Oer it algemien wienen de measte partijen gau beslikke.

doorfriesdammen

Oer it algemien wienen de measte partijen gau beslikke.

By de Strikers wienen der moandeitejûn eins gjin partijen fan de lange  azem. Nee de measte spilers makken der gau in ein oan, somtiden troch tadwaan fan de tsjinstanner. It kaam der op del dat de partijen krekt foar tsienen út wienen. Moai neffens de regleminten dy’t jilde yn ferbân mei de koroana-pandemy. Der blieken ek in pear útsûnderingen te wêzen. Docha wie it al mei al gau beslikke.

Foar de útsûndering wat de tiid oanbelange, soargen Tineke Teigeler en Kees Castelein. Oer it generaal binne dizze twa spilers gau út. Faak fier foardat de oaren elkoar de hân of de boks jouwe. Moandei dus net. Beide dammers makken der in moaie partij fan, dy’t op en del ferrûn. Sa kaam Kees in houtsje efter troch in slachfout, mar hy hold de kop der foar en kaam wer gelyk. It bleau in moai spul oant de ein ta. Trije om trije wie foar beide in wichtige stân, mar dêr kamen se goed út en skoden elk mei ien houtsje dat se noch besieten nei de daam: kamp! Moai dien!

Sjoerd Jan Bakker wie yn syn partij tsjin Jelle Wiersma sa mar út. De skriuwer soe al gau de nul foar Bakker opskriuwe, mar doe die him bliken dat net Bakker, mar Wiersma ferlern hie. De lêste blundere sa’t wy dat net fan him wend binne. Sjoerd Jan fandele de puntsjes mei nocht op. In oare partij duorre ek net sa lang. Dy tusken Ype Boelens en Jan Castelein. Ype krige al frij flot in daam yn de lange hoeke en doe koe Jan it wol ferjitte. De fjouwer dammers koenen noch wol in partij. Dat barde ek. Ype waard fan it boerd ôfreage troch Jelle en Sjoerd Jan Bakker wie te sterk foar foar Jan.

Cor Kooistra en Dicky van der Meer sieten noch wol te stinnen op it spul, dat eins gjin echte partij wurde woe. Dat kaam ek troch de iepening, wêr’t yn Kooistra wat te bang en te foarsichtich út de startblokken kaam. Om koart te gean: hy waard der fakkundich ôf damd troch Van der Meer.

Utslaggen:Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Cor Kooistra – Dicky van der Meer 0 – 1; Tineke Teigeler – Kees Castelein ½ – ½; Jan Castelein – Ype Boelens 0 – 1; Ype Boelens – Jelle Wiersma 0 – 1; Jan Castelein – Sjoerd jan Bakker 0 – 1.

Over de auteur

friesdammen administrator