Der komt wer in S op de beker.

doorfriesdammen

Der komt wer in S op de beker.

It wie wer in gesellige dammerij moandeitejûn yn it smûke Swettehûs. De gasten út Hartwert kamen manmachtich opsetten. Prachtich! Spitigernôch is it dan net mooglik dat alle Hartwerters tsjin Strikers damje kinne. Dêr wie fansels in oplossing foar. De mannen dy’t net dielnamen oan de striid tsjin de Stadige Strikers, dammen partijen foar de kompetysje. De tolve tsjin tolven makken der in sportive striid fan.

Wy as Strikers hoege fansels net te roppen en te swetsen dat wy de kampioen ferslein hawwe. Ja winst is winst fansels en nei twa kear in H fan Hartwert op de wikselbeker komt der no wer in S op. No wie Hartwert net op syn sterkst yn it striidperk stapt. Harren kanon, Taeke Kooistra, lieten se thús. Dat hat dan fan gefolgen, dat elkenien wer in plakje omheech giet. De earste punt foar de Strikers behelle Sjoerd Jan Bakker. Hy fersloech de foarsitter, dy’t even raar blundere. Doe pakte Hartwert trije punten op rij. De trije ûnderste buorden fan de Strikers ferlearen. Dat like dus net sa bêst foar de thúsklup, mar wat net elts ferwachte hie, barde dêrnei. Fan de acht buorden dy’t noch sieten, gie der foar de Stadige Strikers mar ien ferlern. Doe wist elk al dat der dit jier wer in S op de beker kaam. En as men dan oer in jier as wat de beker sjocht dan seit men: “No yn 2019 fersloegen ús klup it grutte  Hartwert radikaal! Dêr kinne wy wol grutsk op wêze!”

Utslach: Jelle Wiersma – Hein de vries 1 – 0; Willem Schaap – Tsjerk Wijbenga 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Cor Kooistra – Sjoerd Teake Kooistra 1 – 0; Dicky van der Meer – Sjouke de Boer 1 – 0; Bauke Dykstra – Herman Scheltinga 1 – 0; Ype Boelens – Klaas Abma 1 – 0; Bauke Bos – Klaas Wiersma ½ – ½; Sjoerd Huitema – Lieuwe Eringa 1 – 0;  Bauke de Boer – Tom Vellinga 0 – 1; Hennie de Haan – Auke Boschma 0 – 1; Tineke Teigeler – Siebe Elzinga 0 – 1.

Over de auteur

friesdammen administrator