Trije fan de fiif Strikers in omloop fierder yn de Fryslân Kup.

doorfriesdammen

Trije fan de fiif Strikers in omloop fierder yn de Fryslân Kup.

Moandeitejûn 30 ok tober wie foar de Stadige Strikers de jûn fan de Fryslân Kup. De tsjinstanners fan de thússpyljende Strikers koenen dy jûns nei it Swettehûs komme om dêr harren pot te damjen. Ien fan ús teach nei Aldegea om dêr ek yn it kader fan itselde toernoai de degens te krusen. Trije fan de fiif berikten de twadde omloop sûnder barraazje partijen.

It kaam hiel goed út dat elkenien dizze jûn damje koe. De Strikers hienen plak sot,troch wurk en sykte kamen trije man net opsetten. Twa partijen waarden der foar de kompetysje spile. Twa tachtigers namen it tsjin elkoar op: Bauke Dykstra (87) en Sjoerd Jan Bakker (82). No dan kinne jo fan tinken wol ha. dat sokke mannen in bulte dambagaazje ynbringe. Beide mannen hawwe harren hiele libben al damme. Sjoerd Jan spile earst Hollânsk sa goed as de skriuwer wit, mar gie al gau oer nei it Fryske spul en wol yn
Wurdum. Wurdum wie fansels yn it ferline in klup mei alluere. Se waarden hiel faak klupkampioen. Bauke Dykstra syn widze stie yn Hartwert en dêr wie er as jongeman ien fan de bêste dammers en in man mei leafde foar it spul. Doe’t er Hartwert ferliet om it wurk damme er ek net mear op in klup. Letter waard er lid fan de Stadige Strikers. Hy is
noch nea kampioen wurden fan de klup, mar it soe sa mar kinne. Dizze partij wûn er yn elts gefal.

Hennie de Haan hat der altiten nocht oan om tsjin Kees Castelein te damjen. Se makken der in moai spul fan. Kees hie net in al te sterk begjin mar hy werpakte him en wûn oertsjûgjend. Doe wienen de earste kup-dammers ek al út. Earst ktigen wy op de groeps- app it berjocht dat Jelle Wiersma wûn hie fan Folkert Groenveld. Op dat stuit koe Cor Kooistra nei in blunder Fedde Wiersma de hân jaan. Hy spinpoate noch wol wat tsjin, mar dat wie mear in boarterij as in echte kâns op sukses.. Willem Schaap wûn moai fan Tsjerk Wijbenga en Dicky van der Meer rekkene ôf mei de baas en organisator fan dizze Kup: Jappie de Jong fan Blauhûs. Doe siet der noch ien partij, dy tusken Bauke Bos en Gaastmarder Pierter Hoogterp. Bauke hold lang stân, mar tsjin sa’n talint as Pieter winne jo net sa mar. Oan de ein fan de rit hie de gast it yn streken en koe Bauke pipe en lipe mar dat holp neat. Hy koe Pieter lokwinskje. Trije Strikers dus nei de twadde omloop.

Utslaggen Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Hennie de haan – Kees Castelein 1 – 0; Jappie de Jong – Dicky van der Meer 0 – 1; Fedde Wiersma – Cor Kooistra 1 – 0; Willem Schaap – Tsjerk Wijbenga 1 – 0; Bauke Bos – Pieter Hoogterp 0 – 1.

Over de auteur

friesdammen administrator