Der is nei de tiid noch hiel wat oer praten.

doorfriesdammen

Der is nei de tiid noch hiel wat oer praten.

Der binne fan dy partijen dêr wurdt krekt wat mear as gewoanwei oer nei praten. Dat wie moandeitejûn ek it gefal. Net omdat it sa’n spannende partij betrof, mar om de manier wer op it gong. It praat hold net op doe’t ien fan de betreffende spilers al nei hûs ta wie. De ferliezer trouwens.

Om no efkes wat neier op de saak yn te gean:  it gie om de partij tusken Tineke Teigeler en Bauke Bos. Gewoanwei hat Bauke dan de measte kâns op winst, mar dat is gjin garânsje. Ek yn dizze partij seach it der sa’n bytsje healwei net nei út dat Bauke mei de ear oan de haal gean soe. Hy rekke nammentlik in houtsje efter en stie der ek net sa noflik op. Mooglik hat it foarstean Tineke wat parten spile en koe se de weelde dêrfan net oan. De druk fan it winne te kinnen mepte der mooglik wat te bot op yn. Se damme net mear sa goed as foar de foarsprong. Die ek net mear de goeie streken en ferlear de partij. Bauke wie it der sels hielendal mei iens dat hy eins in puntsje krigen hie.

Der wie ek in dammer dy krige in heal puntsje. Net fertsjinne mar wol in healtsje der by. Bauke Dykstra siet op roazen yn syn partij tsjin Sjoerd Jan Bakker, mar hy fergeat dat roazen ek toarnen ha. Net dat Bakker him begûn te stekken. Nee Dykstra stuts himsels: hy joech ynienen sa mar twa houtsjes fuort. It like der suver op dat er ek noch ferlieze soe, mar dat koe er gelokkich noch opkeare. It waard kamp!

Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra ½ – ½; Tineke Teigeler – Bauke Bos 0 – 1; Dicky van der Meer – Kees Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – Ype Boelens ½ – ½.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator