Categorie archief Rubryk

doorfriesdammen

Rubryk 17-11-2023

De twa wiken foar de krystdagen is yn Drachten it Nederlânsk Kampioenskip.It is tagelyk foar it Frysk Spul en it oerhoeks. Lykas yn 2018 te Harns wurde der tagelyk twa toernooien ferdamd. It is in saneamd rûn toernooi mei folle tinktiid. Yn fjouwer foar-rûnten koenen hieltiden twa dammers harren pleatse. Dat wie mei koarte tinktiid mei sawn partijen. En die bliken dat de Friezen dochs noch wol foar master opslaan. Allinne Frederik Bos fan Grins slagge it as ienige net-Fries de finale te heljen. Dêrnjonken wienen dat yn folchoarder fan pleatsing Folkert Groenveld, Jelle Wiersma, Taeke Kooistra, Marten Walinga, Dicky van der Meer, Hein de Vries en Frâns Kingma. We sjogge nei in oantal frachminten.

Taeke Kooistra – Marten Walinga, 2-e foarrûnte NK’23, 1-e partij

De partij is yn it einspul en swart hat spile 42. ..7-12 en 43.40-34 betsjut grif dat swart oankomt. 

Wyt ferfolge lykswols mei 43.38-33?En Walinga lit kamp troch 43. ..22-27! 44.31×2 14-19  45.2×30 25×37 lizze. 43. ..14-20  44.40-34 12-18 45.31-26 20-24 46.34×14 15×13 47.35×15 18-23 48.26-21 mei winst foar Kooistra

Afbeelding met Zaalspellen en zaalsporten, bordspel, Games, Bordspel

Automatisch gegenereerde beschrijving

Marten Walinga – Frederik Bos, 2-e foarrûnte NK’23, 3-e partij

Walinga syn lêste set wie 13.31-27? 31-26 hie moatten en Bos pakte út mei13. .. 16-21 14.27×16 6×26  15.36×16 12-17 16.16×18 8×48 17.49×47 24-30 18.35×24 20×29 19.34×23 13×33 De wrâldkampioen helle it net en moast nei de tredde foarrûnte. Dat waard in ‘clean sheet’ foar him.

Dicky van der Meer – Fedde Wiersma, 3-e foarrûnte NK’23 6-e partij

Fanút de iepening gie it sa1.32-27 19-24 2.33-28 18-22 3.27×18 12×32 4.38×27 20-25 5.31-26 en nei in grouwelige misser fan Wiersma makke wyt de partij út.

Afbeelding met Zaalspellen en zaalsporten, bordspel, Games, Bordspel

Automatisch gegenereerde beschrijving

5. ..8-12? Wyt naam net daalk ien hout foar mei 6.34-30. Earst 6.37-31! 17×37 7.36×38! 16×27 8.34-30 25×34 9.39×37Ek net goed foar swart wie 5. ..15-20 6.35×15 5×25 7.40-35 10-15 8.37-31 17×37 9.36×38 16×27 10.34-30 20×40 11.150×10 9-14 12.10×19 13×24 13.39-34 4-9 14.34×14 9×20 15.35-30 20×40 16.44×35 27-31 41×21 11×31 18.49-44 5. ..17-21 hie moatten.

Yn de fjirde foarrûnte soe Wiersma mei Jouke Algra en Frâns Kingma it dield twadde plak besette. Algra en Wiersma sjogge lykswols ôf fan it NK en mei Kingma him op dat poadium bewize.

De problemen binne fan Stellinga-Baron

Nû.5 sw. 2, 4, 8, 10, 16, 26, 36 wyt 18, 28-30, 37, 38, 40

Nû.6 sw. 2, 7, 9, 10, 16, 20, 45 wyt 21, 23, 27, 30, 38, 46, 49, 50

Afbeelding met Zaalspellen en zaalsporten, bordspel, Games, Bordspel

Automatisch gegenereerde beschrijving

Nû. 7 sw. 4, 12, 18, 19, 23, 26, 36, 45 wyt 15, 25, 38, 41, 46, 48-50

Nû. 8 sw. 6, 8, 10, 11, 13, 15, 19, 26 wyt 28, 31, 37, 40, 42, 43, 45, 46

Oplossingen stjoere foar 1 desimber.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 3-11-2023

Damklup ‘De Rûge Wolf’ fan Lollum hie freed 27 oktober 2023 de primeur. De jonge Malte Schulz fan Hamburg spile syn earste partijen op it echte boerd. Nei twa jier proefdraaien op lidraughts ûnder de namme HawaiiBlue, soe it dan no heve by de jierlikse dammerij ‘It Rûge Boerd’. Soks foel noch net ta tsjin de âlde foks Cor Kooistra en Hidde de Vries dy’t oan in come-back dwaande is. Op lidraughts, mei faaks mar koarte tinktiid, leart Schulz lykswols hurd by. ‘

Malte Schulz – Marten Walinga, 10-10-2023, lidraughts ‘Daily Frisian Arena’

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 12-17 5.42-37 17-21 6.26×17 11×42 7.43×41 18-23 8.33-29Better is 8. 38-32 23×43 9. 44×42. Mar wrâldkampioen Walinga hie ek better8… 7-11 8… 19-24 9. 34×12 23×32 10. 31×33 8×17 11. 40-34 17-21  9.29×18 19×17 10.38-32 earst 31-26 is better.10… 17-21 11.48-43 2-7 12.34-30 25×34 13.39×30 20-25 14.44-39 25×34 15.39×30 9-14 16.43-39 21-26 17.39-34 8-12 18.49-44 12-17 19.30-25 Fan de fiif minuten tinktiid is al hast de helte brûkt. 19. …17-21 20.34-30 7-12 21.32-27 21×32 22.31×33 12-17 Schulz hat syn linkerkant frij makke.21. ..26×28? om 30-24 etc.23.33-29 17-21 24.29-24 14×34 25.44×24 1-7 26.50-44 10-14  26. .21-27 27.37×17 7×27 is foar swart better. 27.24-20 15×24 28.30×10 4×15 29.40-34 7-12 30.34-30 13-19 31.30-24 19×30 32.35×24 15×35 33.45×25 12-18 

34.24-19? Wyt ferspilet syn foardiel. Nei bgl. 34.24-20 18-23 35.20-14 23-29 36.25-20 21-27 37.37×17 11×22 38.36-31 26×37 39.41×12 wint wyt 34… 18×20 35.25×14 3-8 36.36-31 Wyt hat better 36. 44-40 8-13 37. 14×12 11×13 38. 37-31 26×37 39. 36×38 36… 8-13 37.14×12 11×13 38.31×11 16×7 39.41-36 13-19 40.36×16 6×26 41.37-31 26×37 42.47×27 7-11 42. ..19-24 is de winnende set. Mar sjoch soks mar ris mei minder as in minút op ‘e klok. 43.44-39 5-10?   Nei 43… 19-24 44.27-22 24-30 45.22-18 30-35 46.18-13 35-40 47.39-34 40×29 48.13-8 29-33 49.8-2 33-39 50. 2×16 wurdt it kamp. 44.46-41 11-16 45.41-37 Oant twa kear ta lit wyt mei 39-34 grut foardiel lizze.

Afbeelding met Zaalspellen en zaalsporten, bordspel, Games, plein

Automatisch gegenereerde beschrijving

45… 19-24? Ek Walinga mist de winst 45… 10-14 46.39-33 14-20 47.33-28 20-24 48.37-31 24-30 49.28-22 30-35 50.22-17 16×18 51.27-21 19-24  46.27-22 24-30 47.22-18 30-35 48.18-12 35-40 49.39-34 40×29 50.12-7 16-21 51.7-1? Mei de klok op fallen mist Schulz noch it winnende  51.7-2 29-34 52.2-35 34-39 53.35-49 39-44 54.49×40 10-14 55.40-29 21-27 56.29×26 14-20 51… 21-27 52.1×45 27×47 53.45-1 10-14 54.1-45 14-19 55.45-1 47-33 56.1-7 33-50 57.7-1 50-45 58. 1-6 en yn dizze kamp-stân gie swart troch de klok.

Oplossingen 

Nû.1 1.28-23 2.36×27 3.48-42 4.50-44 Nû.2 1.49-44 2.41-37 3.27-21 4.42-37 

Nû.3 1.26-21 2.18-12 48×17 3.12×21 Nû.4 1.17-12 2.44-40 3.47-41 4.12-7

Twa nije problemen fan Stellinga-Baron

Nû.5 sw. 2, 4, 8, 10, 16, 26, 36 wyt 18, 28-30, 37, 38, 40

Afbeelding met Zaalspellen en zaalsporten, bordspel, Games, Bordspel

Automatisch gegenereerde beschrijving

Nû.6 sw. 2, 7, 9, 10, 16, 20, 45 wyt 21, 23, 27, 30, 38, 46, 49, 50

Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 20-10-2023

Takom’ jier febrewaris mei Tsjerk Wijbenga fan Arum wer oantrede yn de earste acht. Faker kaam hy werom yn dizze kampioensklasse en wa wit hellet er in eareplak. Twadde fan Fryslân wie oant no ta syn heechste. De promoasje wie oertsjûchjend. Allinne tsjin de ferrassende Frâns Kingma fan Jorwert ferpierewaaide Wijbenga him. Wylts it him op de Hartwerter klup al sa faak sein is: ‘Efterstrike kin net!’ Nei 27. … 5-10  28.50-44 16-21  29. 26×17 7×38  30.39×37 kaam swartspiler Wijbenga mei de efterstreek 30. 25-30?? 

Kingma pakte it kadootsje út mei 31.40-34 (39-34 koe ek noch) 30×26 32.35-30 en doe wie it gau dien. Alle oare spullen sette Wijbenga om yn winst. Ek de partij fan de slotrûnte tsjin Pieter Hoogterp fan De Gaastmar. Beiden wienen al wis fan promoasje. 

T.Wijbenga – P.Hoogterp, 7-e omloop PK 2-e acht, De Gaastmar, 11-2-2023 1.32-27 17-21 2.31-26 21×32 3.33×31 16-21 4.26×17 18×16 5.34-30 19-24  5.31-26 as 38-32 en gjin ôfruil 6.30×19 9×29 7.39×19 13×24 8.38-32 20-25 9.31-26 14-20 10.32-27 12-17  11.43-39 24-30 12.35×24 20×29  13.39×19 25-30 14.40×20 15×13 15.37-31 17×37 16.41×32 16-21 17.26×17 7×38 18.42×33 13-19  Sa giet it al gau op in lykweardich middenspul ta.  Mei hoeden strike om de posysje. 19.44-40 3-9 20.33-29 19×39 21.40×38 11-16 22.38-32 9-14 23.32-27 8-12 24.49-44 14-20 25.44-40 10-15 26.46-41 20-25 27.48-43 5-10 28.43-39 15-20 29.39-34 1-7 30.31-26 10-15  De spilers komme elkoar wer ‘op ‘e lea’. 31.27-21 16×27 32.26×28 7-11 33.36-31 11-16 34.28-22 12×32 35.31×33 Wyt hat twa kear ferrassend oerdwers ôfruile 35. ..16-21 36.33-28 20-24 37.34×14 4×24 38.40-34 24×44 39.45×43 2-8  It giet hurd op it einspul ta.  40.41-37 15-20 41.43-39 25-30 42.28-23  41. ..20-24 is folle better. Wyt beset no it sintrum.  42. ..8-12 43.37-31 21×41  44.47×36 12-17 45.36-31 17-21 46.31×11 6×17  47.50-44? 

Swart lit de kâns op kamp slûpe.  47. ..20-24!  48.23×34 17-21 49.34-30 21-27 50.30-25 27-31 51.25-20 31-37 52.20-14 37-42 53.14-10 42-48 47. ..30-35? 48.39-33 17-21  No 48. ..20-24 ferliest. Wyt sil mei de daam de lange line besette en de houten steane goed. 49.23-18 21-26 50.18-12 26-31 51.12-7 31-37 52.7-1 37-41  52. ..37-42 53.1-45 42-48! 54.45×29 (45×24 is kamp om 48-39) 48-31  55.33-28 jout mear tsjinspul. 53.1-45 20-25 54.33-28 41-46 55.28-22 46-10 56.22-17 10-28 57.17-12 28×50 58.12-8 50-39 59.8-3 39-48 60.3-20 25×14 61.45×50  

Fjouwer problemen fan Ties Slagter. 

Nû.1 sw. 1, 3, 7, 9, 14, 17, 22, 25, 30 wyt 26, 28, 29, 36-39, 48, 50 

Nû.2 sw. 2, 4, 7, 10, 15, 16, 18, 20, 40 wyt 27, 32, 33, 38, 41-43, 47, 49 

Nû. 3 sw. 2, 4, 6-10 wyt  16, 18, 26, 27, 33, 37, 43 

Nû. 4 sw. 3, 6, 10, 14, 16, 20, 25, 30 wyt  17, 22, 23, 26-28, 44, 47 

Oplossingen stjoere foar 3 novimber. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Rubryk 6-10-2023

Benammen troch it krewearjen fan de Stifting WFD (Wrâldkampioenskip Frysk Damjen) komt it Frysk Spul mear en mear ûnder de oandacht bûten de provinsjegrinzen. En witte oaren as Friezen dizze tinksport te finen. 

De betûfsten yn de einspul-fariant FRYSK! wienen ferline jier Amsterdammer Hans Jansen dy’t it NK wûn en wrâldkampioen Auke Zijlstra fan Utert. En yn novimber sille de bêste fiif jongereindammers nei Aosta yn Itaalje en dêr in ynterland ferdamje. 

Op de damsite www.lidraughts.org binne der eltse dei toernooien FRYSK! en yn it grutte spul mei dammers rûnom út de wrâld. Hichtepunt is it Fryslân Open. Hjir wurdt it ‘grutte spul’ damd en docht bliken dat de échte toppers dochs noch altiid Friezen binne.

Jansen en Zijlstra hienen earder wol sukses as gastspilers by Lollum-Waaksens en waarden klupkampioen. Zijlstra moast it yn Frjentsjer dwaan mei in plak yn de middenmoot. Yn de partij tsjin Duskova sjogge we deeglik damjen. Mar yn it einspul wurde sa as faker stekken falle litten.

Petra Duskova – Auke Zijlstra, 3-3-23 Frjentsjer 7-e omloop Fryslân Open1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.36-31 8-12 8.31-27 Nei 8.34-30 25×34 9.39×30 kin swart net oerdwers ôfruilje.  8…18-22 9.27×18 19×17 10.33-28 20-24  11.34×14 9×20 12.39-34 13-18 13.28×8 7×9 14.37-31 It middenspul kin begjinne yn in lykweardige stân. Lykas Zijlstra is de Tsjechyske wytspiler fan origine in hoekse dammer. Beiden komme goed troch de faaks drege iepening.14…2-7 14. ..9-13 en dan 17-21 mei de ôfruil is goed. 15.44-39 7-11 15. ..12-18 en de geunstige twa-om-twa ôfruil troch 18-22 kin wyt net mear foar wêze.16.50-44 20-24 17.34×14 9×20 18.35-30 25×34 19.39×30 12-18 20.44-39 20-24 21.30×19 18×20 22.40-35 20-25 23.39-34 10-14 24.49-44 14-20 25.44-40 17-22 26.32×12 11×13   Op de dûbele hoeke fan wyt oan.  27.31-27 13-19 28.43-39 19-24 29.34×14 20×9 30.48-43 9-14 31.35-30 25×34 32.39×30 14-20 Der is noch gjin foardiel foar ien fan beiden. 33.30×10 5×14 34.43-39 14-20 35.40-35 20-25 36.38-32 6-11 37.39-33 3-8  38.35-30 25×34 39.33×35 8-13 Op nei it einspul.   40.42-38 13-19 41.38-33 15-20 41. ..4-9 bringt swart ek gjin foardiel. 42.33-29 19×39 43.35-30 20×40 44.45×43 11-17 45.27×7 1×12 

Afbeelding met Zaalspellen en zaalsporten, bordspel, plein, schaak

Automatisch gegenereerde beschrijving

Yn it einspul leit winst as ferlies hiel tichteby elkoar. 46.43-39 is de set. Wyt ferliest no in tempo. 32-27 kin letter ek noch wol. 46.32-27 12-18 47.43-39 4-9?Mei 47. ..18-23 kin swart noch foar wêze dat wyt der twa houten ûnder set en winne sil. Mar wyt lit it hjir lizze.48.39-34? 9-14 49.34-30 

Afbeelding met Zaalspellen en zaalsporten, bordspel, plein, Games

Automatisch gegenereerde beschrijving

49. …14-19 50.47-41 19-24 kamp en op 50.30-25 rinne mei skiif 19 nei de daam.49. ..18-23? 50.47-42 14-19 51.42-38 23-29  Swart komt earst oan en moat in hout jaan.    52.30×28 19-24 53.28-22 24-30 54.22-18 30-35 55.18-12 35-40 56.12-7 40-44 57.7-1 44-50 

Afbeelding met Zaalspellen en zaalsporten, bordspel, Games, plein

Automatisch gegenereerde beschrijving

Wyt sjocht apen en bearen. Daalk 1-6 en it is gau dien. 58.1-45? 50-11 58. ..50-6 59.45-40 (11-16 kin dan net) 6-1 60.40-45 1-6 mei kamp.  Wyt hie no mei 59.45-23 de lange line besette moatten. 59.45-50 11-2?     59. …11-7 60.27-22 7-28 61.16-21 is kamp. Mei 60.50-45 (2-13 kin net) 2-8 61.38-32 16-21 62.27×16 wint wyt.  60.38-33 2-13?

Afbeelding met Zaalspellen en zaalsporten, bordspel, plein, Games

Automatisch gegenereerde beschrijving

Swart set beide houten op slach en Duskova pakt har kâns no wol. 61.27-21! 13×43 62.50-45 16×27 63.45×41 

De earste twa problemen binne fan Ties Slagter. Ek al in hoekse dammer fan origine dy’t it Fryske Spul fûn hat.

Nû.1 sw. 1, 3, 7, 9, 14, 17, 22, 25, 30 wyt 26, 28, 29, 36-39, 43, 50

Nû.2 sw. 2, 4, 7, 10, 15, 16, 18, 20, 40 wyt 27, 32, 33, 38, 41-43, 47, 49

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 28-4-2023

Yn dizze lêste rubryk foar it simmerskoft omtinken foar in dammer út Brabân. Ties Slagter is dêr ien fan de bettere hoekse dammers. Hy hat him no ek talein op it Fryske Spul. Yn de koroana-tiid spile er op lidraughts hiel wat partijen en fan it maitiid kaam hy foar it earst op in toernooi yn aksje. Soks gie dat it slydjaget mei in hiel kreas 14-e plak by it Fryslân Open en in 50%  skoare. Der hie noch mear ynsitten as Slagter yn it einspul minder stekken falle litten hie. Wat it noch moaier makket is dat hy my in pear prachtige problemen stjoerde, mei de oplossingen fierderop.

probleem 1 

probleem 2 

probleem 3 

Yn de earste omloop fan it Fryslân Open hie Ties Slagter de drege Bauke Dijkstra, dy spilet yn ‘de twadde acht’!, op in hier nei te pakken. Mar doe ferbarge  de swartspiler it noch mei 54. ….14-46? 

En der folge 55.21-16! En daamslach giet foar 55. ..46×26 56.16×36 kamp De folgjende stân komt út de fjirde omloop. Slagter hie wyt en waard it hjir, nei 50.14-10, mei de Tsjechyske Petra Duskova iens dat it kamp wie. 

Soks wie in te hastich beslút. 50. ..16-21 51.10-5 28-33 52.5-41 33-38 53.41×11 38-42 (as 43) 54.11-50 wint as 50. ..28-32 51.10-5 32-38 52.5-41 16-21 53.41×11 38-42 (as 43) 54.11-50 wint 50. ..38-33 51.10-5 33-38 (sjoch earder) 51. ..33-39 52.5-41 wint  

Dan kin de einstân fan de ledderwedstriid opmakke wurde.  

1.A. de Schiffart, Wommels, 474 pt.; 

2.Tj.Smedinga, It Hearrenfean 349 pt.; 

3.K.Wiersma, Nij Beets 346 pt.; 

4.G.Tigchelaar, Ysbrechtum 297 pt.; 

5.P.Looge, Tsjummearum 283 pt.; 

6.G.IJkema, De Gaastmar 188 pt.; 

7.S.van Steinvoren, Dronryp 160 pt.; 

8.S. de Boer, Burdaard 134 pt.; 

9.J.Schilstra, Boalsert 102 pt.; 

10.F.Wiersma, Easterein 80 pt.; 

11.J.Wiersma, Wommels 72 pt.; 

12.A.Zijlstra, Utert 68 pt.; 

13.J. de Boer, Berkel en Rodenrijs 56 pt. 

14.G.Harkema, Snits 54 pt.; 

15.Sj.T.Kooistra, Boalsert 48 pt.; 

16.P.Sikma, Hartwert 44 pt.; 

17.T.Slagter, Den Bosch 16 pt.; 

18.B.Kroon, Blauhús 14 pt.; 

19.Sj.Couperus, Wommels 12 pt.; 

20.J.Reade, Manchester 8 pt.; 

probleem 1 1.24-19 2.45-40 3.37-32 

probleem 2 1.42-37 3.29-23 4.48-43 

probleem 3 1.29-24 2.33-28 3.30-24 

In goede simmer tawinske. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Rubryk 14-4-2023

Op de lêste freed fan maart waard yn Blauhús foar de sawnde kear de finale fan de Fryslân Kup ferdamd. Nei twa kear Jelle Wiersma, Siebe Walinga en Taeke Kooistra moasten de Hartwerters Tsjerk Wijbenga en op ‘e nij Kooistra útmeitsje wa’t de priis pakke soe. Kooistra wie sa fier kommen troch Fedde Wiersma, Willem Hoekstra, Rein Jan Walinga en Marten Walinga ‘út de beker te knikkerjen’. Wijbenga wie Leo Altena en Frâns Kingma de baas, hie in steand nûmer en wûn yn de heale finale fan Folkert Groenveld. De finale wie 0rille gau beslikke doe’t Wijbenga yn it middenspul in pear misse streken die en op ‘e nij de winst oan angstgegner Taeke Kooistra litte moast. Dy pakte sa de tredde Kup-winst op in rige. Syn heale finale tsjin Walinga sille we hjir earst besprekke.

M.Walinga – T.Koostra, heale finale Fryslân Kup, Hartwert 20-3-2023

1.31-26 19-24 2.32-27 20-25 3.37-31 17*37 4.41*32 14-20 5.34*14 10*19 6.40-34 11-17 7.44-40 4-10 8.47-41 7-11 9.41-37 1-7 10.31-27 17-21 11.26*17 11*31 12.37*26 16-21 13.26*17 18*16Dizze beide matsjedoaren witte fansels hoe’t in iepening spile wurde moat. No wykt Walinga fan de téory. 42-37 as 32-27 is wenst  14.46-41 19-24 15.34*14 10*19 16.41-37 19-24 17.39-34 24*44 18.50*39 7-11 19.40-34 11-17Der folget in dryste set fan wyt. 37-31 is better. 20.32-27 17-21 21.37-31 21*32 22.38*27 20-24 Swart kin skerper troch 22. ..12-18 23.31-26? 16-21! en op 23.42-37 18-23!, dan mar 23.42-38?23.34*14 9*20 24.33-29 20-24 25.29*20 25*14 en it spul is wer yn it lykwicht.26.39-34 3-9 27.27-21 16*27 28.31*22 12*32 29.42*22 2-7 30.36-31 7-11 31.31-27 14-20 32.34-30 20*40 33.35*44 9-14 34.43-39 5-10 35.48-42 Folle better is 35.49-43   35. ..13-19 36.44-40 15-20  37.39-34? 42-37 moat

It is daalk út nei de kombinaasje 37. …8-13! 38.22×2 11-17 39.2×11 6×3937. …10-15? 38.42-37 20-24! 39.34-29 24*33 40.40-34 33*35 41.45*5 Wyt hellet in daam, mar swart kombinearret

41. …19-23! 42.5*16 6*17 43.37-31 Lykswols rint de partij nei kamp. Mei de tuskenset 41. ..8-13 42.49-43 as 49-44 (wat oars?) en dan pas 42. ..19-24! 43.5×16 6×17 hie it krekt oars kommen. Mei de swarte skiif op 24, yn stee fan 23, hie swart twa skiven nei de daam wrotten en wûn. Aldergeloks foar Kooistra wûn hy it ‘pingel-sjitten mei FRYSK!, en helle dochs de finale.43. ..17-22 44.31-26 22-28 45.26-21 28-32 46.21-17 32-37 47.17-11 37-41 48.11-6 41-46 49.6-1 46*50

T.Wijbenga – T.Kooistra finale Fryslân Kup, Blauhús 31-3-2023

1.32-27 20-24 2.33-29 24×33 3.34×32 15-20 4.39-34 20-25 5.35×15 5×25 6.40-35 10-15 7.34-30 25×34 8.35×33 17-21 9.31-26 15-20 10.26×17 11×31 11.37×26 16-21 12.26×17 18×16 13.41-37 20-24 14.44-40 16-21 15.40-35 24-30 16.35×24 19×30 17.49-44 6-11 18.46-41 11-16 19.32-27 21×34 20.44×35 16-21 Wijbenga lit stekken falle 21.37-31 en 22.38-32 is better en wêrom 23.21-27? 21.36-31 21-26 22.35-30 12-18 23.31-27 26×28 24.38-32 7-12 25.32×23 18×29 26.30×28 13-18 27.42-38 14-20 28.37-32 12-17 29.41-37 18-23 30.28×19 20×18 31.38-33 17-21 32.43-38 21-26 33.32-28 9-14 34.28-23? 18×29 Wyt komt in hout efter en it wurdt in toer om it foarlike swarte hout werom te winnen. 35.33×24 14×34 36.37-32 8-12 37.32-27 26×28  38.38×7 1×12 39.50-44 3-9 40.44×24 9-14 41.48-42 14×34 It is no gau dien. 42.42-38 12-18 43.47-42 18-22 44.38-32

Nû.25 sw. 11, 13, 14, 16, 24, 26, 45 wyt 28, 33, 36, 42, 48-50

Nû.26 sw. 13, 14, 17, 20, 24, 26, 45 wyt 15, 32, 33, 39, 41, 48, 50

En twa nijen fan Hiele Walinga

Nû.27 sw. 4, 10, 13, 15, 19, 38 wyt 21, 24, 30, 36, 40, 42, 49

Nû.28 sw. 3, 7, 14-17 wyt 27, 30, 31, 37, 38, 44, 47

Oplossingen stjoere foar 28 april.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 31-3-2023

Jûn kin Tsjerk Wijbenga fan Arum syn damjier hielendal slachje litte. Dan moat er yn de dam-arena ‘Sie-Sa’ te Blauhús de finale fan de Fryslân Kup winne. Hy sit tsjin klupgenoat en bekerhâlder Taeke Kooistra. Jierrenlang wie der foar him in soarte fan barrière, ‘winne fan de mearfâldich kampioen, dat kin net’. Mar it liket derop dat Wijbenga syn angstgegner no misskyn wol oan kin. Earder helle hy moaie risseltaten mei in kampioenskip yn de ‘twadde acht’en by it Fryslân Open damde hy him nei in swiere barraazje by de bêste nûmers fiif oant en mei acht. De jûns moasten se wer oantrede foar de earste omloop en waard ferspile yn it prachtige planetarium fan Eise Eisinga.

Jouke Algra – Tsjerk Wijbenga, 3-3-23 1-e omloop, masters Frjentsjer1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 11-17 6.36-31 19-24 6. ..25-20 7.40×18 8×26 is goed foar swart  7.34-30 25×34 8.40×20 14×25 9.42-38 10-14 10.31-26 16×36 11.46×26 14-20 12.44-40 20-24 13.41-36 24-29 14.39×19 13×24 15.43-39 8-12 16.27-21 9-13 17.38-33? 37-31 4-10 Daalk 17. ..14-20 18.40×20 (ferpl.) 25×14 is better foar swart.18.40-34 24×44 19.49×40 13-18 No folget in al te dryste set fan wyt. 20.39-34 is better. 20.33-28 18×38 21.48×28 3-8 Swart kin skerper mei 21. ..6-11 22.39-34 8-13 23.37-31 13-18 24.28×8 7×9 25.50-44 9-14 26.34-30 25×34 27.44×4 5×3 28.40-34 10-14 29.47-42 2-7 30.21-16 6-11 Hjir liket 12-18 better. 31.16×18 12×23 32.31-27 1-6 33.42-37 14-20 

Swart syn set leit foar de hân, mar wyt kin no útpakke mei 34.27-22! 23×21 35.26×17 7×47 36.34-29 47×24 37.35-30 24×35 38.45×5 mei in winnende stân.34.37-31 7-12 35.27-21 11-17 Nei 35.34-30 20×40 36.35×44 15-20 37.44-40 20-24 38.40-34 24×44 39.45×43 kin swart oars net strike as mei de skiven 3 en 15 en rint it op.36.21-16 12-18 driget 17-21 37.16-11 17-22 38.11-7 6×8 39.26-21 8-12 Wijbenga strykt it no út.40.21-16 23-28 41.34-30 20×40 42.45×34 28-33  43.34×32 22×42 44.31-26 42-47 45.36-31 47-33 46.31-27 33-6

En ek yn de twadde omloop wie Wijbenga net ûnfertúnlik. Dicky v.d. Meer – Tsjerk Wijbenga, 2-e omloop masters, Frjentsjer 4-3-20231.32-27 20-24 2.31-26 15-20 3.27-21 16×27 4.26×28 17-21 5.37-31 20-255. …11-17 is de better. 6.35×15 5×25 7.40-35 10-15 7. .. 25-30 is oanwezen.

8.28-22! 21×23 9.35-30 24×35 10.24-20 25×32 11.45×5 en nei 8. ..18×27 9.31×22 12×32 as 9. ..21×23 10.33-29 etc. wyt +1 Dus 8. ..12×32 etc. mei in bettere stân. Mar wyt nimt de kar foar in grutte slach8.35-30! 24×35 9.28-23 18×40 10.50×30 25×32 11.38×16 6×37 12.45×5 11-16 13.42×31 16-21 14.31×11 7×16 15.39-34 14-20 16.5×7 8×6 Swart hat de daam mei lyk hout wer ôfnommen. Wyt lit no syn rjochterkant sloere. Daalk 17.39-34 kin. 17.41-37 13-19 As no 18.39-34 18.44-40 20-25 19.34-29 19×39 20.40×38 is better. 20.43×34 2-8 21.37-31 8-13 22.31-26 13-19 23.46-41 9-14 En no jout 24.34-29 spul. 24.41-37 19-24 25.49-44 3-9 26.48-43 4-10 27.43-39 wie de lêste kâns. Wijbenga makket it mei in slachje út. 27.34-29 24×33 28.43×23 9-13  29.23×3 1-7 30.3×20 10×39

De problemen binne fan Stellinga-Baron

Nû.25 sw. 11, 13, 14, 16, 24, 26, 45 wyt 28, 33, 36, 42, 48-50

Nû.26 sw. 13, 14, 17, 20, 24, 26, 45 wyt 15, 32, 33, 39, 41, 48, 50

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 17-3-2023

Frjentsjer wie begjin maart it sintrum fan de Frysk-damwrâld, misskyn wol fan de hiele damwrâld. Stifting WFD koe nei de koroana wer treflik organisearje, trije dagen it Fryslân Open, oanslutend it grutmaster- en mastertoernooi en as útsetter it WK FRYSK!. Analist en âld-wrâldkampioen Alexander Schwarzman seach Folkert Groenveld en Jelle Wiersma mei 6,5 pt. boppe oan einigjen yn it Fryslân Open. Twa oare Friezen, Marten Walinga en Henk Haanstra, beselskippen harren yn de grutmasters. Dat sette útein yn de moaiste seal fan Fryslân, it planetarium fan Eise Eisinga. Dammers fan bûten ús provinsje damden har ek yn de kiker. Wat te tinken fan Auke Zijlstra fan Utert mei de WK-titel yn de einspul-fariant FRYSK! en de Tsjechyske Petra Duskova mei de moaiste kombinaasje fan it toernooi. Grutte man wie lykswols Henk Haanstra fan Aldegea-SWF. Jierrenlang damde hy krekt tsjin de top oan en no wie it einliks raak. 

M.Walinga – H.Haanstra, Frjentsjer 4.3.2023, tredde omloop Grutmasters1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 11-17 6.27-22 17×28 7.34-30 25×34 8.40×27 14-20 9.39-34 20-25 10.43-38 10-14 11.34-29 19×39 12.38×40 14-20 In rêstige iepening, Walinga kin der noch gjin tûkelteammen yn frisselje.13.37-31 13-19 14.31-26 19-24 15.42-37 5-10 16.47-42 9-14 Wyt besiket wat oars 17.42-38 7-11 18.37-31 8-12 19.41-37 En dan letter oanfalle mei 37-32, mar swart nimt in grutte ôfruil

19. ..11-17! 20.27×18 6-11 21.26×17 24-30 22.35×24 25×43 23.44×42 20-25 Posysjoneel bouwe yn it middenspul.24.46-41 14-20 25.40-35 20-24 26.36-31 3-8 27.31-26 8-12 28.26-21 10-14 29.41-36 14-20 30.42-37 24-30 Swart hat sa in goede hek-stelling, mar ferbrekt dy daalk ek wer. Dat kan altiid noch wol. Earst 30. ..12-18 is better. 31.35×24 25×23 32.36-31 20-25 33.37-32 12-17 34.21×12 2×42 35.48×37 1-7 It giet op in lykweardich einspul ta. 36.31-27 7-11 37.50-44 15-20 De tinktiid wurdt minder en sa komme der mindere setten en kânsen. Foar wyt is 38.45-40 better en swart hie de ôfruil 38. ..23-29 nimme moatten.38.44-39 20-24 39.37-32 4-10 Wyt hie winstkânsen nei 39.49-43 4-9 40.39-33 23-29 41.43-38. 40.49-44 25-30 41.39-33 23×43 42.44×42 30-34 43.27-22  

De partij Wiersma – Groenveld wie al kamp wurden en Haanstra hie no ek oan kamp genôch foar de priis. 43. ..11-16 44.32-28 16-21! 45.45-40! 21×32 46.40×20 10×30 47.42×2 is dat, mar ek folstiet 43. ..10-14 44.22-17 11×22 45.32×12 34-40 46.45×34 24×44 47.12-7 44-50 48.7-1 50-28 49.1-6 28-46 50.42-38 14-20

Yn de fjifde omloop fan it Fryslân Open struts Tsjerk Wijbenga mei swart24. ..6-11 en ôfruilje 13-19, mar Petra Duskova helle út mei 25.24-20! 15×24 26.40-34 24×44 27.27-22 21×23 28.43-39 44×31 29.37×28Earst noch de oplossing fan it drege probleem nû.18 1.28-23 x31 2.42-38 x34 3.47-42 x32 3.x27 x22 4.42-37 etc.

Nû.21 sw. 2, 4, 6-9, 13, 35 wyt  16, 20, 24, 28, 29, 32, 41, 49

Nû.22 sw. 5-9, 17, 15, 16, 20, 25 wyt 26, 27, 34-36, 40, 41, 45, 47, 49

En twa nijen fan Stellinga-Baron

Nû.23 sw. 8, 10, 11, 13, 16, 18, 19, 26 wyt 25, 27, 32, 34-36, 40, 43

Nû.24 sw. 2, 6, 9, 10, 13, 19, 26, 29, 45 wyt 16, 17, 28, 30, 32, 36, 46, 49, 50

Oplossingen stjoere foar31 maart.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 17-2-2023

Jelle Wiersma fan Wommels, lid fan de Stadige Strikers fan Skearnegoutum, is foar de tsiende kear Frysk kampioen wurden. Nei de fiifde omloop wienen der fjouwer kânshawwers. Henk Haanstra mocht noch hoopje mei trije punten, mar heake ôf troch in ferliespartij tsjin Folkert Groenveld. Marten Walinga stie mei fjouwer punten boppe oan, mar tippele yn in kombinaasje tsjin koprinner en rekôrkampioen Taeke Kooistra.

Nei 23.49-44? 6-11! 24.26×6 2-7 25.6×19 15-20 26.30×10 5×32 27.42×22 17×28 wie it gau dien en kaam Kooistra op fiif punten. Hy hie it yn hâldershân mei noch ien partij te gean. Al hime Wiersma him mei 4,5 punten yn de nekke. De winst wie tsjin Siebe Walinga, ferline jier hast kampioen, mar no de partij ferbarge en degradaasje drige. Dyselsde Walinga soe yn de lêste omloop dochs de trochslach jaan yn de race om de titel. Jelle Wiersma weefde ôf mei Marten Walinga en broer Siebe wûn fan Kooistra. Dat by eintsjebeslút wie it wer Wiersma mei syn seisde titel op in rige. J.Wiersma – M.Walinga, PK 2023, 7-e omloop, De Gaastmar, 11.2.2023 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.37-31 7-12 8.42-37 2-7 9.47-42 7-11 De rún fan stâl en komt soks goed yn de lange hoeke? Mar wyt, lykas swart, damje neffens it boekje. 10.31-26 16-21 11.26×17 18×16 12.37-31 19-24 12. ..12-17 13.31-26 17-21 14.26×17 16×18 15.42-37 9-13! is goed foar swart. De lange hoeke is frij en 16.34-30 kin net, dan kriget swart in daam. 13.34×14 10×19 14.40-34 16-21 15.44-40 21×41 Wyt kin moai tebek slaan. 16.36×47 19-24 17.34×14 4×24 18.32-27 24-29 19.33×24 20×29 20.39×19 13×24 21.49-44 1-7 22.27-22 12×32 23.38×27 11-17 24.40-34 17×37 25.34×14 9×20 26.42×31 8-12 27.44-40 12-17 27. ..20-24 hie better west. 28.40-34 5-10 29.50-44 3-9 30.44-40 9-13 Wyt hat in sterk blok yn de dûbele hoeke en altiid de oanfal mei 34-30. 31.47-41 7-11 32.31-26 17-21 33.26×17 11×22 34.41-37 6-11 35.37-31 11-16 36.43-38 13-19 37.38-32 22×42 38.48×37 10-14 Wyt komt yn in winnende posysje.

Nei 39.37-32 19-24, swart kin net oars, der folget 40.34-29 24×33 41.32×34 en it is yn de koartste kearen dien. 39.31-27? 19-24 40.34-29 24×33 41.35-30 25×34 42.40×38 20-24 43.37-32 24-30 44.27-21 16×27 45.32×21 30-34 46.21-17 15-20 47.17-12 No lit swart kamp lizze.

Earst 47. ..34-40 48.45×34 20-24 49.34-30 24×35 50.12-7 35-40 47. ..20-24? 48.38-33 34×32 49.12-8 32-37 50.8-3 14-19 51.3-17 Alles stiet op slach en swart jout op.

Nû.17 sw. 1, 4, 12-14, 19, 20, 23, 36 wyt 6, 25, 32, 33, 38, 39, 41, 43, 44 Nû.18 sw. 1, 2, 4, 8, 10, 12-14, 36 wyt 22, 24, 25, 28, 32, 42, 43, 47, 49

En noch twa fan Stellinga-Baron

Nû. 19 sw. 11, 13, 14, 17, 20, 21, 24, 30 wyt 29, 33, 37, 39, 42-44, 47

Nû. 20 sw. 7, 14-16, 19, 20, 26, 36 wyt 27, 28, 34, 37, 38, 41, 47, 49

Oplossingen stjoere foar 3 maart. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 3-3-2023

Foar de lêste omloop fan it Frysk kampioenskip  hie rekôrkampioen Taeke Kooistra fan Hartwert in goede kâns om syn njoggentsjinde(!) titel te heljen.  Mei fiif punten stie der in heal foar op Jelle Wiersma en in fol punt op Marten Walinga. Dy twa moasten tsjin elkoar en de striid gie lang lyk op. Oan de ein wikselen de kânsen, mei Wiersma by eintsjebeslút as winner. Kooistra siet doe noch tsjin Siebe Walinga. Mei kamp soe der lyk komme mei Wiersma.  En dan in barraazje om it kampioenskip. Sa fier soe it net komme. 

T.Kooistra – S.Walinga, De Gaastmar 11 febrewaris 2023, 7-e omloop PK  

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.36-31 8-12! Meastal folget 7. ..7-12 en mei de folgjende set stiet wyt ta dat swart oerdwers ôfruilje kin. 8.34-30 liket better. 8.31-27 18-22 9.27×18 19×17 10.37-31 3-8 11.42-37 9-14 Dan no mar 12.34-30 25×34 13.39×30 20-25 14.44-39 25×34 15.39×30 14-20 Efterstrike troch 30-25 kin fansels net om 17-22 16.50-44 20-25 17.44-39 25×34 18.39×30 15-20 Swart hollet wyt syn rjochterkant út. 19.30-24 20×29 20.33×24 10-15 Daalk 17-22 en 22-27 is noch better. Wyt letter troch 34-30 oanfalle. 20. ..21-27 is in prima alternatyf. 21.40-34 17-22! 22.47-42 22-27! Swart jout in hout wei. 

Mar kriget it gauw erom mei in stân as in dyk. Wylts wyt der minder goed op stiet. 23.31×22 16-21 24.22-17 7×47 25.48×46 21-26 26.49-44 6-11 27.44-40  Daalk 27.34-30 is better. Swart moat dan wol 13-19. Lykswols nimt swart net it skerpe 27. ..13-18 en dan 12-17 foar kar. 27. ..13-19 28.24×13 12×14 29.34-30  8-12 30.30-24 14×34 31.40×29 11-16  Wyt kin opbouwe troch 29-24 en letter 43-39 en 39-34. No folget in dryste set. 32.32-28!? 12-17 33.43-39 1-6 34.42-37  Wyt wol oerdwers ôfruilje troch 37-31 

Mei de forcing 34. ..26-31! 35.37×26 16×36 36.46×26 7-11 sil swart gau winne.  34. ..17-21? 35.39-34 15-20? Better is de oanfal troch 6-11 en 11-17 mei de grutte driging 37-31. Wyt kriget no wer spul. 36.34-30 20×40 37.35×44  Foarút slaan is hjir better. Nei 37.45×34 2-7 38.38-33 21-27 39.37×17 16×38 40.33×42 liket wyt noch wat spul te hawwen. 37. ..2-7 38.44-39 21-27 39.37×17 7×27 40.45-40 27-31 41.28-22 31-36 42.22-17 16×18 Wat oars? Der drige 36-31 en 26-21 mei trochbraak.  No hâldt de skiif op 46 twa swarten fêst. 43.38-32 6-11 44.39-34 18-22 45.32×12 11×13 46.40-35 13-19 47.29×9 4×13  Swart strykt it goed út. 48.35-30 13-19 49.30-25 5-10 50.34-30 10-14  

En wyt moat noch in hout jaan. 51.30-24 14×34 52.25-20 34-40 53.20×18 40-44 54.18-12 44-50 55.12-8 50-28 56.8-3 36-41 Wyt jout op. Nei 57.46×37 28×46 hellet swart in twadde daam mei winst. In daam helje op fjild 4 ferliest ek 54.18-13 44-49 55.13-9 49-32 56.9-3 32-10 Wyt net de line 4-36 besette litte. Dat is kamp. 57.3-12 36-41 etc. as 54. ..44-50 55.13-9 50-28 56.9-4 28-32 57.4-15 32-5 Wyt moat fan de line 4-36 en swart hat krekt noch ien set mei de daam. 58.15-33 36-41 etc. Soks betsjutte Wiersma syn tsiende kampioenskip.

In nij problemen fan Hiele Walinga 

Nû.21 sw. 2, 4, 6-9, 13, 35 wyt  16, 20, 24, 28, 29, 32, 41, 49  

Ut in partij, swart strykt 12-17 en ferliest, ynstjoerd troch Bauke Dijkstra. 

Nû.22 sw. 5-9, 12, 15, 16, 20, 25 wyt 26, 27, 34-36, 40, 41, 45, 47, 49 

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com