De Strikers binne de Aldegeasters de baas

doorfriesdammen

De Strikers binne de Aldegeasters de baas

Dizze kear giet de titel fan dit stikje net oer de striid tusken beide klups, mar oer de striid foar de Fryslân Kup. Striker Willem Schaap moast nei Aldegea om it op te nimmen tsjin Jolke Groenveld en wûn dizze partij. Jolke syn broer, Folkert, wie dizze jûn yn Skearnegoutum om it op te nimmen tsjin Striker Dicky van der Meer en Folkert frege him al gau ôf hoe’t men sa’n nuvere stân op in damboerd krije kin. Se pleagen mekoar wakker en nei oardel oere damjen stie der noch in bulte hout op it boerd. Oant Dicky der in slach út helle en in daam helle. Dizze daam pleage Folkert noch mear en dan is it ekstra oppassen. Mar Dicky joech gjin belies en wûn de partij. Sa binn der no twa strikers troch nei de folgjende ronde fan de Fryslân Kup, It oantal Stadige Strikers wie dizze jûn net sa grut. Bauke Bos hie gjin dammer en koe sjen hoe’t de oare dammers it diene. Tineke Teigeler en Sjoerd Jan Bakker hiene earst efkes oefene en doe koene se ek tsjin mekoar foar de kompetysje. Oant in stân fan fiif tsjin fiif bleau it moai lykop, wêrby sein wurde moat dat Bakker wol wat gelok hie. Spitich foar Tineke ruile se krekt op de ferkearde manier ôf, want oars hier de kâns op Kamp of remise grut west. No gyng se mei in nul nei Sibrandabuorren. It spul tusken Cor Kooistra en Jan Castelein wie ek in aardichheid om te sjen. Cor sei: ik doch it ris raar en dizze set hie Jan wol ferwachte. Hy miende nei in ôfruil ien houtsje achter te kommen, mar dit foel ta. Oant in stân fan fjouwer tsjin fjouwer bleau it lyk oant Jan offerje moast. Mearslach giet foar, dat wie no ek wer sa, mar nei dizze mearslach hie Jan noch mar ien houtsje oer. En mei dit iene houtsje koe hy ús foarsitter net de baas. Mar Jan genietet fan eltse partij en it is moai hoe’t hy it spultsje al ûnder de knibbel krigen hat yn dy pear jier dat hy no op ‘e klup sit.

Utslaggen: Jan Castelein – Cor Kooistra 0-1; Tineke Teigeler – Sjoerd Jan Bakker 0-1. Fryslân Kup: Folkert Groenveld – Dicky van er Meer 0-1; WWillem Schaap – Jolke Groenveld 1-0

Over de auteur

friesdammen administrator

Je moet inloggen om een reactie te kunnen plaatsen.