WARKUM – De regearjend wrâldkampioen Marten Walinga hat snein de fiifde partij fan de WK Match Frysk damjen oertsjûgjend wûn. Yn it histoaryske stedhûs fan Warkum profitearre hy fan in kombinaasje dy’t útdager Taeke Kooistra ûnder swiere tiidsdruk oer de holle seach. Mei de oerwinning bringt Walinga de tuskenstân werom ta 3 -2, wêrtroch’t de striid om de wrâldtitel wer folslein iepen leit.
Foarôfgeand oan de partij waard de seremoaniële earste set dien troch Rients van der Wal, bestjoerslid fan de Nederlandse Fierljep Bond en ôfkomstich fan it fierljepdoarp It Heidenskip. Dêrmei waard opnij de ferbining lein tusken twa typysk Fryske sporten: it Frysk damjen en it fierljeppen. Van der Wal fertelde by de iepening oer de bysûndere bân tusken beide sporten. Syn pake eksploitearre op It Heidenskip in kafee dêr’t regelmjittich damme waard. Dyselde pake wie ek de pake fan wrâldkampioen Marten Walinga. Dêrmei komme de rike damtradysje fan It Heidenskip en de hjoeddeistige wrâldtitelstriid op in bysûndere wize gear.
Op it boerd like earst in rêstige partij te ûntstean. Al betiid waarden de sintrumskiven ôfruile, wêrtroch’t it derop like dat de beslissende striid pas yn it einspul losbarste soe. Dy ferwachting bliek lykwols misliedend te wêzen. Hast fuort nei de iepening ûntstiene oan beide kanten taktyske drigingen dy’t sekuer rekkenwurk easken.
Geandewei waard ien kant fan it damboerd hast folslein fêstlein, en dêrtroch konsintrearre de striid him op it beheinde tal restearjende mooglikheden. It waard in posisjoneel gefjocht dêr’t elke set fan grut belang yn wie en dêr’t benammen de fraach sintraal yn stie hokker spiler as lêste noch spylromte oerhâlde soe.
Kooistra kaam dêrby stadichoan ûnder druk te stean en moast in soad betinktiid ynvestearje om syn stelling byinoar te hâlden. Under dy tanimmende tiidsdruk seach er úteinlik in beslissende kombinaasje oer de holle. Walinga wifke gjin momint en forsearre mei in kombinaasje in trochbraak nei daam. Dêrmei wie de partij fuortendaliks beslist en joech Kooistra him wûn.
Ek bûten de boartersseal wie der folop omtinken foar it Frysk damspul. Op de Merk yn Warkum fersoarge Jouke Algra, bestjoerslid fan de organisearjende Stifting WFD, in simultoandemonstraasje. Belangstellenden krigen dêrby de kâns om it op te nimmen tsjin de betûfte tinksporter en makken sa op in leechdrompelige wize kennis mei de rike tradysje en de taktyske djipgong fan it Fryske damspul.
Nei fiif partijen is de spanning yn de WK Match folslein werom. Mei noch seis partijen te spyljen is de foarsprong fan Taeke Kooistra noch mar ien punt. Fan tiisdei ôf wurdt de striid fuortset yn it monumintale stedhûs fan Harns, dêr’t de lêste seis partijen útmeitsje sille wa’t him wrâldkampioen Frysk damjen 2026 neame mei.
Over de auteur