De iene damjûn is de oare net.

doorfriesdammen

De iene damjûn is de oare net.

Damjen by de Stadige Strikers jout altiten wol wer bysûndere mominten. En somtiden riget it iene momint him fêst oan it oare. Sa’n momint hâldt dan eat bysûnders yn. Moandeitejûn 10 oktober like it wol dat der ien of oare goarre troch it sealtsje gong, wêrtroch guon dammers it oer krigen fan de ien op de oar. Yn dit gefal gie it dan om wat sleauwichheden. Oars is der ek wolris in misstreek of in misrekken, mar moandei folge de iene de oare op. Mar ja it is fansels sa: De iene damjûn is de oare net.

Trije dammers koenen noch net oanwêzich wêze. Nije wike hoopje de Strikers mei folle bak wer oan te trêdzjen. Mar no oer it damjen. Kees Castelein en Tineke wienen al út doe’t oaren noch mar krekt troch de iepening wienen. Kees hie him eefkes fersjoen. Ja dat kin gebeure! Hennie de Haan siet tsjin Cor Kooistra. De lêste ferlear foarich seizoen tsjin har en oan alles wie te merken dat hy wat rjochtsette woe. Dat slagge him aardich goed, want nei in healoere stie er in houtsje foar. Der kaam wer wat leven yn him en hy wie wakker oan it ferhaal wêrom at er tee dronk yn plak fan kofje. Tuskentroch die er ek in set. Hy sei letter:”Ik hie it houtsje setten en seach fuortendaliks de blunder!” Hennie joech mei in heakje twa en sloech der fiif ôf. No stûn de foarsitter yn plak fan ien foar twa efter! Hy hie ien gelok, want hy koe frij maklik troch rinne op de linkerflank. Hy pakte wer in hout werom en dêrnei hie Hennie eins neat mear yn te bringen.

Njonken dizze spilers siet Ype Boelens tsjinoer Dicky van der Meer. Se skoden in aardige partij, mar oan de ein fan it spul briek Dicky troch en koe sa in daam skowe. Ype hie noch trij houtstjes en dy hienen einliks neat yn te bringen. Dicky koe dus in daam skowe en dat die er ek. Hy sette ien fan de houtsjes op slach. Ype hie in frije en foar Dicky deadlike set. De lêste sloech it houtsje en Ype joech it deadlike houtsje en Dicky sloech mei syn daam it oare houtsje fan Ype streekrjocht yn de bek. En dy sei hap! Dan tink je de partij yn de bûse te hawwen en dan ferspylje him totaal ûnnedich!

De moaiste partij fan ‘e jûn waard spile troch Jelle Wiersma en Willem Schaap. In prachtige iepen partij mei allegearre driigjende slaggen en lopen. Mar alles waard troch de mannen sjoen. It einstântsje like tige kompleks en in hurdrinner hie faaks tocht dat Willem it mooglik ferlieze soe. Mar Willen seach wat Jelle ûntkommen wie. En de omsteanders seagen it ek net, wylst it efternei mar simpel wie. Sa giet it faker en wurde ienfâldige oplossings oer de kop sjoen.

Utslaggen: Ype Boelens – Dicky van der Meer 1 – 0; Tineke Teigeler – Kees Castelein 1 – 0; Willem Schaap – Jelle Wiersma 1 – 0; Cor Kooistra – Hennie de Haan 1 – 0; Bauke Boelens – Bauke Dykstra 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator