Moandeitejûn ferrûn net oars as oare damjûnen. Ek dizze reis soarge wer foar ferrassing en spanning. Spanning siet der foaral yn de partij tusken Hennie de Haan en Kees Castelein. Beide hienen kânsen en it gong der om wa’t mei de winnende set komme soe. Al mei al makken âld en jong der in moaie striid fan.
Op in bepaald stuit luts Hennie suver wat wyt wie. Se seach dat as Kees noch krekt even skerper spile hie, sy de beppekelder yn kneppele wie. Krekt even skerper en hy spile al sa merakelst goed. Hy joech de hiele tiid prima partij. Hennie murk in pear kear op: “Kees wat kinsto goed damje!” Miskien is Kees dêrtroch wat yn in wintastân rekke en krekt wat minder begûn is te striken. Hy sei noch wol: “Ik moat it earst mar ris wûn ha, dan kin ik sizze dat ik goed spile ha” Dat wienen wiere wurden fansels. Hennie ûntkaam oan de deadlike oanfal en waard suver wat better kwa stân, mar de winst soe nei alle gedachten wol nei Kees gean. De stikjeskriuwer hold it mei spanning yn de gaten. Kees krige in daam en dat binne soms foar begjinnende dammers eins mar akelsma’s. Mei in achterstreek fan Kees koe Hennie wer in eintsje fierder rjochting daamline gean. Sa werhelle him dat noch in kear en sy kuiere moai nei de daam. Doe seach it der wol wat út nei kamp, mar tsjin twa dammen hie Kees mei syn iene daam gjin kâns mear. Spitich foar him, in moaie partij, mar gjin punten.
Utslaggen: Hennie de Haan – Kees Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – Willem Schaap 1 – 0; Willem Schaap – Jan Castelein 1 – 0; Ype Boelens – Jelle Wiersma 0 – 1; Bauke Bos – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Sjoerd Huitema – Bauke Dykstra 0 – 1.
(Tekst: Cor Kooistra)
Over de auteur