Hennie de Haan wie wêr paraat en hoe.

doorfriesdammen

Hennie de Haan wie wêr paraat en hoe.

It sit de Stadige Strikers op ‘t heden net mei: se ha te meitsjen mei personele problemen. Sjoerd Jan Bakker sit al fjouwer wiken thús en Hennie kin yn dizze tsjustere dagen net mear fan hûs fanwege sykte fan har man. It fantastyske ynternasjonale damtoernooi Fryslân Iepen waard ôfrûne wike yn Frjentsjer ferdamme, dat betsjutte wol dat guon fan de dielnimmende Strikers harren  deistige wurk no wer ynhelje moasten. Al mei al begripe jo wol dat it groepke de lêste wiken ferhipte lyts wie. Mar gelokkich Hennie de Haan wie wer paraat en hoe!

Ferline wike spile se al hiel sterk tsjin Bauke Bos. Spitich foar har gyng it oan de ein fan de partij krekt net goed en doe wie Bauke der as de wearlich by om dat ôf te straffen. Hy koe op syn gemak troch strike nei daam. Hennie warde noch wol tsjin, mar Bauke liet him net mear ferkatse. Ofrûne moandei moast se har twadde partij tsjin Tineke Teigeler , de frou yn foarm, spylje. As de skriuwer dêr wat oer skriuwe kin dan moat er it út de tûme sûge en dat kin fansels net. Wat hjir skreaun wurdt moat wol neffens de wierheid wêze. It wie sa de skriuwer siet sels ek wakker dreech te damjen en doe stapten de beide froulju op om nei hûs te gean. Wol hearde er dat Hennie wûn hie. No dat wie in prachtich punt.

De twa fan de fjouwer Stadige Strikers dy’t meidiene yn Frjentsjer en dus trije dagen yn it tallship sieten te damjen gongen yn it eigen damhûs te Skearnegoutum figuerlik wer it skip yn. Dicky van der Meer moast yn Bauke Dykstra, ek in Fryslân Iepen dielnimmer, syn meardere erkenne. Dat is hielendal net sa frjemd, want dyselde Bauke ferlear okkerdeis dan wol fan Tineke, mar hy kin fansels omraak damje. Yn Frjentsjer kaam er net yn de prizen, mar dat hie sa mar oars kinnen.

Cor Kooistra wie de oare dielnimmer oan it toernooi. Hy die it hiel aardich en stie nei de earste dei boppe-oan. En nei de twadde dei siet er noch by de trije heechsten. Uteinlik waard er fyfde. Dêrtroch is er mooglik wat te grutsk wurden en hat er tocht: Hjir op de klup sil ik se ek in poepke rûke litte. No dat wie dus net sa. Hy trape yn in âlde fout. Der siet in moai slachje yn foar Ype Boelens, mar dat seagen se beide. Twa setten letter kaam dat loopke der wer yn, mar dêr hie de man net mear by stilstien. Hoe wie it mooglik dat soks him al foar de twadde kear oerkaam dit jier. It wurdt minder mei him. Ype wûn mei dy moaie kombinaasje.

Jelle Wiersma wie dizze jûn net fan de partij, mar yn Frjentsjer wol. Hy wûn prizen yn it Fryslân Iepen toernooi ( twadde) yn it grutmaster toernooi (ek twadde) en yn it Frysk, dat is fiif tsjin fiif b3ehelle er it tredde plak, efter Dicky van der Meer.

Utslaggen: 27-2: Jan Castelein – Kees Castelein 0 – 1;Ype Boelens – Tineke Teigeler 1 – 0; Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1.  06 – 3: Hennie de Haan – Tineke Teigeler 1 – 0; Dicky van der Meer – Bauke Dykstra 0 – 1; Cor Kooistra – Ype Boelens 0 – 1.

Over de auteur

friesdammen administrator