Faaks wurdt it damjen trochjûn yn de famyljerûnte. Bekinde nammen yn it Frysk Spul binne Kooistra, Wiersma, Bakker, Walinga en de Vries. Harren neiteam sjogge we noch gauris efter de buorden. En dan is it bygelyks: ‘tink der mar om, der sit Bakker-bloed yn’. By it lêste persoanlik kampioenskip damden Rein Jan Walinga en Hidde de Vries yn de ‘tredde acht’ en einigen op it earste en twadde plak.
H. de Vries – R.J.Walinga, 7.2.2026 Lollum, fiifde omloop PK tredde acht
1.31-26 19-24 2.37-31 24-29 3.34×23 18×29 4.33×24 20×29 5.39×19 13×24 6.40-34 24-29 7.34×23 17-21 8.26×17 11×24 9.31-26 14-20 10.32-27 20-25 11.27-22 12×32 12.38×27 9-14 13.42-37 14-20 14.43-39 7-11 15.37-31 10-14 16.48-43 is better. 16.39-34 24-30 17.35×24 20×40 18.44×35 14-19 19.48-43 8-13 en oanfalle op wyt syn dûbele hoeke 20.43-39 25-30 21.35×24 19×30 22.41-37 3-9 23.47-42 2-7 De rùn, skiif 47, hie net fan it plak moatten. 24.42-38 13-18 Swart stiet de ôfruil oerdwers ta. Better wie 24. ..30-35 25.39-34 30×39 26.38×40 No stiet wyt fêst yn de lange hoeke.

26. …18-22! 27.27×18 16-21 28.26×17 7×47 29.46×48 11-17 30.18×16 6×46 De swarte daam wurdt daalk mei lyk hout ôfnaam en op nei in lykweardich einspul. 31.49-44 46×49 32.50×48 15-20 33.48-43 9-13 34.31-27 13-18 35.43-38 5-10 36.40-34 1-7 37.27-21 10-14 De dammers komme elkoar wer op de lea en der folgje beskiedende setten. 38.38-32 14-19 20-25 hie moatten en Wyt hie mei 39.44-40 folle better stien. 39.21-16 4-9 18-23 en dan tebek ruilje. 40.44-40 9-14 41.32-27 18-23 41.34-30 18-23 42.30×10 14×5 en swart komt oan. 42.34-30 20-24 43.30-25 24-29 De plakker 43.16-11! 24×44 44.11×2 44-50 45.2×4 is better foar wyt. 44.27-21 14-20 44.25-30 14×25 45.40-35 23-28! 46.35×15 28×6 as 45.40-34 29×40 46.45×34 wurdt in moai einspul. 45.25×14 19×10 46.21-17 7×27 47.16-11 27-31 Beide spilers rinne nei de daam. 48.11-7 31-36 49.7-1? 23-28 Swart fangt de daam, 7-2 hie moatten. 50.1×34 28-32 51.34×31 36×27 52.40-34

Soks liket kamp net? Nee! Swart hellet in daam op 49, strykt dan nei fjild 16 en kin krekt op tiid it wite hout opswylje. 52. …27-31 53.34-29 31-37 54.29-23 37-41 55.23-18 41-46 56.18-12 46-23 57.12-8 23-1 58.45-40 1×45 Wyt hellet ek in daam. 59.8-2 10-14 60.2-11 14-20 61.11-2 Swart soe wyt noch wat narje kinne en sjen at it slagget it hout te kearen yn de dûbele hoeke. Mar kamp wie in goed ein fan dit drege spul.
Twa nije problemen foar de ledder fan Willem Bakker en Hiele Walinga

Nû. 9 sw. 2, 4, 6-9, 13, 16, 22 wyt 26, 29, 30, 35, 39, 40, 42, 47, 49

Nû. 10 sw. 9, 12, 16, 19, 29, 35 wyt 27, 32, 36, 39, 41, 47
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Over de auteur