Priisdamjen: 18 dammers op papier en 16 achter de buorden.

doorfriesdammen

Priisdamjen: 18 dammers op papier en 16 achter de buorden.

Skearnegoutum. Op freedtejûn 20 desimber hold damklup De Stadige Strikers harren priisdamjen. In wedstriid wêr’t wolris mear dammers oan meidien hawwe. Mar hawar! Der is op in sportive wize sport bedreaun. Tinksport wol te ferstean. Fan de achttjin papieren dammers rekke der ien in dei fan tefoaren siik, dy moast dus ôfsizze. Doe wienen der 17 oer. Dat is in raar getal. Dêrom spile diskear in bestjoerslid net mei lykas ferline jier doe’t der ek in ûneven oantal dammers opdraven kaam. Ponghâlder Ype Boelens offere him no op.

Jelle Wiersma, de Frysk kampioen, liet ek sjen dat er op it mêd fan stryk-ta de sterkste wie yn de Eareklasse. Hy wûn alle trije partijen. It lot hie it sa útmakke, dat er allinne klupleden as tsjinstanner hie. Yn de oare groep fan de eareklasse siet noch in Aldegeaster en in Hartwerter. Tsjin harren hoegde Jelle it net op te nimmen. It wie it lot!

Yn de haadklasse A mei in Blauhúster, twa Jorwerters en in Hartwerter yn de gelederen blieken de Blauhúster en de man fan de Harterter klup it bêste út de bus te kommen. Marcel Altena fan de Skyfkes ferdigene de klupkleuren mei glâns: Twa kear winst en ien kamp. Klaas Wiersma fersloech de beide Jorwerters en gong mei de twadde priis nei hûs.

Beke Haanstra út Aldegea sloech feninich ta yn de earste klasse. Hy wûn alle trije partijen. As twadde einige Jan Nauta út Bitgumermole dy’t allinne belies jaan moast tsjin de priiswinner. Tineke Teigeler út Sibrandabuorren liet sjen dat froulju ek wol damje kinne: De winner yn de twadde klasse foar Minne Posthuma út Aldegea.

Folsleine útslach: Eareklasse groep 1: 1 Jelle Wiersma, Wommels. 2 Bauke Dykstra de Tynje. Groep 2: 1 Folkert Goenveld, De Jutryp. 2 Tsjerk Wybenga, Arum. Haadklasse A: 1 Marcel Altena, Blauhûs. 2 Klaas Wiersma, Nij Beets. Earste klasse: 1 Beke Haanstra, Aldegea. 2 Jan Nauta, Bitgumermole. Twadde klasse: 1 Tineke Teigeler, Sibrandabuorren. 2 Minne Posthuma, Aldegea.

(Tekst: Cor Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator