Categorie archief Rubryk

doorfriesdammen

Rubryk 3-2-2023

Nei de earste twa omlopen fan it Frysk kampioenskip hat Taeke Kooistra, rekôrhâlder mei achttsjin(!) titels, as ienige de folle twa punten. De beide promovendi Dicky van der Meer en Folkert Groenveld koenen it net risse. Van der Meer rûn yn in luzich slachje. Nei 38.40-35? folge Kooistra mei

38. ..19-23! 39.33×13 24-30 40.35×24 16-21! 41.27×7 7×30

Swartspiler Folkert Groenveld hie kamp meitsje kinnen yn de twadde omloop mei

45. ..13-19  46.47-41 1-6 (driget 7-12) 47.39-33 7-12! 48.22×2 11-16  49.2×30 25×21 50.26×17 16×8 51.45×25 mar der folge 45 ..1-6? 46.27-21 11×31 47.26×37 6-11 (der drige 22-17) 48.37-31 11-16 49.39-33 13-19 50.22-18! 19×17 51.31-27 17×37 52.47×27 en swart komt oan.

Kampioen Jelle Wiersma ferlear yn de earste omloop ferrassend fan Henk Haanstra. Mar koe nei in spektakulêre partij tsjin Hein de Vries in punt telle.J.Wiersma – H.de Vries, Aldegea-SWF, 28-1-2023, twadde omloop PK1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 19-24 6.34×14 10×19 7.32-27 17×37 8.41×32 12-17 9.33-28 7-11 10.35-30 25×34 11.39×10 5×14 12.43-39 16-21 13.46-41Twa dryste setten, mar wol de bêsten.13. ..2-7 14.39-33 18-22 15.32×12 7×18 16.40-35 18-22  It spul wurdt op skerp setten en in ûntlading kin net útbliuwe

17.33-29! 19×46 18.35-30! 46×35 19.45×5 21×45 20.5×20 9-14 Swart kin de dasam mei lyk hout wer ôfnimme en it einapul is lykweardich. 21.20×22 8-13 22.22×9 3×14 23.26-21 1-7 24.36-31 4-9 25.31-26 9-13 26.50-44 45×43 27.48×39 13-18?  Hjir giet it mis mei swart. Nei 27. ..7-12 28.21-17 (ferpl.) 12×21 29.26×17 14-20 30.39-33 13-18 31.17×19 20×18 rint it kamp.28.39-34 14-20 29.49-44 18-22 30.21×23 7-11 31.23-18 11-16 32.26-21 16×27 33.18-13 27-31 34.13-9 31-36 35.9-4 36-41 36.4-10 41-46 37.10×50 6-11 38.44-39 46-37 39.39-33 11-17 40.50-45 37-26 41.34-30 26-37 42.30-25 Swart mei noch ien kear mei de daam, mar hat gjin plak mear.

Twa problemen fan Stellinga-Baron

Nû.17 sw. 1, 4, 12-14, 19, 20, 23, 36 wyt 6, 25, 32, 33, 38, 39, 41, 43, 44

Nû.18 sw. 1, 2, 4, 8, 10, 12-14, 36 wyt 22, 24, 25, 28, 32, 42, 43, 47, 49

Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com


doorfriesdammen

Rubryk 20-1-2023

De kommene wiken steane de grutte wedstriden op it programma. Moarn te
Easterein it klupkampioenskip, de twa wiken dêrop it persoanlik kampioenskip en as útsetter it Fryslân Iepen. As foaroanman en earste boerd spiler fan de Lollummer klup sil Marten Walinga misskyn wol de kampioenstsjelke heech hâlde meie. Soks soe foar ‘De Rûge Wolf’in primeur wêze. Dan moatte se al ôfweve mei kampioen Skearnegoutum en Hartwert, werom op it heechste nivo. En poets de Blauhústers ek net út. Walinga hat ienris de Fryske titel wûn. Faaks siet er der hiel tichteby. Syn aventoerlike spul hat him hjir misskyn wol behindere. Mar ek hiel wat brocht, sa as de wrâldtitel en in fracht oan prizen op dammerijen, lykas yn Blauhús ferline
wike freed.

F.Groenveld – M.Walinga, Blauhús 13-1-2023, Stryk-ta 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 1737 4.4132 16-21 5.2617 1241 6.4637 11-16 7.36-31 7-11 Swart wol it oars. 7. ..7-12 is wenst. 8.47-41 2-7 9.41-36 8-12 Op wyt syn lange hoeke oan. 10.34-30 2534 11.4424 2029 12.3324 1930 13.3524 18-22 Strykt swart nei fjild 21, folget der in ôfruil en hat wyt de rún wer op stâl. 14.40-35? Hjir hie 14.39-33 as 50-44 moatten. Nei 14. ..13-18 folget skiifwinst foar swart. 14. ..22-28? 15.3223 1344 16.5039 11-17 12-17 en 9-13 mei driging kin ek. 17.37-32 7-11 18.32-28! driget 24-19 mei daam 18. ..1-7 ek om de ôfruil troch 28-22 foar te wêzen. 19.28-23 9-14 20.39-34 14-20 21.34-29 20-25 22.24-19 3-9 Wyt oerfalt swart mei fjouwer dryste setten.

23.38-33 9-13 der drige 35-30 mei daam 24.233 42 25.29-23 17-21 Wat oars?
26.33-28 2141 27.3647 11-17 28.28- 22 1232 29.4211 617 en it giet op in lykweardich einspul ta. 30.49-44 17-22 31.2321 16*27 32.43-38 27-31

Moai is 33.19-14! 10×19 34.35-30 25×34 35.44×13 5-10 (ferpl.) 36.47-41 31-36
37.13-9 36×49 38.9-4 49×16 39.4×25 kamp 33.48-43 7-12 34.19-14 1513 35.354 53 36.44-40 12-17 37.40-35 17-21 38.35-30 2-7 39.30-24 13-19 40.2413 323 41.45-40 7-11 42.40-35 31-36 43.38-33 23-28 44.3322 2123 45.43-38 liket better, mar wint net. 45.35-30 23-28 46.30-24 28-32 47.24-19 32-37 48.4727 36-41 49.19-13 41-46 Beide spilers ha amper noch tiid. 50.13-8 46-5 51.43-38 5-23
Wyt is bang foar 11-17, mar hie mei 8-3 de daam op slach setten en gau kamphawn. 52.27-21? 1131 53.8-3 23-46 54.38-33 31-37 55.33-28 37-42 56.3-21 465 57.21-49 5-46 58.49-27 42-48 en wyt gie troch de klok, mei swart trije
tellen noch.

Tsjin Tsjerk Wijbinga koe Walinga der in moaie kombinaasje ynfrisselje. Nei 37.30-24 14×24 38.35×33 12-17 stie it Walinga hie wyt en wikkele ôf mei
38.25-20! 10×30 39.33-29! 30×28 40.41-36 21×32 41.36×27 en soe it einspul winne

Nei lotting binne de prizen fan de krystpuzzel foar 1.Sj.Schilstra Wommels); 2.G.IJkema (De Gaastmar) en 3.Tj.Smedinga (It Hearrenfean).

Nû. 13 sw. 8, 9, 11, 14, 16, 25, 26 wyt 20, 23, 30, 34, 36-38
Nû. 14 sw. 8, 11, 13, 15, 20, 31, 36 wyt 28, 29, 32, 38-40, 47
en twa nijen fan Hiele Walinga

Nû.15 sw. 2, 10, 11, 19, 26, 30, 36 wyt 27, 28, 42, 44, 47

Nû.16 sw. 2, 3, 6, 10, 15, 30, 35 wyt 16, 18, 21, 22, 28, 36, 39, 44, 49

Oplossingen stjoere foar 4 febrewaris.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 6-1-2023

Sa’n tsien jier lyn kaam der troch de ynisjativen fan de Stifting WFD nij elan by it Frysk damjen. Jierlyks wurdt it Fryslân Iepen ferspile mei dielname fan bûten de provinsje- en lânsgrinzen.  Hiel wat hoekse dammers spylje no ek it Frysk Spul. Wat te tinken fan de wrâldkampioenen Alexander Georgiev en Alexander Schwarzman.  En ek nasjonale kampioenen, sa as Patrick Casaril fan België, Aleksej Domchev fan Litouwen, Vaclav Krista fan Tsjechië en Hans Jansen, trijefâldich Nederlânsk kampioen. Jansen wûn okkerwyks it NK FRYSK!. Soks betsjut dat hy de earste dammer is dy’t by it oerhoeks as by it Frysk Spul in nasjonale titel wûn hat. 

FRYSK! is de einspulfariant mei fiif skiven fanút de begjin line. Nei sawn omlopen kaam Dicky van der Meer boppe oan te stean. Soks is wer in bewiis fan syn damkwaliteiten. Oer in moanne docht er mei yn de earste acht fan it Frysk kampioenskip. Jansen dielde it earste plak mei him foar de Fryske toppers Jelle Wiersma, Taeke Kooistra en Marten Walinga. No folget de barraazje, dy’t Jansen wûn. 

H. Jansen – D.v.d.Meer, barraazje NK FRYSK!, Harns, 30 desimber 2022 1.46-41 3-8 2.41-37 8-12 3.49-43 12-17 4.43-38 17-21 5.37-31 21*41 6.47*36 In posysjoneel korrekte ôfruil. 6. ..5-10 7.36-31 10-14 8.38-32 2-7 9.32-27 7-11 10.31-26 14-19 11.27-21 11*31 It spul giet lyk op, mar de spanning rint op.  12.26*37 1-7 13.37-32 7-11  13. ..19-24 is better. No ferliest swart tempo en 7-11 kin letter ek noch wol. 14.32-27 4-9 15.48-43 Mar ek wyt hie better. Strike mei skiif 50 en swart sil oankomme, al is soks nei acht setten. 

No ferliest van der Meer it spul. Kamp wurdt bygelyks 15. …19-24 16.43-39 24-29 17.39×19 9×29 as 16. …24-30 17.39-33 9-14 18.33-28 14-19 19.28-22 11-16 20.22-17 16×18 15. ..19-23? 16.50-44 9-14  16. ..23-29 kin net. Wyt rint dan efter, nei fjild 28 en oars komt swart oan. Mear kâns jout noch 16. ..11-16 17.43-38 9-14 18.44-40 14-20 19.40-35 20-24 20.38-32 23-29 21.27-22 29-34 22.35×33 24-30 17.44-39 14-19 18.39-34 11-16 Net 18.39-33 om de plakker 11-17 19.43-38 19-24 20.34*14 23-29 21.14-10 29-34 22.38-33 34*21 

Dan noch twa kombinaasjes fan Jansen by it Fryslân Iepen. Yn 2019 stie Hein de Vries der mei swart yn it einspul deeglik op, mar liet him dochs te pakken nimme. De wite skiif op 31 stiet faai. Mar nei 41.  …12-17? folge it bline 

42.28-22! 17×39 43.50-44 39×50 44.31-27 50×20 45.25×3 In jier letter moast Aleksej Domchev, mei swart, it belije nei 15. ..14-20? 

16.37-31! 17×28 17.38×18 8×28 18.39-33 28×39 19.43×5 

Dan twa problemen fan Stellinga-Baron 

Nû. 13 sw. 8, 9, 11, 14, 16, 25, 26 wyt 20, 23, 30, 34, 36-38 

Nû. 14 sw. 8, 11, 13, 15, 20, 31, 36 wyt 27, 28, 32, 38-40, 47 

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Rubryk 23-12-2022

Yn de lêste rubryk fan 2022 wurde acht problemen fan Roel Bergsma oanbean. Foar de goede oplossingen lizze trije jildpriiskes klear. Dizze âldjierspuzzel telt net mei foar de ledderwedstriid. Noflike krystdagen en in lokkich 2023 tawinske.

Nû.1 sw. 6, 21, 27, 31 wyt 16, 36, 41, 42

Nû.2 sw. 6, 10, 13, 19 wyt 16, 25, 28, 33, 44

Nû.3 sw. 7, 8, 9, 15, 17 wyt 24, 27, 30, 42, 49

Nû.4 sw. 2, 4, 13, 33, 38 wyt 17, 25, 26, 40, 42

Nû.5 sw. 8, 14, 18, 19, 20, 29 wyt 21, 27, 36, 39, 41, 48

Nû.6 sw. 4, 7, 9, 15, 42, 44 wyt 24, 28, 30, 41, 43, 45

Nû.7 sw. 13, 14, 18, 22, 27, 40 wyt 15, 31, 38, 41, 43, 47

Nû.8 sw. 4, 7, 17, 21, 22, 26 wyt 20, 25, 37, 39, 41, 50

Oplossingen stjoere foar 13 jannewaris.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 9-12-2022

In jier lyn sieten we yn de twadde tichset fan de koroana. Lokkich liket it no út te lôchjen en kinne dammerijen en kompetysjes sa as wenst trochgean. Sa damde ik okkerdeis yn de kompetysje fan Nocht&Kriich mei swart in nijsgjirrige partij tsjin Willem Hoekstra. 1.31-26 20-25  2.37-31 14-20  3.32-27 17*37   4.41*32 16-21  5.26*17 12*41    6.46*37 11-16  7.36-31 7-12    8.34-30 25*34 9.39*30 20-25  10.44-39 25*34 11.39*30 1-7 12.31-27 15-20 12. . 12-17 en letter 7-12 mei de ôfruil tebek as  17-21 kin ek   13.30-25 10-14 14.27-21 16*27 15.32*21  

15. 20-24 Nei de ôfruil troch 15. .. 18-22 is it ek lykweardich. Ek kin 15. …19-23! 16.33-29 (ferpl.) 23×34 17.35×33 18-22! 18. 21×2 14-19! 19.25×14 19×39 etc. as 19.23×14 13×44  16.25*23 19*39 17.43*34 14-20 18.49-43 20-24 Foar wyt wie 18.37-31 better 19.34*14 9*20 20.43-39 20-25!  En hjir ek 37-31. Swart kin troch 18-22 wer romte meitsje. Mar lit de skiif op 21 stean om wat út te finen. Wyt kin fansels net ûnderstrike 22.40-35 om 25-30 en 18-23 21.35*15 5*25  22.39-33 4-10    22. ..18-23! 23.48-43 (ferpl. is goed foar swart. 23.37-32 10-15 24.40-35 18-23  Stiet de ôfruil oerdwers net ta. 25.42-37 23*43 

Net 36.38×49 om 36 …25-30! 37.35×24 13-19 38.24×11 7×36 26.48*39 13-19 

27.39-34 19-23  Nei 27. …8-13 hie de stân sa west Wyt moat dan wol 28.34-29 19×39 29.38×40 mei de ôfruil 29. …15-20! 30.35×24 13-19 31.24×11 7×36 en swart stiet better. Alle oare setten fan wyt is wûn foar swart. Fansels net 28.50-44 om it heakje 28. ..15-20 28.37-31, 28.32-27, 28.47-41, 28.38-33 en 28.47-42  kinne net om  19-24!, 25-30 en 13-19 28.32-28, dan 25-30! en 6-11! 28.25-30 12-17! 29.21×23 15-20 30.30×10 3-9 21.10×8 2×35 28.50-44 Wyt hie ôfruilje moatten troch 28.34-30 

Swart tinkt de winnende kombinaasje te hawwen 28. …23-29 29.34*23 7-11 No 8-13 hie noch goed kommen foar swart 30.21*1 25-30 31.1*18 8*46 en komt op de daam, mar ferjit de wite skiif op fjild 23. En wyt kin de daam sa wer ôfnimme en sil winne. Mar wat te tinken fan (sjoch diagram) 28. ..7-11!  29.21×1 25-30! 30.1×29 (mearslach) 30×46 en wint.

Nû.9 sw. 2, 4, 9, 11, 13, 36 wyt 15, 20, 33, 40, 41, 49 

Nû.10 sw. 2, 4, 6, 7, 13, 14, 19 wyt 16, 28, 30, 34, 37, 41, 49 

en twa nijen fan Stellinga-Baron. 

Nû.11 sw. 8, 9, 17, 18, 20, 30 wyt 29, 32, 36, 39, 40, 42 

Nû.12 sw.10, 11, 16, 17, 26 wyt  24, 28, 30, 31, 41, 42  

Oplossingen stjoere foar 23 desimber. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Rubryk 25-11-2022

Dit jier wie it foar de 79-ste kear dat it

kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel” ferspile waard. Earder wie dit de Littenseradielpartij, en noch earder de Baarderadielpartij en is sa de âldste priisdammerij fan Fryslân. Lykas ferline jier waard Jelle Wiersma earste, in heal punt foar Folkert Groenveld en dêr wer lyk efter Taeke Kooistra.

T.Kooistra – J.Wiersma, tredde omloop Jorwert, 8 novimber 2022

1.32-27 19-24 2.31-26 20-25 3.37-31 17*37 4.41*32 11-17 5.34-30 25*34 6.40*20 14*25 7.35-30 25*34 8.33*35 15-20 9.32-27 17*37 10.47*27 7-11 11.27-22 18*27 12.31*22 12*32 13.38*27 2-7 14.42-37 8-12 15.37-31 12-17 16.39-34 17*37 17.31*42 11-17Swart fâlt oan op wyt syn lange hoeke. 18.44-40 9-14 19.50-44 7-11 20.42-37Dit hout kin noch gau foar de rún del.42. ..1-7 21.37-31 3-8 22.44-39 10-15 23.34-30 20-25 24.49-44 25*34 25.39*30 Wyt giet oer de oare kant en is earst 44×24 no net better? 25. ..16-21!25 ..7-12 en dan fierder wie ek mooglik26.46-41 13-18 27.44-39 18-22 28.30-24 14*34 29.39*30 7-12 30.43-38 12-18 31.40-34 21-27 32.26*28 22*42 33.41*43 48×37 liket better  34.17-22!

Wiersma bringt sa twa drigingen yn it spul. 34.31-26 kin net om 22-27 en oars 34. ..22-27, 31×2, x16 hat swart in daam.34.31-27 22*31 35.36*27 11-16 Nei 35. ..18-23 liket wyt it op te rinnen. Kooistra fynt no it paad nei kamp.36.43-38 16-21 37.27*16 6*26 38.38-32 15-20 39.30*10 5*14 40.34-30 8-13 41.48-42 26-31 42.45-40 31*33 43.40-34 18-22 44.34*12 13*11 45.30-24 14*34 46.35*33

Yn de twadde omloop koe Wiersma krekt ûntkomme doe’t wytspiler Folkert Groenveld in driging yn it spul frissele.

Wyt helle earst de ôfruil troch 22-27 der út mei it offer 31.26-21! 16×27 en kaam doe mei 32.47-41 6-11 en no pas 33.30-24 mei de driging 24-20 14×43 etc.. Swart koe noch lyk ôfruilje mei33. ..27-31! 34.36×29 10-15! 35.30×19 15×24 en soe it einspul winne.

Swartspiler Marten Walinga tippele yn de lêste omloop yn in kombinaasje

Hjir hie moatten 17. ..9-13, mar der folge17. ..12-18? 18.33-28! 18×47 19.34-30 25×34 20.40×29 47×24 21.35-30 24×35 22.45×21 16×27 23.26×28 mei skiifwinst foar Jelle Wiersma.

Twa nije problemen fan W. F. Bakker

Nû.9 sw. 2, 4, 9, 11, 13, 36 wyt 15, 20, 33, 40, 41, 49

Nû.10 sw. 2, 4, 6, 7, 13, 14, 19 wyt 16, 28, 30, 34, 37, 41, 49

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 11-11-2022

Hein de Vries damt al wer wat jierren by damklup Hartwert e.o. Hy hat it spul lykswols leard fan by damklup Wurdum. Syn heit Dirk, dy’t tsien kear Frysk kampioen waard, damde dêr ek lykas syn omke Willem, ek in âld kampioen.  Soe it Hein nochris slachje? By it lêste kampioenskip koe hy op haren en snaren degradaasje foar wêze. Tsjin klupgenoat Tsjerk Wijbinga liet er meardere kânsen op winst lizze. 

PK twadde omloop, Lollum, 19-2-22 Tjerk Wijbinga – Hein de Vries 

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 11-17 5.47-41 7-11 Foar de rún lâns wurdt in protte spile. 6.41-37 1-7 7.31-27 17-21 8.26*17  6. …17-22 7.32-27 22-28 8.27×29 16-21 is ek mooglik  11*31 9.37*26 16-21 10.26*17 18*16 11.42-37 7-11 12.37-31 11-17 13.32-28 19-23 13.31-26 is better. 14.28*19 20*18   Sa kriget swart  in oermacht yn de dûbele hoeke. 15.31-26 10-14 16.33-28 14-19 17.34-30 25*34 18.39*30 2-7 Trochpakke mei 19-24. 19.43-39 7-11  No 19. ..18-23! en swart komt in hout foar as sil letter trochbrekke.  20.48-42 18-23 


Wyt kin de driging opfange en der folget in grutte ôfruil.  21.49-43 23*32 22.38*20 15*24 23.30*19 9*47 24.46*48 8-12  Kin wyt dit hâlde yn syn lange hoeke?   25.44-39 3-8 26.48-42 16-21 27.26*17 12*21 28.42-37 11-16 29.37-31 21*41 30.36*47 13-18 31.35-30 8-12 32.40-35 12-17 33.30-24 17-21 34.24-20 21-26 35.35-30 18-22 36.39-33 26-31 37.45-40 31-36 38.40-35 16-21 39.30-25  

39. ..6-11 40.33-29 11-16 41.29-24  36-41 42.47×36 21-26 43.24-19 26×46 44.19-14 46×40 45.50×30 wint swart 39. …22-27 40.33-28 27*29 41.20-14 4*24 42.25*34 21-26 43.34-29 6-11 It spul rint nei kamp. 44.29-23 11-16 45.23-19 5-10 46.35-30 10-15  Wyt set in fang foar de daam klear. 47.50-44 36-41 48.47*36 26*46 49.30-24 46*34 50.44*24 16-21 51.24-19 21-27 52.19-13 27-32 53.13-8 32-37 54.8-2 37-41 55.2-35 15-20 56.35-13 41-46 57.13-8 46-5 58.8-13 20-25 59.13-27 5-23 60.27-49 23-1 61.49-44  

PK tredde omloop, Jorwert 22-2-‘22  Henk Haanstra – Hein de Vries 

We komme yn it spul nei 38.31-26 

Swart kin no as letter mei 1-6 de twa wite skiven op 16 en 26 fêst hâlde. Wyt hat soks al yn de dûbele hoeke 38. ..24-30 10-14 liket better 39.43-39? Wyt stiet in ôfruil ta en swart kin los komme. 39.33-28! is folle better. 39. …35-40 40.44×24 25×34 41.50-44 34-39 42.44×33 15-20 43.45-40 1-6  43. …12-18! 44.41-36 1-6 45.45-40 18-22 en swart stiet ek folle better. 44.33-28 20-24 45.40-35 10-15 46.41-37 12-18 47.28×8 7×9 Swart set wyt fêst. 48.37-32 9-14  49.32-27 14-20 50.27-21 20-25 51.35-30 24×35 52.16-11 6×17Wyt hellet noch wol in daam. Mar de Vries pakt syn kâns no wol. 53.21×12 35-40 54.12-7 40-44 55.7-1 44-49 56.1-23 49-44 57.26-21 44-50 58.23-45 25-30  59.45×5 30-34 60.21-17 50×11  

De problemen binne fan Stellinga-Baron. 

Nû.5 sw. 11-14, 16, 20, 21, 23, 36 wyt 25, 32-34, 38, 42, 44, 47, 50 

Nû.6 sw.10,11, 13, 16, 17, 19, 21, 26, 27 wyt 33-37, 44, 46, 48, 49  

Nû.7 sw. 2, 6, 7, 9, 15, 18 wyt 16, 21, 24, 33, 36, 43, 48 

Nû.8 sw. 13, 14, 17, 20, 27, 30 wyt 29, 37, 40, 46, 47, 49  

Oplossingen stjoere foar 25 novimber. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Rubryk 28-10-2022

Marten Walinga sloech freed 21 oktober in dûbelslach. Mei de oerwinning fan it tweintichste kampioenskip fan Sânfurd, waard hy daalk ek de nije fluchdamkampioen. Yn sawn omlopen ferlear de wrâldkampioen noch wol ien kear, fan Frysk kampioen Jelle Wiersma. En dy kaam ek op seis punten nei kamp tsjin Taeke Kooistra en Folkert Groenveld. De barraazje tusken Wiersma en Walinga wie gau beslikke. De earste partij wie bysûnder mei folop kombinaasjes.

Sânfurd, 21 oktober 2022, fluchdamjen M.Walinga – J.Wiersma, 10 minuten 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 19-24 5.34*14 10*19 Dit is de saneamde Bildtse iepening. Yn it ferfolch is in ferskaat oan setten mooglik. Sa as 6.35-30 6.40-34 4-10 7.31-27 is ek goed. 7.44-40 11-17 Swart kin hjir ek 7. ..16-21 as 10-14 8.50-44 7-11 en hjir 8. ..19-24 In dryste set fan wyt. 9.46-41 is better. 9.32-27 17*37 10.47*27 1-7 11.27-22 11.27-21 jout minder dreech spul. 11. ..12*32 12.42*22 18*27 13.26*28 16-21 14.31-26 7-12 15.26*17 12*21 In gambyt; swart komt in hout foar mar stiet fêst yn de lange hoeke. Wyt moat ôfwachtsje om wer lyk te kommen. 16.28-22 21*23 17.38-32 11-16

Nei 18.36-31 is ferplichte foar swart 18. ..8-12 19.34-30 25×34 20.40×7 2×11 21.39-34 mei lykwicht. Der hie oars folge 18. ..2-7? 19.31-26 16×36 20.46×26 7-11 21.26-21 11×31 22.33-29! 31×24 23.34×12 8×17 24.35-30 25×34 25.44×2 18.48-42 16-21 19.36-31 21*41 20.46*37 8-12 10-14 kin no wol. As wyt nei daam giet troch 34-30 as 34-29, hellet swart in daam op fjild 48. Wyt kin no wer lyk komme nei 34-30. 21.37-31 12-18 Swart wint nei 21. .19-24! 22.34×14 10×19, driget 19-24


Wat moat wyt? 23.33-29 23×34 24.39×17 15-20! ferliest, lykas 23.35-30 25×34 24.39×17 23-29. Ek net goed is 23.33-28 23-29 24.28×17 15-20! 25.35×24 19×26. En prachtich slachwurk folget nei 23.40-34 19-24! 24.34×14 23-28 25.32×23 20-24! 26.14×34 15-20! 27.35×24 12-18 28.23×14 9×47 as 23.39-34 19-24! 24.34×14 23-28 25.32×23 20-24! 26.14×34 15-20! 27.35×24 12-18 28.23×14 9×47 22.31-26 10-14 Swart wint nei 22. ..23-29! 23.34×23 25-30 24.35×24 20×47 Wyt lit it lizze. Nei 23.34-29 komt hy twa foar. 23.34-30 25*34 24.39*28


Swart wint nei 24. ..23-29! 25.33×4 5-10! 26.4×20 10×50 24. ..13-18 25.33*4 18*47 26.43-39 47*46 en letter wint Wiersma mei twa dammen tsjin ien.

De problemen binne fan Stellinga-Baron.

Nû.5 sw. 11-14, 16, 20, 21, 23, 36, wyt 25, 32-34, 38, 42, 44, 47, 50


Nû.6 sw.10,11, 13, 16, 17, 19, 21, 26, 27, wyt 33-37, 44, 46, 48, 49

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 14-10-2022

De lêste jierren litte de Blauhúster dammers harren jilde. It earste achttal fan damklup ‘De Skyfkes’ hanthavene him kreas yn de kampioensklasse.  En de foaroanmannen Bernard Kroon en Marcel Altena striden fûleindich om in plak yn de ‘twadde acht’ by it PK.  Se einigen op in dield twadde plak yn de ‘tredde acht’. Altena hie yn it ûnderlinge treffen de winst foar it gripen en ferbarge syn kânsen yn de barraazje.  

B.Kroon – M.Altena, Skearnegoutum  26-2-2022, 5-e omloop tredde acht 

1.32-27 19-24  2.31-26 24-29  3.34×23 18×29  4.33×24 20×29  5.39×19 13×24  6.40-34 24-29  7.34×23 17-21  8.26×17 11×24  9.27-22 12×32  10.38×27 14-20 11.37-31 9-14  12.31-26 8-12  13.42-37 3-8  14.37-31 20-25 15.43-39?  

Altena wint in skiif 15. ..6-11!  16.26×17 12×32 17.31×33 24-30 18.35×24 14×23 mar sil dy letter wer ferspylje mei kamp. Tsjin Jorwerter Siebren Dyk kamen se yn in nijsgjirrich einspul.  Dyk hie fan beiden winne kind, mar de Blauhústers lutsen oan it langste ein. 

M.Altena – S.Dyk,  Skearnegoutum  26-2-2022, 4-e omloop tredde acht 

De stân nei 41. ..14-20 is tige werkenber foar it Frysk Spul. 

42.27-21 16×27 43.26×28 31×22 hie moatten 43. ..4-9 44.31-27 9-13 Ek swart mist de bêste: 20-24. 45.44-40 20-24 46.36-31 13-18    In moaie fariant is 46.27-21 7-11 47.28-23! 13×33 48.27-21 11-16 49.21-17 16×18 50.35-30! 24×44 51.45×12 mei kamp. 47.28×8 7×9 48.27-21 24-29? Sa is it gau út. Skiif 9 nei fjild 20 bringe jout noch spul. 

B.Kroon – S.Dyk, Aldegea-SWF  5-3-2022 7-e omloop tredde acht 

We komme yn it spul nei 25. …25-30 

Oanfalle op elkoars dûbele hoeke. 26. 42-37 30-35 27. 45×25 15×35  28. 37-31 10-15 29. 31-27 15-20  Wyt pakt no ek troch. 30.36-31 16×36 31.46×26 6-11? Alde damwiisheid: net strike yn de mindere hoeke. Boppedat kin wyt letter trochbrekke nei 32.27-21  32.47-41 4-10 33.49-44 1-6 34.27-21  11-16 35.41-36 16×27 36.31×22 20-24 Ek wyt nimt de wiisheid net yn acht.  37.44-39? (26-21 is prima) 24-30  38.50-45 30-34 39.39×30 35×24  40.22-17 24-30 41.17-12 30-34 42.12-8 34-39 43.8-2 39-43 44.26-21 43-49 44.36-31 is folle better. 45.21-17 49-16 46.17-12 16×46 47.2-30 10-14 48.30-43 46-19?  De kânsen wikselje wer. 49. …43-30 19×35 50.45×25 6-11  51.12-8 11-16 52.8-2 16-21 53.2-7??  En it is daalk út nei 53. ..21-27 54.7×10 5×14 55.25-20 14×25 Wylts 53.25-20! en 54.2-16 wint foar swart. 

Nû.1 sw.4, 8, 11, 18, 20, 28 wyt 34, 36-38, 40, 41, 50 

Nû.2 sw.2, 4, 11, 13, 35, 40 wyt 20, 22, 32, 37, 42, 44, 47 

Nû.3 sw. 2, 6, 9-11, 13, 15, 25 wyt 22, 27, 29, 35, 38, 43, 45 

Nû.4 sw. 2, 4, 7, 9, 12, 16, 31 wyt 19, 22, 29, 32, 35, 44, 45 

Twa nijsten binne fan Willem F. Bakker. 

Oplossingen stjoere foar 11 novimber. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Rubryk 30-9-2022

Damklup O.K.K. (Oefening Kweekt Kracht) fan Jorwert hat it damjen wer moai op ‘e gleed. Fanút it eigen doarp binne der de lêste jierren wer leden by kaam. En by de kampioenskippen litte nije stjerren harren jilde. Lang moast it komme fan Kees Tijssen. Siebren Dyk en benammen Frâns Kingma slaan no op de trom. Kingma damde him al yn de ‘tredde acht’ en waard dêryn daalk kampioen. En dan dit jier mar trochsette nei de earste acht? De grutste konkurrinsje kaam fanút Blauhús. Bernard Kroon en Marcel Altena moasten tsjin de Jorwerter beiden belies jaan en seagen harren úteinlik op oardel punt fan de kampioen op it twadde plak.

F.Kingma – B.Kroon, earste omloop PK tredde acht, Lollum 19-2-22 1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 14-20 6.34-30 25×34 7.39×30 11-17 8.43-39 19-24 9.30×19 13×24 10.39-34 20-25 11.34×14 9×20 12.27-22 17×28 13.35-30 25×34 14.40×27 20-25 15.37-31 25-30 16.31-26 10-14 17.42-37 14-20 18.37-31 20-25 19.48-43 3-9 20.43-39 9-14 Nei in foarsichtige iepening

strykt Kingma oer de midden. 21.39-33 30-35 22.33-29! 14-20 En set troch. 23.29-23! 7-11 Nei 24.41-37 wienen der meardere drigingen west. 24.23-18 8×28 25.27×29 2-7 26.31-27 7-12 27.41-37 12-17 28.27×7 11×2 29.37-31 20-24 30.29×20 15×24 30. ..25×14 is better. 31.31-27 24-30 32.46-41 5-10 33.41-37 10-15 34.37-31 2-7 35.45-40 7-11 36.40×20 15×24 36. …14×25 37.50-45? 4-9! 38.45×5 11-17 39.5×11 1×41 40.36-31 41×32 41.26-21 16×27 en swart wint

37.50-45 24-30 38.47-42 4-9 39.42-38 9-14 Hjir hie 39. …1-7 kind. Nei 26-21? folget 16-21 40.38-33 14-19 41.33-28 19-24 42.44-39 24-29 43.39×19 30-34 Der driget 34-40, x, 16-21 44.28-22 11-17 45.22×11 1×32 46.31×33 34×32 47.26-21 16×27 48.19-14 32-38 Wyt wol net 48.49-43 32-37! 49.36×38 35-40! 50.45×34 27-31 51.19-14 31-36 52.14-10 36-41 53.38-33 en swart kin gjin daam strike; winst foar wyt?

49.49-44 25-30! 50.45×34 38-42 51.14-10 42-47 52.44-40 27-32 53.10-5 47-33 wurdt kamp 49.14-10 38-42 50.49-43 42×44 51.45×43 35-40 Kingma makket dien wurk. 52.43-39 40×38 53.10-5 6-11 54.5×45 11-16 55.45-34 27-32 56.34×31 16-21

M.Altena – F.Kingma, tredde omloop PK tredde acht, Jorwert 22-2-22 We komme yn it spul nei 35. …19-23

Altena hellet út mei 36.22-17 16×18 37.40-34 30×39 38.35-30 20×40 39.50×8 4-9 40.8×10 15×4 En sil de partij ferlieze. 41.27-22 39-43 42.22-18 6-11 43.18-13 11×31 44.36×27 43-48 45.13-8 48-30 46.8-2 1×3 47.27-21 30-39 48.21-17 39×46 49.45-40 46-23 50.40-34 23×45 It hie oars rûn nei 37.21-17! 18×16 38.27-21 16×27 39.26×10 15-20 40.10×30 mei de folgjende stân.

41. …6-11 Nei 41. …39-43 folget 42.50-44 en sil wyt de daam mei ien hout fange. 42.30-25 11-16 43.45-40 39-43 44.50-44 43×34 45.35×33 en der sit wol kamp yn foar wyt.

De earste twa problemen foar de ledderwedstriid komme fan Hiele Walinga silger. Noch net stjoere.

Nû.1 sw.4, 8, 11, 18, 20, 28, wyt 34, 36-38, 40, 41, 50

Nû.2 sw.2, 4, 11, 13, 35, 40, wyt 20, 22, 32, 37, 42, 44

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH Jutryp

groenveldf@hotmail.com