In foutefestival yn it Swettehûs.

doorfriesdammen

In foutefestival yn it Swettehûs.

It gong moandeitejûn net sa sear oer de te spyljen partijen, mar mear oer de fouten en blunders , dy’t makke waarden op de persoanlike kampioenskippen. De earste en de twadde ronde waarden ôfrûne sneon spile yn it Swettehûs te Skearnegoutm. De fouten dy’t dêr makke binne, kamen wer werom op de buorden by de Strikers moandeitejûn. Opfallend wie dat dy blunders net allinne yn de leechste groep makke waarden, mar ek yn de kampioensklasse. It wie al mei al yn ien wurd in foutefestival.

Dêr hienen de spilers moandeitejûn net sa sear lêst fan. Dêr wie striid folop, hoewol’t der ek ien wie dy’t net damje woe, om’t er de oare jûns op ‘en nij spylje moast yn Jorwert, de tredde ronde fan it kampioenskip. Willem Schaap en Ype Boelens dearde dat net en gyngen  fuorten daliks de striid oan. Ype sloech de lange hoeke der út. Willem joech goed antwurd en doe’t Ype tocht dat er in moaie set dien hie, moast er konstatearje dat soks net sa wie en hy kaam efter: ien houtsje. Doe wie de partij spile!

Kees Castelein hie gjin lêst fan kampioenspartijen. Hy gong de striid oan mei syn heit. Dat die er net sa sachtsinnich. Hy raamde der fuort op yn en joech syn heit net mear de kâns om werom te kommen. It is fansels al wat om jins eigen heit sa te plak te setten. En hoe set sa’n oerwinning him fierders noch troch yn “huize” Castelein….

Tineke Teigeler hold it noch aardich lang út tsjin de man yn foarm: Sjoerd Jan Bakker. Mar oan de ein fan it middenspul liet Bakker wer eefkes sjen werom er al sa’n soad partijen wûn hat. Bauke Bos koe it net hâlde tsjin Dicky van der Meer en dat wie wol wat foar de hân lizzend, mar oan de oare kant hie Dicky him net fan de bêste kant sjen litten de sneons. As er it sa trochsette soe, dan hie Bauke mooglik in kânske. Spitich foar Bauke, mar moai foar Dicky, de lêste wûn.

Utslaggen: Jan Castelein – Kees Castelein 0 – 1;  Sjoerd Jan Bakker – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke Bos – Dicky van der Meer 0 – 1; Willem  Schaap – Ype Boelens 1 – 0.

CK

Over de auteur

friesdammen administrator