Damkampioenskip noch net beslikke

doorfriesdammen

Damkampioenskip noch net beslikke


 

By it yngean fan ‘e finale fan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul stiene  trije dammers lyk boppeoan. Nei de lêste twa omlopen, ôfrûne sneon ferspile yn Aldegea-SWF, stiene noch altyd trije man oan kop. Inkeld de gearstalling wie in bytsje oars. It betsjutte hoe dan ek dat der noch gjin kampioen oanwiisd wurde koe.

 

It grutte slachtoffer fan alle damstrideraasje wie mannichfâldich kampioen Taeke Kooistra. De moarns hie de Hartwerter noch kreas Tsjerk Wijbenga ferslein, en dêrmei hied er ek fuortdaliks allinnich de kopposysje ynnaam. Marten Walinga en Jelle Wiersma rekken in heal punt efterop omdat se yn in lange en drege partij tsjin inoar net fierder kamen as remize. Se waarden boppedat ek nochris byhelle troch Siebe Walinga. Dy Aldegeaster promovendus spile it toernoai fan syn libben, en fersloech no mei in machtigen damset syn doarpsgenoat Henk Haanstra. Dêrmei kaam de jongste Walinga op likefolle punten as Jelle Wiersma en syn broer Marten.

 

De middeis yn ‘e lêste omloop wie Marten Walinga as earste út. Mei in studearkeamerfariant traktearre er yn ‘e iepening Tsjerk Wijbenga al op in daam plus skiifefterstân, en dy joech doe ek fuortdaliks op. Siebe Walinga hie it tsjin de Ljouwerter Hein de Vries folle dreger, mar syn daam joech him oan ‘e ein wol it belissende foardiel.

 

En doe wie it wachtsjen op Jelle Wiersma en Taeke Kooistra. Dy setten in hiele skerpe partij op, dy’t fan beide mannen gâns tinktiid frege. Kooistra like de Wommelser wat yn ‘e tange te hawwen, mar dy seach hyltyd ôfruilmooglikheden. Yn in einstân fan trije tsjin trije joech Kooistra úteinliks belies. Dêrmei wied er yn ien klap fan it heechste nei it fjirde plak sakke. Wiersma dêrfoaroer heakke oan by de beide Walinga’s. It reglemint seit dat der by in gelikens oantal punten noch gjin kampioen oanwiisd wurde kin. Der sille dêrom noch beslissingswedstriden folgje moatte.

 

Underyn kaam it wol ta in útdragene saak. Troch syn beide ferliespotten truzele Tsjerk Wijbenga út ‘e kampioensklasse. Pieter Hoogterp koe it ek net oprêde, fansels al hielendal net doe’t er sneon fanwegen koroana ek noch ris thúsbliuwe moast.

 

De opfolgers út ‘e twadde acht wei binne Folkert Groenveld en Dicky van der Meer fan Terherne. Dizze klasse beheinde him dit jier oars ta de striid boppeyn. Troch ôfsizzings degradearren Kees Tijssen en Willem Schaap automatysk.

 

Tige ferrassend wie dat Frans Kingma de tredde acht nei him taluts. De Jorwerter hie him ommers noch pleatse moatten fia kwalifikaasjewedstriden. De twadde promovendus is hjir noch net bekend. De Blauhústers Marcel Altena en Bernard Kroon einigen lyk, dat dy sille ek noch in beslissingswedstriid spylje moatte.

 

 

 

Utslaggen en einstannen

 

Kampioensklasse, sechsde omloop: Marten Walinga (Waaksens) – Jelle Wiersma (Wommels) 0,5-0,5; Taeke Kooistra (Hartwert) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0; Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1; Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 1-0.

Sande omloop: Wiersma – Kooistra 1-0; Wijbenga – M. Walinga 0-1; Haanstra – Hoogterp 1-0; De Vries – S. Walinga 0-1.

Einstân: M. Walinga, S. Walinga en Wiersma 5; Kooistra 4,5; Haanstra 3,5; De Vries 2,5; Tj. Wijbenga 1,5; P. Hoogterp 1.

 

Twadde acht, sechsde omloop: Bauke Dijkstra (De Tynje) – Dicky van der Meer (Terherne) 0-1; Liuwe Westra (Lollum) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 1-0.

Sande omloop: Sjoerd Couperus (Snits) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1; Hoekstra – Dijkstra 1-0; Van der Meer – Westra 1-0.

Einstân: F. Groenveld 4,5; D. v.d. Meer 4; B. Dijkstra, W. Hoekstra en L. Westra 2; Sj. Couperus 0,5; (W. Schaap en K. Tijssen 0).

 

Tredde acht, sechsde omloop: Bernard Kroon (Blauhús) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0; Cor Kooistra (Nijlân) – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1; Ype Boelens (Menaam) – Frans Kingma (Jorwert) 1-0; Piet Sikma (Hartwert) – Marcel Altena (Blauhús) 0-1.

Sande omloop: Wiersma – Kooistra 1-0; Dyk – Kroon 0-1; Altena – Boelens 1-0; Kingma – Sikma 1-0.

Einstân: F. Kingma 6; M. Altena en B. Kroon 5,5; Y. Boelens 4 (9); S. Dyk 3 (6); K. Wiersma 2 (5); C. Kooistra 2 (4); P. Sikma 1.

Over de auteur

friesdammen administrator