De punten fleane Bauke Bos de bek yn!

doorfriesdammen

De punten fleane Bauke Bos de bek yn!

Of der sit him in ingeltsje op it skouder of hy hat gewoan sûnder sa’n geloksingeltsje in aldermachtichst soad gelok. Hoe it krekt ek is, ien ding is seker de punten fleane Bauke Bos sa mar de bek yn.

Ferline pakte er twa grouwe punten tsjin de foarsitter en no moandeitejûn sloech er op ‘n nij ta. Ut it neat koe er sa mar winne. Syn tsjinstanner Bauke Dykstra stie der hiel goed op. Dy hie fierwei it bêste fan it spul. Dizze Bauke hie al in aardich skoftke neitocht en wie nei alle gedachten al folle fierder yn de partij en die doe in streek. In streek dy’t wy gewoanwei net fan him ferwachtsje soenen. Hy die in ûnderstreek mei rampsalige gefolgen. Bos hoegde allinnich noh in houtsje derby te jaan en hy koe nei de daamline slaan.  De daam dy’t der doe stie hearske as in ûnfeilbere kening mei in geweldige macht. Oars sein: Foar Dykstra wie der gjin salve mear oan te striken. De partij wie sa út as wat. Bauke Boa hie der wer twa punten by, lykas de foarige wike en de wyks dêrfoar. It reint by Bauke punten en hy hoecht allinne de bek mar iepen te dwaan om dy puntsjes op te happen.

Kees Castelein hat fêst wer in soad leard. Hy moast tsjin Jelle Wiersma en dan wit men yn it foar wol dat dat eins gjin partij is. Dêrfoar is Jelle Wiersma fierstente sterk. Lykwols ha de mannen noch moai wat spile. En letter ek noch fiif tsjin fiif en dêrby wie Jelle de learmaster.

It oantal dammers wie net grut. Te lyts yn wêzen. Soms giet dat sa, dat is gewoan net oars. Eartiids wienen der op de klups wol ris leden dy’t jier yn jier út net in damjûn misten. Dy tiid leit wat de Stadige Strikers oanbelanget efter harren. Noch twa spul binne te melden. Hennie de Haan tsjin Tineke Teigeler bliek al gau in beslikke saak te wêzen. Hoe en wat wit de skriuwer net, mar nei in foech oerke hie Hennie wol fjouwer houtsjes mear as Tineke. No dan hoech ik jim fierders neat te fertellen. De oare partij gong tusken Cor Kooistra en Willem Schaap. In hele moaie pot. Uteinlik sieten se mei har beiden noch te damjen. It einspul kaam der op oan. Willem spile skerp en Kooistra helle der krekt net út wat der wol yn siet. De lêste ferlear dus.

Utslaggen: Jelle Wiersma – Cees Castelein 1 – 0; Tineke Teigeler – Hennie de Haan 0 – 1; Willem Schaap – Cor Kooistra 1 – 0; Bauke Bos – Bauke Dykstra 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator