De soan pakt syn heit even aardich oan.

doorfriesdammen

De soan pakt syn heit even aardich oan.

Ek moandeitejûn wienen der krekt as ferline wike fjouwer lege stuollen. Gelokkich fûnen trije weibliuwers fan de foarige kear no it paad werom nei it Swettehûs te Skearnegoutum. Der waard hiel aardich damme en moaie spullen ferskynden op de buorden. Twa bysûndere spullen wienen der ek. Sa is de striid tusken de twa froulju altiten wer in spannende oangelegenheid. Mar de striid tusken de nijkommers heit en soan Castelein pykte der wol boppe út.

Heit Jan en soan Kees sieten noch mar kwaalk te plak of sesetten al út ein mei in potsje, sa foar de aardichheid. No yn dat potsje liet Kees wol even sjen dat er op dit mêd de âlde de baas wie. Nei dy partij lies de kompetysjelieder op wa’t tsjin wa spylje moast. Hy wie fan betinken dat de beide niisneamde hearen no wol in spul foar de kompetysje spylje koenen. Se sieten dochs al moai te plak. Heit mei wyt en syn soan mei swart. Der waard hiel moai damme. En wat wichtich wie der waard hiel goed neitocht. Net sa mar in streek, nee earst goed pakkeseare en dan strike. Dat wol net sizze dat alle prakkesaasjes ek soargen foar geweldige setten, nee dat net, mar dat mei men ek net ferwachtsje fan begjinners.

Kees naam it wat lichter op as it earste spultsje, it proefspultsje sille wy mar sizze. Hy hat fêst tocht: Der kin my net sa folle gebeure. No hy hie gelok dat syn heit net alles seach, mar nei’t Kees in daam krigen hie, tocht er dat it hast wol yn de knip hie. Hy seach dan ek efkes sneu om him hinne, doe ’t syn heit ek in daam helle. As der dammen oan te pas komme yn it Fryske spul dan moat men op syn iepenst wêze. Tusken de streken troch waard de mannen noch wol even útlein, dat men mar trije kear efterelkoar strike mei mei sa’n daam. No it gong as it slydjage: de mannen hienen it fuortendalik yn de smizen. Heit hie mei syn daam de lange line. Dat is eins altien it bêste plak foar in daam. Dochs mislearre it. Dat kaam troch it foarút tinken fan Kees. Hy sette syn daam sadanich del dat er yn de streek dêrnei in houtsje offerje koe en de hiele brot mei syn daam der ôffege koe, as heit Jan syn eigen daam stean litte soe. Dat die er. Kees hoegde net lang te tinken, nee eins hielendal net mear want dat hie er al dien. Hy jûch it hout en slûch mei de daam syn heit syn damke en noch in houtsje der ôf. Dêrmei wie de partij út. Se hienen der fiif kertier oer dien. Doe setten se noch in partij op: fiif tsjin fiif. Prachtich.

Op it lêst koe Tineke hast net mear sitte: de spanning wie har mooglik te grut. Hennie liet har fansels net sa mar fan it boerd ôf reagje. De beide froulju spilen in hiel moai spul. Gjin rare ûnfolkomenheden. It gong súntsjesoan op kamp ta. Dêr koenen de beide froulju wol tefreden mei wêze.

Utslaggen: Hennie de Haan – Tineke Teigeler ½ – ½; Cor Kooistra – Bauke Bos 1 – 0; Jan Castelein – kees Castelein 0 – 1; Willem Schaap – Jelle Wiersma 0 -1; Bauke Dykstra – Dicky van der Meer ½ -½.New layer…New layer…New layer…

Over de auteur

friesdammen administrator