‘Tredde Acht’ Persoanlik Kampioenskip

doorfriesdammen

‘Tredde Acht’ Persoanlik Kampioenskip

Wy sykje: kandidaten foar de ‘Tredde Acht’ Persoanlik Kampioenskip

Al in tal jierren soene wy graach mear minsken hawwe dy’t meidogge oan it kampioenskip Frysk Damjen yn de ûnderste groep fan acht, de saneamde ‘Tredde Acht’.

Yn de bûnsgearkomste fan 2 oktober is besletten om dit jier by wize fan proef it kampioenskip yn de saneamde ‘Tredde Acht’ en ek de oanrin dêrhinne justjes oars oan te pakken.

Alderearst: de wedstriden yn de ‘Tredde Acht’ wurde útsmard oer de tiid fan novimber oant en mei febrewaris. Trije fan ’e sân omlopen wurde tagelyk spile mei wedstriden yn de oare beide groepen; de oare fjouwer wedstriden wurde earder spile. It folsleine skema sjocht der sa út: • moandei 18 novimber (Skearnegoutum), 1e omloop • tongersdei 28 novimber (De Gaastmar), 2e omloop • moandei 16 desimber (Aldegea), 3e omloop • freed 17 jannewaris 2020 (Blauhús), 4e omloop • tiisdei 4 febrewaris (Jorwert), 5e omloop • sneon 15 febrewaris (Skearnegoutum), 6e en 7e omloop

Seis dammers binne al pleatst foar it PK yn de ‘Tredde Acht’: Liuwe Westra, Fedde Wiersma, Siebren Dyk, Dicky van der Meer, Ype Boelens en Piet Sikma. Der binne dus noch twa plakken frij.

Twad: de pleatsingswedstriden foar de beide leste plakken wurde spile op:  • moandei 21 oktober (It Terphûs, Hartwert), 1e foaromloop • freed 1 novimber (SieSa, Blauhús), 2e foaromloop • moandei 11 novimber (It Joo, Aldegea-SWF), 3e foaromloop

De wedstriden begjinne om 20:00 oere. De tinktiid is 1:30 oere.

Der wurd spile yn ien pûl as der 3 of 4 dammers binne, en yn twa pûls fan fjouwer as der 7 of 8 dammers binne en yn in pûl fan seis mei twa groepen fan trije as der 5 of 6 dammers binne. De twa pûlwinners pleatse har dan foar de ‘Tredde Acht’. Binne der mear as 8 kandidaten, dan wurkje wy mei mear pûls. Der wurd damt neffens de skema’s dy’t opnommen binne yn art.4 fan ‘Aanvullende reglementen, A. Wedstrijden door clubs georganiseerd’. Ek art. 5 út dat reglemint is fan tapassing.

De lotting fynt plak op moandei 21 oktober (om 20:00 oere) yn Hartwert.

Opjaan foar de pleatsingswedstriden

Dammers kinne harren opjaan by skriuwer Fedde Wiersma:
e-mail:  wiersmafedde@gmail.com
tillefoan/app: 06 – 21378700
Opjaan foar sneon 19 oktober 21:00 oere!

(by opjaan ek e-mailadres en 06-nummer trochjaan)

Ek foar fragen ensfh. kinne jimme kontakt opnimme mei Fedde.

Wy hoopje dat dizze proef slagget en rekkenje op in moai ploechje dammers!

Út namme fan it bestjoer,

Fedde Wiersma, skriuwer

Over de auteur

friesdammen administrator