It wie wol hiel apart, dat der binnen trije dagen twa partijen troch Strikers spile waarden, wêr’t yn twa tsjin ien daam op it boerd kaam. De earste partij fûn plak by de klupkampioenskippen te Easterein. De foarsitter fan de Strikers koe yn de partij noch krekt in suterich damke helje, wylst syn tsjinstanner al twa fan dy apparaten hie. Dan witte jo it: Yn it Fryske damjen is sa’n partij ferlern. Lykwols dejinge mei de twa dammen hoecht mar ien streekje ferkeard te dwaan en it is kamp. Dat komt ek troch de regel, dat de iene daam yn sân setten slein wêze moat.
Yn Easterein boarte de foarsitter noch wat troch mei yn gedachten: men wit nea of de tsjinstanner de goeie streken wol wit. Nei seis kear strutsen te hawwen. like it dat de man it foarinoar hie. Hy moast mei de sânde set in daam offerje en dêrnei soe er de daam fan de tsjinstanner slaan kinne. Mar dat mocht net mear, want dat wie de achtste set. Dus kamp.
Moandeitejûn in goeie fyftich oeren letter die him hast deselde situaasje foar. Wol wie der in ferskil. Yn Easterein gong it om de lange hoeke, wylst op de klup de twa dammen yn de koarte hoeke stienen. Sjoerd Jan Bakker en Willem Schaap binne beide aardich op ’e hichte fan alle einspulteoriën soe men sizze, mar dochs. Sy spilen in prachtich spul, mar úteinlik wie Willem yn hâldershân, want hy helle twa dammen. Sjoerd Jan hie der mar ien. It waard in boeiende fertoaning. Bakker pakte fuortendaliks it bêste plak en doe hie Willem dat ek dwaan moatten, mar dat slagge net en sa waard it nei in hiel soad prakkesaasjes dochs noch kamp.
Utslaggen. Ype Boelens – Dicky van der Meer 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap ½ – ½; Sjoerd Huitema – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Tineke Teigeler 1 – 0; Hester Boelens – Hessel Boelens 1 – 0; Ype Boelens – Cor Kooistra 0 – 1.
Over de auteur