Hartwert klupkampioen Frysk damjen

doorfriesdammen

Hartwert klupkampioen Frysk damjen

De klupkampioenskippen fan it Dambûn Frysk Spul krigen in tradysjonele winner. Lykas sa faak wie Hartwert wer de sterkste, en dat wie dit jier ek knap oertsjûgjend, want de trije wedstriden waarden allegearre wûn. De earste, tsjin Skearnegoutum, sels ferpletterjend, mei 7-1. No moat al sein wurde dat De Stadige Strikers twa gefallen fan sykte yn ‘e ploech hiene, en dy moasten oanfolle wurde mei dammers fan dochs wat mindere kwaliteit.

Dêrfoaroer wie Hartwert dit jier op folle oarlochsterkte, en dat die ek wol bliken yn ‘e twadde omloop, want in oerwinning mei 6-2 op it renomearre Aldegea mei der ek wêze. Hoewol, de Aldegeasters ha wol better tiden kind. Yn ‘e lêste omloop kamen se tsjin Skearnegoutum net fierder as 4-4, en dat betsjutte degradaasje. De Hartwerters gongen ûnderwilens fol betrouwen de lêste omloop yn. In lykspul tsjin regearjend kampioen Lollum wie genôch, want de Lollumers hiene yn ‘e twadde omloop mei in lykspul tsjin Skearnegoutum dochs wol in stek falle litten. Tsjin Hartwert ha se eins ek nea echt in kâns hân. It einspul tusken Marten Walinga en de Hartwerter Taeke Kooistra eage foar de omstanners dan wol wakkere spektakulêr, mar beslissend foar it kampioenskip wie it al net mear. Walinga ferlear oars, en dêrmei waard de einstân 5-3 foar Hartwert.

It útlitten achttal fan kampioen Hartwert (foto S. Dyk)

Sa krige it ferrassende klupkampioenskip fan 2023 no foar de Lollumers gjin ferfolch. Likegoed is in twadde plak ek knap. Lollum fiert de lêste jierren in aktyf belied om leden bûten de provinsje te winnen, en dat docht ridlik fertuten, al liek it twadde boerd foar de Brabanner Ties Slagter dan wer wol wat al te ambysjeus, want de man ferlear alles. Mar de oardel punt op it tredde boerd foar de Uterter Fries om utens Auke Zijlstra koene der op troch, en dat gau al hielendal foar de treddeheal punt dy’t Malte Schulz wer mei weromnaam nei Hamburg.

De ploegen yn ‘e twadde en tredde klasse spilen allegearre in kear tsjininoar. Blauhús wûn de twadde klasse, en dêrmei komt it nei ien jier wer werom op it heechste plan. De oerwinning mei mar leafst 7-1 op neiste konkurrint Hartwert II wie dêrfoar ek dúdlik genôch, mar likegoed moasten de Blauhústers de promoasje noch bewurkmasterje op buordpunten, want se kamen tsjin De Gaastmar en Jorwert net fierder as in lykspul. Dy útslach wie foar de Jorwerters tagelyk wer krekt genôch om de kampioenstsjelke fan ‘e tredde klasse mei nei hûs te nimmen.

Utslaggen en einstannen
Kampioensklasse: Lollum – Aldegea 5-3, Hartwert – Skearnegoutum 7-1; Skearnegoutum – Lollum 4-4, Aldegea – Hartwert 2-6; Hartwert – Lollum 5-3, Aldegea – Skearnegoutum 4-4.
Einstân (mei tusken heakjes it tal buordpunten): 1. Hartwert 3 (18); 2. Lollum 1,5 (12); 3. Skearnegoutum 1 (9); Aldegea 0,5 (9).

Twadde en tredde klasse: De Gaastmar – Lollum II 7,5-0,5, Jorwert – Blauhús 4-4, Aldegea II – Hartwert II 2,5-5,5; Hartwert II – De Gaastmar 5-3, Jorwert – Aldegea II 4-4, Lollum II – Blauhús 0-8; Blauhús – Hartwert II 7-1, De Gaastmar – Aldegea II 6-2, Lollum II – Jorwert 1- 7; Blauhús – De Gaastmar 4-4, Hartwert II – Jorwert 5-3, Aldegea II – Lollum II 7-1; Hartwert II – Lollum II 6,5-1,5, De Gaastmar – Jorwert 5,5-2,5, Blauhús – Aldegea II 7-1.
Einstân twadde klasse: 1. Blauhús 4 (30); 2. Hartwert II 4 (23); 3. De Gaastmar 3,5 (22). Einstân tredde klasse: 1. Jorwert 2 (20,5); 2. Aldega II 1,5 (16,5); Lollum II 0 (4).

(Tekst: S. Dyk)

Over de auteur

friesdammen administrator