Foeke Tiemensma wint Fryslân Open

doorfriesdammen

Foeke Tiemensma wint Fryslân Open

Ynternasjonaal damtoernoai Fryslân Iepen te Frentsjer – dei 4

FRJENTSJER – Foeke Tiemensma die sneon 24 febrewaris wier bliken de sterkste te wêzen yn it Frysk Damjen op it Fryslân Open. Nei’t er it tariedende toernoai al op syn namme skreaun hie, wie er yn de trije partijen fan de finale ek nochris oppermachtich. En dat wylst er it Frysk damjen al in tal jierren op in sêft sin set hie. De Frjentsjerter begûn syn meunstertocht yn de grutmastergroep freedtejûn op it bekendste plak fan syn eigen wenplak, ûnder de planeteloft fan it planetarium. Dêr fersloech er troch in oermacht yn it einspul de taaie feteraan Taeke Kooistra. Sneon moast er earst oantrede tsjin Marten Walinga. Tiemensma kaam in hout foar, foaral omdat Walinga himsels yn in drege posysje maneuvele hie. Nei in slagge omsingeling fan dy syn sintrumhouten joech de mei-organisator it oer. Yn de tredde en lêste partij moast Tiemensma it opnimme tsjin mearfâldich Frysk kampioen Jelle Wiersma. Dy hie earder Walinga ferslein, mar tsjin Kooistra kaam er net fierder as in kamp. Wiersma moast yn de tredde partij dus wol winne. Dêr like it ek wol op, mar yn it lette einspul luts Tiemensma it inisjatyf dochs noch nei him ta, en wûn er sels noch de partij. En dêrmei waard er mei sels oardel punt foarsprong op Wiersma de mear as terjochte winner fan it toernoai.

Foeke Tiemensma yn syn partij tsjin Jelle Wiersma (Foto Stifting WFD)

Yn it mastergroep wie de ferrassing as ’t treft sels noch wol grutter. Hjir wiene twa spilers ta trochkrongen dy’t mar frij koartby mei it Frysk damjen yn ’e kunde kommen binne: de Grinslanner Fedde Kramer en de Poal Lukasz Kosobudzki. Nettsjinsteande koene de twa betûfte Friezen Henk Haanstra en Hein de Vries net tsjin harren út. De Vries wûn it freedtejûn noch al fan Kramer, mar Kosobudzki fersloech Henk Haanstra al, en dy wie ferline jier noch de winner fan it toernoai. De Poal moast yn de twadde omloop op syn beurt wer belies jaan tsjin Kramer. Op dat stuit moasten sy De Vries noch boppe har duldzje. Kramer bliek dêrnei lykwols te sterk foar Haanstra, en ek Kosobudzki wûn fraai fan koprinner De Vries. Hy kaam al gaueftich in hout foar, en koe dêrnei syn foarpost net allinnich behâlde mar dy ek ynsette foar in winnende kombinaasje. Nei in wakker spannende barraazje partij tusken Kosobudzki en Kramer mocht de Poal him winner yn de mastergroep neame.

Einútslach Grutmasters:
1 Foeke Tiemensma
2 Jelle Wiersma
3 Taeke Kooistra
4 Marten Walinga

Einútslach Masters:

1 Lukasz Kosobudzki
2 Fedde Kramer 3
Hein de Vries
4 Henk Haanstra

Njonken dizze finales mei tweintich skiven wie der sneon yn Frjentsjer ek noch in toernoai mei mar fiif skiven yn de begjinstân. Dit kwalifikaasjetoernoai FRYSK! yn de Koornbeurs te Frjentsjer wie dit jier ûngewoane spannend. Wat opfoel, wie dat nei trije omlopen al gjin inkelde spiler mear sûnder puntferlies wie. Dit kwalifikaasjetoernoai FRYSK! krige ekstra glâns troch de oanwêzigens fan in groep Italianen dy’t yn it noardwestlike Aosta it Frysk damjen omearme hawwe. Fan harren krong Yassin Ghodbhani ta de finale fan snein troch, njonken inkelde spilers dy’t har yn de eardere wedstriden fan it Fryslân Open al bewiisd hiene. Opmerklik wie, dat it de 15-jierrige Teije Stor út Boalsert ek slagge en bewurkmastere in plakje yn de finale, ûnder oare troch yn in beslissingspartij te winnen tsjin de betûfte feteraan Cor Kooistra. Ek opmerklik wie, dat dit toernoai mar leafst 5 net-Fryske dielnimmers oan it WK FRYSK! opsmiet.

Einútslach Kwalifikaasjetoernoai FRYSK!

1 -2 Willem Schaap en Aleksej Domchev (Litouwen) 6 p.
3 -5 Tsjerk Wijbenga, Renaud Braye (België ), Porter Richardson (Monster) 5,5 p.
6 -8 Cor Kooistra, Yassin Ghodbhani (Italië ), Teije Stor 5 p.
9 -10 Petra Dusková (Tsjechië), Lorenzo Lodato (Italië) 4,5 p.
11-14 Davide Gemma (Italy), Arjen Bruinsma, Ties Slagter (Den Bosch), Patrick Casaril (Belgium) 4 p.
15-17 Siward Walinga, Dicky van der Meer, Ian Censi (Italy) 3.5 p.
18 Menno Kamminga (Monster) 3 p.
19-20 Leo van Dorp (Wageningen), Freark Smink 2.5 p.
21 Margot Aiello (Italy)

De heechste 7 spilers kwalifisearren har foar it WK FRYSK! op snein 25 febrewaris. Dat betsjutte dat der beslissingswedstriden spile wurde moasten tusken Kooistra, Ghodbhani en Stor. De útslaggen hjirfan:

Stor – Kooistra: 1 -0
Ghodbhani – Stor: 1 -0
Kooistra – Ghodbhani: 0,5 – 0,5

Einstân: Ghodbhani 1,5 p., Stor 1 p., Kooistra 0,5 p.

Dat betsjut dat Ghodbhani en Stor har pleatsten foar it WK.

Over de auteur

friesdammen administrator