Hartwert miniklupkampioen

doorfriesdammen

Hartwert miniklupkampioen

Neidat koroana oant twa kear ta dwerse kneppels smiet, koe it miniklupkampioenskip yn 2022 einliks wer ris trochgean. Op freedtejûn 18 novimber op ‘e boppeseal fan kafee “Het Wapen van Baarderadeel” yn Jorwert setten har seis fjouwertallen efter de buorden om it klupkampioenskip yn it fluchdamjen oan te gean. It pleatslike OKK furdige twa ploegen ôf. Bysûnder wie dat De Gastmar nei in hiel tal jierren ek wer ris de reis nei Jorwert ûndernaam hie. Tige spitich dêrfoaroer wie dat Aldegea en Blauhús ferstek gean lieten, sadat úteinliks mar fiif fan ‘e sân klups fertsjintwurdige wiene.

Tradysjoneel wurdt der by it miniklupkampioenskip yn twa klassen spile, mar omdat it tal ploegen úteinliks mar beheind wie, koene yn fiif omlopen mei 15 menuten tinktiid alle ploegen inoar treffe. Mei in skerp each foar de sterkteferhâldingen hie wedstriidlieder Willem Dykstra it dêrby sa beskikt dat de beide favoriten Skearnegoutum en Hartwert inoar yn ‘e lêste omloop treffe soene. Skearnegoutum is al jierren efterinoar de miniklupkampioen, mar Hartwert hie dit jier in sterke ploech ôffurdige, mei Taeke Kooistra, Tsjerk Wijbenga, Fedde Wiersma en Hidde de Vries.

Jorwert I, ek yndield yn ‘e heechste klasse, hie oan dy beide oare ploegen fansels gjin hanwetter. Dat bliek al yn ‘e earste omloop, doe’t, om in mooglike kompetysjeferfalsking foar te wêzen, de beide Jortwerter ploegen it tsjin inoar opnimme moasten, en Jorwert I fuortdaliks in buordpunt kwytrekke omdat Kees Tijssen fan Jan Nauta ferlear. Hiele Bitgummole praat der noch fan. En yn ‘e twadde omloop kaam Jorwert I ek net fierder as in 2-2 lykspul tsjin De Gastmar, wylst Skearnegoutum en Hartwert doe wol Jorwert II en Lollum ferpletteren.

Mar yn ‘e tredde omloop barde der wat dat efternei beslissend foar de einútslach wurde soe. Jorwert I kaam wer wat by syn sûp en stút, en wist Skearnegoutum op in lykspul te hâlden. Hartwert dêrfoaroer rûn mei 3-1 ek net hielendal oer Jorwert II hinne – Fedde Wiersma liet it sitte tsjin Bonne Hylkema –, mar it pakte de wedstriidpunten wol.

Yn ‘e fjirde omloop koe Jorwert I de stunt tsjin Skearnegoutum net nochris wer opbringe. Mei 3-1 gong de ploech kopke-ûnder tsjin Hartwert, en mei dy sifers wûn Skearnegoutum fan De Gastmar. It iennichste bysûndere fan dizze omloop wie dan eins ek wol dat Lollum en Jorwert II 2-2 tsjin inoar spilen. En dêrmei hiene beide ploegen de eare rêden.

Tsja, en doe wie der dus noch ien omloop te gean, en moast de bûter jild jilde. Skearnegoutum en Hartwert moasten it tsjininoar wier meitsje. Dêrby hie Hartwert it foardiel dat it oan in lykspul genôch hie. En krekt dat barde. Dat betsjutte dus dat foar it earst sûnt 2017 Skearnegoutum net mear miniklupkampioen is.

Yn ‘e twadde klasse diene de jonges fan ‘e Gastmar ûnderwilens hiel goed wurk. Se waarden ôftekene winner, en hiene úteinliks ek mar in heale wedstriidpunt minder as Jorwert I yn ‘e heechste klasse. Underoan joegen Jorwert II en Lollum, dat mei in hiele jonge ploech opkaam wie, inoarren neat ta. In heal buordpunt mear makke dat de Jorwerters úteinliks de beker fan it twadde plak thúshâlde koene.

Utslaggen miniklupkampioenskip 2022:

Omloop I: Skearnegoutum – Lollum 3-1; Hartwert – De Gastmar 3,5-0,5; Jorwert I – Jorwert II 3-1.

Omloop II: Jorwert II – Skearnegoutum 0-4; De Gastmar – Jorwert I 2-2; Lollum – Hartwert 0-4.

Omloop III: Hartwert – Jorwert II 3-1; Skearnegoutum – Jorwert I 2-2; Lollum – De Gastmar 1-3.

Omloop IV: Jorwert I – Hartwert 1-3; Jorwert II – Lollum 2-2; De Gastmar – Skearnegoutum 1-3.

Omloop V: Skearnegoutum – Hartwert 2-2; Lollum – Jorwert I 0-4; De Gastmar – Jorwert II 3,5-0,5.

Einstân groep I (mei tusken heakjes de buordpunten):

1. Hartwert                  4,5 (15,5)

2. Skearnegoutum       4 (14)

3. Jorwert I                 3 (12)

Groep II

1. De Gastmar             2,5 (10)

2. Jorwert II                0,5 (4,5)

3. Lollum                    0,5 (4)

(Tekst: S. Dyk)

Over de auteur

friesdammen administrator