De Strikers binne it geloksealige gefoel fan it kampioen wêzen noch net kwyt.

doorfriesdammen

De Strikers binne it geloksealige gefoel fan it kampioen wêzen noch net kwyt.

As it mei grutte letters op de foarsiden fan de Snitser en Boalserter stiet, dan bliuwt men troch de omstanners fan bûten de klup mei troch harren lokwinsken yn de sfear fan it kampioen wêzen hingjen.  Dat is fansels net in ûnaardich gefoel, nee sterker noch, dat is hearlik!Lykwols gong it moandeitejûn fierders wer werom nei de oarder fan de dei en foar guon waard it hearlike gefoel foar in lyts skoftke rûch fersteurd.

Twa fan de Strikers moasten spylje foar de Fryslân Kup. Dicky van der Meer yn Hartwert tsjin Taeke Kooistra en Cor Kooistra thús tsjin Marten Walinga. Beide Strikers koenen it net risse. Spitich, mar der binne altiten bazen boppe bazen. Dochs wienen der dizze jûn ek wer dammers dy’t baas wienen yn harren partij. Sa pakte Jan Castelein no Hennie de Haan wol, wylst dizze nijkeap it yn de twa eardere partijen tsjin har noch ôflizze moast. As er noch wat mear doel kriget oer de iepeningen, dan wurdt Jan noch in baas spiler. Oer Hennie wie er op it begjin nei eins de hiele partij de baas.

Dat Jelle Wiersma meastal de baas is yn syn partijen, wit elk. Dat wie er moandeitejûn ek. Dochs krige er de winst frij maklik troch in fersin fan Ype Boelens. Sjoerd Jan Bakker wûn de earste partij tsjin Bauke Dykstra mei in fernimstich moai slachje. Dat slachje waard ek noch even op de buorden brocht. De twadde partij tsjin deselde Bauke waard net útmakke mei in moai slachje, mar bakker Sjoerd Jan wie echt de baas oer it spul. Hy wûn mei gloarje. 

Fansels is it sa njonkenlytsen wol dúdlik dat de Strikers ek in hiele goeien hawwe oan Sjoerd Huitema. Faak hat er wat tiidneed en dat kostet him dan faak de kraach, mar it spultsje hat er goed yn de smizen. Hy siet tsjin Tineke Teigeler. No moatte jo dy Tineke nea útpoetse, want dy kin ek hiel sterk út de hoeke komme. Net altiten, it moat wat mei rinne. Tsjin Sjoerd bleau it lang lyk, mar by eitsjebesút wie Sjoerd baas. Dat Willem Schaap it winne soe fan Bauke Bos wie er eins oan syn stân wol ferplichte. Mar ja it kin soms raar rinne. Sa wûn Bauke foar de FK it in pear jier lyn noch fan de ek no oanwêzige Marten Walinga. Oer dy oerwinning fan Bauke waard fansels noch wol efkes praten. Dat wie histoarje! Tsjin Willem Schaap wie it oare koek. Dy liet him net yn de lueren lizze en wûn as in baas dammer.

Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra 1 – 0; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0; Sjoerd Huitema – Tineke Teigeler 1 – 0; Hennie de Haan – Jan Castelein 0 – 1; Bauke Bos – Willem Schaap 0 – 1; FK Cor Kooistra – Marten Walinga 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator