Siebren Dyk falt ôf

doorfriesdammen

Siebren Dyk falt ôf

Nei in lyts twa moanne fan stilstân liket de dammerij wer wat út ‘e tichtset te kommen. Ien fan ‘e dingen dy’t hommels fêstrekke, wie it kandidatetoernoai foar it dielnimmen oan ‘e persoanlike kampioenskippen yn ‘e tredde acht. Lykas bekend wiene der fjouwer gadingmakkers: de Hartwerters Piet Sikma en Klaas Wiersma en de Jorwerters Siebren Dyk en Frans Kingma. It beslikke sa dat nei trije omlopen elk oardel punt hie. Der wie ek al in beslissingswedstriid ôfpraat foar de lêste moandei fan novimber. Mar doe wie it dus ho.

Oant der út De Haach wei wer wat ljocht en lucht kaam. Haljetrawalje waarden de fjouwer kandaten út har winterslomme tewekker skrille. Want faaks dat de persoanlike kampioenskippen dochs noch trochgean koene, en dan moast wol dúdlik wêze wa’t dêr oan meidwaan soe. Dat sa makken de fjouwer mannen op moandeitejûn 24 jannewaris yn in lyts gimmestyksealtsje fan it Skearnegoutumer doarpshûskompleks dochs noch har opwachting. It doel wie dat der trije omlopen ferspile wurde soene, mei elk tsien menuten op ‘e klok en tsien sekonden de set der by. It bettere fluchdamjen dus, en dat wie oan ‘e partijen ek wol ôf te sjen. It gong der bytiden mâl om wei.

De earste omloop wie sa organisearre dat de klupgenoaten fuortdaliks foarinoar oer kamen te sitten. Bestekkerij wie dêrmei útsletten, ek al einige de moeting tusken de beide Hartwerters dan wol yn kamp. Siebren Dyk liet Kingma troch in ûnnoazelheid al ier op daam komme. Dy koe wol werompakt wurde, mar dat koste in hout, en lang om let ek de partij.

Dyk die it dêrnei better tsjin Sikma. Hy kaam in hout foar, in soe mei in nei foaren slingere rún de genedeklap útdiele. Alteast, dat tocht er. Want Sikma sette mei in heakje in machtigen kombinaasje yn, dy’t yn in daam einige. En dêrnei wie Dyk sa feralterearre dat er der yn omsloech as mâle Jan yn ‘e hinnen. Op it oare boerd hiene se de kop der aardich better by. Lang like it lykop te gean, mar Klaas Wiersma kaam der yn it einspul dochs ferkeard op te stean, dat sa krige Kingma it punt yn ‘e knip. Dêrmei wie dúdlik dat Sikma en Kingma genôch punten helle hiene foar pleatsing. De partij tusken Wiersma en Dyk, dêr gong it yn ‘e tredde omloop noch om.

Foar de feroaring naam Dyk no ris wat mear de tiid om nei te tinken, en yndied kaam er der tsjin Wiersma folle better op te stean. Neffens omstanner Willem Schaap lei der ek setten lang in kombinaasje foar him klear om de winst te heljen. Mar Dyk seach dat net. Wiersma dêrfoaroer, ek al wie syn tinktiid op in stuit oant 7 sekonden tebekrûn, wraksele him dochs wer wat ûnder de druk út, en naam yn it lette middenspul it inisjatyf ek hielendal oer. En dat betsjutte de tredde nul foar Dyk, en it tredde plak foar de Nijbeetster, dy’t dêrmei dus dochs noch tagong krige ta it walhalla fan ‘e Fryske dammerij. Mar krijt dit in ferfolch?

(Tekst: S. Dyk)

Over de auteur

friesdammen administrator