Rubryk 27-9-2019

doorfriesdammen

Rubryk 27-9-2019

Al wer hiel wat jierren hawwe ek by it Frysk damjen kompjûterprogramma’s in rol yn it spul krigen. Hjirby is Lusoris, doedestiids makke troch Stef Keetman,

lang de standert west. Tsien jier lyn en earder spile de kampioen dan ek in partij tsjin ‘it beest’ en mei de grutst mooglike muoite waard kamp helle.

Mar no komt der feroaring en hoe.

De Frânsman Fabien Latouzey hat it programma Scan ek ôfstimd op it Frysk damjen. Op de site www.lidraughts.org kinne jim it ris besykje. Ek foar FRYSK! en oerhoeks. Guon dammers gienen jim foar en waarden fan it boerd reage. Wat soe Lusoris der tsjin Scan fan meitsje?

Ik ha de twa programma’s in pear kear tsjin elkoar spylje litten. Lusoris hat dan noch in protte tiid nedich, mar Scan is yn in pear tellen út de rie en makket Lusoris kansleas. Yn dizze partij het Scan wyt.

1.32-27 20-25 2.27-22 17*28 3.33*22 18*27 4.31*22 12*32 5.38*27 14-20

6.27-22 Dit is de Meike-set . 6. ..9-14

Fansels kint Lusoris de bêste tsjinset.

7.34-30 25*34 8.40*18 8*17 9.37-31 7-12 10.44-40 17-21 11.31-26 3-8

12.26*17 12*21 13.35-30 8-12 14.50-44 12-17 Swart stiet ta dat wyt omheech ruilet. Wie 20-25 net better? 15.30-25 15*35 16.45*25 17-22 17.40-35 11-17

Dan kin der oerdwers ôfruile wurde.

18.36-31 10-15 19.31*11 1*21 20.39-34 20-24 21.25*23 22*24 22.34-30 14-20

23.30*19 20*18 Mei in wat minder goed hout. 24.35-30 2-8 25.42-37 8-13 26.37-31 18-22 27.31*11 16*7 28.44-39 7-12

Wyt hat de driging 30-25 en 44-39 yn it spul brocht en de ôfruil troch 15-20 leit mear yn de reden. 29.41-36 13-18 30.36-31 18-23 31.49-44 4-10 32.44-40 10-14

33.40-35 14-20 34.30*10 15*4 35.31-26 12-18 36.39-34 4-9 37.46-41 5-10 38.34-30 9-14 39.30-25 22-28 Swart is no alhiel omklamme. 40.41-37 28-33 41.37-31 6-11 42.47-42 18-22 Wat oars?

43.35-30 22-28

No net daalk 44.43-38 23-29! 45.38×7 33-39 46.30×28 10-15! 47.25×5 39-44 48.5×23 44-50 49.23-5 50×8 en kamp

44.30-24 14*34 45.43-38 34-40 46.38*7 40-45 47.7-1 28-3348.48-43 45-50 49.43*23 50-45 It komt noch wol efkes krekt foar wyt. 50.1-6 45*15 51.26-21 15-29 In twadde wite daam kin net keard wurde. 52.6-1 29-33 53.1-6  33-29

54.6-1 10-14 55.1*4

Jim hienen noch de einstân fan de ledderwedstriid te goede.

1.Sjouke Schilstra, Lollum, 358 pt.;
2.Sake van Steinvoren, Dronryp, 334;
3.Jan Schilstra, Boalsert, 306;
4.Johan de Boer, Berkel en R’rijs, 299;
5.Arend de Schiffart, Wommels, 248;
6.Gerrit Schilstra, Boalsert, 238;
7.Gerrit Tigchelaar, Ysbrechtum, 229;
8.Klaas Wiersma, Nij Beets, 200;
9.Tjipke Smedinga, It Hearrenfean, 167;
10.Sietse de Boer, Burdaard, 84;
11.Pieter Looge, Tsjummearum, 60;
12.Jelle Wiersma, Wommels, 48;
13.Fedde Wiersma, Easterein, 46;
14.Gosse Harkema, Snits, 44;
15.Auke Zijlstra, Utert, 44;
16.Gatze Ykema, De Gaastmar, 22;
17.Bernard Kroon, Blauhús, 12;
18.Sjoerd Couperus, Snits, 10;
19.John Reade, Manchester, 8;


En nije problemen fan Hiele Walinga

Nû.1 sw. 4, 6, 8, 9, 13, 15, 16, 19, 26, 30
wyt 22, 28, 29, 32, 36, 38, 39, 50

Nû.2 sw. 1, 4, 7-9, 15, 18-20, 27, 36
wyt 16, 33, 34, 38, 39, 41-43, 48

Oplossings noch net stjoere.

Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH  Jutryp
groenveldf@hotmail.com

Over de auteur

friesdammen administrator