Fan fuortjaan is noch nea immen ryk wurden.

doorfriesdammen

Fan fuortjaan is noch nea immen ryk wurden.

Boppesteande útspaak brûkte âld lid en silger Bauke de Boer wol gauris. Sok tinken die by ien fan de Strikers mooglik ek wer bliken. Fierders soe ek hast in Striker op it lêste momint noch in blunder meitsje, mar hy kaam krekt op tiid ta ynkear en pakte net ien mar twa grouwe punten. Soms wurdt men wol ryk troch ien houtsje fuort te jaan.

It binne fansels altiten wer fan dy wedstriden wêr’t in stik spanning leit by ien fan de spilers. Yn sokke spullen moat meastal in earste tsjin in twadde klasser. De druk leit dan by de earste klasse spiler, dy wol nammentlik net ferlieze tsjin in twaddenien. Sa sieten moandeitejûn Ype Boelens tsjin Jan Castelein, efterienfolgjend earste en twadde klasser. Mooglik fanwege dy druk makke Ype dochs wat in rare blunder en kaam Jan foar. De mannen spilen moai rêstich en mûsstil de partij fierders út. By it neipetear die bliken dat Jan hast in ferkearde set dwaan soe, mar ynienen seach er de fout dy’t er meitsje soe. Hy werpakte him en makke de partij sûnder skrammen en oare rarichheden út. De twa punten wienen binnen. Op de fraach as er no ek wat oars nei hûs fytse soe,  glimke Jan mar wat.

Tineke Teigeler spile in partij dy’t rûn as in tierelier. Har tsjinstanner seach suver mar ferheard op dat se sa goed striek. Se ruile alle kearen wer sterk ôf. En it soe bêst ris op in kampke útdraaie kinne. Cor Kooistra koe dêr ek net folle oan feroarje. Doe kaam dan de echte einfaze: elk in daam en elk in houtsje. Tineke har daam stie op de lange line en dy fan Cor op de koarte line. Der waard mei de houtsjes strutsen en mei de daam. Tineke wie de earste striker en se wist dat se mar tije kear mei de daam efterelkoar strike mocht. Dan moast se mei it hout. Kooistra hie har noch sein tink om dy trije kear. En doe wie har lêste kear. It houtsje fan har waard slein troch it fijanlike hout en doe moast har daan slaan en dy fleach de daam fan Cor yn de bek. Hartstikkene sneu. Tineke hie wol trije kear har houtsje fuort jaan kinnen mar dat die se net mooglik al tinkende oan De Boer syn wize wurden: Fan fuortjaan is noch nea immen ryk wurden. Yn dit gefal  hie it houtsjeoffer altiten kamp west.

Urslaggen: Ype Boelens – Jan Castelein 0 – 1; Kees Castelein – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Bauke Bos – Dicky van der Meer 0 – 1; Cor Kooistra – Tineke teigeler 1 – 0.

Over de auteur

friesdammen administrator