Rubryk 5-4-2019

doorfriesdammen

Rubryk 5-4-2019

Ien fan de aardichste damwedstriden is de Fryslân Kup. No al wer foar de fjirde kear organisearret damklup ‘De Skyfkes’ fan Blauhús dit knock-out bekertoernooi.

Nei fiif omlopen kaam bekerhâlder Siebe Walinga tsjin Frysk kampioen Jelle Wiersma en winner fan de earste twa edysjes, te sitten. It wie foar Walinga in drege reis west om sa fier te kommen. Hy hie yn oare omlopen kamp-spullen tsjin earst Cor en letter broer Taeke Kooistra. En dan wurdt it ‘pingel-sjitten’ yn de foarm fan it einspul FRYSK! (fiif tsjin fiif). Sa fier kaam it yn de libbene dam-arena ‘Sie-Sa’ te Blauhús net.

Nei de iepening naam Walinga, mei swart, syn opponent te fiter mei in luzige kombinaasje.

1.31-26 20-25  2.37-31 14-20  3.32-27 17×37  4.41×32 16-21 5.26×17 12×41
 6.46×37 7-12
De mear as bekinde lange-hoek iepening. Wyt kin no ek 37-31, 34-30 as 33-28. 7.36-31 11-16 8.31-27

16-21 9.27×16 6×26 10.32-28 19-24
11.34×14 10×19
Swart kin net om heech slaan 4×24. Der soe folchje 12.28-22! 12×41 13.47×16 10-14 14.40-34 en wyt stiet folle better. 12.40-34 19-24 Nei 12. …4-10 13.28-22! 12×41 14.47×16 mei swart net efterstrike 1-6. 13.34×14 4×24  14.28-22 12×41 15.47×16 18-23

Fansels net 15. ..1-6? om 16-11, 33-29 Hjir wie 15. …24-30 ek goed.

16.38-32? 23-28! 17.33×22 24-29 18.39×19 20×47 19.48×46 en wyt jout op. De skiif op 16 giet ek noch ferlern.

16.16-11 1×21 17.33-28 23×32 18.38×16 2-7 en bygelyks 19.43-38 24-30 20.35×24 20×29 21.39×19 13×24 22.28-32 7-11 23.16×7 8×6 mei in lykweardich einspul. Ek 16.39-34! 33-28! 17.34×2 28×37 18.42×31 8×17 19.16×18 20-24 kin foar beide spilers.

Dan de oplossingen ledderwedstriid

Nr.23 1.42-38, 2.28-23, 3.38-32, 4.43×1

Nr.24 1.40-24, 2.35-30, 3.x14, 4.14-10

as 1.47-42, 2.15-10, 3.37-32, 4.x23

Nr.25 1.29-24, 2.37-31, 3.x4

Nr.26 1.32-28, 2.x6, 3.37-31, 4.6-1

En twa nijen fan Hiele Walinga

Nr.27 sw 1, 8, 11, 14, 21, 24, 34, 40

wyt 31, 32, 36, 38, 42, 47-49

Nr.28 sw. 3, 6, 8-10, 14, 18, 19

wyt 21, 26, 28, 29, 37, 38, 40, 48

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

Over de auteur

friesdammen administrator