aardich yn lykwiccht en it bleau yn lykwicht. It wie wol te sjen wa’t dêr it measte fan geniete. Dat wie de âldste fan de twa. Dat seit in net ynwijde lêzer fan de stikjes fan de Stadige Strikers fansels net folle, mar dat wie Hennie.

Utslaggen: Ype Boelens – Bauke Bos 1 – 0: Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Dicky van der Meer – Bauke Dykstra 1 – 0; Tineke Teigeler – Hennie de Haan ½ – ½; Jan Castelein – Cor Kooistra 0 – 1.

(C. KOOISTRA)

doorfriesdammen

Stryk – ta damtoernoai Frysk spul

Op sneontemiddei 21 desimber yn it Swettehûs te Skearnegoutum oanfang 1 oere (13.00)

Prizen: hearlike oranjekoeken

De partij wurdt sponsere troch Jelle Wiersma: Wiersma Adm. en Fisc. dienstverlening en Dicky van der Meer: Meer personeelsdiensten.

30 minuten en 10 sekonden de set op ’e klok kom allegearre ek net leden!!!

Opjaan: Ype Boelens Til:0518 451795 of eamel: twilling@kpnplanet.nl

Op freedtejûn 20 – 12 tusken 19.00 en 21.30

Bestjoer “De Stadige Strikers”

doorfriesdammen

In prachtige Kup-partij by de Strikers.

Yn de partijen foar de Fryslân Kup wurdt ornaris krekt wat mear striid bean as yn gewoane kompetysjespullen. Dat seagen de Strikers moandeitejûn ek wer. By de Stadige Strikers wie Hein de Vries fan de Hartwerter klup oanskood. Hy moast it opnimme tsjin Dicky van der Meer.

Njonken it damgeweld foar de Kup waard der ek in hiele moaie partij spile
tusken Bauke Dykstra en Willem Schaap. De beide hearen makken der in
prachtige partij fan en it like frij gelyk op te gean, mar yn it middenspul hie
Willem de kâns om in houtsje ta daam te promofearjen. Dat stelde er noch in pear streken út en doe sloech er ta. Foar Bauke wie doe de lol der ôf. In
fatsoenlike en goeie set koe er net mear fine. Hy koe net oars om him oer te
jaan.

Jan Castelein joech himsels ek net sa mar fuort. Nee der waard hiel goed
damme troch Jan en syn tsjinstanner Ype Boelens. Op it lêst wûn Ype omt er in set mear hie as Jan. Op ‘e set ôf wûn, sizze wy dan. Ek wie der sa’n partij tusken Sjoerd Jan Bakker en Bauke Bos. De lêste begûn sterk oan syn wurk en it like der suver wol op dat it kamp wurde soe. Mar dêr wie Bakker it net mei iens en hy wûn ek omdat er krekt in set te gau by de daam wie. Te gau foar Bauke wol te ferstean.

Hennie de Haan begûn sa moai útein tsjin Cor Kooistra en doe ynienen die se in ôfruil nei de midden. Dat is oan de ein fan in spul faak in goeie fuortsetting, mar no wie dat te betiid. Nei in pear streken wie det foar har gjin kearen mear oan.

En dan de Kup. De beide mannen setten in moai spul op it boerd. Der waard
net oer ien nacht iis gongen, nee der waard omraak neitocht oer de strategy.
Ien ding wie foar de taskôgers en it omsittend laach wol dúdlik dat dizze beide mannen der alles út helje woenen. In hiel soad dammers stapten al yn de auto of op de fyts omdat it harren te lang duorre. Mar wat ie it moai om te sjen hoe’t it potsje yn elkoar stuts.Op in bepaald stuit gyng der suver in lytse huvering troch guon dammers dy’t mienden dat se wat seagen. It is fansels altiten: mûltsje ticht, jo meie net iens hum sizze. De gril dy’t guon oer de lea gie, kaam fierders net ta uting op it boerd. Nee Dicky hie it oars yn de holle. En nei in pear streken seagen de omsteanders wat dat wie. Yn dy pear streken kaam er ta in prachtich ein: In ôfruil dy’t deadlik wie. “Dat hie ik net oan kommen sjoen!” sei Hein. Nei de partij waard it spul noch wol in stik of tsien kear wer opsetten. Prachtich.

Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Bauke Bos 1 – 0; Jan Castelein – Ype Boelens 0 – 1; Bauke Dykstra – Willem Schaap 0 – 1; Cor Kooistra – Hennie de Haan 1 – 0; Fryslân Kup: Dicky vander Meer – Hein de Vries 1 – 0.

(C. KOOISTRA)

doorfriesdammen

It Sinteklazedamjen hat wer west en net ien yn de sek.

Oer it generaal binne it fansels allegearre hiele aardige minsken dy leden fan damklup De Stadige Strikers. Dat it fernuvere ek net ien dat gjin ien fan
harren yn de sek bedarre. Wol wienen der guon dy’t harsels yn de sek naaie lieten, mar dat wie mear figuerlik.

It Sinteklazedamjen gie sa as dat alle jierren wisânsje is. De tsien dammers
waarden yn trije groepen ferdield. Ien groep fan seis en in groep fan fjouwer. De groep fan seis bestie eins út twa groepkes fan trije. Ien haadklassegroep en in oantal earsteklassers en mear yn it twadde groepke.

Willem Schaap hope der wakker op dat ien fan de dammers remize spylje soe tsjin Jelle Wiersma. Yn dat gefal stie er like heech as Jelle. It mocht net barre. Jelle wûn alle partijtsjes en Willem moast ien puint tastean oan Dicky van der Meer en doe wie it sa klear as in klûntsje: Jelle 10 punten en Willem 9.

Yn it twadde groepke fersloech Ype Boelens Cor Kooistra mei 3 – 1. Hy wûn
dan ek de twadde groep. Tineke Teigeler en Jan Castelein einigen like heech
yn de tredde groep. Op it tredde en fjirde plak stienen Kees Castelein en
Hennie de Haan.

De damjûn waard ôfsluten mei it útrikken fan de prizen. Dat wienen taaimantsjes, moles fan spekulaas en noch wat oare swietekau.

Utslaggen: groep 1: ! Jelle Wiersma 10 p. 2 Willem Schaap 9 p. 3 Dicky van
der Meer 4p. 2de groep: 1 Ype Boelens 7p. 2 Cor Kooistra 5 p. 3 Bauke Bos 2½ p. Gr. 3: 1 Tineke Teigeler en Jan Castelein 8½ p. 3 Kees Castelein 5½ p. en Hennie de Haan 1½ p.

(C. Kooistra)

doorfriesdammen

In soad damûnderfining oan ien tafel.

Moandeitejûn lêstlyn wie in damjûn as alle oaren. Dochs dienen har ek sitewaasjes foar dy’t gewoanwei net sa foar de hân lizze. Alle bestjoersleden waarden fan it boerd feegd en de twa âldsten makken der in moaie partij fan. Yn dy lêste partij wie de âldste de winner, mar dy hat fansels ek mear damûnderfining. Krekt as dy twa âlde mantsjes yn in âldereintehûs dy’t rúzje krigen. Doe de âldste like te winnen, rôp de jongste: mar do bist ek twa jier âlder.

It is fansels in foarrjocht as jo as dikke tachtichplusser noch altiten skerp en tûk binne. Bauke Dykstra en Sjoerd Jan Bakker binne fan dy mannen dy’t alle kearen wer skerp út de hoeke komme kinne. Sy makken der dizze jûn ek wer in moaie partij fan. Men seit oan de ein fan de fûke fangt men de fisk en dat sechje gyng ek op foar dizze striid. Bauke kaam der yn de ein fan it spul dochs better út as Sjoerd Jan. De lêste koe net foarkomme dat Bauke trochbriek nei daam. Doe wie de partij ek sa mar bekeken.

Tineke wûn fan Jan Castelein. Jan koe oproppen wurde foar in klus en dat hat dan wer ynfloed op it spul. De partij wie dan ek wat te flot út. Tineke wûn. Dicky van der Meer hie net sa folle problemen mei bestjoerslid Ype Boelens. Hy kaam ridlik gau in houtsje foar en liet doe de winst net mear slûpe.

En dan de klapper fan de jûn. De man dy’t klapte wie nimmen minder as Willem Schaap. Hy spile twa spul tagelyk tsjin Bauke Bos en Cor Kooistra. Willen feegde dy mannen fan it boerd al wie it neat.

Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra 0 – 1; Ype Boelens – Dicky van der Meer 0 – 1; Tineke Teigeler – Jan Castelein 1 – 0; Willem Schaap – Bauke Bos 1 – 0; Willem Schaap – Cor Kooistra 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Hartwert hearsket by MINI op alle fronten

(Tekst: S. Dyk)

Doe’t it Dambûn Frysk Spul fan ‘t hjerst oan it bestjoer fan OKK de fraach foarlei oft it miniklupkampioenskip mooglik ek ferspile wurde koe op 15 novimber, sadat der dan ek ien of mear Ytaljaanske ploegen meidwaan koene, doe gongen by de Jorwerter damklup de alaarmskillen ôf. Want koene safolle minsken allegearre wol in plak op ‘e boppeseal krije? Yn 2023 hie dy mei alle sân klups en yn totaal tsien ploegen al flink beset west. Likegoed gong der in posityf beskied nei it bûnsbestjoer werom: dy datum moast mar wêze, as it nypt en wedernypt kinne der ommers hiel wat skiklike dammers op sa’n doarpsseal in plakje krije.

Efterôf die bliken dat de panyk om ‘e nocht west hie. De mop fan ‘e Ytaljanen wie, dat se net kamen. Noch sterker, de klups út Blauhús en De Gastmar kamen ek net. Aldegea kaam wol, mar de fjouwer ôffurdige dammers achten harsels fan sa’n kwaliteit dat se allinnich mar ûnder de namme Aldegea II meidwaan woene. En Lollum kaam ek wol, mar mei mar trije dammers, sadat de Jorwerter Siebren Dyk himsels opoffere troch dan dochs mar mei de fijân mei te dwaan, dêrby it risiko op him nimmend dat de ivige hún fan syn doarpsgenoaten sines wurde soe en dat er sa foar de kar komme koe om syn libben dan byneed mar treastleas te einigjen as asylsiker yn Lollum. Koartsein, wat earst in grut damfeest like te wurden, dat waard no in klupkampioenskip yn it fluchdamjen dat kwealik dy nammer mear drage koe. Mar de tariedings wiene dien, en úteinliks waard it ek wier noch wol in moaie jûn.

Alderwenst waarden der yn Jorwert wer twa klassen formearre. Yn ‘e A-klasse soe it om it kampioenskip gean, mei fansels titelferdigener Skearnegoutum, it altyd sterke Hartwert, nettsjinsteande alles dochs ek Lollum, al wie it mar fanwegen de kanonnen Marten Walinga en Foeke Tiemensma, en ja dan dochs ek de pleatslike favoriten fan OKK, ek al kaam dat favoritedom ek net fierder as de doarpsgrinzen fan Jorwert. Yn ‘e B-klasse sieten dan de twadde tiims, fan respektyflik Aldegea, Hartwert en Jorwert. Meiinoar dus sân ploegen, in ûneven oantal. Dat hie it ferfelende gefolch dat der elke omloop ien frij hie, wat oars mei in healoere by sa’n fluchdamkampioenskip ek wol wer oer te sjen is. Om net ta de nacht út troch te damjen wie it tal omlopen wol beheind ta fiif, en dat betsjutte dat net alle ploegen like faak efter de buorden sitte soene. Organisatoaryske tûzenpoat Willem Dykstra loste dat op mei it helpmiddel “wûgen trochsneed”, dat, al wie it nei wat gegrommel fan ‘e Hartwerter kant, troch eltsenien akseptearre waard. En doe koe it los.

Lykas sa faak wie it yn ‘e kampioensklasse wer tige spannend. Efterôf siet it fenyn yn ‘e kop. Hartwert moast doe fuortdaliks al tsjin Skearnegoutum, dat wol wat in abonnemint op it fluchdamkampioenskip hat. Mar dat like no troch de Hartwerters opsein te wurden: 3-1. Soene de Stadige Strikers noch weromkomme kinne? Oan harren lei it net, se wûnen alle oare potten, en se krigen ek wer hope doe’t Hartwert mei in lykspul tsjin Lollum in lytse misset die. Mar dêr bleau it by, de Hartwerters wiene net sa dom om Jorwert II te ûnderskatten. It kampioenskip gong no dus fan Skearnegoutum oer nei Hartwert, en it kurieuze wie dêrby dat de Hartwerters dat allinnich op wedstriidpunten wier makken, want de Skearnegoutumers hiene oardel buordpunt mear. Beide ploegen rûnen der oars wol út neffens de oare konkurrinten. Lollum hie mei 3 in fol wedstriidpunt minder as Skearnegoutum, en Jorwert syn iennichste wapenfeit yn ‘e heechste klasse wie in 2-2 lykspul tsjin Lollum.

En ja, dat Hartwert is en bliuwt in klup fan poerbêste dammers, dat liet it twadde tiim ek sjen. Ek al liet Hartwert II it yn ‘e earste omloop in bytsje sitte tsjin Aldegea II: 2-2. Mar Hartwert II wûn wol fan Jorwert II, wylst de Aldegeasters it dêrtsjin mei 2-2 wer wat sitte lieten. It ferskil kaam ek goed ta útdrukking yn ‘e buordpunten: 8,5 foar Hartwert II en 5 foar Aldegea II. En Jorwert II? Dy kamen net fierder as 2 buordpunten. Mar dy hiene se yn ‘e 2-2 tsjin Aldegea II wol effysjint ynset, dat alhiel sûnder by wedstriidpunt einige Jorwert II úteinliks net.

No ja, en doe wie it dus oan ‘e priisútrikking ta, en doe bleau it yn Het Wapen van Baarderadeel noch lang gesellich. Lykas meastal.

Utslaggen:

Earste omloop: Lollum – Jorwert I 2-2; Skearnegoutum – Hartwert I 1-3; Hartwert II – Aldegea II 2-2; Jorwert II frij.

Twadde omloop: Jorwert I – Hartwert II 2,5 – 1,5; Jorwert II – Skearnegoutum 0-4; Hartwert I – Aldegea II 3-1; Lollum frij.

Tredde omloop: Hartwert I – Jorwert I 2,5 – 1,5; Skearnegoutum – Lollum 3-1; Aldegea II – Jorwert II 2-2; Hartwert II frij.

Fjirde omloop: Jorwert I – Skearnegoutum 0-4; Hartwert I – Lollum 2-2; Hartwert II – Jorwert II 4-0; Aldegea II frij.

Fyfde omloop: Lollum – Hartwert II 3-1; Jorwert II – Hartwert I 0-4; Aldegea II – Skearnegoutum 0-4; Jorwert I frij.

Einstân klasse A (mei tusken heakjes it tal buordpunten): 1. Hartwert I 4,5 (14); 2. Skearnegoutum 4 (16); 3. Lollum 3 (11); 4. Jorwert I 2,5 (9).

Einstân klasse B: 1. Hartwert II 1,5 (8,5); 2. Aldegea II 1 (5); 3. Jorwert II 0,5 (2).