Persoanlike kampioenskippen 3e acht – 3e rûnte

doorfriesdammen

Persoanlike kampioenskippen 3e acht – 3e rûnte

Op moandei 16 desimber waarden yn it Joo yn Aldegea fjouwer partijen yn de tredde rûnte fan it persoanlike kampioenskip yn de tredde acht spile. Neist de dammers fan de tredde acht waard ek fûleindich damt foar de kompetysje fan Nocht&Kriich en spile Siebe Walinga tsjin Hein de Vries yn de twadde rûnte fan de Fryslân Kup.

Der barde dizze jûn fan alles op de damboerden. Sa kamen Johannes Hoekstra en Gosse de Vries der tige let efter dat it boerd ferkeard lei: de lange hoeke net oan de lofter kant, mar oan de rjochter kant fan it boerd. Mar hoe dan ek, se hiene in prachtige partij damt!

Yn it ein fan de partij koe Siebe mei syn daam in hout slaan, mar die dat net! Nee, hy die earst noch in oare set, Hein moast slaan en dêrnei koe Siebe in hiel soad hout slaan. Je sjoene hast tinke dat it opsetsin wie! Mar ja, as de tsjinstanner neat seit dan kin alles.

Yn de partij fan Ype Boelens tsjin Marcel Altena helle Ype op de 59e set in twadde dam en wie der einspul mei twa dammen tsjin in. Alle dammers witte dat je einspul yn 7 setten útmeitsje moatte. Nei 6 setten sei Ype dat Marcel syn dam gjin goed plak mear hie en dat wie ek sa. Mar troch in eigen daam te jaan en de daam fan Marcel te slaan kaam Ype út op 8 setten mei syn twa dammen. Neffens Ype mocht dat, want dat hie hy heard fan Jelle Wiersma, en dat is ‘net de earste de bêste’!

Piet Sikma spile in moaie partij tsjin Bernard Kroon mar kaam yn it 3 tsjin 3 einspûl ien set te koart en moast beliis jaan. Neffens Piet hie hy in de stân fan 5 tsjin 5 in bettere set dwaan kinnen, mar as dat ek winst west hie???

De beide koprinners, Liuwe Westra en Dicky van der Meer, spilen tsjin elkoar en brûkten yn in drêge partij yn it begjin in hiel soad tiid, mar mei tank oan it Fisher-systeem kamen se oan de ein fan de partij gjin tiid tekoart. It spul waard kamp.

De útslaggen fan de tredde acht:
Liuwe Westra – Dicky van der Meer 0.5-0.5
Fedde Wiersma – Siebren Dyk 1-0
Ype Boelens – Marcel Altena 1-0
Piet Sikma – Bernard Kroon 0-1

Nei trije rûnten geane Dicky van der Meer, Liuwe Westra en Fedde Wiersma oan de lieding mei 2,5 punt.

Over de auteur

friesdammen administrator