Hy mocht it sinterklaazjen net mear meimeitsje.

doorfriesdammen

Hy mocht it sinterklaazjen net mear meimeitsje.

o wisten de Stadige Strikers wol dat ús nestor it net sa lang mear meitsje soe, mar dochs misten wy him tige by it sinteklazedamjen. Wat wie de man dêr in entûsjast leafhabber fan. Wat koe er miterste hurd tinke. Hy siet der ek wol ris nêst, mar faak hie er it by it rjochte ein. No is ús nestor der net mear. Om dizze kompetysje by him thús te damjen, soe him noch bot yn kontakt hâlde mei de klupleden. Hy hat mar ien partij damje kinnen en dêrnei wie it op. Hy bleau op bêd. Sels sei er: “Dit is it begjin fan de ein” Oant de lêste dei bleau er skerp, sa as er dat altiten west hie. Freedtemiddei bringe wy ús nestor te hôf. It libben giet troch. Wat noch nea bard wie yn de histoarje fan de Strikers, barde moandeitejûn. Der kaam in echte swarte Piet mei in sek fol pipernúten de damseal binnen stappen. Prachtich moai. By it neier yn de kunde kommen, bliek it net in Piet, mar in Pietsje te wêzen. Se koe ek noch Frysk damje. Sa sjocht men mar wer: üs sport is ynternasjonaal! Tineke Teigelaar hie har dochter Tess ek meinommen. Sa hienen wy fjouwer froulju.  Twa mannen wienen ferhindere. Wy koenen yn trije groepkes fan fjouwer spylje. Fjouwer potsjes yn ien kartier. Der waard skerp spile en der waard enoarm blundere. Al mei al wie it in slagge jûn en elk gie mei wat lekkers nei hûs.

Over de auteur

friesdammen administrator