Rubryk 18-9-2026

doorfriesdammen

Rubryk 18-9-2026

Mei it beheljen fan de fjirde wrâldtitel yn suksesje hat Marten Walinga in prestaasje fan formaat del setten. Te mear omdat de Lollumer as driuwende krêft fan de stifting WFD (Worldchampionship Frisian Draughts) in grutte rol yn de organisaasje hat. Nei twa toernooien yn 2018 en 2024 en in eardere match yn 2021 wie it no oan de winner fan it lêste Fryslân Open Taeke Kooistra om de striid oan te gean. It waard in tige spannende twastriid mei wikseljende kânsen. Yn de lêste fan alve omlopen, wêrfan mar trije kamp, helle de útdager de winst. En moasten der twa barraazjes mei hieltiid koartere tinktiid  oan te pas komme foar in beslissing.

T.Kooistra – M.Walinga, Harns 9.8.2026 WK 2026, twadde barraazje-partij 

Bysûnder wie dat de wytspiler lykas yn alle oare partijen 32-27 as earste set die.  Ek Walinga spile oars net as dit. Soks betsjut faaks in minder dreech begjin.  1.32-27 20-25 2.27-22 7×28 3.33×22 8×27 4.31×22 12×32 5.38×27 11-17 6.27-22 17×28 7.34-30 25×34 8.40×27 19-24 9.37-31 39-34 is skerper 9…14-20 10.31-26 24-30 11.35×24 20×29 12.39×19 13×24 13.43-39 24-30 14.41-37 7-11 15.42-38 30-35 16.45×25 15×35 17.37-3110-15 18.38-32 15-20 19.39-34 35×33 20.32×34 20-25 Wyt koe oerdwers ôfruilje, faaks goed yn it begjin, mar strykt no nei de midden. 21.34-29!? 25-30  21. …9-14 is better 

Mei 22.29-23 hat wyt de kâns om goed ôf te ruiljen. 22…8-12? om 23-18 en  27-21, lykas 22. ..9-14? om 23-19 etc. Dus 22…5-10 23.23-18 8×28 24.27×29 30×28 25.27-21 16×27 26.31×33  Mar wyt ruilet daalk en kriget op fjild 29 in minne skiif. Dy wurdt hieltiid mear in bongel oan ‘e poat.  22.44-40? 30×28 23.27×29 9-14 24.40-35 14-20 25.31-27 8-12 26.46-41 12-17 Wyt woe ôfruilje troch 29-24 en 27-21, mar dat stiet swart net ta. 27.27×7 1×12 28.35-30 20×40 29.50×30 12-17 30.41-37 3-9  

Wyt hie noch goed spul nei 31.37-32! En bygelyks 31. …2-7 32.32-27 17×37 33.47×27 9-14 34.49-44 14-20 35.30×10 5×14 36.29-24 14×34 37.44×24 11-17 38.27-21 16×27 39.26×28  Mar no wurdt it in dreech ferhaal. 31.49-44 9-14 32.44-40 14-20 33.30×10 5×14 34.37-31 14-20 35.31-27 17×37 36.47×27 4-10 37.40-34 11-17  Der is gjin ferwin mear. Swart strykt it út38.27×7 2×11 39.48-42 16-21 40.26×17 11×22 41.42-37 6-11 42.37-31 11-17 43.31-26 20-25 44.36-3110-15 Wyt hat neat mear en jout it terjochte op.  De wrâldtitel is wer foar Walinga.

De problemen foar de ledderwedstriid binne beide fan Stellinga-Baron 

Nû.1 sw. 6-8, 11, 13-15, 18, 20, 24 wyt 16, 28, 31-33, 38-40, 41, 43   

Nû.2 sw. 10, 11, 13, 14, 16, 17, 19, 21, 23, 26, 27 wyt  25, 30, 32, 35, 36, 38, 40, 41, 46, 48, 50 

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

Over de auteur

friesdammen administrator

Je moet inloggen om een reactie te kunnen plaatsen.