Henk Haanstra mocht in heal oere hoopje op de Fryske titel. Nei in drege partij hie hy Marten Walinga ferslein. En kaam sa op seis punten. Jelle Wiersma siet noch tsjin Taeke Kooistra en dat like op kamp út te draaien. Mar dochs frussele de regearjend kampioen út Wommels der noch in luzige kombinaasje yn. En kaam sa lyk mei Haanstra. Dy’t in wike letter yn de barraazje belies jaan moast. Lykswols wie it foar de Aldegeaster in moai damjier mei de fluchdam-titel, in dield earste plak by de Masters yn Frjentsjer en winst yn de kompetysje fan damklup Nocht&Kriich fan Aldegea-SWF.
M.Walinga – H.Haanstra, Aldegea-SWF 14.2.2026, PK 7-e omloop
1.32-27 20-25 2.31-26 14-20 3.37-31 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 7-11 6.41-37 1-7 7.31-27 17-21 8.26×17 11×31 9.37×26 16-21 10.26×17 18×16Bekende iepeningspaden wurde berûn. 11.42-37 19-24 12.34×14 4×24 13.39-34 24-29 14.34×23 25-30 15.35×24 20×18 Fansels net 14.33×29 20×29 etc. 16.40-35 10-14 17.37-31 16-21 18.31×11 7×16 19.35-30 14-20 19.32-27 liket better. 20.30×10 15×4 21.33-29 13-19 22.43-39 18-22 Hjir is 22. ..12-17 skerper. 23.38-33 22×42 24.48×37 12-17 25.44-40 17-21 26.33-28 21-26 27.40-35 Mei 25.29-23 19×28 26.33×11 6×17 hat wyt wer in deegliker posysje. 27. ..8-12 28.37-32 12-17 29.36-31 26×37 30.32×41 17-21 31.41-36 2-7 32.45-40 7-12 33.50-45 12-17 34.35-30 21-26

Wêrom net ferienfâldichje mei 35.36-31 26×37 36.28-23 19×28 37.29×47?35.40-34? 17-22! 36.28×17 16×18 37.36×16 6×26 38.29-24 18-22 En swart hat it bettere spul. 39.24×13 9×18 40.34-29 22-27 41.46-41 27-31 42.41×21 26×17 No leit de lange hoeke fan wyt iepen. 43.29-23 18×29 44.30×28 3-8 45.49-43 17-21 46.43-38 4-9? 46. .. 8-2 hie moatten. Wyt kriget in lêste tried tasmiten. Mar pakt dy net.

Mei it offer 47.28-22! 21×23 kin wyt noch kamp helje. 48.38-32 23-29 49.39×19 9×29 en swilet wyt skiif 29 noch op. Dus 48. ..8-12 49.32-27 23-29 50.39×19 9×29 en sil wyt noch in daam krije nei it offerjen fan skiif 45. No makket Haanstra dien wurk. 47.39-33? 8-12 48.38-32 12-17 49.28-23 21-26 50.45-40 26-31 51.23-18 17×19 52.32-28 31-36 53.28-22 36-41
De lêste problemen fan Stellinga-Baron
Nû. 29 sw. 4, 6, 7, 13-15, 20, 24, 25 wyt 21, 22, 28, 33, 40, 41, 43-45
Nû. 30 sw. 4, 6, 7, 15, 18, 22, 27, 28, 45 wyt 16, 20, 24, 26, 33, 34, 39, 41, 50

Nû. 31 sw. 2, 7, 9, 10, 16, 20, 45 wyt 21, 23, 27, 30, 38, 46, 49, 50

Nû. 32 sw. 1, 4, 13, 14, 17, 22, 27, 28 wyt 6, 26, 30, 36, 37, 42, 43, 50
Oplossingen stjoere foar 3 maaie.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Je moet inloggen om een reactie te kunnen plaatsen.
Over de auteur