In hege kampskoare by de Stadige Strikers en in partij ferskiten.

doorfriesdammen

In hege kampskoare by de Stadige Strikers en in partij ferskiten.

Yn de twa eardere kompetysjejûnen fan dit seizoen waard der net ien kear kamp spile. Ofrûne moandeitejûn einigen mar leafst trije potsjes yn remize. Gewoanwei is it ris ien of heechút twa, mar no dus trije. Dat is in tige hege skoare foar it Frysk spul.

De earsten dy’t kamp makken wienen Tineke Teigeler en Ype Boelens. Hoe’t dat krekt yn syn wurk gong wit de skriuwer net en dat komt omdat mei de nije regels oangeande de koroana men omtrint in kilometer útelkoar sit. Dan ûntgiet jin it hoe en wat fan sa’n partij. Beide wienen it der blykber tige mei-iens want beide gyngen se mei sneltreinfaart rjochting it smokersplak om in feestsigret op te stekken. Letter wienen se wer ûnder de dammers om noch in potsje fiif tsjin fiif te spyljen.

De oare kampspilers dienen der hiel wat langer oer. Beide partijen wienen noch foar tsienen út. Moai op tiid dus yn dizze koroana-tiid. Sjoerd Huitema mei wyt naam it op tsjin Jelle Wiersma. De earste is debutant yn de heechste groep en hy ferlear de beide oare jûnen, mar no jûch er geweldich partij. De ein fan it spul liet in hiel soad farianten sjen, mar dan komt it op it rekkenjen oan om de goeie te kiezen. Dat dienen se beide en Jelle liet nei de tiid noch wat oare farianten sjen, dy’t foar Sjoerd funest ôrinne soenen. Dat barde dus net en Sjoerd hie syn earste heale punt binnen en eins in punt mei in haadletter. Dat om’t er tsjin de mearfâldich kampioen fan Fryslân remisearre.

It tredde spul dat gjin winner oplevere wie de partij tusken Cor Kooistra en Bauke Dykstra. Allebeide âld Hartwerters en beide berne ûnder it dak dat fjouwer wenningen oerkape. Dat seit fansels wol wat. Kooistra mei wyt. Dy begûn op in manier dy’t Bauke net ferwachte hie en dêrom frege er: “Hast in nije set útdoktere?” Dat wie neffens Cor net it gefal, want sa sei er: “Eartiids iepene ik it sa wol faker” De partij ferrûn frij gelykmmjittich. Uteinlik wie it yn de einfaze noch in hiel moai stantsje. Kooistra miende dat er it winne soe en sa skode er frij hastich troch. Dat kaam dochs wat oars en de partij wie sa kamp as wat. Beide mannen gyngen mei in tefreden gefoel nei hûs. Mar oan dit ferhaal hinget noch wol in sturtsje, sa as de skriuwer in dei letter hearde. Kooistra fertelde oan in tredde persoan it folgjende: “Ik kaam justerjûn thús en fertelde de frou dat ik kamp spile hie tsjin Bauke Dykstra en dat ik tige wiis wie mei dat heale puntsje, omdat Bauke in sterke dammer is en in teorykenner by útstek. De frou jûch har del en ik seach noch efkes nei de einstân. Ja dat wie kamp. Noch even it nijs troch blêdzje op de i-pad en dêrnei ûnder de tekkens. Nei in pear oerkes skrok ik wekker troch de gedachte dat ik de partij ferskiten hie. Ik wist op dat stuit seker dat ik altiten winne moatten hie. Ik nei ûnderen. It damboerd op tafed. It wie hast healwei trijen. De houtsjes der op en ja hear it kloppe as in seare finger. It hie altiten út west, mar troch myn hastichheid ha ik in heale punt ferskiten”

Utslaggen: Jan Castelein – Willem Schaap 0 – 1; Willem Schaap – Bauke Bos 1 – 0; Sjoerd Huitema – Jelle Wiersma ½ – ½; Hennie de Haan – Kees Castelein 1 – 0; Tineke Teigeler – Ype Boelens ½ – ½; Sjoerd Jan Bakker – Dicky van der Meer 1 – 0; Cor Kooistra – Bauke Dykstra ½ – ½.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator