In kluplûn mei Persoanlike Kampioenskippen, Fryslân Kup en kompetysje.

doorfriesdammen

In kluplûn mei Persoanlike Kampioenskippen, Fryslân Kup en kompetysje.

It wie moandeitejûn in gesellige en sportive drokte yn it Swettehûs te Skearnegoutum. Der sieten net allinne de fertroude gesichten fan de Stadige Strikers harren boppekeamer te pinigjen. Ut tal fan plakken stapten dammers de dam-arena fan de Strikers binnen. Allegearre mei mar ien doel: besykje om de tsjinstanner te ferslaan.

Sa sieten der acht man fan de tredde acht (it dambûn Frysk Spul wurket mei trije achttallen as it om de persoanlike kampioenskippen giet: de kampioensklasse, de reserve acht en de tredde acht). Dy tredde acht spile moandeitejûn de earste omloop. Om op jûn te spyljen is in noviteit.Dat ferrûn fierders allegearre prima. ( It spiet de stikjeskriuwer suver al dat er ferline jier nei de twadde acht promovearre is). Oer it fierdere ferrin en de útslaggen kin men earne oars wol terjochte.

Der waarden fjouwer partijen foar Fryslân Kup ferdamme. Bauke Bos wist de brijwein fan Klaas Wiersma net fan it boerd te reagjen en ferlear de partij. Cor Kooistra en Rein Jan Walinga spilen in hiele moaie partij. Der siet fan alles yn, mar net ien fan beiden gyng yn de fout. Kooistra seach kâns om earder op de daamline te kommen troch in houtsje te offerjen. Hy hie it aardich yn ‘t kopke: it koe net mear misse. Sûnder fierder te tinken sette er in pear houtsjes op slach, wylst der efternei in folle bettere en deadliker set west hie. Mar ja as je dat dan yn de kop ha…. Stom fansels. Rein Jan hat der ek lang oer neitocht mar seach gjin mooglikheden mear en joech de hân. Doe hearde men de omstanners: “Rein Jan jonge hiest itwinne kinnen”.Dat wie ek sa. Rein jan en Cor ha der beide miskien net goed fan sliepe kinnen: de earste net omdat er it net seach en de twadde net om’t er him sels ferwiet dat er net earst even fatsoenlik nei tocht hie foar’t er de set skode.

Sjoerd Jan Bakker wûn foar de kompetysje fan Jelle Wiersma. De lêste is op ‘t heden wat oan it ekspearimintearjen sa liket it wol. In pear wike lyn waard hjir skreaun dat Wiersma lêst hie fan in ferstânsferbjustering. Dat kin elk wol ris oerkomme, mar wy hoege net te tinken dat Jelle út foarm is of sa. Hy as kampioen fan Sânfurd spilet as it der op oan komt sa mar wer de stjerren fan de loft. Wy wolle fansels de prestaasjes fan Sjoerd Jan bakker net lytsachtsje, nee it is krekt oarsom. Hy hat dizze kompetysje noch net ferlern. Dat seit dus genôch!

Utslaggen: Hennie de Haan – Hester Boelens 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke Dykstra 0 – 1; Fryslân Kup: Klaas Wiersma – Bauke Bos 1 – 0; Cor Kooistra – Rein Jan Walinga 1 – 0; Jurjen Falkena – Marten Walinga 0 – 1; Bernard Kroon – Sybren Dyk 0 – 1.

Over de auteur

friesdammen administrator