Tineke Teigeler sleepte de winst foar de helsdoarren wei.

doorfriesdammen

Tineke Teigeler sleepte de winst foar de helsdoarren wei.

Tineke hie wolris in kear kamp spile tsjin Bauke Bos, mar in winst siet der nea yn. Dêr woe frou Teigeler eins  wol in kear feroaring yn bringe. Se gie der moandeitejûn goed foar sitten en foar eltse streek naam se de tiid om nei te tinken. Se besocht dy gewoante fan it ferliezen tsjin de skriuwer fan de klup in skop ûnder de kûnt te jaan. Alle kearen mei in rot gefoel ferlieze, dêr hie se har nocht ôf. En wat barde: se sleepte der winst út al wie foar de helsdoarren wei. 

Foar it selde wie se troch dy doarren knoffele en hie se yn op in plak kommen, wêr’t jo leaver net komme. Nee tsjinoer it plak fan de ellinde, damde se har nei in feestplak: de oerwinning. It wie al hiel ûngewoan, dat by de Strikers in partij út de twadde goep it langste fan iderein siet. De omstanners belibben it spul fan herte mei. Wisten sa de setten al, dý’t foar Tineke de bêsten wêze soenen. Mar Tineke is ek wol wat eigensinnich en skode hiel faak krekt wer wat oars.

En wat die Bauke dan, sil de lêzer him of har mooglik ôffreegje. No Bauke hie nei it middenspul eins net safolle mear yn te bringen. Hy hie him wat yn in ûnmmoglike stân skood, wêrtroch syn lange hoeke folslein op slot siet. En op de oare kant fan it boerd hie er suver allinne mar foar de hân lizzende streken. Nee Tineke koe Bauke eins meitsje en brekke. Sy wie fansels út op it lêste, mar dat kin men fan tinken wol ha. Dochs stelde se it ferskate kearen út om de genedestjit út te dielen. Se kaam der as in prinses op te stean en koe sa mar har twadde daam skowe. En dat hie se ek dwaan moatten, mar se die it net. Bauke krige troch dy ôfwikende streek fan syn tsjinstanster de mooglikheid om út te heljen. Dat die er net om’t er him al mei it ferlies fersoene hie.

Ype Boelens, ferline wike hiel rejaal, ferspile no ek in heal puntsje. Hy jage mei de daam op trije houtsjes fan Sjoerd Huitema en sette ien op slach. Doe koe Sjoerd nocht krekt ûntglippe en ek in daam helje. Dat Jelle Wiersma ferlear tsjin Cor Kooistra kaam troch in ferstânsferbjustering by Jelle. Hy tocht ôf te ruiljen, mar troch syn set koe Kooistra trije houtsjes slaan.

Utslaggen: Hennie de Haan – Hester Boelens 1 – 0; Bauke Bos – Tineke Teigeler 0 – 1: Sjoerd Jan Bakker – Dicky van der meer 1 – 0; Sjoerd Huitema – Ype Boelens ½ – ½; Jelle Wiersma – Cor Kooistra 0 – 1.

Over de auteur

friesdammen administrator