Gjin froulju moandeitejûn en dochs wie it stil.

doorfriesdammen

Gjin froulju moandeitejûn en dochs wie it stil.

Men seit dan wol ris as der froulju by binne dan binne de mannen stiller as gewoanwei. Dêrmei wol men der dan op wize dat de manlju harren altiten wat ynhâlde yn oanwêzichheid fan minsken fan it oare geslacht. Moandeitejûn skitteren ús beide frouljusleden troch ôfwêzichheid. Wat wienen dy mannen stil. Der waard suver gjin wurd sprutsen: ien en al djippe konsentraasje! Dus al dy sechjes oer it ynhâlden fan manlju as
der froulju by binne giet foar de Strikers net op. Teminsten dizze damjûn net.

Troch al dy konsintraasje is der ek fêst goed damme. No dat gie net foar elkenien op. Mooglik ek troch oerkonsintraasje waarden der ek ferskate fouten makke. Yn ien fan de spullen dêr’t twa bestjoersleden de houtsjes ferskoden, barden frjemde dingen. Ype Boelens de ponghâlder striek ien kear net op syn foardelichst en notulist Bauke Bos strafte him daliks ôf en pakte in houtsje foar. Bauke like sa mar nei de oerwinning te toffeljen,
mar dan hie er wol oare toffels oan dwaan moatten. Hy liet Ype rêstich mei twa skiven opkomme rjochting de daamline. Op it lêste momint koe er him der noch aardich útrêde, mar mear as in kampke siet der net yn.


In kampke wie altiten wer in heale punt mear as it tredde bestjoerslid, foarsitter Cor Kooistra. Hy siet tsjinoer syn angstgegner, om it mar ris yn in lienwurd te sizzen, Sjoerd Jan Bakker. De man dy’t fjirtjin dagen yn Spanje om húsmanne hie en ûndertusken sa no en dan it damboerd te tefoarskyn helle hie. Hy joech hin dan del ûnder in palmbeam. De frou siet te breidzjen oan in sok en hy sette de Tytsma-set wer ris op it boerd om te sjen as it
noch goed siet mei de teory. De partij tusken de mannen hie neat mei de Tytsma-set. Kooistra like wat sterker út de begjinsetten te kommen, mar dat wie allinne mar sa op it earste each. Bakker stûn goed yn de ferdigening en yn it middenspul kaam er út de ferdigenjende stellingen wei en doe kaam er eins wat sterker te stean. Mooglik krong dat ek yn de boppekeamer fan syn tsjinstanner troch, want dy like troch in ûnfoarstelbere set syn eigen ûndergong te mjitte te gean. It like net allinne sa: it wie sa klear as in klûntsje. De partij wie yn ien flap út.

Utslaggen:Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0;Ype Boelens – Bauke Bos ½ – ½; Bauke Dykstra – Willem Schaap 0 – 1;Sjord Jan Bakker – Cor Kooistra 1 – 0; Jelle Wiersma – Jan
Castelein 1 – 0.

Over de auteur

friesdammen administrator