NK Ynternasjonaal en Frysk Damjen 2023

doorfriesdammen

NK Ynternasjonaal en Frysk Damjen 2023

Debutanten ferrasse op NK damjen

Yn ‘e earste omloop fan it Nederlânsk kampioenskip damjen yn Drachten ferrasten Matheo Boxum en Jan van der Star troch as debutanten harren tsjinstanners te ferslaan en harsels sa brutaal oan kop fan ‘e ranglist te setten. Boxum, pas 14 jier âld, hie syn yn it sâlt bebiten tsjinstanner Anton van Berkel te fiter mei in kombinaasje. Jan van der Star slagge it en kom tsjin Gerlof Kolk in hout foar, en dêrnei wûn er ek de partij.

Dêrnjonken wiene der noch twa oare beslissings te notearjen. Kânshawwer Marijn van IJzendoorn fersloech yn in oanfalspartij lang om let Wouter Sipma yn it einspul. Alexander Baliakin die wêr’t er goed yn is, troch in tinne stân út te melken tsjin Luuk Terweijden.

De moetings tusken titelfavoryt Jan Groenendijk en Ben Provoost en Jitse Slump tsjin Hein Meijer waarden kamp. Pleatslike favoryt Gabriël Heerema spile in sterke partij tsjin Wouter Ludwig. Neidat er de kop der even net hielendal by hie, ferwettere syn posysje en rûn de partij út yn in lykspul.

It neamen wurdich is it feit dat Hein Meyer as âldste dielnimmer al foar de 25ste kear oan it Nederlânsk kampioenskip meidocht. Dêr mei de hoed wol foar ôf.

By de earste omloop fan it NK Frysk damjen foelen der fuortdaliks al fjouwer beslissings. Frederik Bos spile in klassyk lestich iepeningsspul tsjin Frans Kingma. Bos hie him goed taret en kaam sa in skiif foar, en dy koste Kingma úteinliks de kop.

Hein de Vries naam tsjin Taeke Kooistra yn ‘e iepening in foarpost yn, mar op it stuit dat dy fuortroale waard, waard Kooistra syn posysje rillegau better en boude de Hartwerter úteinliks in winnende stelling op.

Dicky van der Meer spile in lestich sintrumspul tsjin Jelle Wiersma. Likegoed krige er noch kâns op in winnend einspul, mar dat wie te djip om dat sa mar even efter it boerd út te finen. Wiersma ferhege de druk op Van der Meer syn stelling, en wûn sa it einspul.

Yn ‘e striid tusken Groenveld en Walinga hie Groenveld de partij lange tiid yn ‘e macht. Mar yn it einspul draaide de boel om en luts Walinga oan ‘e langste ein.

Moarn giet it toernoai fierder yn hotel Van der Valk yn Drachten.


Iepeningsset troch Pieter Kooi by NK Ynternasjonaal damjen . Fotograaf: G. van Dijk (flnr.: Gabriël Heerema, Pieter Kooi, Wouter Ludwig)

Iepeningsset troch Pieter Kooi by NK Frysk damjen. Fotograaf G. van Dijk (flnr.: ) Marten Walinga, Pieter Kooi, Folkert Groenveld)

Analyse troch Harm Wiersma. Fotograaf G. van Dijk


Matheo Boxum tsjin Anton van Berkel. Fotograaf G. van Dijk

Over de auteur

friesdammen administrator