Grinzer Fedde Kramer reuzedeader by Frysk damjen

doorfriesdammen

Grinzer Fedde Kramer reuzedeader by Frysk damjen

Ynternasjonaal damtoernoai Fryslân Iepen te Frentsjer – dei 2

FRJENTSJER – By it damtoernoai Fryslân Open wie der juster in wol tige ferrassend optreden fan Fedde Kramer. De Grinzer hie it de earste deis mei twa oerwinningen al net min dien, mar juster wûn er sels alle trije partijen. En dat wylst er him yn ’e Fryske fariant fan it damspul eins noch nea op in belangryk toernoai sjen litten hat. Nei’t er him yn de fjirde en fyfde omloop fan ’e dochs tige sterke Friezen Cor Kooistra en Hein de Vries ûntdien hie, wachte him de wiere masterproef tsjin de persoanlik Frysk kampioen Jelle Wiersma. Kramer spile in skerpe iepening, dy’t Wiersma al ier yn it spul neutralisearje miende te moatten. De striid gie dêrnei lange tiid lykop, oant Kramer yn in stân fan seis om seis in ferbjustjerjende kombinaasje op it boerd tsjoende. Kramer joech Wiersma in wolf en offere twa houten, en dêrnei makke er gebrûk fan de regel dat wolfslach by it Frysk damjen foargiet. Wiersma hold dêrnei noch mar ien skiif oer, en joech him planút wûn.

Wiersma hie dêrfoar ek al fan Taeke Kooistra ferlern. Mei in punt foarsprong like dy sa it toernoai maklik op syn namme skriuwe te kinnen. Mar dêrby rekkene er bûten de pleatslike favoryt Foeke Tiemensma. Mei in subtile finesse bruts dy yn it einspul troch nei daam. Omdat Tiemensma op syn bar it ferlieze moast fan Wiersma, kaam it der by eintsjebeslút op del dat der no nei seis omlopen trije koprinners binne: Kooistra, Tiemensma èn Kramer.

Fan de bûtenlanners spile de Poal Łukasz Kosobudki benammen  net swak by.. Hy wûn fan Piet Sikma en fan de sterke Brabanner Ties Slagter en hat no 3,5 punt. De Tsjechyske Petra Dušková folget him op in heal punt. Hja wûn fan ’e Belch Patrick Casaril en fan de Arumer Tsjerk Wijbenga. Dat lêste mei in fraaie kombinaasje, wêrnei’t se de partij mei deeglik spul nei har ta luts.

Lukasz Kosobudski en Ties Slagter (foto Stifting WFD)
Foeke Tiemensma en Fedde Kramer (foto: Stifting WFD)

**STREAMING**

Twitch: https://www.twitch.tv/checkersonlinetv

YouTube: https://www.youtube.com/channel/UC6QAafD28ps9NZJGabgcYMg (all streams by Damian Reszka; offering each day a separate item on Fryslân Open 2024)

www.frisiandraughts.com -> LIVE ** Games with analysis mode:
www.lidraughts.org -> Watch -> Broadcast

** Standings and results:
https://toernooibase.kndb.nl/ (look up the tournament in the tournament list (‘Alle toernooien’ -> Frysk Spul -> Fryslân Open 2024, and then select ‘Alle uitslagen’ )
** General information and earlier press releases:
www.frisiandraughts.com -> Tournaments -> Fryslân Open -> FO-2024


Over de auteur

friesdammen administrator