Categorie archief Nijs

doorfriesdammen

In soad damûnderfining oan ien tafel.

Moandeitejûn lêstlyn wie in damjûn as alle oaren. Dochs dienen har ek sitewaasjes foar dy’t gewoanwei net sa foar de hân lizze. Alle bestjoersleden waarden fan it boerd feegd en de twa âldsten makken der in moaie partij fan. Yn dy lêste partij wie de âldste de winner, mar dy hat fansels ek mear damûnderfining. Krekt as dy twa âlde mantsjes yn in âldereintehûs dy’t rúzje krigen. Doe de âldste like te winnen, rôp de jongste: mar do bist ek twa jier âlder.

It is fansels in foarrjocht as jo as dikke tachtichplusser noch altiten skerp en tûk binne. Bauke Dykstra en Sjoerd Jan Bakker binne fan dy mannen dy’t alle kearen wer skerp út de hoeke komme kinne. Sy makken der dizze jûn ek wer in moaie partij fan. Men seit oan de ein fan de fûke fangt men de fisk en dat sechje gyng ek op foar dizze striid. Bauke kaam der yn de ein fan it spul dochs better út as Sjoerd Jan. De lêste koe net foarkomme dat Bauke trochbriek nei daam. Doe wie de partij ek sa mar bekeken.

Tineke wûn fan Jan Castelein. Jan koe oproppen wurde foar in klus en dat hat dan wer ynfloed op it spul. De partij wie dan ek wat te flot út. Tineke wûn. Dicky van der Meer hie net sa folle problemen mei bestjoerslid Ype Boelens. Hy kaam ridlik gau in houtsje foar en liet doe de winst net mear slûpe.

En dan de klapper fan de jûn. De man dy’t klapte wie nimmen minder as Willem Schaap. Hy spile twa spul tagelyk tsjin Bauke Bos en Cor Kooistra. Willen feegde dy mannen fan it boerd al wie it neat.

Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra 0 – 1; Ype Boelens – Dicky van der Meer 0 – 1; Tineke Teigeler – Jan Castelein 1 – 0; Willem Schaap – Bauke Bos 1 – 0; Willem Schaap – Cor Kooistra 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Hartwert hearsket by MINI op alle fronten

(Tekst: S. Dyk)

Doe’t it Dambûn Frysk Spul fan ‘t hjerst oan it bestjoer fan OKK de fraach foarlei oft it miniklupkampioenskip mooglik ek ferspile wurde koe op 15 novimber, sadat der dan ek ien of mear Ytaljaanske ploegen meidwaan koene, doe gongen by de Jorwerter damklup de alaarmskillen ôf. Want koene safolle minsken allegearre wol in plak op ‘e boppeseal krije? Yn 2023 hie dy mei alle sân klups en yn totaal tsien ploegen al flink beset west. Likegoed gong der in posityf beskied nei it bûnsbestjoer werom: dy datum moast mar wêze, as it nypt en wedernypt kinne der ommers hiel wat skiklike dammers op sa’n doarpsseal in plakje krije.

Efterôf die bliken dat de panyk om ‘e nocht west hie. De mop fan ‘e Ytaljanen wie, dat se net kamen. Noch sterker, de klups út Blauhús en De Gastmar kamen ek net. Aldegea kaam wol, mar de fjouwer ôffurdige dammers achten harsels fan sa’n kwaliteit dat se allinnich mar ûnder de namme Aldegea II meidwaan woene. En Lollum kaam ek wol, mar mei mar trije dammers, sadat de Jorwerter Siebren Dyk himsels opoffere troch dan dochs mar mei de fijân mei te dwaan, dêrby it risiko op him nimmend dat de ivige hún fan syn doarpsgenoaten sines wurde soe en dat er sa foar de kar komme koe om syn libben dan byneed mar treastleas te einigjen as asylsiker yn Lollum. Koartsein, wat earst in grut damfeest like te wurden, dat waard no in klupkampioenskip yn it fluchdamjen dat kwealik dy nammer mear drage koe. Mar de tariedings wiene dien, en úteinliks waard it ek wier noch wol in moaie jûn.

Alderwenst waarden der yn Jorwert wer twa klassen formearre. Yn ‘e A-klasse soe it om it kampioenskip gean, mei fansels titelferdigener Skearnegoutum, it altyd sterke Hartwert, nettsjinsteande alles dochs ek Lollum, al wie it mar fanwegen de kanonnen Marten Walinga en Foeke Tiemensma, en ja dan dochs ek de pleatslike favoriten fan OKK, ek al kaam dat favoritedom ek net fierder as de doarpsgrinzen fan Jorwert. Yn ‘e B-klasse sieten dan de twadde tiims, fan respektyflik Aldegea, Hartwert en Jorwert. Meiinoar dus sân ploegen, in ûneven oantal. Dat hie it ferfelende gefolch dat der elke omloop ien frij hie, wat oars mei in healoere by sa’n fluchdamkampioenskip ek wol wer oer te sjen is. Om net ta de nacht út troch te damjen wie it tal omlopen wol beheind ta fiif, en dat betsjutte dat net alle ploegen like faak efter de buorden sitte soene. Organisatoaryske tûzenpoat Willem Dykstra loste dat op mei it helpmiddel “wûgen trochsneed”, dat, al wie it nei wat gegrommel fan ‘e Hartwerter kant, troch eltsenien akseptearre waard. En doe koe it los.

Lykas sa faak wie it yn ‘e kampioensklasse wer tige spannend. Efterôf siet it fenyn yn ‘e kop. Hartwert moast doe fuortdaliks al tsjin Skearnegoutum, dat wol wat in abonnemint op it fluchdamkampioenskip hat. Mar dat like no troch de Hartwerters opsein te wurden: 3-1. Soene de Stadige Strikers noch weromkomme kinne? Oan harren lei it net, se wûnen alle oare potten, en se krigen ek wer hope doe’t Hartwert mei in lykspul tsjin Lollum in lytse misset die. Mar dêr bleau it by, de Hartwerters wiene net sa dom om Jorwert II te ûnderskatten. It kampioenskip gong no dus fan Skearnegoutum oer nei Hartwert, en it kurieuze wie dêrby dat de Hartwerters dat allinnich op wedstriidpunten wier makken, want de Skearnegoutumers hiene oardel buordpunt mear. Beide ploegen rûnen der oars wol út neffens de oare konkurrinten. Lollum hie mei 3 in fol wedstriidpunt minder as Skearnegoutum, en Jorwert syn iennichste wapenfeit yn ‘e heechste klasse wie in 2-2 lykspul tsjin Lollum.

En ja, dat Hartwert is en bliuwt in klup fan poerbêste dammers, dat liet it twadde tiim ek sjen. Ek al liet Hartwert II it yn ‘e earste omloop in bytsje sitte tsjin Aldegea II: 2-2. Mar Hartwert II wûn wol fan Jorwert II, wylst de Aldegeasters it dêrtsjin mei 2-2 wer wat sitte lieten. It ferskil kaam ek goed ta útdrukking yn ‘e buordpunten: 8,5 foar Hartwert II en 5 foar Aldegea II. En Jorwert II? Dy kamen net fierder as 2 buordpunten. Mar dy hiene se yn ‘e 2-2 tsjin Aldegea II wol effysjint ynset, dat alhiel sûnder by wedstriidpunt einige Jorwert II úteinliks net.

No ja, en doe wie it dus oan ‘e priisútrikking ta, en doe bleau it yn Het Wapen van Baarderadeel noch lang gesellich. Lykas meastal.

Utslaggen:

Earste omloop: Lollum – Jorwert I 2-2; Skearnegoutum – Hartwert I 1-3; Hartwert II – Aldegea II 2-2; Jorwert II frij.

Twadde omloop: Jorwert I – Hartwert II 2,5 – 1,5; Jorwert II – Skearnegoutum 0-4; Hartwert I – Aldegea II 3-1; Lollum frij.

Tredde omloop: Hartwert I – Jorwert I 2,5 – 1,5; Skearnegoutum – Lollum 3-1; Aldegea II – Jorwert II 2-2; Hartwert II frij.

Fjirde omloop: Jorwert I – Skearnegoutum 0-4; Hartwert I – Lollum 2-2; Hartwert II – Jorwert II 4-0; Aldegea II frij.

Fyfde omloop: Lollum – Hartwert II 3-1; Jorwert II – Hartwert I 0-4; Aldegea II – Skearnegoutum 0-4; Jorwert I frij.

Einstân klasse A (mei tusken heakjes it tal buordpunten): 1. Hartwert I 4,5 (14); 2. Skearnegoutum 4 (16); 3. Lollum 3 (11); 4. Jorwert I 2,5 (9).

Einstân klasse B: 1. Hartwert II 1,5 (8,5); 2. Aldegea II 1 (5); 3. Jorwert II 0,5 (2).


doorfriesdammen

It komt hast nea foar dat der gjin froulju meidogge op de damjûnen fan de Strikers.

C. KOOISTRA

Alle kearen is it wer in lust dat der safolle dammers en damsters nei it
Swettehûs komme om harren potsje te damjen foar de kompetysje. Beide
froulju wienen ek fan de partij en dat is moai, nee hartstikkene moai. Wy
leauwe net dat der mear klups binne dêr’t ek froulju oan harren kompetysje meidogge. De Strikers binne der fansels wakker grutsk op dat it by harren wol it gefal is.

Moandeitejûn moast Tineke Teigeler tsjin Jelle Wiersma en dan witte jo yn it foar wol dat soks gjin probleem foar Jelle wêze sil. Sa wi e dat no ek, mar wat opfoel wie dat Tineke en Jelle der wakker nocht yn hienen, yn dat spultsje. Ek yn it neidamjen kamen alle mooglikheden noch even oan bod.

Hennie de Haan moast it opnimme tsjin Bauke Bos. De resultaten út it ferline binne gjin garânsje foar de útslach fan no. Gewoanwei wie dizze striid tusken De Haan en Bos altiten in spannende oangelegenheid. En moandeitejûn like it der op dat it wer sa’n potsje wurde soe. Nee dus. Bauke dy’t aardich yn it damfel sit, kaam ridlik gau in houtsje foar. Doe wie der eins foar Hennie gjin salve mear oan te striken en ferlear se.

De partij tusken Sjoerd Jan Bakker en Jan Castelein wie fan in oare oarder. De partij rûn prachtich lyk op en der wie oant in stân mei elk seis houtsjes op it boerd noch neat fan te sizzen. It waard ek fiif om fiif en doe kaam de yn it damsâlt bebiten Bakker der krekt even better út en hy wûn op de set ôf.

Dicky van der Meer en Cor Kooistra spilen ek in tige nijsgjirrige partij. De stân wie op in bepaald stuit sadanich dat Kooistra mei ien hout efterstân op daam komme koe. Dat stantsje bleau in hele tiitd yn stân. Beide dammers seagen dat wol, mar seinen fansels neat. Nei noch in setmannich besocht Kooistra dochs mei de behelle daam op winst te kommen. Mar sa maklik wie dat net. It einspul waard noch wakker moai en spannend. De winst siet der foar beide net mear yn en sa koenen se elkoar lokwinskje mei kamp.

Utslaggen. Jelle Wiersma – Tineke Teigeler 1 – 0; Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Jan Castelein – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Dicky van der Meer – Cor Kooistra ½ – ½.

doorfriesdammen

Sjoerd Jan Bakker hast wer as fan âlds.

(Tektst: C. Kooistra)

It wie in ferhipt lyts oantal dammers dat moandeitejûn opsetten kaam nei it Swettehûs yn Skearnegoutum. It wie mar goed dat der ek noch in partij yn it kader fan de Fryslân Kup ferdamme waard. Doe kaam it oantal dammers moai op in even oantal út: acht. Us beide froulju misten wy ek, mar dat kaam ek troch it sinte Marten rinnen. Boppedat moast ien fan ús nei Hartwert foar de Kup. Hoe’t it ek gie, Sjoerd Jan Bakker wie hast wer âlderwetsk op dreef.

As good old Sjoerd Jan noch wat better op syn iepenst west hie, dan koe de winst him net mear ûntglippe tsjin Jelle Wiersma. Bakker stie al in moai houtsje foar en moast it allinne noch eefkes goed ôfbreidzje. Dan komt it faaks oan op ien set. Dy iene streek wie krekt ferkeard. Hy gyng mei dy streek yn de oanfal, mar hy hie oars strike moatten en de houtsjes fan Jelle op ‘e bealch strike moatten. Trije tsjin twa dat wie dan altiten klear kommen. It gie oars en Jelle skuorde der sa kamp út.

Bauke Dykstra striek ek wer sterk. Hy sette Ype Boelens aardich ûnder druk, kaam in houtsje foar en pakte sa de winst.Foar de Fryslân Kup spilen Willem Schaap en Anne de Boer fan de Hartwerter klup. Yn it middenspul stie der sa mar in swarte daam yn de lange hoeke yn it foardiel fan Willem Schaap. Hy wûn dizze partij dan ek al spinpoate Anne noch tige tsjin. Mar dat mocht foar him net mear bate. Willem giet oer nei de winnersronde.

Dicky van der Meer moast ek foar de Kup tsjin Fedde Wiersma yn Hartwert. Wy wienen der fansels wakker nijsgjirrich nei hoe’t dat ôfrinne soe. De partijen wienen al út en doe hearden wy goed nijs út Hartwert wei. Dicky hie wûn nei in hiele moaie en spannende partij. Al mei al dus goed nijs en by dat nijs heart ek noch de útslach fan de partij tusken de foarsitter en siktaris: Cor Kooistra tsjin Bauke Bos. De foarsitter wûn.

Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma ½ – ½; Bauke Dykstra – Ype Boelens 1 – 0; Bauke Bos – Cor Kooistra 0 – 1; Anne de Boer – Willem Schaap 0 – 1. FK.

doorfriesdammen

Walinga wint Wapentoernoai

(Tekst: S. Dyk)

De tiisdeitejûnen fan 29 oktober en 5 novimber wie Jorwert wer it striidtoaniel fan it iepen kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel”. Yn ‘e jachtweide fan it kafee mei dyselde namme stiene de tafels al klear mei buorden en klokken, en de pelletkachel joech in noflike waarmte ôf. Wat koe der noch misgean?

No, miskien de besetting fan it toernoai. Mei 20 dielnimmeres wie dy justjes minder as ferline jier, mar seker kwalitatyf moast dersûnder wenstige kanonnen as Folkert Groenveld, Teake Kooistra en Jelle Wiersma dochs wol ynlevere wurde. No like it der op dat Marten Walinga wol frij spul krije soe om syn kampioenskip fan ferline fuort te setten. En sa kaam it ek wol in bytsje út. Walinga weefde de earste jûn fuortendaliks al ôf mei Willem Schaap en ien fan ‘e pleatslike favoriten, Frans Kingma. Kingma prestearde it ferline jier by it Nederlânsk kampioenskip yn Drachten noch om Walinga te ferslaan, in prestaasje dêr’t er net in lyts bytsje grutsk op wie. Mar diskear hied er gjin inkelde kâns. De iennichste dy’t Walinga dy earste jûns noch in bytsje byhâlde koe, wie Willem Hoekstra. De Aldegeaster fersloech Liuwe Westra en dy oare pleatslike favoryt, Willem Dykstra.

​Kreas wurk dus fan de man dy’t ferline noch meidie yn ‘e B-klasse. Mar ja, doe moast er de twadde jûns fuortendaliks tsjin Walinga, en doe wist Willem Hoekstra wer wat syn plak wie. Likegoed fersloech er dêrnei noch wol Frans Kingma, en dat smiet him mei 3 punten in kreas twadde plak yn it einklassemint op. Want Marten Walinga slagge it ek en set de altyd lestige Tsjerk Wijbenga oan ‘e kant, en dat betsjutte definityf dat it kampioenskip sines wie. En dat sûnder puntferlies, sikerwier in prestaasje. Wijbenga kaam mei syn treddel punt net fierder as it tredde plak, nei oerwinnings op Schaap en Dykstra en in kamppartij tsjin Kingma.

​De B-klasse telde seis dielnimmers, hast allegearre lid fan it pleatslike “Oefening Kweekt Kunst”. Op Sietze de Jong nei dan, en dy Aldegeaster naaide ek noch mei de earste priis út. De earste jûn troch dochs taaie dammers as Jelte Dykstra en Rinze Schukken út te skeakeljen. Op ‘e twadde jûn drige it even mis te gean doe’t De Jong tsjin Siebren Dyk in hout efter kaam. Dy miende dat er dêrnei noch wol ekstra falkûle yn ‘e stân grave koe, mar doe krige de Jorwerter fuortdaliks it lid op ‘e noas. De Jong syn lêste pot einige oars kurieus. Hy wie yn ‘e spanning fan it einspul hielendal fergetten dat daamslach yn it Fryske spul foar giet, dat sa helle er dochs noch in nul, tsjin kastlein Emke Dykstra ek noch wol. Mar it koe mei De Jong wat lije, want oan syn trije punten hied er likegoed genôch foar de earste priis. Siebren Dyk en Rinze Schukken hiene oan ‘e ein in heal punt minder, mar omdat Schukken in justjes better SB hie, mocht dy de twadde priis nei Hilaard weromride.

​Yn ‘e C-klasse die ek in Aldegeaster mei, en it ferhaal driget ientoanich te wurden, mar dy Almar Stegenga gong ek al mei de heechste eare wer nei syn wenplak werom. Allinnich de baas oer allegearre OKK-ers, en hoe! Oft dat no feteranen wiene as Bonne Hylkema of Jan Nauta, of opkommende talinten as Sjoerd van der Hem of Hindrik Terpstra, hy reage se allegearre oan ‘e kant. Mei de folle winst fan 4 punten wie Stegenga de mear as terjochte winner fan ‘e earste priis. Fierders bliek dat yn Jorwert it opkommende talint de feteraan al foarbystribbe hat. Terpstra besette teminsten it twadde plak mei 3 punten, in fol punt mear as Hylkema.

​Doe wie it oan it útdielen fan ‘e prizen ta, kreas fersoarge troch streekbuorkerij “De Him”, en besponsore troch makelderij Kaspers. Guon dammers bleauwen noch lang sitten. Mar net elkenien, want it wie ûnderwilens knap mistich wurden.

Utslaggen en einstannen

A-klasse, earste omloop: Liuwe Westra (Lollum) – Fedde Wiersma (Easterein) 1-0; Marten Walinga (Waaksens) – Willem Schaap (Jirnsum) 1-0; Willem Dykstra (Jorwert) – Willem Hoekstra (Aldegea) 0-1; Tjerk Wijbenga (Arum) – Frans Kingma (Jorwert) 0,5-0,5.

Twadde omloop: Hoekstra – Westra 1-0; Kingma – Walinga 0-1; Wiersma – Dykstra 0-1; Schaap – Wijbenga 0-1.

Tredde omloop: Walinga – Hoekstra 1-0; Dykstra – Wijbenga 0-1; Westra – Kingma 0-1; Wiersma – Schaap 0,5-0,5.

Fjirde omloop: Wijbenga – Walinga 0-1; Kingma – Hoekstra 0-1; Dykstra – Westra 1-0; Schaap – Wiersma 1-0.

Einstân: Walinga 4; Hoekstra 3; Wijbenga 2,5; Dykstra 2; Kingma en Schaap 1,5; Westra 1; Wiersma 0,5.

B-klasse, earste omloop: Harry Kaspers (Jorwert) – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1; Rinze Schukken (Hilaard) – Emke Dykstra (Jorwert) 1-0; Jelte Dykstra (Jorwert) – Sietze de Jong (Aldegea) 0-1.

Twadde omloop: E. Dykstra – Kaspers 1-0; Dyk – J. Dykstra 1-0; De Jong – Schukken 1-0.

Tredde omloop: Dyk – De Jong 0-1; Kaspers – Schukken 0-1; E. Dykstra – J. Dykstra 1-0.

Fjirde omloop: Schukken – Dyk 0,5-0,5; De Jong – E. Dykstra 0-1; J. Dykstra – Kaspers 1-0.

Einstân: De Jong 3; Schukken 2,5 (7,75); Dyk 2,5 (6,25); E. Dykstra 2; Kaspers en J. Dykstra 1.

C-klasse, earste omloop: Almar Stegenga (Aldegea) – Bonne Hylkema (Jorwert) 1-0; Jan Nauta (Bitgummole) – Sjoerd Theo van der Hem (Jorwert) 0-1; Hindrik Terpstra (Jorwert) – Jelle Anema (Jorwert) 1-0.

Twadde omloop: Van der Hem – Stegenga 0-1; Hylkema – Terpstra 0-1; Anema – Nauta 0-1.

Tredde omloop: Terpstra – Stegenga 0-1; Nauta – Hylkema 0-1; Anema – Van der Hem 1-0.

Fjirde omloop: Stegenga – Nauta 1-0; Hylkema – Anema 1-0; Van der Hem – Terpstra 0-1.

Einstân: Stegenga 4; Terpstra 3; Hylkema 2; Anema, Van der Hem en Nauta 1.

doorfriesdammen

Foar in part stie it damjen yn it kader fan de Fryslân Kup.

Op himsels is it Fryslân Kup damjen tige nijsgjirrich. Der komme dan oare dammers op besite of der geane dammers nei in oare klup. By de Stadige Strikers kamen ek twa gasten op besite. Twa Blauhústers en net sa mar twa, nee de twa wienen ek noch twa broers. Hoe wie it mooglik dat it lot it sa moai betinke koe. Nei alle gedachten hat dat de magy fan Sânfurd west. Dêr waarden de dammers oan elkoar keppele.

De siktaris fan de Strikers hie as tsjinstanner Marcel Altena lotte. Mei oare wurden: Bauke Bos moast tsjin Marcel Altena. De partij wie noch jong doe’t Bauke sa mar ynienen in swarte daam tusken syn wite fredige houtsjes stean seach. Dat wie fansels net sa as Bauke dat berekkene hie. Doe begûn eins fuort it lijen al foar him. Marcel hat der fansels wol ferstân fan om goed mei sa’n daam om te gean. Bos spinpoate noch wol wat tsjin , mar foar him wie der gjin ear mear oan te beheljen.

Marcel syn broer Leo Altena hie net hielendal in goed antwurd op de Germ Terpstra teory. Hoewol’t der in moaie en nijsgjirrige partij op it boerd kaam, moast er der yn it middenspul dochs oan gelove. Foar syn tsjinstanner Cor Kooistra waard in dan ek net in poepetoer om de winst te pakken. De kombinaasje wêrmei’t er twa houtsjes foar kaam, wie op himsels wol de muoite wurdich, mar hie dêrfoar wol pareard wurde kinnen. Dat barde dus net en sa gyngen beide dammers nei de twadde ronde fan de Fryslân Kup, de iene nei de winners klasse en de oare nei de ferliezers. It liket no suver wol keatsen! Mar hawar, alle fjouwer geane nei de twadde omloop.

Yn de kompetysje liet Sjoerd jan Bakker syn tosken wer even sjen en spile wer âlderwetsk sterk tsjin de man yn foarm Ype Boelens. De lêste koe de slach net winne.

Utslaggen: Leo Altena – Cor Kooistra 0 – 1; Bauke Bos – Marcel Altena 0 – 1; Sjoerd Jan Bakkker – Ype Boelens 1 – 0; Willem Schaap – Tineke Teigeler 1 – 0; Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0; Hennie de Haan – Bauke Dykstra 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Wedstriidlist 2024-2025

Sjoch hjir foar alle wedstriden fan it seizoen 2024-2025


doorfriesdammen

Kees Castelein brânt der yn.

Moandeitejûn wienen der mar sân dammers dy’t akte de presâns jûgen. Mar wat wie it in alderaardichst moaie damjûn en dat siet hin fral ek yn de nije talinten dy’t harren melde. De beide Casteleinen hawwe niget oan it spul en dat is prachtich om mei te meitsjen. Gelokkich dochs noch twa echte
ynwenners fan Skearnegoutum dy’t it spultsje hieltiten better yn de macht
krije.

Jelle Wiersma soe it wol opnimme tsjin de beide Casteleinen. Wy witte dat
Hiele Walinga altiten tsjin legere dammers op de klup mei ien houtsje minder begûn. Op oanrieden fan Willem Schaap die jelle dat no ek. De heit en soan mochten der beide in houtsje fan de tsjinstannerfan it boerd pakke. Kees wist wol wat er it bêste pakke koe. It rúnhout pakte hy der ôf. Dan is fuortendaliks alle teory nei fan gychem. It wie trouwens opfallend hoe’t Kees him yn it spul fêstbiet. Jelle hat mooglik tocht: hy sil aanst wol ris in foutsje meitsje. Mar Kees makke gjin fout. Hy kroep fia de rjochterkant hielendal mei fjouwer houtsjes tsjin de list. En koe úteinlik ek noch trochbrekke nei daam. Om koart tr gean: Kees brânde deryn en fersloech Jelle.

Heit Jan brocht it sa fier net as syn soan, mar hy hie ien fan Jelle syn foarste
houtsjes pakt. Hy koe it dan ek net hâlde. Wa’t it ek net hâlde koe wie Cor
Kooistra. Hy moast syn meardere erkenne yn Ype Boelens. Nei wol in
gelykopgeande partij soarge Ype derfoar dat er troch goed striken hieltiten
better kaam te stean. Kooistra loerde op in setsje, mar dat mislearrre en doe koe er de hân wol jaan. Hennie de Haan koe it fansels net rêde tsjin Willem Schaap. Dat wie in foar de hân lizzende útslach. It is fansels gweldich dat Hennie der alle moandeitejûnen wer is.

Utslaggen:Jelle Wiersma – Jan Castelein 1 – 0; Jelle Wiersma – Kees Castelein 0 – 1; Hennie de Haan – Willem Schaap 0 – 1; Cor Kooistra – Ype Boelens 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

De toppers makken der in hiel yntressant einspul fan

Ek ôfrûne moandeitejun bleau de teller fan it oantal dammers wer op acht stean. Dat betsjutte dus dat der fjouwer wienen dy’t ferstek gean lieten om ferskate legale redenen. Lykwols waard it in gesellige jûn. Wy koenen Jelle Wiersma lokwinskje mei it kampioenskip fan Sânfurd. Op dy damjûn yn it efterste ein fan Sânfurd ferskynde ek in dammer út Den Bos. Hy makke sa as alle dielnimmers in gesellige damjûn mei.

De winnende Stadige Strikers yn Sânfurd makken der yn Skearnegoutum ek wer wat moais fan mei in prachtich einspul. As wy it oer beide toppers hawwe dan bedoele wy dêr mei Jelle Wiersma en Willem Schaap. Fan Jelle wisten wy fansels al lang dat der yn him in toptalint skûl giet, mar ek Willem Schaap spilet net swak by. Beide toevje geregeld op ynternet wêrop’t se dan op in damside sitte wêr’t se it fryske spul spylje kinne en ek kinne se dêr prizen op winne.Mar op it gewoane damboerd mei houten houtsjes kinne se har ek mear as in gewoanenien rêde.

De beide hearen makken der dus in moaie partij fan en sa no en dan lieten se oan elkoar en dus ek oan de omstanners sjen wat der yn sitten hie as se dy of dat houtsje ferskood hienen. Moai om it te folgjen. En doe yn ienen offere Willem syn twa houtsjes op en ferhuze syn daam nei de oare lange hoeke. Alle houtsjes fan Jelle kamen sa’n bytsje op slach te stean op de daam nei. Sa kamp as wat. Foar de omstanners like it sa mar út de loft te fallen, mar Willem hie it in pear setten dêrfoar al yn ‘e holle.

Utslaggen: Tineke Teigeler – Bauke Bos 0 – 1; Ype Boelens – Hennie de Haan 1 – 0; Jelle Wiersma – Willem Schaap ½ – ½; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra 0 – 1.

doorfriesdammen

Om de hiele ploech by-in-oar te krijen falt noch net ta.

As jo net mei sa’n soad dammers binne en der komme op in jûn sa as moandei lêstlyn nflouwer spilers net, dan sit der wol in hiel lyts groepke te damjen. Acht Stadige Strikers besochten om it punt of heale punt mei nei hûs te nimmen.

Wa dat as earste slagge, wie Jelle Wiersma. Hy fersloech mei in moaie flypflap foarsitter Cor Kooistra. De stân wie sadanich dat der wol muzyk yn siet. Foar Jelle wie dat feest en foar Cor treurmuzyk. Sa treurich wie dat no ek net wer, want it spul stie midden op it boerd. It like sa dat it alle kanten útgean koe. Jelle wist krekt de foar him foardielige kant te pakken.

De partij tusken Hennie de Haan en Sjoerd Jan Bakker gie moai gelyk op. Nei it middenspul wist Hennie it net mear en die in ferkearde streek. Dat wie ek fuort de ein fan it lietsje.

Dicky van der Meer en Bauke Bos dienen langer oer de partij. Doe’t Dicky mei in moai slachje in houtsje foar kaam, wie it eins gebeurd mei de man út Sint Nyk. Hy joech it no net fuortendaliks oer, mar mei ien hout efter hied er eins gjin kâns mear.De partij fan de jûn waard spile troch Willem Schaap en Ype Boelens. Der like sa op it earste each sa healwei de partij net folle fan te sizzen wa’t der as oerwinner út de striid komme soe. Mooglik hie Ype it gefaar fan trochbrekken nei de daamline troch Willem wat te let yn de smizen. Hoewol der moat sein wurde dat Schaap wol fakkundich te wurk gie. Doe’t hy dy wolf hie koe Ype de bakker en de slachter wol ôfsizze.

Utslaggen: Dicky – Bauke Bos 1 – 0; Hennie de Haan – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Ype Boelens – Willem Schaap 0 – 1; Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)