Prachtige damdei yn Hartwert

doorfriesdammen

Prachtige damdei yn Hartwert

Op de earste sneon fan it nije jier organisearret damklup Hartwert al sûnt har bestean har jierlikse wedstriid. Nei elkoar de bêste winsken te jaan en efkes bij te praten, giene om goed 10 oere 21 dammers de striid mei-noar oan. De measte dammers komme dizze dei om moaie partijen te damjen, omdat se leafhawwer binne fan it prachtige Fryske damspul. Mar miskien ek wol foar de hearlike snert die altyd te ferkrijen is yn it smûke doarpshûs fan Hartwert.

Troch lotting wie elkien yndield yn groepkes, dit op wearde fan harren damkwaliteit. Der wie ien groep yn de eareklasse, trije yn de haadklasse en ien yn de earste klasse. Der waard om raak strutsen, slein en neitocht. Yn de eareklasse gie de earste priis nei Taeke Kooistra en de twadde priis nei Tjerk Wijbenga. De lêste rûne moasten se tsjininoar mei beide likefolle punten. Nei in pracht partij besliste Taeke it úteinlik krekt yn syn foardiel.

Yn groep 1 fan de haadklasse waard prachtich damd. Dêr wie net ien, mar trije winners nammentlik Gerrit Schilstra, Jan Bouma en Sjouke de Boer. Nei trije partijen stiene de mannen hielendal yn lykwicht. Om dochs de nûmer 1 en 2 oan te wizen, waarden der beslissings partijen spile. Se moasten nochris tsjininoar damme, no mei elk tsien minuten op de klok. Jo riede it wol, nei de beslissings partijen stiene de mannen wer gelyk mei elk 1 punt. Nei in lange dei en in swiere damholle is besletten dat se alle trije winner binne fan dizze groep. De prizen, amers fol itenswaren, ha de trije ûnderling soarchfâldich ferdield. Groep 2 hie as winner Cor Kooistra en twadde waard Sjoerd Couperus. De lêste groep fan de haadklasse bestie út fiif dammers. Se spielen fjouwer partijen mei elk in oere op de klok yn stee fan oardel oere. De winst hjir wie foar Sjoerd Kooistra, twadde waard Klaas Abma.

De striid yn de earste klasse wie spannend en waard pas beslikke yn de lêste rûne. Frans Kingma en Jacob Bauke Greidanus hiene beide harren partijen wûn, dus moast de ûnderlinge partij de winner oanwize. Jacob Bauke spilet al jierren net mear op de klup yn Hartwert, mar hy liet sjen dat hy it spultsje noch net ferleart is. Dat Frans stoppe is mei it wurk as eigener fan in hoarekasaak docht ek fertuten, hy begjint hieltyd better te damjen. Yn in tige spannend partij luts hy oan it lêste ein en waard dermei earste yn de groep.

Al mei al in prachtige damdei yn Hartwert mei prachtige partijen en fertstjinne winners.

De priiswinners op dizze damdei wiene:

Ereklasse: 1. Taeke Kooistra, 2. Tjerk Wijbenga

Haadklasse, groep 1: 1. Gerrit Schilstra, Jan Bouma en Sjouke de Boer

Haadklasse, groep 2: 1. Cor Kooistra, 2. Sjoerd Couperus

Haadklasse, groep 3: 1. Sjoerd Kooistra, 2. Klaas Abma

1e klasse: Frans Kingma, 2. Jacob Bauke Greidanus

Over de auteur

friesdammen administrator