Rus Georgiev berikt finale Frysk damjen

doorfriesdammen

Rus Georgiev berikt finale Frysk damjen

Frjentsjer — Nei trije dagen en acht omlopen Frysk damjen is it toernoai Fryslân Open ynearsten ta in ein kaam. Hjirnei spylje de sterkste fjouwer dielnimmers en de fjouwer earstfolgjende net-Fryske spilers freedtejûn en sneon yn it Frjentsjerter stedhûs in grutmastertoernoai. It is dit jier foar it earst dat der net in aparte groep foar Friezen is, en dat wie ek mar goed. De Rus Georgiev helle nammentlik de earste fjouwer.

Georgiev hie him ferline simmer by it earste wrâldkampioenskip yn it Frysk damjen ek al sjen litten. Hy waard doe twads, nei Marten Walinga. De Rus, âld-wrâldkampioen yn it ynternasjonale damspul, hie no in minne start, mar slûpte hast ûngemurkenwei yn e ranglist omheech. De kroan op syn damjen wie syn lêste partij tsjin de Fryske matsjedoar Taeke Kooistra, dy t him raar ferseach doe t er efterstruts. Kooistra helle oars noch wol de finale, lykas ek Walinga en Jelle Wiersma.

De finalepûl foar de net-Friezen bestiet út Fries-om-utens Auke Zijlstra, Hans Jansen (Amstelveen), Jan van Dijk (Oerterp) en de Kameroenees Jean Marc Ndjofang. De Grinslanner Frederik Bos, dy t likefolle punten helle as Georgiev, moast him needtwongen foar de finale tebeklûke.

Utslaggen en einstân

Sande omloop:

Alexander Georgiev – Tsjerk Wijbenga 1-0; Hans Jansen – Frederik Bos 0-1; Kees Tijssen – Dicky van der Meer 1-0; Patrick Casaril – Auke Zijlstra 0-1; Jean Marc Ndjofang – Sjoerd Couperus 0-1; Herbert Tulleken – Petra Duskova 0-1; Fedde Wiersma – Aleksej Domchev 1-0; Hein de Vries – Renaud Braye 0.5-0.5; Piet Sikma – Macodou NDiaye 0-1; Darya Tkachenko – Alexander Shvartsman 0-1; David Riupassa – Bauke Dijkstra 0-1; Jan van Dijk – Taeke Kooistra 0-1; Marten Walinga – Foeke Tiemensma 1-0; Jelle Wiersma – Liuwe Westra 1-0.

Achtste omloop:

Bos – Van Dijk 1-0; Tiemensma – Tijssen 1-0; Wijbenga – Wiersma 1-0; Couperus – Jansen 0-1; Shvartsman – Van der Meer 0.5-0.5; De Vries – Casaril 0-1; NDiaye – Ndjofang 0-1; Dijkstra – Petra Duskova 0.5-0.5; Domchev – Braye 0-1; Tkachenko – Sikma 0-1; Walinga – Wiersma 0.5-0.5; Kooistra – Georgiev 0-1; Zijlstra – Westra 1-0; Tulleken – Riupassa 0-1.

Einstân:

1 Walinga 6,5 punt

2-5 Jelle Wiersma, Kooistra, Georgiev, Bos 6 punten

6 Tiemensma 5,5 punt

7-8 Wijbenga, Zijlstra 5 punten

9-11 Van Dijk, Tijssen, Jansen 4,5 punt

12-17 Van der Meer, De Vries, Couperus, Westra, Fedde Wiersma, Ndjofang 4 punten

18-20 Dijkstra, Duskova, Shvartsman 3,5 punt

21-23 Casaril, Ndiaye, Riupassa 3 punten

24-25 Domchev, Braye 2,5 punt

26-27 Sikma, Tkachenko 2 punten

28  Tulleken 0 punten

Over de auteur

friesdammen administrator