Der is altiten wol wat te skriuwen.

doorfriesdammen

Der is altiten wol wat te skriuwen.

De lêste wiken wienen der gjin ferslachjes mei de damprestaasjes fan de Stadige Strikers. Dat hie wol wat te meitsjen mei it lytse oantal leden dat oanwêzich wie op de bewuste jûnen. It groepke is al net sa grut, tolve as se der allegearre binne en dat helpt net om it entousjasme fan de skriuwer te fergrutsjen of op peil te hâlden. In pear kear wienen der mar acht en njoggen spilers. As der mar in pear binne dy’t op sa’n jûn net kinne sitte jo samar ûnder de tsien. Soks nûget net sa út om in posityf ferhaal op te skriuwen, mar oan de oare kant is der altiten wol wat om oer te skriuwen.

Nin bygelyks it tige nijsgjirrige einspul tusken Tineke Teigeler mei wyt tsjin Bauke Bos ferline wike. De skriuwer hat dêr mei niget nei sitten te sjen. Net sa sear om it spultsje sels, mar foaral om it feit dat beide spilers it hartstikkene goed trochrekkenen. Dat hat wol oars west! Dan skode men mar wat, mar no namen se de tiid en spanden har ta it uterste yn om te
winnen en net te ferliezen. Der moat sein wurde dat Tineke doe alles goed die en Bauke ek, mar de earste koe net mear ferlieze as se it goed die en goed die se!.

Der barde wat ôfrûne moandei wat net sa faak foarkomt. Ype Boelens moast lykas de wyks dêrfoar tsjin Sjoerd Jan Bakker. It koe eins net oars. De man dy’t de list altiten gearstalt, koe net oanwêzich wêze en it oersicht fan de spile partijen wienen der ek net dus seagen de oanwêzige dammers it net oars of de beide mannen moasten wer tsjin elkoar. De wyks dêrfoar einige de partij yn kamp. En dat fielde foar Ype as in oerwinning. No like de partij ek moai lyk op te gean. Der wie echt net folle fan te sizzen, oant it momint dat Ype mei in goochem setsje Sjoerd Jan twong om de goeie te slaan. Hy hie nammentlik de kar út twa. It gefolclch wie wol dat ek dizze partij einige yn remize.

Utlaggen. Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens ½ – ½; Bauke Dykstra – Jelle Wiersma 0 – 1; Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Tineke Teigeler – Jan Castelein 1 – 0; Fryslân Kup: Dicky van der Meer – Cor Kooistra 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator